Springe nei ynhâld

George H.W. Bush

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan George Herbert Walker Bush)
George H.W. Bush
politikus
echte namme George Herbert Walker Bush
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum 12 juny 1924
berteplak Milton (Massachusetts)
stjerdatum 30 novimber 2018
stjerplak Houston (Teksas)
etnisiteit Dútsk
Frânsk
Iersk
Ingelsk
Nederlânsk
Skotsk
Welsk
partij Republikeinske Partij
prizen Pres. Frijheidsmedalje 2011
Presidint fan de Feriene Steaten
amtsperioade 19891993
foargonger Ronald Reagan
opfolger Bill Clinton
Fise-presidint fan de Feriene Steaten
amtsperioade 19811989
foargonger Walter Mondale
opfolger Dan Quayle
Direkteur fan de CIA
amtsperioade 19761977
foargonger William Colby
opfolger Stansfield Turner
Haad fan it Amerikaanske ferbiningskantoar
yn de Folksrepublyk Sina
amtsperioade 19741975
foargonger David K.E. Bruce
opfolger Thomas S. Gates jr.
Foarsitter fan it
Republikeinsk Nasjonaal Komitee
amtsperioade 19731974
foargonger Bob Dole
opfolger Mary Smith
Amerikaansk ambassadeur
by de Feriene Naasjes
amtsperioade 19711973
foargonger Charles Woodruff Yost
opfolger John A. Scali
Lid fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen
(foar it 7de Distrikt fan Teksas)
amtsperioade 19671971
foargonger John Dowdy
opfolger William Reynolds Archer jr.

George H.W. Bush (folút: George Herbert Walker Bush; Milton (Massachusetts), 12 juny 1924Houston (Teksas) 30 novimber 2018) wie in Amerikaansk politikus fan 'e Republikeinske Partij, dy't fan 1989 oant 1993 de 41ste presidint fan 'e Feriene Steaten wie. Foartiid hied er û.m. marinepiloat, ûndernimmer, lid fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen, ambassadeur en direkteur fan 'e CIA west, en fan 1981 oant 1989 wied er ûnder it presidintskip fan Ronald Reagan de fise-presidint fan 'e Feriene Steaten. Under syn eigen presidintskip waard Bush sljochtwei George Bush neamd, mar om him te ûnderskieden fan syn soan, George W. Bush, dy't letter presidint wie fan 2001 oant 2009, wurdt er sûnt oantsjut as George H.W. Bush, George Bush sr., George Bush de Aldere of, by túltsjes, as Papa Bush.

Bush waard yn 1924 berne yn Milton, yn 'e steat Massachusetts, as de soan fan Prescott Sheldon Bush, dy't Massachusetts yn 'e Amerikaanske Senaat fertsjintwurdige, en dy syn frou Dorothy Walker. Hy wie fierhinne fan etnysk Skotsk komôf, hoewol't er ek Dútsk, Frânsk, Iersk, Ingelsk, Nederlânsk en Welsk bloed hie. Bush groeide yn in tige begoedige fermidden op yn Greenwich, yn Konettikut, dêr't syn âldelju koart nei syn berte hinne ferhuzen. Nei't er dêr de legere skoalle trochrûn hie, gied er nei de Phillips Academy, yn Andover (Massachusetts), in eksklusive kostskoalle, dêr't er syn middelbere-skoaloplieding folge. Dêr wied er û.m. siktaris fan 'e learlingerie, lid fan 'e redaksje fan it skoalkrantsje en oanfierder fan sawol it honkbal- as it fuotbaltiim.

Militêre tsjinst

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de Oanfal op Pearl Harbor, yn desimber 1941, wie Bush wisberet om tsjinst te nimmen, dat nei't er yn 1942 slagge wie foar syn eksamen oan 'e Phillips Academy, joech er him mei achttjin jier by de Amerikaanske Marine, dêr't er oplaat waard ta piloat. Yn 't earstoan wied er stasjonearre yn Corpus Christi, yn Teksas, mar mids 1943 waard er útstjoerd om oan it front yn 'e Stille Oseaan te tsjinjen. Syn squadron wie stasjonearre op it fleandekskip de USS San Jacinto, en naam û.m. diel oan 'e Slach yn 'e Filipynske See.

George Bush yn syn Grumman TBM Avenger op it fleandekskip de USS San Jacinto.

Yn augustus 1944 waard syn tastel, in Grumman TBM Avenger, rekke by in loftoanfal op 'e Japanske Bonineilannen, en stoarte it del. Fan 'e trije ynsittenden wie Bush de iennichste dy't dat oerlibbe; hy brûkte syn sjitstoel, sakke oan syn parasjute nei it see-oerflak en wachte dêr ferskate oeren yn in opblaasber boatsje oant er oppikt waard troch de Amerikaanske ûnderseeër USS Finback. Letter kearde er werom nei de USS San Jacinto en wied er belutsen by fierdere operaasjes yn 'e Filipinen oant syn squadron weromstjoerd waard nei de Feriene Steaten. Al mei al fleach Bush 58 gefjochtsmissys, wêrfoar't him it Distinguished Flying Cross en trije Air Medals takend waarden.

Werom yn 'e Feriene Steaten waard Bush stasjonearre op 'e Marinebasis Norfolk, dêr't er nije torpedopiloaten opliede moast. Letter waard er noch oerpleatst nei it Marineloftstasjon Grosse Ile, yn Michigan, foar't er yn septimber 1945, oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch, earfol ûntslein waard.

Trouwen en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 6 jannewaris 1945, luttele dagen nei't er út 'e Filipinen weromkeard wie, troude Bush mei syn ferloofde Barbara Pierce. Hja krigen seis bern: George W. Bush (1946), de lettere 43ste presidint fan 'e Feriene Steaten; Pauline Robinson Bush (1949-1953), dy't "Robin" neamd waard, en mei fjouwer jier stoar oan leukemy; John Ellis Bush (1953), better bekend as "Jeb", de lettere gûverneur fan Floarida; Neil Mallon Bush (1955); Marvin Pierce Bush (1956) en Dorothy Bush (1959), letter bekend ûnder har rop- en trounamme as Doro Bush Koch.

Foar't er tsjinst nommen hie by de marine, wie Bush talitten wurden ta de prestizjeuze Universiteit fan Yale, yn New Haven (Konettikut), en nei't er ôfswaaid wie, gied er dêr einlings hinne. Hy lei dêr in ferflugge programma foar eks-militêren ôf, wêrmei't er yn twa en in heal jier ôfstudearje koe ynstee fan 'e folle fjouwer. Oan Yale, dêr't syn heit ek syn oplieding genoaten hie, spile Bush yn it universiteitshonkbaltiim en wied er lid fan it universiteits-cheerleaderstiim. Teffens waard er dêr, krekt as syn heit foar him, lid fan 'e Skull and Bones, in skimich geheim genoatskip dêr't yn Amearika nochal wat om te dwaan west hat. Yn 1948 studearre er ôf mei in bachelorstitel yn ekonomy.

Undernimmerskip

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't er syn stúdzje beëinige hie, ferfear Bush mei syn gesin nei West-Teksas ta, dêr't er him yn Odessa nei wenjen sette. Troch gebrûk te meitsjen fan syn heite konneksjes kaam er oan wurk yn 'e oaljeyndustry, begjinnend as ferkeaper by Dresser Industries, in dochterûndernimming fan Brown Brothers Harriman, dêr't syn heit 22 jier lang lid fan 'e ried fan bestjoer west hie. Letter ferhuze er nei Kalifornje, dêr't er yn Ventura, Bakersfield en Compton wenne, en doe't er dêrop wer weromkearde nei Teksas, wenne er yn Midland. Yn 1951 rjochte er syn eigen oaljemaatskippij op, Bush-Overbey Oil Development, en teffens wied er dat jiers behelle yn 'e oprjochting fan 'e Zapata Petroleum Company. Yn 1954 waard er direkteur fan 'e Zapata Offshore Company, in dochterûndernimming dy't him talei op oaljeboarrings yn 'e Golf fan Meksiko, en dy't yn 1958 in selsstannich bedriuw waard. Dêrop sette Bush him nei wenjen yn Houston. Hy bleau direkteur fan it bedriuw oant 1964 en foarsitter fan 'e ried fan bestjoer oant 1966. Tsjin dy tiid wied er mei fjirtich jier in miljonêr wurden, mar syn ambysjes wiene doe net mear op 'e sakewrâld rjochte, mar op 'e polityk.

Iere politike karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1964 sette Bush mei syn politike karriêre útein as foarsitter fan 'e pleatslike ôfdieling fan 'e Republikeinske Partij yn it Teksaanske Harris County (d.w.s. Houston en omkriten). Hy stelde him ferkiesber foar ien fan 'e beide Teksaanske sitten yn 'e Amerikaanske Senaat, mar moast it ôflizze tsjin syn Demokratyske tsjinstanner Ralph W. Yarborough, dy't him ôfskildere as in rjochts-ekstremist. Yn 1966 slagge it Bush lykwols om keazen te wurden yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen, dêr't er fan 1967 oant 1971 as earste Republikein Houston fertsjintwurdige. As kongreslid stipe er de Boargerrjochtewet fan 1968, hoewol't dy yn syn kiesdistrikt tige ympopulêr wie, en fierders wied er in oanhinger fan it belied oangeande de Fjetnamoarloch dat fierd waard troch presidint Richard Nixon. Op oanstean fan dyselde besleat Bush yn 1970 om net mei te dwaan oan 'e ferkiezings foar it Hûs fan Offurdigen, mar op 'e nij te besykjen in sit yn 'e Senaat te bemachtigjen, wêrby't er lykwols jitris ferslein waard troch syn Demokratyske tsjinstanner, yn dit gefal Lloyd Bentsen.

Bush mei presidint Dwight Eisenhower.

Dêrop waard Bush troch Nixon beneamd ta de Amerikaanske ambassadeur by de Feriene Naasjes, yn New York, in amt dat er ferfolle fan 1971 oant 1973. Yn 1973, wylst it Watergate-skandaal almar fierder eskalearre, frege Nixon Bush om foarsitter te wurden fan it Republikeinsk Nasjonaal Komitee (in funksje dy't ferlykber is mei in Nederlânske partijfoarsitter). Dêr stimde er yn ta, en yn dy hoedanichheid hied er in wichtige rol by it tusken de klippen troch loadsen fan 'e partij, wylst it Watergate-skandaal syn hichtepunt berikte en Nixon twongen wie om ôf te treden. Troch Gerald Ford, Nixon syn opfolger, waard Bush dêrnei, yn septimber 1974, beneamd ta haad fan it Amerikaanske 'ferbiningskantoar' (liaison office) yn 'e Folksrepublyk Sina. Om't dy diplomatike fertsjintwurdiging net de status fan ambassade hie, wie Bush offisjeel gjin ambassadeur, hoewol't er ûnoffisjeel alle rjochten en plichten fan ien útoefene. Hy ferfolle dizze post fjirtjin moannen, oant desimber 1975.

Doe't fise-presidint Gerald Ford syn foargonger Nixon as presidint opfolge, moast der in nije fise-presidint komme. De list foar gadingmakkers waard meitiid beheind ta twa nammen: Bush en Nelson Rockefeller. De kar foel úteinlik op Rockefeller. Doe't dy by de presidintsferkiezings fan 1976 ôfseach fan in twadde termyn as fise-presidint, waard Bush syn namme op 'e nij neamd, mar foel de kar foar Ford syn running mate úteinlik op senator Bob Dole. Ynstee tsjinne Bush fan 1976 oant 1977 as direkteur fan 'e feilichheidstsjinst CIA. De Demokratyske presidint Jimmy Carter, dy't de ferkiezings fan 1976 fan Ford en Dole wûn, bespriek mei Bush de mooglikheid dat hy ûnder syn presidintskip oanbliuwe soe as CIA-direkteur, mar dêr seach Bush úteinlik fan ôf. Fan 1977 oant 1979 ferdielde er syn tiid tusken amten yn it sakelibben, in heechlearaarskip oan 'e Rice Universiteit te Houston, en funksjes yn politike lobbygroepen.

Bush as fise-presidint (rj.), mei presidint Ronald Reagan.

Fise-Presidintskip

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de presidintsferkiezings fan 1980 besleat Bush om him ferkiesber te stellen, mar hy waard by de Republikeinske foarferkiezings ferslein troch akteur Ronald Reagan. Dyselde frege him letter om syn fise-presidintskandidaat te wurden, en Bush gie dêrop yn. By de algemiene ferkiezings fersloegen Reagan en Bush doe de sittende Demokratyske presidint en fise-presidint Jimmy Carter en Walter Mondale. Dêrnei wie Bush fan 1981 oant 1989 de 43ste fise-presidint fan 'e Feriene Steaten.

As fise-presidint hold Bush him oer it generaal op 'e flakte, en besocht er belutsenens by it nimmen fan beslissings safolle mooglik te mijen, wylst der him nea in ûnmis wurd oer Reagan oer de lippen kaam. Syn relaasje mei Reagan wie yn 't earstoan stroef, mar waard meitiid better, wêrby't Bush syn tebekhâldend gedrach nei't Reagan yn maart 1981 slim ferwûne rekke wie by in moardoanslach, in wichtige rol spile. Bush syn wurk as fise-presidint bestie foar in grut diel út it fertsjintwurdigjen fan Reagan op begraffenissen en by oare staasjegelegenheden, wêrby't er dan yn 'e marzje diplomatyk oerlis fierde mei de oare oanwêzigen. Yn desimber 1983 stjoerde Reagan him nei El Salvador ta, om 'e faksistyske gûnta fan dat lân te twingen en hâld op mei it ynsetten fan deadseskaders yn 'e Salvadoraanske Boargeroarloch. Dat late ta in muoisume en gefaarlike moeting, dy't hast ôfblaasd waard doe't Bush syn liifwachten bloedplakken ûntdieken op 'e flier fan it kantoar fan presidint Álvaro Magaña. Fierders waard Bush ûnder it presidintskip fan Reagan belêstge mei twa spesifike taken: deregulaasje, wêrby't de tizeboel oan wetten en oare regeljouwing fan 'e Feriene Steaten tsjin it ljocht holden waard om te sjen hoe't dy ferienfâldige wurde koe, en de bestriding fan 'e ynternasjonale drugssmokkel.

Nei't Reagan en Bush by de presidintsferkiezings fan 1984 sûnder swierrichheden it Demokratyske kandidaatspear Walter Mondale en Geraldine Ferraro ferslein hiene, waard Bush de earste fise-presidint ea dy't in hoartsje waarnimmend presidint wie (in funksje dy't er likernôch acht oeren lang beklaaide), doe't Reagan op 13 july 1985 in operaasje oan 'e terms ûndergean moast. Yn 1986 kaam it Iraan-Kontra-skandaal út (wêrby't it Amerikaanske regear yllegaal en temûk wapens ferkocht hie oan Iraan, en de opbringst trochspile hie oan 'e Kontrarebellen yn Nikaragûa). Krekt as Reagan sei Bush dat hy fan neat witten hie. Yn syn deiboek skreau er lykwols: "Ik bin ien fan 'e pear minsken dy't fan alle details op 'e hichte is." Hy wegere ferskate kearen om dy sin út te lizzen oan 'e kommisje dy't it skandaal ûndersocht.

George H.W. Bush wurdt ynsward as presidint.

By de Republikeinske foarferkiezings fan 1988 krige Bush, as de sittende fise-presidint, de nominaasje foar it presidintskip. As running mate keas er senator Dan Quayle fan Indiana út. By de algemiene ferkiezings fersloech er syn Demokratyske tsjinstanner Michael Dukakis. Bush waard dêrnei de 41ste presidint fan 'e Feriene Steaten, en regearre fan 1989 oant 1993.

As presidint hie Bush yn 'e Feriene Steaten te krijen mei in begruttingstekoart fan $220 miljoen it jier, dat er urf fan it regear-Reagan. Bush besocht om dat omleech te krijen mei in kombinaasje fan belestingferhegings en besunigings, mar waard dêrby dwerseide troch kongresleden fan syn eigen partij. Sadwaande moast er stipe sykje by de Demokraten, wat syn populariteit in knau joech dy't er nea wer te boppen kaam. Fierders naam Bush ûnder syn presidintskip wetjouwing oan dy't lichaamlik beheinden en rasiale minderheden better beskermje soe tsjin diskriminaasje. Ek joech er de oanset ta de bou fan it Ynternasjonaal Romtestasjon (ISS), en tekene er de Immigration Act of 1990, dy't legale ymmigraasje nei de Feriene Steaten mei 40% fergrutte.

