Fuotbalferiening SC Joure

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
SC De Jouwer
Plak: De Jouwer
Kompleks: de Hege Simmerdyk
Kompetysje: sneins haadklasse
sneons tredde klasse
Tenu
webstee SC De Jouwer

SC De Jouwer is in fuotbalklup fan De Jouwer. De terreinen lizze oan de Simmerdyk. De earste alvetallen komme yn it seizoen 2018/19 út yn de Twadde klasse sneon en de Fiifde klasse snein.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 20 maart 1920 waard fuotbalferiening De Kooi oprjochte. Dy klup fusearre yn 1965 mei fuotbalferiening RKVV Friso ta SC Joure. De oprjochtingsdatum fan de âldste klup, De Kooi, waard dêrby as oprjochtingsdatum oanholden. Op 24 maaie 1971 waard kuorbalferiening De Jouwer opnomd yn de fuotbalferiening SC Joure. SC De Jouwer promovearre yn 2002 en 2003 twa kear efterinoar fanút de twadde klasse nei de haadklasse, troch twarres kampioen te wurden. Earst fan de twadde klasse L yn 2002 en doe yn 2003 fan de earste klasse F. Yn 2005 helle de klup de grutste prestaasje út de klubskiednis troch as tredde te einigjen yn de haadklasse. Yn 2007 degradearre de klup nei de earste klasse.

Dêrneist spilet der noch in sneonsteam in de tredde klasse A fan regio Noard.

Fuotbalôfdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Earste team[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sneon[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It standertalvetal promovearre yn 2013/14 fia neikompetysje út de Fjirde klasse en spilet yn 2014/15 yn de Tredde klasse. Sûnt it seizoen 2016/17 spilet it alvetal yn de Twadde klasse fan it KNVB-distrikt Noard.

Snein[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It standertalvetal promovearre yn 2002 en 2003 twarres efter elkoar fan de Twadde klasse nei de Haadklasse, troch twa kear kampioen te wurden. Earst fan de twadde klasse L yn 2002 en doe yn 2003 fan de Earste klasse F. Yn 2005 helle de klup har grutste prestaasje út de klupskiednis troch tredde te wurden yn de Haadklasse. Yn 2007 degradearre de klup nei de Earste klasse, mar kaam nei in jier werom yn de Haadklasse C. Yn it seizoen 2009/10 degradearre de klup opnij.

Yn it seizoen 2015/16 kaam dit team noch út yn de Earste klasse fan it distrikt Noard nei degradaasje út de Haadklasse C yn it seizoen 2013/14. Foar it seizoen 2016/17 waard it team net ynskreaun. Yn it seizoen 2017/18 waard wer in team oanmeld dat op it leechste nivo ynstreame moast. Dat wie de Fiifde klasse.

KNVB-beker[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

SC De Jouwer pleatste him oant twa kear ta foar de KNVB-beker. Yn 2002 pleatste it him fia de distriktbeker en waard yn de KNVB-beker fan SC Genemuiden (6-2) en ferrassend fan Cambuur Ljouwert (6-4) en Vitesse 2 (2-1) wûn en waard hast earedifyzjonist FC Grins (2-3) ferslein.

Yn 2005 pleatste SC De Jouwer him foar de KNVB-beker troch tredde te wurden yn de neikompetysje, mar it ferlear nei in goede wedstriid fan Ajax 2 (0-2).

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Foarsitter: Erik van der Ende
  • Trainer: Gerrie Schouwenaar

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: