Springe nei ynhâld

Lord of Emperors

Ut Wikipedy
Lord of Emperors
algemiene gegevens
auteur Guy Gavriel Kay
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre fantasy
1e publikaasje 2000, Toronto
oarspr. útjwr. Simon & Schuster
rige
rige The Sarantine Mosaic
● foarich diel Sailing to Sarantium
● folgjend diel
kodearring
ISBN 0 74 34 08 25X

Lord of Emperors is in fantasyroman fan 'e hân fan 'e Kanadeeske skriuwer Guy Gavriel Kay. De titel betsjut: "Hear fan Keizers", wêrmei't ferwiisd wurdt nei God (of yn dit ferhaal Jad). It boek heart ta it subsjenre fan 'e histoaryske fantasy en spilet yn in wrâld dy't basearre is op it Middellânske-Seegebiet út 'e sechsde iuw, yn 'e tiid fan it hichtepunt fan it Byzantynske Ryk ûnder keizer Justinianus I.

Lord of Emperors foarmet it twadde diel fan 'e duology The Sarantine Mosaic, en is it ferfolch of Sailing to Sarantium. It boek fertelt it ferhaal fan Caius Crispus, in mozayklizzer út Varena, dy't troch keizer Valerius II nei Sarantium ûntbean wurdt en dêr oan kop en earen ta behelle rekket yn 'e yntriizjes fan it Keizerlik Hôf. Lord of Emperors waard yn 2000 publisearre troch útjouwerij Simon & Schuster, en kaam neitiid út yn ferskate werprintingen. It boek waard yn 2001 nominearre foar de World Fantasy Award yn 'e kategory bêste roman.

(Sjoch hjirre foar wat foarôfgie.)

Rustem fan Kerakek, in dokter út in lyts plakje yn 'e woastyn, wurdt ûntbean troch Shirvan, de kening der keningen fan Bassania (ynspirearre op it Perzyske Ryk fan de Sassaniden), nei't dy slim ferwûne rekke is by in moardoanslach. Rustem wit it libben fan 'e kening te rêden en boppedat efterhellet er wa fan 'e soannen fan Shirvan oft efter de oanslach sit, wêrnei't dyjinge, prins Murash, troch Vinaszh, soan fan Vinaszh, de kommandant fan it fort yn Kerakek, deade wurdt as er syn heit yn 'e sikekeamer mei in mês te liif wol.

Neitiid wurdt Rustem troch de kening foar syn tsjinsten beleanne mei ferheffing út 'e kaste fan 'e krigers nei de kaste fan 'e preesters, sadat er de liifdokter fan 'e kening der keningen wurde en oan it Keninklik Hôf yn 'e haadstêd Kabadh tsjinje kin. Dêrfoar moat er fansels wol ien fan syn beide froulju, Jarita, dy't fan 'e kaste fan 'e gewoane lju is, ferstjitte, en teffens de dochter dy't er mei har hat. Syn oare frou, Katyun, en harren soan, Shaski, binne fan 'e kaste fan 'e krigers en kinne mei him ferheft wurde. Rustem hat him dêr mar nei te skikken, want it wurd fan 'e kening der keningen is yn Bassania letterlik de wet. Op befel fan Shirvan reizget er foarôfgeande oan syn fêstiging yn Kabadh nei it westen ta, nei Sarantium (basearre op Byzantium). Mei't dokters frij reizgje kinne en yn alle maatskiplike fermiddens komme, kin er dêr as spion foar Shirvan fungearje, want de kening der keningen is der alhiel net gerêst op wat de keizer Valerius II (ynspirearre op Justinianus I) fan it Sarantynske Ryk (basearre op it Byzantynske Ryk) útfynt.

Underwilens set yn Sarantium de mozayklizzer Caius Crispus fan Varena, Crispin foar syn freonen, syn wurk fuort oan it plafon fan 'e koepel fan it Hillichdom fan 'e Godlike Wiisheid fan Jad (basearre op 'e Aya Sofia). Dêr is er yn opdracht fan keizer Valerius II in selsûntwurpen ôfbylding oan it meitsjen dy't net inkeld Jad (ynspirearre op God) en de stêden Sarantium en Rhodias (basearre op Rome) omfiemet, mar ek syn eigen, oan 'e pest ferstoarne frou en dochters, de meganyske mar besielde fûgel Linon en de zubir, de reuseftige bizon dy't in manifestaasje is fan 'e heidenske god Ludan fan it Wâld.

Ut Varena (basearre op Ravenna), yn Batiara (Itaalje), is noch immen ûnderweis nei Sarantium. It is Pardos, in eardere learling fan Crispin, dy't út syn bertestêd ôfset is fuort nei de moardpartij yn it hillichdom fan Varena troch eallju dy't keninginne Gisel (basearre op Amalasunta) fan 'e Antae (ynspirearre troch de Ostrogoaten) ôfsette woene. (De keninginne bliek lykwols nei Sarantium ta ûntkomd te wêzen.) Underweis hat Pardos yn 'e Sarantynske provinsje Sauradia in healjier stilholden om it mozaykwurk fan in oerâlde kapel op te knappen, deselde kapel dêr't Crispin sels ûnderweis nei Sarantium sa fan ûnder de yndruk wie.

Yn Sarantium hat Crispin syn maat Carullus, in ofsier yn it Sarantynske leger, de troch Crispin fan 'e dea rêden en frijkochte eardere slavinne Kasia frege om mei him te trouwen, en hja hat him tawurd jûn. Op 'e dei fan 'e brulloft arrivearje sawol Rustem fan Kerakek as Pardos yn 'e stêd. Rustem wurdt yn in efterôfstrjitsje by de haven oanfallen troch in groepke oanhingers fan 'e Griene partij (ien fan 'e beide partijskippen yn it weinmennen, in sport dy't frijwol alle fasetten fan it libben yn Sarantium behearsket), wêrby't syn 'tsjinstfeint' Nishik (eins in Bassanidysk soldaat) fermoarde wurdt. Rustem sels wurdt rêden troch de tuskenkomst fan in oare reizger, dat Pardos blykt te wêzen, mar hja moatte tegearre flechtsje as de oanfallers fersterking krije fan oaren. Nei in lange efterfolging sykje de beide útlanners beskûl yn it Hillichdom fan 'e Godlike Wiisheid fan Jad, dêr't se Crispin treffe, dy't al te let is foar de brulloft. Om 'e beide mannen te beskermjen, nimt Crispin harren mei te brulloftsjen.

It houlik fan 'e ofsier Carullus en de eardere slavinne Kasia is in sosjale gelegenheid foar de hegerein fan Sarantium wurden trochdat Kasia foarôfgeande oan it houlik ûnderbrocht is by Shirin, de wichtichste dûnseresse fan 'e Griene partij, oan wa't Crispin kunde hie troch har heit, de algemist Zoticus. Shirin is de meast ferneamde dûnseresse fan har tiid, en har is sels it rjocht skonken om itselde parfum te dragen as keizerinne Alixana (basearre op Teodoara), dat fierders eltsenien op it strangst ferbean is om te brûken. Fierders hat Kasia ek kunde oan Strumosus fan Amoria, de briljante masterkok fan 'e Blauwe partij, dy't in swak foar har hat en dêrom de catering fan 'e brulloft op him nommen hat. Sa kin it dat Rustem op 'e brulloft yn Cleander Bonosus, de soan fan Plautus Bonosus, de foarsitter fan 'e Sarantynske Senaat, dy't ek oanwêzich is, de oanfierder fan 'e oerfallers werom ken dy't Nishik fermoarde hawwe en himsels en Pardos troch de hiele stêd efterneisitten hawwe.

Om't er wol foar it ferstân hat dat Cleander fanwegen syn famyljekonneksjes hoe dan ek syn rjochtlike straf ûntrinne sil, beslút Rustem om safolle mooglik profyt út 'e saak te heljen troch by Plautus Bonosus tsjin it hâlden en dragen fan syn soan te protestearjen. De senator is alhiel feralterearre oer de dieden fan Cleander, en biedt de Bassanidyske dokter by wize fan kompinsaasje alle help en meiwurking oan. Sadwaande kin Rustem him nei wenjen sette yn it twadde hûs fan 'e Bonosus-famylje, dêr't er ûnder beskerming fan Plautus Bonosus syn wurk as dokter opfetsje kin. De oare deis stiet dêr fuort al in rige pasjinten foar de doar, wêrûnder ferskate bernleaze froulju mei in bernewinsk, dy't tsjin wanhope yn hoopje dat in nije dokter harren wól helpe kin, mar dat is foar Rustem neat ûngewoans. Ferfelender is it as der in pear dagen letter in Bassanidyske keapman by him komt, dy't him in boadskip oerbringt fan 'e kening der keningen: Shirvan wol no dat Rustem yn Sarantium in frou foar him fermoardet, nimmen minder as Gisel, de keninginne fan 'e Antae. Rustem fynt it in idioate opdracht, want – noch los fan it feit dat hy in genêzer is ynstee fan in moardner – hoe ferwachtet de kening der keningen eins dat in sljochtwei dokter tagong kriget ta in keninginne?

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De jûns fan 'e dei fan 'e brulloft hat Gisel einlings en te'n lêsten in audiïnsje by de keizer en keizerinne, wêrby't Valerius II fertelt dat er fan doel is om in oarloch te begjinnen tsjin 'e usurpators dy't yn ôfwêzichheid fan Gisel de troan fan it keninkryk fan 'e Antae grypt hawwe. Sa wol er Batiara by it Sarantynske Ryk foegje, sadat it âlde Rhodiaanske Ryk (basearre op it Romeinske Ryk) wer ien gehiel wurdt. Dyselde jûns falt it troch omstannichheden oan Crispin ta om 'e dronken Pertennius fan Eubulus thús te bringen, in histoarikus dy't teffens de siktaris is fan Leontes, de keizerlike strategos. Yn Pertennius syn hûs falt Crispin syn each by in taffelfol papierren op in beskriuwing wêryn't Pertennius op 'e meast útsochte wize it keizerspear Valerius en Alixana swartmakket. Crispin stiet yn bestân om de man oan te jaan, mar beslút him úteinlik net mei de saak te bemuoien.

Wer bûtendoar wurdt er wonken troch in tsjinstfaam, dy't him yn it oangrinzgjende hûs bringt, dat fan 'e strategos Leontes. Dêr wurdt Crispin nei de sliepkeamer fan Styliane Daleina ta brocht, Leontes syn frou. Diskear lit Crispin him troch har ferliede en se hawwe seksuële omgong. Hja warskôget him foar de oankommende ynvaazje fan syn heitelân en drukt him jitris op it hert om net tefolle hechte te reitsjen oan syn wurk yn it Hillichdom fan 'e Godlike Wysheid fan Jad. Teffens freget se him om oan har te tinken sa't se op dat stuit is, lykfolwat se letter ek dwaan sil. As Leontes thúskomt, pykt Crispin út troch it finster.

Dyselde nachts wol Scortius, de bêste weinmenner fan Sarantium, dy't riidt foar de Blauwe partij, syn mêtresse besykje, dat nimmen oars blykt te wêzen as Thenaïs, de twadde en folle jongere frou fan Plautus Bonosus. Ek hy komt fan 'e brulloft fan Carullus en Kasia, en hy ferwachtet dat Plautus nei ôfrin fan it feest nei syn twadde hûs gien is, dat er brûkt om mei jongemannen om te slaan. Mar trochdat de Bassanidyske dokter dêr no tahâldt, is Plautus Bonosus gewoan thús, mei as gefolch dat Scortius dwerseide wurdt yn syn oanstriid om Thenaïs te besykjen. Dêrop swalket er in hoart troch de stêd, om úteinlik by de wente fan Shirin, de dûnseresse fan 'e Griene partij, te bedarjen. Ympulsyf klimt er dêr troch it finster nei binnen ta, wêrnei't in petear einiget yn in aventoer by Shirin op bêd. As Scortius tsjin 'e moarnsdage har hûs ferlit, wurdt er op 'e strjitte ynsletten troch in kloft fanatike oanhingers fan 'e Griene partij, oanfierd troch Cleander Bonosus, dy't hertstochtlik fereale is op Shirin. Scortius wurdt oanfallen en rint in pear brutsen ribben en in stekwûne yn deselde side op. As Cleander lykwols foar it ferstân kriget wa't er is, bringt er de slim ferwûne weinmenner nei it twadde hûs fan syn heit ta, dêr't Rustem fan Kerakek fan bêd ôf bonsjoerd wurdt om Scortius syn libben te rêden.

Neitiid betteret Scortius stadichoan op ûnder de fersoarging fan Rustem. Hy ferbliuwt yn itselde hûs dêr't de dokter him nei wenjen set hat, en frijwol nimmen yn 'e stêd wit wêr't er is of wat him mankearret. Syn ôfwêzigens soarget foar grutte betizing as it nije weinmennerijseizoen in wike letter begjint. De jonge Taras fan Megarium, dy't ûnder it winterskoft troch de Griene partij ôftanke is yn ruil foar in hynder, mar waans kwaliteiten troch de Blauwe partij erkend wurde, moat no as nijynkommeling de ear fan 'e Blauwen ferdigenje as harren earste weinmenner. It ûntbrekt him lykwols oan selsfertrouwen, en hoewol't er syn uterste bêst docht, kin er it net hâlde tsjin 'e bolbjirkene Crescens fan Sarnica, de earste weinmenner fan 'e Grienen.

Op in dei in pear wike nei de brulloft stiet Crispin op it punt om yn it mozayk yn it Hillichdom fan 'e Godlike Wysheid fan Jad oan 'e ôfbyldings fan syn beide deade dochterkes te begjinnen, as keizerinne Alixana yn it hillichdom komt en him meinimt foar in boattocht op see. It doel is sabeare om dolfinen te besjen, dêr't se in mozayk fan hawwe wol yn har priveefertrekken yn it Keizerlik Paleis, ek al hawwe dolfinen yn it jaddisme (basearre op it kristendom) ketterske konnotaasjes. It wiere doel is lykwols dat de keizerinne it eilân besykje wol dêr't Lecanus Daleinus finzen holden wurdt, eat dêr't se sa tsjinop sjocht, dat se immen by har hawwe wol as se it docht.

Lecanus Daleinus is de âldste soan fan 'e Sarantynske aristokraat Flavius Daleinus en in broer fan Styliane. Jierren lyn, nei it ferstjerren fan keizer Apius, besocht Flavius Daleinus himsels ta keizer te meitsjen, mar hy en ien fan syn soannen en ferskate oaren kamen om doe't se op 'e strjitte ûnderweis nei de Senaat mei Sarantynsk fjoer bespuite waarden. Lecanus rekke by dy oanfal blyn en slim ferbrând. Valerius II, dy't de opdracht ta de oanslach joech doe't er noch Petrus fan Trakesia hiet, hat neitiid altyd wegere om Lecanus en de oare oerlibjende bern fan Flavius (Styliane en de jongste broer Tertius) eksekutearje te litten, ek al waard him dat fan alle kanten oanret. Keizerinne Alixana sit al jierren yn noed oer de op wraak sinnende Lecanus, dy't se as in tige gefaarlik man beskôget.

