Johannes Hessels de Jong
Johannes Hessels de Jong | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Johannes Hessels de Jong | |
berne | 5 maaie 1833 | |
berteplak | De Jouwer | |
stoarn | 18 july 1883 | |
stjerplak | De Jouwer | |
wurkpaad | ||
berop/amt | ûndernimmer |
Johannes Hessels de Jong (De Jouwer, 5 maaie 1833 – dêre, 18 july 1883) wie in Fryske ûndernimmer en ien fan de grûnlizzers fan de firma Douwe Egberts.
Johannes wie de soan fan Hessel Douwes de Jong en Klaaske Johannes Schaap. Hy naam yn 1858 it famyljebedriuw oer fan syn heit en troude yn 1862 yn Snits mei Dorothea Kortenhorst út Snits. Se krigen in dochter Klaaske en in soan Cornelis Johannes (Cees), trije bern stoaren jong. Doe't harren mem yn 1875 stoar, troude Johannes Hessel yn 1878 mei Teresia Brenninkmeijer út Snits. Hja stoar lykwols by de berte fan in libbenleaze soan.
De "firma Weduwe Douwe Egbertszoon" siet oan de Midstrjitte op De Jouwer. It bedriuw wie in tabakskerverij anneks kofjebaarnderij.Yn 1871 kocht er it histoaryske winkeltsje ‘De Witte Os’ oan as in bedriuwspân. Under syn lieding wreide it bedriuw him fierder út, der wurken om 1880 sa'n tolve feinten. By in brân yn 1881 waard it wenhûs ferwoastige, mar it winkeltsje bleau sparre. It biedwurd fan Johannes Hessel wie: "Zorg altijd dat ge goede waar levert, dan houdt ge klanten". Krekt foardat er foar de tredde kear trouwe soe, stoar Johannes Hessel yn 1883. Foud oer syn beide bern waard Alexander Brenninkmeijer út Snits. Brenninkmeyer krige de lieding oer it bedriuw op De Jouwer oant Cees op syn achttjinde mearderjierrich ferklearre waard en 'omke Alex' him weromlûke koe.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |