Star Wars: Droids
Star Wars: Droids | ||
tillefyzjesearje | ||
(Titelbyld yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
betocht troch | George Lucas | |
ûntwikkele troch | Peter Sauder Ben Burtt | |
produsint | Peter Sauder Ben Burtt | |
útfierend produsint |
Miki Herman | |
regisseur(s) | Ken Stephenson Raymond Jafelice | |
basearre op | de Star Wars-trilogy | |
muzyk | Stewart Copeland | |
tillefyzjestudio | Nelvana Lucasfilm 20th Century Fox Television | |
distribúsje | 20th Television | |
spilers | ||
haadrollen | Anthony Daniels Ben Burtt | |
voice-over | Stephen Ouimette | |
skaaimerken | ||
foarm | tekenfilmsearje | |
sjenre | science fiction, aventoer | |
seizoenen | 1 | |
jierren | 1985 – 1986 | |
tal ôfl. | 13 + tillefyzjespecial | |
spyltiid (ôfl.) | 22 min. (special: 48 min.) | |
lân/lannen | Feriene Steaten Kanada | |
taal | Ingelsk | |
besibbe searjes | Ewoks |
Star Wars: Droids is in Amerikaansk-Kanadeeske tekenfilmsearje foar bern út 1985 dy't ûnderdiel útmakket fan 'e Star Wars-franchise. De searje, dy't ta de sjenres fan science fiction en aventoerefiksje heart, waard basearre op 'e oarspronklike Star Wars-filmtrilogy. De titel betsjut: "Stjerre-oarloggen: Androïden". De searje hie as ûndertitel The Adventures of R2-D2 and C-3PO, en gie yndie oer de aventoeren fan 'e robots R2-D2 en C-3PO. Yn 'e ynterne gronology fan Star Wars moat Star Wars: Droids pleatst wurde tusken de films Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith en Star Wars: Episode IV – A New Hope yn. Yn totaal waarden der 13 ôfleverings fan elts 22 minuten spyltiid makke, mei dêropta in tillefyzjespecial fan 48 minuten.
Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de premiêre fan 'e film Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983), it ôfslutende diel fan 'e oarspronklike Star Wars-filmtrilogy, liek it Star Wars-betinker George Lucas en de oare liedingjaanden by filmstudio Lucasfilm in skoander idee ta om fuort te borduerjen op 'e populariteit fan 'e films troch in tekenfilmsearje foar op 'e tillefyzje te meitsjen oer guon fan 'e populêrste personaazjes, de robots R2-D2 en C-3PO. De searje krige de titel Star Wars: Droids.
De searje wie in gearwurkingsprojekt fan Lucasfilm mei 20th Century Fox Telesivion. Foar de eigentlike produksje fan 'e searje waard de Kanadeeske tekenfilmstudio Nelvana, út Toronto, ynhierd, dy't yn 1978 ek it tekenfilmsegmint The Faithful Wookiee produsearre hie foar de Star Wars Holiday Special. Nelvana bestege in diel fan it bewurklike hânmjittige tekenwurk út oan it Súdkoreaanske bedriuw Hanho Heung-Up. As produsinten wiene Peter Sauder en Ben Burtt by Star Wars: Droids belutsen, wylst Miki Herman as útfierend produsint it tafersjoch oer de hiele produksje hie. Ken Stephenson en Raymond Jafelice wiene de regisseurs. De titelmuzyk, it liet In Trouble Again, waard songen troch Stewart Copeland fan 'e band The Police, en wie skreaun troch him en Derek Holt.