Oankommen yn it hûs op it finzeniseilân dêr't Lecanus fêstholden wurdt, docht Alixana harsels foar as syn suster Styliane, en besiket op dy wize ynformaasje út him los te krijen. Hoewol't er blyn is, wit Lecanus lykwols krekt wa't er foar him hat, eat dêr't Alixana mei har ferstân net by kin, om't har imitaasje fan Styliane perfekt is. Crispin heart lykwols yn syn holle hoe't Lecanus advisearre wurdt troch in meganyske fûgel dy't bejeftige is mei in minsklike siel, krekt sa't er ek de tinzen fan 'e fûgels hearre koe dy't troch Shirin har heit Zoticus makke wiene. Uteinlik uteret Lecanus sokke oanstjitjaande dingen (hy wol ynsest mei syn suster bedriuwe), dat Alixana har weromlûkt en oanjout letter op 'e dei weromkomme te sillen.

Wylst se oan 'e oare kant fan it eilân bekomme en in miel beplúzje, pakt Crispin lang mei himsels om oft er syn ûntdekking oan Alixana útbringe sil. As er dat einlings dochs docht, is it te let, want as se by it hûs weromkeare, binne twa fan 'e fjouwer bewekkers dea, wylst fan Lecanus gjin spoar is. Hja konkludearje dat er mei help fan 'e oare beide bewekkers ûntsnapt is. As ien fan Alixana har eigen liifwachten dan besiket har te fermoardzjen, eat dat troch har oare liifwachten foarkomd wurde kin, rekket de keizerinne derfan oertsjûge dat de bern fan Flavius Daleinus dizze dei útkeazen hawwe om in steatsgreep te dwaan. Hja stjoert Crispin mei de boat werom nei Sarantium, mar lit harsels yn in roeiboatsje oerroeie troch har trouste liifwacht. Underweis docht se har mantel en sandalen út en har sieraden ôf, teskuort en besmodzget har klean, hakket rûch har lange hier healwei ôf en wriuwt har hannen, fuotten en gesicht yn mei smoargens, sadat yn 'e haven fan Sarantium, dêr't se ôfskie fan har liifwacht nimt, gjin keizerinne oan lân giet, mar in ordinêre strjithoer, dêr't nimmen acht op slacht.

Underwilens wurdt keizer Valerius II yn in ûndergrûnske tunnel dy't twa fan syn paleizen mei-inoar ferbynt, opwachte en ynsletten troch de gearspanners: in pear omkochte leden fan syn eigen liifwacht, Lecanus en Tertius Daleinus, harren suster Styliane, de histoarikus Pertennius fan Eubulus en Lysippus fan Calysium, in eardere meistanner fan Valerius dy't er ferbalje moatten hat om't de man himsels as haad fan 'e keizerlike belestingynders mank it gewoane folk sa hate makke hie. Valerius, dy't no beseft dat er in grutte flater makke hat troch de bern fan Flavius Daleinus libje te litten, besiket him út 'e fâle te praten en de gearspanners tsjininoar út te spyljen. Dat slagget him ek noch en hy wit op in hier nei te ûntkommen, mar wurdt dan yn 'e rêch stutsen troch Pertennius, dy't er oer de holle sjoen hie. Dêrmei ûntkomt er lykwols oan 'e dea dy't de gearspanners foar him yn petto hiene, nammentlik om krekt as Flavius Daleinus libben ferbrând te wurden. Neitiid ferbrânt Lecanus it stoflik omskot fan 'e keizer en ek de liken fan 'e beide liifwachten, dy't Valerius bepraat hie om har tsjin 'e oare gearspanners te kearen. Dêrnei lit er himsels libben ferbrâne, sadat er nei al dy jierren einlings út syn lijen ferlost is, en boppedat as sûndebok tsjinje kin.

Yn in trêde ferhaalline dy't dyselde deis spilet, naait Scortius út fan syn siikbêd om wer mei te dwaan oan 'e weinmennerijwedstriden yn it Hippodrome-stadion. Rustem, dy't nettsjinsteande syn lulkens ynsit oer it wolwêzen fan syn pasjint, besiket fia Plautus Bonosus tagong te krijen ta it Hippodrome. As Bonosus ûnberikber blykt, bejout de dokter him nei de residinsje fan 'e famylje Bonosus ta, dêr't er oan Thenaïs útleit wat der bard is en freget oft Cleander (dy't fan syn heit by wize fan bestraffing foar syn misdragings net mear yn it Hippodrome komme mei) him net yn it stadion nei binnen loadse kin. Dat is it earste dat Thenaïs heart fan wat har frijer Scortius oerkommen is, en mei in pear flymskerpe fragen oan Cleander wit se de hiele tadracht oan it ljocht te bringen, wêrmei't se begrypt dat Scortius har bedragen hat mei Shirin. Se komt dan sels ek mei nei it Hippodrome, en yn 'e katakomben fan it stadion konfrontearret se Scortius mei syn ûntrou. Dyselde ferwarret him net, sels net as Thenaïs in dagge ûnder har klean wei lûkt en de hân ûnderhellet om him dea te stekken. It is Crescens fan Sarnica dy't de ûnwierskynlike rêder fan Scortius syn libben is, hoewol't er Scortius letter, krekt foar't se tegearre te foet it stadion yngean sille, ferriedlik mei de earmtakke in stomp yn syn ferwûne side jout.

Nettsjinsteande it feit dat er noch lang net better wie en wylst syn wûne no troch Crescens syn tadwaan wer hielendal iepen is en syn ribben op 'e nij brutsen binne, nimt Scortius dochs diel oan 'e earste wedstryd fan dy middei. Hy wit dat er de race wierskynlik net útride kin, dat hy lit Taras syn posysje fan earste weinmenner behâlde, wylst er sels de ûnderstypjende funksje fan twadde weinmenner fan 'e Blauwen op him nimt. Slim bliedend en skriklike pine útsteand wit Scortius troch syn superieure ynsjoch en taktyk Crescens werom te pakken troch te soargjen dat er yn botsing komt mei de oare Griene weinmenner, sadat dy beide út 'e wedstryd lizze. Uteinlik riidt Scortius de race dochs út, ek al komt er mear dea as libben oer de einstreek. Hoewol't Rustem fan Kerakek him earder sein hie dat er neat mear mei him te krijen hawwe woe, strykt er dan de hân oer it hert en rêdt er fannijs it libben fan 'e dryste weinmenner.

Dan docht bliken dat ien fan 'e personielsleden fan it Hippodrome sjoen hat hoe't Crescens Scortius yn 'e side stompte, eat dat er nei de wedstryd fertelt oan Astorgus, de lieder fan 'e Blauwe partij. Dêrop slacht dy foar it oansjen fan it hiele stadion Crescens syn skouder út it potsje. Yn 'e atmosfear fan it stadion, dêr't de oanhingers fan beide partijen har dochs al tige hjit makke hiene, is dat oanlieding foar it útbrekken fan in algemiene opskuor, wêrby't de Grienen en de Blauwen inoar mei de fûst en elts wapen dat se mar te pakken krije kinne, te liif geane. Mei gauwens ferspriedt it trelit him fan it Hippodrome oer de hiele stêd, mei in jûn en nacht fan geweld as gefolch, wêrby't sa'n trijetûzen minsken de dea fine. Troch it begjin fan dy opskuor hinne begeliedt Cleander Bonosus syn styfmem Thenaïs nei hûs. Dêr oankommen snijt Thenaïs lykwols, dy't mient dat Scortius syn meidwaan oan it weinmennen mei de dea bekeapje moatten hat, yn it bad har polsen troch.

Underwilens hat yn it Keizerlik Paleis de ûnder syn manskippen tige populêre legerkommandant Leontes it nijs krigen fan 'e moard op 'e keizer. Om't de Sarantynske legers op it stuit foar de ynvaazje fan Batiara om Sarantium hinne konsintrearre binne, is hy de iennichste mooglik kandidaat om Valerius op te folgjen, en, hoewol't er it net wist, wie hy de ek opfolger dy't de bernleaze Valerius sels yn 't sin hie. Leontes is lykwols út in hiel oar soarte hout snien as syn foargonger. Sels hied er neat mei de moardoanslach te krijen, sterker noch, hy beskôge Valerius as in freon. Dat as er syn frou Styliane en Lysippus fan Calysium by it ferbrânde lyk fan 'e keizer oantreft, en fan Lysippus op syn fragen in grutte mûle weromkriget, lûkt er syn swurd en stekt er de man sûnder pardon dea. Styliane makket him wiis dat sy op it lêste stuit berjocht krigen hie wat har broer Lecanus fan doel wie, mar dat se te let kommen is om him tsjin te hâlden. Leontes nimt dat ferhaal foar kennisjouwing oan. Neitiid set Styliane in priis op 'e holle fan Alixana en jout opdracht ta in algemiene syktocht yn 'e stêd nei Valerius syn keizerinne, dêr't it leger foar ynset wurdt. Gesius de eunuch, de âlde kânselier dy't al trije kear in wikseling fan 'e wacht op 'e Sarantynske troan oerlibbe hat, fielt him no te âld om him noch yn bochten te wringen om it libben derôf te rêden. Hy lit iepentlik blike dat er Styliane har ferslach fan 'e foarfallen oangeande de moard op 'e keizer yn twifel lûkt en ferwachtet net dat er noch langernôch libje sil om 'e sinne wer opgean te sjen.

Rustem fan Kerakek behannelet dy jûns yn it gebouwekompleks fan 'e Blauwe partij net inkeld Scortius, mar ek in grut tal slachtoffers fan it geweld yn 'e stêd, wêrûnder de jonge Kyros, de talintearre learling fan 'e masterkok Strumosus fan Amoria, dy't in swurdstjit fan in lulke soldaat opfongen hat om it libben syn freon Rasic te rêden. As er úteinlik te neare nacht yn it twadde hûs fan Plautus Bonosus oankomt, treft Rustem yn syn keamer in frommeske oan, dat er weromken as ien fan 'e bernleaze froulju dy't er ûndersocht hat op 'e earste deis dat er yn Sarantium pasjinten ûntfong (wêrby't er har ferteld hie dat it wierskynlik har man wie dy't ûnfruchtber wie). It docht bliken dat hja nimmen oars is as de keizerinne Alixana, dy't him freget om har foar de nacht te ferbergjen. Se fertelt him dat Elita, it tsjinstfamke dat Rustem syn bêd dielt, eins in spionne fan har is, dy't yn 'e húshâlding fan Plautus Bonosus pleatst is om 'e foarsitter fan 'e Senaat yn 'e rekken te hâlden. Alixana wit fan 'e opdracht dy't Rustem fan syn kening krigen hat om keninginne Gisel fan 'e Antae út 'e wei te romjen, en it feit dat er dêr alhiel gjin stappen ta ûndernommen hat, suggerearret foar har dat hy immen is dy't fertroud wurde kin. Rustem jout ta oan har winsken en as soldaten net folle letter it hûs trochsykje, beart er dat Alixana in hoer is dy't er op 'e strjitte oppikt hat. Om't de soldaten harren op bêd trapearre hawwe (of sa liket it teminsten foar harren), wurdt dat ferhaal leaud. Neitiid bringt Alixana de nacht troch yn Rustem syn bêd, wylst de dokter sels yn 'e stoel sliept.

