Histoaryske fantasy

Ut Wikipedy
It skilderij The Accolade fan 'e Britske keunstskilder Edmund Blair Leighton lit in ideälisearre byld fan 'e Midsiuwen sjen sa't dat gauris ek yn 'e histoaryske fantasy toand wurdt.

Histoaryske fantasy is in subsjenre fan 'e fantasy en de histoaryske fiksje dat dy beide literêre sjenres mei-inoar fermingt. Romans, novelles en koarte ferhalen út dit subsjenre hawwe yn 'e regel in histoaryske eftergrûn, mar de plot ynkorporearret dêrnjonken ek fantasy-eleminten, lykas tsjoenderij, magy, boppenatuerlike saken en/of it bestean fan mytyske wêzens (elfkes, feeën, reuzen, draken, kreaken, ensfh.). Histoaryske fantasy is ornaris yn de tiid foarôfgeande oan 'e tweintichste iuw pleatst, en yn 'e measte gefallen yn 'e Midsiuwen. Histoaryske fantasy dy't yn de twadde helte fan 'e tweintichste iuw spilet, wurdt faak ta in oar subsjenre rekkene, nammentlik dat fan 'e urban fantasy. As der yn histoaryske fantasy in protte technology foarkomt, benammen út 'e tiid fan 'e Yndustriële Revolúsje, dan oerlapet it mei steampunk, dat in subsjenre fan 'e science fiction is.

Oanpak[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e regel wurdt by histoaryske fantasy gebrûk makke fan trije oanpakken. Yn it foarste plak kinne magy, mytyske wêzens en it boppenatuerlike gearbestean mei de 'gewoane' wrâld sûnder dat de measte lju har der bewust fan binne. Dizze oanpak hat in protte skaaimerken gemien mei it subsjenre fan 'e geheime skiednis. Ek is it mooglik dat de skriuwer ymplisearret dat magy, ensfh. har tsjin 'e moderne tiid út de wrâld weromlutsen hawwe sille, wêrmei't de skiednis dus syn bekende ferrin wer oannimt. In foarbyld fan dizze oanpak is The Charwoman's Shadow, fan lord Dunsany, dat yn Spanje spilet, mar dermei einiget dat de tsjoender himsels en alle oare magy en mytyske wêzens út 'e wrâld ferwideret.

In twadde oanpak is dat de skriuwer in bekend punt yn 'e skiednis nimt en dêrwei in nij ferrin begjint te fantasearjen, sûnder dat er him derom bekroadet hokfoar gefolgen oft dat logyskerwize hawwe moatte soe foar it hjoed. Dizze oanpak komt tige ticht yn 'e buert of kin lykslein wurde mei it subsjenre fan de alternate history. In foarbyld hjirfan is de Small Change-trilogy fan Jo Walton, dy't in oare útkomst jout oan 'e Slach om Ingelân, yn 1940 (wêrby't Churchill ôfset wurdt en it nije, faksistyske regear fan Grut-Brittanje frede slút mei Hitler).

By in trêde oanpak fertelt de skriuwer syn ferhaal dan wol yn in optochte wrâld, mar fertoant dy wrâld safolle oerienkomsten mei de besteande, dat it oerdúdlik is wêr't er him op basearre hat. Foarbylden fan dizze oanpak binne de measte romans fan Guy Gavriel Kay, lykas A Song for Arbonne (basearre op 'e gouden iuw fan 'e Provâns), The Lions of Al-Rassan (basearre op it Midsiuwske Spanje), The Last Light of the Sun (basearre op it Angelsaksyske Ingelân fan Alfred de Grutte), The Sarantine Mosaic (in duology dy't basearre is op Konstantinopel en de bloei fan it Byzantynske Ryk) en Under Heaven (dat spilet yn in wrâld dy't analooch is oan 'e Tang-dynasty yn it achtste-iuwske Sina). De measte fantasy-auteurs dy't har eigen wrâlden in histoaryske grûnslach jouwe, meie lykwols graach geografyske eleminten en/of perioaden trochinoar smite. Sa bringt Jacqueline Carey yn har Kushiel's Legacy-rige it Midsiuwske Frankryk en de Italjaanske stêdsteaten út 'e Renêssânse gear mei it Germaanje en Kartago út 'e Klassike Aldheid en it Assyryske Ryk út in noch earder tiidrek.

Underferdieling nei tiidrek en kultuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In tige populêr subsjenre dat basearre is op 'e mearkes fan Tûzen en Ien Nacht, lykas Aladdin, Sinbad de Seeman en Ali Baba en de Fjirtich Rôvers. Foarbylden binne it berneboek Castle in the Air fan Diana Wynne Jones en de romans Fall of a Kingdom fan Hilari Bell en Throne of the Crescent Moon, fan Saladin Ahmed.
  • buskrûdfantasy
Histoaryske fantasy dy't spilet nei't (om 1400 hinne) de earste fjoerwapens útfûn wiene. Yn 'e regel binne dit ferhalen tsjin 'e eftergrûn fan 'e santjinde of achttjinde iuw. Foarbylden binne de Monster Blood Tattoo-rige fan D.M. Cornish en The Powder Mage-trilogy fan Brian McClellan.
In tige populêr subsjenre dat fantasy, de folkloare fan Skotlân, Wales en Ierlân en Keltyske histoaryske fiksje mei-inoar ferbynt. De ierste foarbylden hjirfan binne de Arthurleginden. In modern útsprútsel is bgl. de Deverry-rige fan Katharine Kerr.
  • klassike histoaryske fantasy
Dit is histoaryske fantasy basearre op 'e skiednis fan 'e Klassike Aldheid fan 'e âlde Griken of it Romeinske Ryk en op 'e myten út 'e Grykske en Romeinske mytology. Foarbylden binne The Firebrand fan Marion Zimmer Bradley en de Exiles of Arcadia-rige fan James Gawley.
  • Midsiuwske histoaryske fantasy
Histoaryske fantasy dy't de Midsiuwen as eftergrûn hat. Dit oerlapet yn 'e regel mei Keltyske histoaryske fantasy en soms ek mei Arabyske histoarysk fantasy.
  • prehistoaryske fantasy
Dit is histoaryske fantasy dy't tsjin 'e eftergrûn fan 'e Prehistoarje spilet, lykas de Earth's Children-rige fan Jean M. Auel en de film 10,000 B.C. (2008).
Fan it Sineeske 武俠 ("helden fan 'e kriichskeunst"). Hjiryn wurde yn 'e skiednis fan Sina fantasy-eleminten ynbrocht. Yn 'e Westerske wrâld is dit subsjenre benammen bekend fan Sineeske fjochtfilms, lykas Crouching Tiger, Hidden Dragon (2000), fan regisseur Ang Lee.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.