Yn totaal waard der fan Star Wars: Droids ien seizoen makke, besteande út 13 ôfleverings fan elts likernôch 22 minuten. De ôfleverings wiene ferdield oer trije sykly of ôfrûne ferhaallinen: The Battle Against Sise Fromm (ôfl. 1 o/m 4); The Pirates and the Prince (ôfl. 5 o/m 9); en Unchartered Space (ôfl. 10 o/m 13). Star Wars: Droids waard fan 7 septimber oant en mei 30 novimber 1985 tegearre mei de kwalitatyf bettere sustersearje Ewoks op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd troch it tillefyzjenetwurk ABC yn it ramt fan it saneamde Ewoks and Droids Adventure Hour. Op 7 juny 1986 folge, by wize fan ôfsluting fan 'e searje, noch in dûbellange tillefyzjespecial, The Great Heap, mei in spyldoer fan 48 minuten (ynkl. reklameblokken 60 minuten). Gronologysk fine de foarfallen yn The Great Heap lykwols plak nei dy yn The Pirates and the Prince en foarôfgeande oan dy yn Unchartered Space.
Utgongspunt fan 'e plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De searje folget de aventoeren fan 'e beide robots R2-D2 en C-3PO, wêrby't dyselden it opnimme tsjin gangsters, piraten, preemjejagers, fertsjintwurdigers fan it diktatoriale Galaktysk Keizerryk en oare bedrigings. Geandewei de searje wurde de robots eigendom fan trije ûnderskate masters of groepen masters. Rjochtsom of linksom bedarje se dêrtroch hiderkear op 'e nij yn 'e swierrichheden.
Star Wars: Droids waard nei it foltôgjen fan 'e Star Wars-prequeltrilogy, yn 2005, mei weromwurkjende krêft yn 'e ynterne gronology fan Star Wars fjouwer jier nei de foarfallen yn Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005) pleatst, en fyftjin jier foàr de foarfallen yn Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977). Yn A New Hope fertelt C-3PO oan Luke Skywalker dat harren lêste master Raymus Antilles wie, de kaptein fan 'e Alderaanske korvet Tantive IV. Oan 'e ein fan Revenge of the Sith wurde de beide robots lykwols troch Bail Organa oan Raymus Antilles oerdroegen. Mei't dat in kontinuïteitsflater kreëarre, wie de útlis nedich dat de beide robots koart foar de foarfallen yn Star Wars: Droids by fersin fan Antilles skaat rekke wiene en nei harren aventoeren wer by him werom kamen.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
C-3PO | Anthony Daniels |
R2-D2 | Ben Burtt (net fermeld op 'e ôftiteling) |
- weromkearende rollen en gastrollen
personaazje | akteur/aktrise |
ferteller | Stephen Ouimette |
Mungo Baobab | Winston Rekert |
kaptein Cag | Dan Hennessey |
Jord Dusat | Peter MacNeill |
Jord Dusat (ôfl. 4) | Dan Hennessey |
Boba Fett | Don Francks |
Sise Fromm | Winston Rekert |
Tig Fromm | Winston Rekert |
prinsesse Gerin | Cree Summer |
Greej | John Stocker |
de Grutte Heap | Long John Baldry |
omke Gundy | Dan Hennessey |
Thall Joben | Rob Cowan |
Mon Julpa | Chris Wiggins |
gûverneur Koong | Dan Hennessey |
Jessica Meade | Taborah Johnson |
Kea Moll | Lesleh Donaldson |
Jyn Obah | Dan Hennessey |
Vlix Oncard | John Stocker |
Proto One | Graeme Campbell |
Gir Kybo Ren-Cha | Don Francks |
Roto | Long John Baldry |
admiraal Terrinald Screed | Graeme Campbell |
Sollag | John Stocker |
hear Toda | Graeme Campbell |
Jann Tosh | Don Francks |
Vinga | Dan Hennessey |
Auren Yomm | Jan Austin |
Yorpa | Dan Hennessey |
Zatec-Cha | John Stocker |
Seizoenen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]seizoen | tal ôfl. | rûn fan | rûn oant | netwurk |
---|---|---|---|---|
1 | 13 | 7 septimber 1985 | 30 novimber 1985 | ABC |
tillefyzjespecial | 1 | 7 juny 1986 |
Thúsmedia
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op Coby and the Starhunters nei ferskynden alle ôfleverings fan Star Wars: Droids yn 'e 1980-er en 1990-er jierren as VHS-keapfideo. Yn 1996 produsearre Rick McCallum The Pirates and the Prince, in film gearstald út 'e ôfleverings 5 o/m 9, dy't as film direkt-op-fideo útbrocht waard. Ein 2004 wurken McCallum en Lucasfilm gear oan it útbringen fan in dvd mei as titel Star Wars: Animated Adventures – Droids, besteande út The Pirates and the Prince en Treasure of the Hidden Planet, in nije kompilaasje fan oare ôfleverings, wêrby't Mungo Baobab (ynsprutsen troch Alex Lindsay) as ferteller funksjonearre. Dy dvd waard yn 2005 troch 20th Century Fox op 'e merk brocht. Sûnt 18 juny 2021 is de folsleine searje fan Star Wars: Droids, de tillefyzjespecial ynbegrepen, te sjen fia Disney+, de eigen streamingtsjinst fan The Walt Disney Company, dy't Lucasfilm yn 2012 oernommen hat.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hjoeddeistige tillefyzjekritisy binne oer it algemien net ûnder de yndruk fan Star Wars: Droids. Yn 2018 skreau David Perlmutter yn syn Encyclopedia of American Animated Television Shows dat Star Wars: Droids, yn ferhâlding ta de sustersearje Ewoks, "rudimintêr" wie, mei "ferhaallinen dy't koart genôch wiene om wol fjouwer ferhaaltsjes yn ien inkele ôflevering te tropjen. It is dúdlik dat noch Lucas, noch de tekenfilmstudio genôch fidúsje yn 'e personaazjes hie om harren as mear as 'twadde-fioelspilers' te fertrouwen." Yn 2021 skreau Phil Pirrello op 'e webside SyFy Wire: "Droids wrakselet om in manear te finen dy't de kaprioalen fan it duo op it lytse skerm like fermaaklik makket as se op it wite doek wiene." Dêr heakke er oan ta: "[D]e searje leveret wol in tige by tige bernefreonlike ynkyk yn dat stjerrestelsel fier, fier fuort, en sjit dêrby net altyd rekke." Russ Burlingame fan 'e webside ComicBook.com priizge Star Wars: Droids, ek yn 2021, lykwols oan as "wat dat je sjen moatte."
Plak bûten de Star Wars-kanon
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei't The Walt Disney Company yn 2012 de filmstudio Lucasfilm oernommen hie, waard yn 2014 besletten om it almar úttynjende Star Wars-hielal danich by te snoeien, troch alle romans dy't der troch de jierren oer útkommen wiene, út 'e kanon te skrassen, en teffens alle tekenfilmsearjes fan foar 2008. Dat betsjut dat de foarfallen út Star Wars: Droids no net mear ta de Star Wars-kanon rekkene wurde, mar ynstee ta de apokrife Star Wars Legends hearre.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) De titelmuzyk fan Star Wars: Droids op YouTube
- (in) Ynformaasje oer Star Wars: Droids yn 'e Internet Movie Database
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
- Star Wars-telefyzjesearje
- Amerikaanske tekenfilmsearje
- Amerikaanske science fiction-searje
- Amerikaanske aventoeresearje
- Amerikaanske bernesearje
- Kanadeeske tekenfilmsearje
- Kanadeeske science fiction-searje
- Kanadeeske aventoeresearje
- Kanadeeske bernesearje
- Science fiction-aventoeresearje
- Science fiction-tekenfilmsearje
- Aventoeretekenfilmsearje
- Ingelsktalige telefyzjesearje
- Telefyzjesearje út 1985
- Telefyzjesearje fan Nelvana
- Telefyzjesearje fan Lucasfilm
- Telefyzjesearje fan 20th Television
- Telefyzjesearje oer romtefeart
- Telefyzjesearje oer bûtenierdske wêzens
- Telefyzjesearje oer robots