Springe nei ynhâld

Lakota (taal)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Noardlik Lakota)
Lakota
algemien
eigen namme Lakȟótiyapi
lânseigen yn Feriene Steaten
Kanada
tal sprekkers 6.200 (1997)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Sûaansk
   ● Westsûaansk
      ● Mississippydellingsk
         ● Dakotaansk
            ●
               ● Lakota
dialekten Noardlik Lakota, Sintraal
Lakota
, Súdlik Lakota
taalkoades
ISO 639-3 lkt

It Lakota (Ingelsk: Lakota; Lakota: Lakȟótiyapi, útspr.: [la'kˣo:tijapi]), ek noch wolris neamd ûnder de âlderwetske namme Titon (Ingelsk: Teton; Lakota: Thítȟuŋwaŋ, útspr.: ['tʰi:tˣũwã]) is de lânseigen taal fan 'e Lakota, in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika, dy't tegearre mei it Dakota it gruttere -taalkontinuum foarmet. It Lakota wurdt noch sprutsen yn it middennoarden fan 'e Feriene Steaten en it middensuden fan Kanada, mar it hat nearne offisjele status, noch genietet it erkenning. Der binne noch mar likernôch 6.200 sprekkers.

Taalbesibskip en dialekten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Lakota is nau besibbe oan it Dakota, dat fan âlds mear nei it easten ta sprutsen wurdt. Tegearre foarmje dy beide talen it , dat eins gjin taal is mar mear in taalkontinuum (wêrby't oangrinzgjende dialekten yninoar oergeane en in keatling foarmje; alle buordialekten binne ûnderling fersteanber, mar de sprekkers fan 'e dialekten oan 'e beide úteinen fan it keatling kinne inoar net ferstean). It Sû heart wer ta de gruttere Sûaanske taalfamylje, en foarmet mei it Assiniboin en it Stony de Dakotaanske taalkloft binnen de Mississippydelling-Sûaanske talen.

It Lakota kin opdield wurde yn trije (tige nau) besibbe dialekten, te witten it Noardlik, Sintraal en Súdlik Lakota. Dy opdieling komt oerien mei de tradisjonele ferdieling fan 'e Lakota yn sân substammen. Dêrby is it Noardlik Lakota it dialekt is fan 'e Hûnkpapa en de Swartfoet-Lakota (net te betiizjen mei it bekendere folk fan 'e Swartfuotten, dat in Algonkwynske taal sprekt); wurdt it Sintraal Lakota sprutsen troch de Minnikonzjû, Sâns Arks en Twatsjettels; en is it Súdlik Lakota it dialekt fan 'e Oglala en Brulee. Hjirûnder foar de dúdlikheid in lyts oersjoch fan 'e bredere Dakotaanske taalfamylje, mei alle synonimen derby jûn.

  • Dakotaanske talen
    • Assiniboin-Stony
      • Assiniboin (Ingelsk: Assiniboine of Nakota; Assiniboin: Nakhóta)
      • Stony (Ingelsk: Stoney of Nakoda; Stony: Nakhóda)
        • Noardlik Stony (Wâld-Stony) (Ingelsk: Northern Stoney of Wood Stoney)
        • Súdlik Stony (Berch-Stony) (Ingelsk: Southern Stoney of Mountain Stoney)
    • (Ingelsk: Sioux)
      • Dakota (Ingelsk: Dakota; Dakota: Dakȟóta of Dakhóta)
        • Eastlik Dakota (Santy-Sisseton) (Ingelsk: Eastern Dakota of Santee-Sisseton; Eastlik Dakota: Dakhóta, of eins Dakhótiyapi)
          • Santy (Ingelsk: Santee; Eastlik Dakota: Isáŋyáthi)
          • Sisseton-Wahpeton (Ingelsk: Sisseton-Wahpeton; Eastlik Dakota: Sisíthuŋwaŋ-Waȟpéthuŋwaŋ)
        • Westlik Dakota (Jankton-Janktonai) (Ingelsk: Western Dakota of Yankton-Yanktonai; Westlik Dakota: Dakȟóta of eins Dakȟótiyapi)
          • Jankton (Ingelsk: Yankton; Westlik Dakota: Iháŋktȟuŋwaŋ)
          • Janktonai (Ingelsk: Yanktonai; Westlik Dakota: Iháŋktȟuŋwaŋna)
      • Lakota (Titon, Titon-Sû) (Ingelsk: Lakota, Teton of Teton Sioux; Dakota: Lakȟóta of eins Lakȟótiyapi)

Tal en fersprieding fan sprekkers

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It is mei it Lakota sûnt de ein fan 'e njoggentjinde iuw slim yn it neigean rekke. De taal wurdt tsjintwurdich noch sprutsen troch likernôch 6.200 minsken, wêrfan 6.000 yn 'e Feriene Steaten (neffens gegevens dy't oan it ljocht kamen by in taalûndersyk út 1997), en 190 yn Kanada (neffens de ferzje fan 2013 fan 'e taalkundewebside Ethnologue). Dat komt del op 6,2% fan 'e totale Lakota-befolking (dy't likernôch 100.000 minsken telt). Under de sprekkers binne fral in protte leden fan 'e âlderein, sadat it Lakota nei alle gedachten yn 'e kommende jierren noch fierder yn 'e nederklits reitsje sil troch it ôfstjerren fan 'e âldere generaasjes. De meast Lakota-sprekkers wenje tsjintwurdich yn 'e Amerikaanske steaten Súd-Dakota, Noard-Dakota en Montana, mei lytsere groepen yn Wyoming en Kolorado, en teffens op ien plak yn it suden fan 'e Kanadeeske provinsje Saskatchewan.

Foarôfgeande oan it oernimmen fan it Latynsk alfabet fan 'e blanken hiene de Sû al in eigen skrift, nammentlik in systeem fan piktogrammen, wêrby't men bgl. it wurd "hûn" fertsjintwurdige troch in tekening fan in hûn. Hoewol't dat de Lakota sels oars skoan foldie, wie it foar misjonarissen net te dwaan om 'e Bibel yn syn gehiel yn piktogrammen ôf te byldzjen, en sadwaande wiene sy it dy't it letterskrift by de Sû yntrodusearren.

Der besteane in stikmannich ûnderskate staveringsfoarmen foar de Sû-talen, mar dejinge dy't tsjintwurdich it measte brûkt wurdt, is dy fan Jan Ullrich, dy't op grûn fan in 23-jierrich taalûndersyk yn 2008 it gesachhawwende Lakota-wurdboek gearstalde, al moat dêrby oantekene wurde dat syn stavering fuortbordueret op guon âldere staveringssystemen. It Lakota wurdt hjirby skreaun mei in alfabet fan 26 letters, al binne dat net deselden as yn it Latynske standertalfabet: a, b, č, d, e, g, ǧ, h, ȟ, i, k, l, m, n, ŋ, o, p, s, š, t, u, w, y, z, ž en ’.

A a B b Č č D d E e G g Ǧ ǧ H h
Ȟ ȟ I i K k L l M m N n Ŋ ŋ O o
P p S s Š š T t U u W w Y y Z z
Ž ž ’ ’

Yn it foarste plak binne der fiif lûden: a ([a] as yn "ham"), e ([e], lykas yn "leed", mar koarter), i ([i] as yn "wyt"), o ([o] as yn "bok") en u ([u] as yn "tûk"). Dy kinne allegear sawol koart as lang wêze; binne se lang, dan krije se in skerpteken (á [a:], é [e:], í [i:], ó [o:], ú [u:]). De letter ŋ hat sels gjin klankwearde, mar makket it foarôfgeande lûd nasaal. Der binne yn it Lakota trije fan sokke nasale klanken: aŋ ([ã]; lykas yn "aanst", mar dan koart), iŋ ([ĩ] as yn "hyns") en uŋ ([ũ] as yn "fiifpûns"). Ek dy kinne allegear wer sawol koart as lang wêze, en de lange farianten krije wer in skerpteken: áŋ ([ã:] as yn "aanst"), íŋ ([ĩ:] as yn "wynsk") en úŋ ([ũ:] as yn "dûns").