Ut it petear mei de keizerinne binne Rustem in pear dingen dúdlik wurden, dy't er al folle earder begripe moatten hie. Yn it foarste plak is er foar kening der keningen Shirvan inkeld in stik ark, dat sa nedich sûnder beswieren weismiten wurde kin. Dat blykt út 'e opdracht om 'e keninginne fan 'e Antae te eliminearjen, wat foar him in selsmoardaksje wêze soe. Ek hat Alixana him ynformearre dat Shirvan syn legers oer de Sarantynske grins stjoerd hat, om te profitearjen fan 'e kommende oarloch wêrby't it Sarantynske leger yn Batiara de hannen folhawwe sil oan 'e Antae. Shirvan hat dat befel jûn wylst er donders goed wist hokfoar konsekwinsjes oft sa'n ferriedlike oanfal yn 'e rêch hawwe soe foar Bassaniden dy't har yn Sarantium befûnen, lykas Rustem. Alixana hat him fierders tige ôfret om ea noch werom te kearen nei Bassania, mei't se ferwachtet dat er dêr in raar gat yn draaie sil om't er net besocht hat te foldwaan oan it befel fan Shirvan ta de moard op 'e keninginne fan 'e Antae. Mar hoe kin Rustem hjir bliuwe wylst syn froulju en bern noch yn Bassania binne?

Wat Rustem net wit, is dat syn froulju en bern moannen lyn al ôfset binne nei Sarantium ta. Syn jonge soan Shaski, dy't oanhelle is mei in foarm fan heldersjendheid, hat syn memmen derfan witten te oertsjûgjen dat se fuort moasten, mei't der minne dingen mei harren barre soene as se bleaune dêr't se wiene. De froulju hawwe de fortkommandant Vinaszh foar harren weintsje spand, dy't ferfeeld en ferbittere wie, en ree wie om fan alles oan te gripen as it de rûtine fan syn bestean mar trochbriek. Vinaszh en de fjouwer soldaten dy't er meinaam, wiene fan doel om ûnderweis nei Sarantium wat om har hinne te sjen en dêroer letter ferslach út te bringen oan har superieuren, mar ûnderweis wist Shaski, troch oanhâldend op har yn te praten, ek harren derfan te oertsjûgjen dat it better foar har sûnens wêze soe as se net wer weromgiene. Ier op 'e moarn nei de nacht fan opskuor berikke se einlings Sarantium. As Rustem dy moarns wekker wurdt, is Alixana al fuort, en har sil er nea wer sjen. Syn soargen wurde lykwols weinommen as frijwol daliks dêrop blykt dat syn gesin foar de doar stiet. Om tichter by syn pasjinten te wêzen en om in feiliger plak foar syn gesin te hawwen, fêstiget er him dêrnei yn it swierbewekke kompeks fan 'e Blauwe partij. Letter sille hy en syn famylje en Vinaszh en syn mannen ôfsette foar in lange seereis nei Esperana (Spanje), in lân dat fier nei it westen leit. [Yn in oar boek fan Kay, The Lions of Al-Rassan, dat iuwen letter yn Esperana spilet, wurdt suggerearre dat Rustem in foarfaar is fan haadpersoan Rodrigo Belmonte.]

Underwilens is Crispin de jûns fan it opskuor thús kommen om Shirin dêr oan te treffen. Har fûgel Danis is in oare meganyske besielde fûgel yn 'e stêd gewaarwurden, en Crispin is de iennichste mei wa't se dêroer prate kin. Crispin fertelt har fan it besyk oan it finzeniseilân en de fûgel dy't Lecanus Daleinus dêr by him hie. Harren petear wurdt ûnderbrutsen troch Carullus, dy't it op him nommen hat om Crispin syn hûs te trochsykjen as ûnderdiel fan 'e jacht op keizerinne Alixana. De beide freonen krije der suver spul om, mar Crispin beseft ek wol dat Carullus allinne mar befellen fan hegerhân útfierd. Carullus is amper fuort, of der arrivearret in boadskipper fan keninginne Gisel fan 'e Antae, dy't troch alle spilers yn it keizersdrama fergetten is. Hja fersiket Crispin om har te helpen en krij tagong ta it Keizerlik Paleis.

