The Sarantine Mosaic

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
The Sarantine Mosaic
auteur Guy Gavriel Kay
taal Ingelsk
foarm duology
sjenre fantasy
skreaun 1998-2000
oarspr. útjwr. Simon & Schuster

The Sarantine Mosaic is in duology fan 'e hân fan 'e Kanadeeske skriuwer Guy Gavriel Kay. De titel betsjut: "It Sarantynske Mozayk". It is in wurk dat ta it fantasysjenre heart en mear spesifyk ta it subsjenre fan 'e histoaryske fantasy. De beide romans dêr't dizze duology út bestiet, binne Sailing to Sarantium (1998) en Lord of Emperors (2000). Dêryn skilderet Kay in wrâld dy't basearre is op it Middellânske-Seegebiet yn 'e sechsde iuw.

Eftergrûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn The Sarantine Mosaic fertelt Guy Gavriel Kay in ferhaal dat spilet yn in alternative, troch himsels optochte wrâld, dy't lykwols oant yn detail basearre is op 'e skiednis fan it Middellânske-Seegebiet út 'e sechsde iuw. It Sarantynske Ryk út de beide boeken is eins it Byzantynske Ryk, keizer Valerius II is ynspirearre troch de histoaryske Justinianus I, en de stêd Sarantium is Byzantium of Konstantinopel. Oare stêden dy't in wichtige rol spylje, binne Rhodias (Rome) en Varena (Ravenna). De eftergrûn fan it ferhaal wurdt foarme troch de driigjende oarloch tusken it Sarantynske Ryk en it keninkryk fan 'e Antae yn Batiara (it Ostrogoatyske keninkryk yn Itaalje), dat dêr yn it plak kommen is foar it Westlike Rhodiaanske Ryk (it Westromeinske Ryk).

Yn dizze selde wrâld, sij it letter yn 'e tiid, spylje ek ferskate oare romans fan Kay. Dêrûnder yn it foarste plak The Lions of Al-Rassan (1995), dat basearre is op 'e Midsiuwske Reconquista fan Spanje troch de kristenen op 'e moslims, The Last Light of the Sun (2004), dat ynspirearre is troch it Angelsaksyske Ingelân fan Alfred de Grutte út 'e tiid fan 'e ynfallen fan 'e Wytsingen, en Children of Earth and Sky (2016), dat basearre is op it Kroaasje út 'e sechstjinde iuw. Yn deselde wrâld, mar troch ôfstân folle losser mei de oare boeken ferbûn, spylje ek Under Heaven (2010), dat ynspirearre is troch de achtste-iuwske Tang-dynasty yn Sina en de foarfallen dy't oanlieding joegen ta de An Shi-opstân, en River of Stars (2013) dat basearre is op 'e foarfallen om 'e Jin-Song-oarloggen hinne, ûnder de Sineeske Song-dynasty út 'e tolfde iuw.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De mozayklizzer Caius Crispus út Varena (Ravenna), troch syn freonen Crispin neamd, wurdt troch keizer Valerius II (Justinianus I) nei it fiere Sarantium (Byzantium) ta ûntbean om dêr mei te wurkjen oan 'e bou fan it Hillichdom fan 'e Godlike Wiisheid fan Jad (de Aya Sofia). Al op syn reis dêrhinne oerkomme him ûnferwachtse dingen, en as er ienris op syn bestimming arrivearret, rekket er tsjin wil en tank behelle yn 'e yntriizjes fan 'e keizer en syn hofhâlding. Uteinlik sille ambysje, religieuze skerpsliperij en wraak derta liede dat Valerius II ynhelle wurdt troch syn eigen ferline. Mei't foar de nije machthawwers it grutte mozayk dat Crispin op 'e koepel fan it hillichdom oanbrocht hat, net rjochtsinnich genôch is, sil dan al syn wurk omdôch wêze. Likegoed wit er út 'e ruïnes fan it regear fan Valerius in gruttere priis te winnen as er ea tinke kind hie.

Personaazjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Alixana (berne as Aliana) – keizerinne fan Sarantium, dy't har karriêre begûn is as in sljochtwei dûnseresse
  • Artibasos – de keizerlike boumaster fan Sarantium
  • Astorgus – ienris in grut weinmenner, no de lieder fan 'e Blauwe partij yn Sarantium
  • Caius Crispus ("Crispin") – in mozayklizzer út Varena
  • Carullus – de tribún fan it Fjirde Sauradyske Kavaleryregimint fan it Sarantynske leger
  • Cleander Bonosus – de soan fan Plautus Bonosus, in fanatyk oanhinger fan 'e Griene partij
  • Crescens fan Sarnica – de bêste weinmenner fan 'e Griene partij
  • Elita – in tsjinstfaam yn 'e húshâlding fan Plautus Bonosus
  • Flavius Daleinus – in Sarantynsk aristokraat, dy't plannen hie om himsels ta keizer kroane te litten; út 'e wei romme troch Petrus fan Trakesia (Valerius II)
  • Fotius – in sandalemakker út Sarantium en in oanhinger fan 'e Blauwe partij
  • Gesius – in eunúch, de kânselier fan it Sarantynske Ryk
  • Gisel – de jonge keninginne fan it Antae-keninkryk fan Batiara
  • Jarita – de jongste fan 'e beide froulju fan Rustem fan Kerakek
  • Kasia – in jonge slavinne dy't troch Crispin frijkocht wurdt
  • Katyun – de âldste fan 'e beide froulju fan Rustem fan Kerakek
  • Kyros – in Sarantynske koksjonge yn 'e kokens fan 'e Blauwe partij
  • Leontes (letter Valerius III) – de heechste strategos fan it Sarantynske Ryk
  • Lecanus Daleinus – in Sarantynsk aristokraat, de âldste soan fan Flavius Daleinus, dy't by de oanfal mei Sarantynsk fjoer wêrby't syn heit út 'e wei romme is, blyn en mismakke rekke is
  • Lysippus fan Calysium – it tige hate haad fan 'e keizerlike belestingynders, dy't twa jier lyn ûnder druk fan it folk út syn funksje set en út Sarantium ferballe is
  • Martinian – in mozayklizzer út Varena, de freon en mentor fan Crispin
  • Pappio – in glêsblazer út Sarantium en in oanhinger fan 'e Griene partij
  • Pardos – in jonge Antae-man út Varena, in eardere learling fan Martinian en Crispin
  • Pertennius fan Eubulus – in skiedskriuwer en de siktaris fan Leontes
  • Plautus Bonosus – in Sarantynske aristokraat dy't it fierhinne seremoniële amt fan 'master fan de Senaat' beklaait
  • Pronobius Tilliticus – in keizerlik koerier dy't útslutend mei himsels dwaande is, yn it neidiel fan syn taken
  • Rustem fan Kerakek – in tige bekwaam dokter út it eastlike Bassanidyske Ryk, dy't troch de Bassanidyske kening der keningen Shirvan as spion nei Sarantium ta stjoerd wurdt
  • Scortius – de bêste weinmenner fan Sarantium, foarhinne foar de Grienen, mar no foar de Blauwe partij
  • Shaski – de mei in foarm fan heldersjendheid bejeftige jonge soan fan Rustem fan Kerakek
  • Shirin – in dochter fan Zoticus en de meast foaroansteande dûnseresse fan har tiid yn Sarantium, ferbûn oan Griene partij
  • Shirvan – de kening der keningen fan it Bassanidyske Ryk
  • Styliane Daleina – in Sarantynske aristokrate fan 'e op wraak sinnende Daleinus-famylje, troch keizer Valerius II ta frou jûn oan Leontes
  • Strumosus fan Amoria – in briljante masterkok yn Sarantium, yn 'e tsjinst fan 'e Blauwe partij
  • Taras fan Megarium – in jonge weinmenner, earst foar de Grienen, letter foar de Blauwe partij
  • Tertius Daleinus – in Sarantynsk aristokraat, de trêde, jongste soan fan Flavius Galeinus
  • Thenaïs Bonosa – de jongere en tige behearske twadde frou fan Plautus Bonosus
  • Valerius I – in militêr fan sljochtwei komôf, dy't nei de dea sûnder erfgenamten fan keizer Apius troch syn omkesizzer Petrus fan Trakesia (letter Valerius II) op 'e troan holpen wurdt
  • Valerius II (berne as Petrus fan Trakesia) – in boeresoan fan it plattelân dy't himsels troch yntelliginsje, ambysje en ûnmeilydsumens ta keizer fan it Sarantynske Ryk witten hat te meitsjen
  • Vargos – in tsjinstfeint en letter freon fan Crispin
  • Vinaszh, soan fan Vinaszh – in Bassanidysk legerofsier
  • Zakarios – de patriarch fan Sarantium
  • Zoticus – in algemist dy't útfûn hat hoe't er syn meganyske fûgels bejeftigje kin mei minsklike sielen

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Beide boeken fan The Sarantine Mosaic waarden tige goed ûntfongen. Neffens Amazon.com "wjerspegelen se mei leafde de yntriizjes en de pracht en preal fan it Byzantynske Ryk." De krante de Toronto Star skreau: "Sailing to Sarantium befêstiget noch mar ris Kay syn status as ien fan 'e bekwaamste en meast ynnimmende ferhalefertellers." "De kompleksheid [fan it ferhaal]," sa skreau Vector, it blêd fan 'e British Science Fiction Association, "jout in djipte oan syn ferbylde ferzje [fan de wurklikheid] dy't oan in protte fantasyromans ûntbrekt." Sawol Sailing to Sarantium as Lord of Emperors waard nominearre foar in World Fantasy Award foar bêste roman, yn 1999, resp. 2001.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.