Dan binne der fiif bylûden mei in karon: č, ǧ, ȟ, š en ž. De č ([ʧ]), š ([ʃ]) en ž ([ʒ]) binne bekende klanken: de tsj fan "tsjerke", de sj fan "sjerp" en de zj fan "bagaazje". De ǧ ([ʁ])en de ȟ ([χ]) lykje op 'e g fan "mage", resp. de ch fan "berch", mar wurde justjes mear nei efteren yn 'e mûle (suver yn 'e kiel) útsprutsen. Fierders is der noch de apostrof (’), dy't foar de glottisslach ([ʔ]) stiet; de klank tusken de beide gelikense lûden yn "Aäron" of "koöperaasje". De oare bylûden wurde krekt as yn it Frysk útsprutsen, behalven de w en y; dat binne de w fan "skowe" en de j fan "jas".

It Lakota ken fierders in stikmannich letterkombinaasjes. Sa binne der fjouwer letters dy't yn aspirearre foarm foarkomme kinne: čh [ʧʰ], kh [kʰ], ph [pʰ] en th [tʰ] (útsprutsen as de grûnletter mei in lyts h-ke derefteroan, bekend fan "Marthinithoren"). Dan binne der trije letters dy't foarkomme kinne mei in lyts ch-chje (út "berch") derefteroan: kȟ [kˣ], pȟ [pˣ] en tȟ [tˣ]. En ta einbeslút binne der sân letters dy't foarkomme kinne mei in glottisslach derefteroan: č’ [ʧˀ], ȟ’ [χˀ], k’ [kˀ], p’ [pˀ], s’ [sˀ], š’ [ʃˀ]’ en t’ [tˀ].

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.

de Sû (Sioux)
Etnyske groepen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlike Dakota of Santy • Westlike Dakota of Jankton-Janktonai) ● Lakota
Talen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlik Dakota • Westlik Dakota) ● Lakota (Noardlik Lakota • Sintraal Lakota • Súdlik Lakota)
Tradisjonele stammen
Eastlike Dakota: Mdewakanton ● Sisseton ● Wahpekûte ● Wahpeton ● Westlike Dakota: Jankton ● Janktonai (Neder-Janktonai • Opper-Janktonai) ● Lakota: Titon (Brulee • Hûnkpapa • Minnikonzjû • Oglala • Sâns Arks • Swartfuotten • Twatsjettels)
Hjoeddeistige stamme-organisaasjes
Feriene Steaten
Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana ● Feriene Sû Stammen (Cheyenne River Sû Stamme • Crow Creek Sû Stamme • Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota • Jankton Sû Stamme • Neder-Brulee Sû Stamme • Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota • Rosebud Sû Stamme • Santy Sû Naasje • Sisseton en Wahpeton Sû Stamme • Spirit Lake Stamme • Standing Rock Sû Stamme) ● Neder-Sû Yndianemienskip ● Opper-Sû Mienskip ● Prairie Island Yndianemienskip ● Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip ● Mendota Mdewakanton Sû Mienskip (net erkend)
Kanada
Birdtail Sû Earste Naasje ● Canupawakpa Dakota Naasje ● Dakota Plains Wahpeton Naasje ● Dakota Tipi Earste Naasje ● Sioux Valley Dakota Naasje ● Standing Buffalo Dakota Naasje ● Wahpeton Dakota Naasje ● White Bear  Earste Naasjes ● Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje ● Wood Mountain Lakota Earste Naasje
Reservaten
Feriene Steaten
Cheyenne River ● Crow Creek ● Flandreau ● Fort Peck ● Jankton ● Lake Traverse ● Neder-Brulee ● Neder-Sû ● Opper-Sû ● Pine Ridge ● Prairie Island ● Rosebud ● Santy ● Shakopee ● Spirit Lake ● Standing Rock
Kanada
Birdtail Creek ● Birdtail Hay Lands ● Dakota Plains ● Dakota Tipi ● Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen ● Fishing Station ● Oak Lake 59A ● Oak Lake 59B ● Sioux Valley ● Standing Buffalo ● Wahpeton ● White Bear ● Whitecap ● Wood Mountain
Oar
Grutte Sû Naasje ● Grutte Sû Reservaat ● Lakota Frijheidsdelegaasje ● Nakota ● Republyk Lakota