Dat, syn ûnthjit oan Carullus brekkend om 'e rest fan 'e nacht thús te bliuwen, set Crispin wer ôf. Shirin, dy't in flinke kliber liifwachten yn 'e tsjinst hat, begeliedt him nei it paleis dêr't Gisel har nei wenjen set hat. Dêrwei lit Crispin himsels en de keninginne yn in tichte draachstoel troch de gewelddiedige opskuor hinne nei it Hillichdom fan 'e Godlike Wysheid fan Jad bringe. As haad fan 'e mozayklizzers beskikt er oer de kaaien fan in syddoar, en út it Hillichdom wei rint in ûndergrûnske tunnel nei it deunby leine Keizerlik Paleis. Yn it paleis oankommen, bringt Crispin Gisel by de âlde kânselier, Gesius, wêrnei't er fan 'e eunugen fan it paleis, Gesius syn ûnderhearrigen, mei wa't er befreone rekke is, in sliepplak kriget sadat er net wer dwers troch de opskuor hinne nei hûs ta hoecht. Underweis mei in eunuch troch it paleis komt er Pertennius fan Eubulus tsjin, dy't yn in triomfantlike stimming ferkeart en oppenearret dat it net lang mear duorje sil ear't se dy hoer Alixana te pakken krije. Crispin, dy't mear as in bytsje fereale op Alixana is, slacht dan it mislike lytse mantsje bewusteleas.

Underwilens hellet Gisel Gesius oer om har te stypjen, en dêrnei praat se yn op Leontes. Hja seit tsjin him wat nimmen noch planút tsjin him doard hat te sizzen: dat Lecanus Daleinus op eigen manneboet nea sa'n gearspanning organisearje kinnen hie en dat Tertius Daleinus in leffert en in meirinner is dêr't neat fan útgiet. Nee, it is Styliane Daleina, Leontes syn frou, dy't efter de moard op Valerius II sit. Wol Leontes wier syn nije regear besmodzge mei it bloed fan syn freon en foargonger begjinne? Gisel fertelt him dat er better syn frou oan 'e kant sette kin, sadat er mei harsels trouwe kin. Dêrmei kin er sûnder oarlochfiering Batiara by it Sarantynske Ryk bringe, mei't dat lân ommers har keninkryk is. No't Leontes mei de noas op 'e feiten drukt wurdt, kin er net oars as tajaan dat Styliane yndie by de moard belutsen west hawwe moat. Dyselde nachts noch wurde Styliane en har broer Tertius oppakt; Tertius wurdt eksekutearre, wylst Styliane de eagen útstutsen wurde, wêrnei't se nei itselde finzeniseilân stjoerd wurdt, dêr't earder har broer Lecanus finzen holden waard. Trije dagen letter wurde Leontes en Gisel yn it Hippodrome ta keizer en keizerinne fan Sarantium kroane. Leontes sil regearje as Valerius III.

Foar Crispin hat de ferheffing fan Leontes ta de keizerstroan lykwols ûnfoarsjoene gefolgen. Leontes is in religieuze skerpsliper, dy't mient dat alle ôfbyldings fan Jad godslasterlik binne, en dat yn hillichdommen ek gjin ôfbyldings fan minsken makke wurde meie. Fan gefolgen wurdt it grutte mozayk dat Crispin yn it Hillichdom fan 'e Godlike Wysheid fan Jad makket, fan it plafon skrabe en komt al syn wurk yn Sarantium ta neat. Dêrnei beslút Crispin dat it tiid is om nei hûs ta. Hy nimt ôfskie fan al syn freonen. De nijtrouden Carullus en Kasia geane in gâns ûnthjittende takomst temjitte mei't Carullus ta de fertroulingen fan 'e nije keizer heard. De masterkok Strumosus fan Amoria is lokkich no't syn jonge learling Kyros syn libbensbedriigjende ferwûnings te boppe komme sil. De stadichoan opbetterjende weinmenner Scortius, oan 'e oare kant, brekt it hert as er heart fan 'e selsmoard fan syn mêtresse Thenaïs. Crispin syn eardere learling Pardos beslút om yn Sarantium te bliuwen en dêr in nij libben op te bouwen. Syn freon Vargos biedt oan om mei him nei Batiara te gean, mar Crispin wit him dat idee te ûntpraten. Vargos blykt oanlis te hawwen om mozayklizzer te wurden, en Pardos wol him mar al te graach as learling oannimme. Artibasos, de boumaster fan it Hillichdom fan 'e Godlike Wysheid fan Jad, is poermâl oer de ferwuostging fan Crispin syn wurk, mar leit him úteinlik del by Crispin syn beslút om op hûs oan. Ek fan Shirin nimt Crispin ôfskie. Hja beiden hawwe ferskate kânsen hân om in relaasje oan te knoopjen, mar der kaam altyd wat tusken. No hawwe se it deroer dat Shirin yn 'e takomst miskien nei Varena ta komme sil om har dêr by Crispin te jaan.

