Tramstasjon fan De Jouwer
It âldste tramstasjon fan De Jouwer stie hast fjirtich jier op de grins tusken De Jouwer en Westermar. It waard op 26 maart 1882 yn gebrûk nomd oan de tramwei It Hearrenfean-De Jouwer. Op de âldst bekende foto stiet it 'Station der N.T.M. te Joure' wat ferskûle efter it brânspuitbewarplak. Allinnich it dak en de foargevel fan it stasjonsgebou binne te sjen. It oarspronklike stasjonsgebou waard letter oan de foarkant útwreide mei in sêre. It bewarplak foar de brânspuiten makke romte foar in frachtloads. De fjouwer beammen op de hoeke fan De Skien binne plante yn 1859. Neist dy beammegroep stiet in gebou dat foar it hotel oer op de eastlike hoeke fan de Inkele Rigel stien hawwe moat.
De nije tramferbinings nei Snits (1886) en nei De Lemmer (1901) soargen foar tanimmende drokte. Yn it gebou links sieten de wachtkeamer, it kantoar en it hûs fan de stasjonssjef. Rjochts de frachtloads en laadbrêge. De wachtkeamer waard eksploitearre troch in partikulier. In bekende gasthear wie Bernard Wierda. Nei 1921 ried de tram net mear oer de Midstraat mar oer de Hege Simmerdyk nei Snits.
Yn desimber 1922 waard it âlde tramstasjon iepenbier ferkocht, mar de wachtkeamer bleau noch jierren yn gebrûk as kafee. Yn de eardere frachtloads kaam doe it stuollefabryk fan de firma S. van der Veer.
Nij stasjon
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1922 wie yn it ferlingde fan de Driessenstrjitte in nij tramstasjon boud. Yn 1948 ried de tram foar de lêste kear mei persoanen, yn 1968 ried ek de frachttram de "Sik", foar de lêste kear nei De Lemmer.[1] It tramstasjon waard doe ferboud ta kristlike beukerskoalle mei de namme "It Beukerstasjon", sûnt 1980 is it in hûsartsepraktyk.
-
De earste rit nei De Lemmer yn 1892
-
It stasjon yn 1905
-
Om 1915 hinne
-
Stasjon mei kafee
-
Stasjon mei kafee
-
Bûnskafee Wierda
-
Omjouwing fan it stasjon
-
Foar 1921; yn de toer fan it earste gebou siet in wettertank om de tank fan de stoomtram te foljen.
-
Nije stasjon sirka 1922, tusken de Haverkamp en de Pelmolestrjitte.
-
Links it nije stasjon
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|