De deis foar syn ôfreis wurdt Crispin yn it Keizerlik Paleis ûntbean by Gisel. Hy wurdt troch de kânselier Gesius by de doarren opwachte en persoanlik by de keizerinne brocht. Gisel bewissiget him derfan dat syn beleanning foar de ferskate tsjinsten dy't er foar har ferrjochte hat, op kommendeweis is. Fierders biedt se him oan om fan noch ien oare persoan ôfskie te nimmen. Sadwaande nimt Crispin de boat nei it finzeniseilân om Styliane Daleina te besykjen. Hy hat fan Gisel in tinne, mar flymskerpe dagge meikrigen mei op it hêft in ôfbylding fan it gesicht fan har heit, kening Hildric fan 'e Antae. As er dat oan 'e bewekkers sjen lit, wurdt er talitten by Styliane. Dyselde is mei útstutsen eagen, ôfsnien hier en in brânmerk op it wang noch altyd in kreaze frou. Leontes, no Valerius III, wol har libben sparje om sjen te litten dat er genedich wêze kin, mar foar Styliane is dit bestean in hel. Se freget Crispin om har te deadzjen, mar dy kin it net goedkrije om dat te dwaan. Dan komme de wurden fan Gisel by him op, dy't him ferteld hat dat se de dagge mei har heite byltenis op it hêft ûnder de klean droech doe't se yn Sarantium oankaam, om't se net wist wat keizer Valerius II mei har yn 't sin hie, en se, as it safier komme soe, sels bepale woe hoe't se stjerre soe. Ek hat se him sjen litten hoe't it hêft losdraaid wurde kin fan it lims fan 'e dagge. Styliane seit dat der nimmen is, útsein hysels miskien, om har te helpen en meitsje in ein oan har libben, mar Crispin tinkt dat der teminsten noch ien oare persoan is dy't dêrby helpe wol. Hy draait dan it lims los fan it hêft en lit it by Styliane efter as er fuortgiet.

De oare deis fart Crispin op in traach keapfardijskip fuort út Sarantium om dêr nea wer werom te kearen. As er thúskomt, yn Varena, wachtsje dêr al boadskippers fan keizerinne Gisel op him, dy't offisjele dokuminten foar him hawwe wêrmei't it besit fan it iene nei it oare stik ûnreplik goed ferspraat oer hiel Batiara oan him oerdroegen wurdt. Fan it iene stuit op it oare is Crispin in smoarryk man. Op 'e fraach fan syn kollega Martinian wêrom't de keizerinne him oerlaadt mei rykdommen, antwurdet Crispin: "Se mient dat ik har keizerinne makke haw." Yn it Hillichdom fan Jad-Bûten-de-Muorren, by Varena, dêr't Gisel har heit begroeven leit en teffens Crispin syn frou en dochterkes, moat it mozayk dat Crispin en Martinian dêr makke hawwe, ek wike, om't it in ôfbylding fan Jad is. Gisel hat lykwols in oergrutte lading mozaykglês út Sarantium stjoerd, wêrmei't se wol dat de mannen in nij mozayk meitsje sille. Martinian barst yn triennen út as er de hege kwaliteit fan it materiaal sjocht, dy't skril ôfstekt tsjin 'e rommel dêr't er him syn hiele libben yn Batiara mei behelpe moatten hat. Crispin lit dat wurk lykwols oan Martinian en dy syn learlingen oer, want hy hat de ljochtfal yn it 'opslachhok' sjoen dêr't it mozaykglês opslein leit: it âlde hillichdom, dat al twahûndert jier yn ûnbrûk is om't der in grutter hillichdom foar set is.

Rom in jier bringt Crispin dêrnei troch mei it opknappen fan it âlde gebou en it meitsjen fan twa mozaïken op foarinoaroerlizzende muorren. Op 'e iene kant makket er in mozayk fan keizer Valerius III en keizerinne Gisel, en fan harren hofhâlding, dy't er generyk werjout, sûnder ûnderskie tusken de persoanen. Op 'e oare muorre makket er in mozayk fan in oare keizer en keizerinne: Valerius II en Alixana. Harren hofhâlding bestiet út aparte minsken, mei de nammen werjûn yn 'e tearen fan 'e klean, dat lettere generaasjes witte sille wa't it binne: Gesius, de kânselier; Leontes, de legeroerste; Zakarios, de patriarch fan Sarantium; Scortius, de weinmenner; Artibasos, de boumaster; Carullus, de ofsier; Pertennius fan Eubulus; Styliane Daleina; Shirin, de dûnseresse; en in readhierrige, burdige keardel mei de inisjalen CC op in medaljon om syn nekke, deselde inisjalen dy't yn 'e rjochterûnderhoeke fan it mozayk fermeld steane.

Op 'e deis dat Crispin de lêste hân oan dat mozayk leit, en it neitiid fan 'e oare kant fan it gebou ôf op in ljedder stiet te beächtsjen, giet efter him de doar iepen. Hy tinkt dat it Martinian is, dy't oan 'e ein fan 'e wurkdei wol gauris om 'e hoeke fan 'e doar kipet. Mar dan rûkt er it parfum dat mar twa froulju yn 'e wrâld drage mochten, en wit er dat Shirin wurd holden hat en him efternei reizge is. Sûnder him om te draaien, winsket er har by namme wolkom, en kneppelet dan suver fan syn ljedder as de stim fan Alixana, dy't er deawaand hie, seit: "Och hearken, ik bin hjir, leau 'k, dochs net winske." Op dat stuit kriget Crispin foar it ferstân dat er alwer folslein mis west hat oer wat der barre kin yn 'e wrâld. Tagelyk sjocht Alixana it mozayk dat er fan 'e hofhâlding fan Valerius II makke hat, dêr't troch trúkjes fan ljochtfal en glêswurk en ambacht de blik fan eltse taskôger nei de ôfbylding fan harsels ta lutsen wurdt. Beiden beseffe se dan dat se yn inoar in nije reden fûn hawwe om troch te gean mei libjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.