Doe't er yn 1989 de ymport fan semy-automatyske gewearen oan bannen lei, krige er it oan 'e stôk mei de ynfloedrike wapenlobby NRA, wêrfan't er sels in libbenslang lid wie. By de presidintsferkiezings fan 1992 wegere de NRA om 'e kiezers oan te rieden om op Bush te stimmen, en neitiid kaam it ta in folsleine brek doe't de wapenlobby aginten fan 'e ATF, de plysjetsjinst dy't û.m. yllegaal wapenbesit bestride moat, omskreau as "túch fan 'e richel". Dêrop sei Bush publyklik syn lidmaatskip op.

Bush besiket de Amerikaanske troepen yn Saûdy-Araabje, op Thanksgiving Day 1990.

Op it mêd fan bûtenlânsk belied wie Bush presidint doe't yn 1989 de Berlynske Muorre delhelle en it Izerne Gerdyn iepenskood waard, en doe't yn 1991 de Sovjet-Uny útinoar foel. Bush hie yn desimber 1989 in topmoeting mei Sovjet-lieder Michail Gorbatsjov op Malta, dêr't de Kâlde Oarloch yn 'e praktyk (sij it noch net mei safolle wurden) beëinige waard. Datselde jiers stjoerde Bush Amerikaanske troepen nei it Middenamerikaanske lân Panama ta, dêr't diktator Manuel Noriega wegere de útslach fan 'e demokratyske ferkiezings te erkennen. Noriega hie lange tiid in trou bûnsgenoat fan 'e Amerikanen west, mar hy wie ek oan kop en earen ta behelle yn 'e drugssmokkel, en no't de Kâlde Oarloch foarby wie, woe Washington graach fan him ôf. De Amerikanen makken koarte metten mei Noriega syn oanhingers, en de man sels flechte nei de Fatikaanske nunsiatuer. Uteinlik joech er him oer, en ferdwûn er foar de rest fan syn libben yn in Amerikaanske sel.

Yn 1991, nei't de Iraakske diktator Saddam Hoessein, in oare Amerikaanske bûnsgenoat út 'e Kâlde Oarloch, it jiers dêrfoar syn buorlân Koeweit ferovere en beset hie, late Bush in koälysje fan Westerske en islamityske lannen yn 'e Golfoarloch, wêrby't Koeweit befrijd waard en it Iraakske bewâld slim yn 'e benearing brocht waard. De ferwachting wie doedestiden dat de Iraakske befolking wol mei Saddam Hoessein ôfweve soe, mar dat barde net, om't Bush te tebekhâldend wie en gjin of alteast net genôch stipe joech oan 'e opstannen fan 'e Koerden en de sjiïten. Dêrtroch soe Saddam Hoessein de Amerikanen noch mear as tsien jier lang in stikel yn 'e foet bliuwe. Oan 'e ein fan syn presidintskip, yn desimber 1992, lansearre Bush noch in Amerikaanske fredesmissy yn Somaalje (UNOSOM II), dy't ûnder syn opfolger Bill Clinton einigje soe yn in katastrôfe.

George H.W. Bush mei presidint Barack Obama yn 2010.

In like pynlik as ferneamd momint yn Bush syn politike karriêre wie fierders it ynsidint dat him foardie doe't Bush, dy't op dat stuit de gryp hie, ûnder in steatsbesyk oan Japan op 8 jannewaris 1992 oan in galadiner oansiet by minister-presidint Kiichi Miyazawa, en yn oanwêzigens fan withoefolle kamera's en foar it each fan 'e hiele wrâld de boel derút jage. Hy waard hjirfoar neitiid op 'e Amerikaanske tillefyzje troch komiken, praatprogrammapresintators en oaren ûnmeilydsum op 'e hak nommen. Mar de reden dat er de presidintsferkiezings fan 1992 ferlear oan syn Demokratyske útdager Bill Clinton, wie dat er syn ferkiezingsûnthjit fan fjouwer jier earder net neikommen wie. Hy hie sein: "Read my lips: no new taxes!" ("Lês myn lippen: gjin nije belestingen!"), mar der wiene àl nije belestings kommen. Clinton helle dit sitaat de hiele kampanje troch almar wer oan, en yn 'e mande mei de swakke steat fan 'e ekonomy wie dat genôch om 'e garismatyske Clinton oan 'e ferkiezingsoerwinning te helpen.

Lettere jierren en dea

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't er begjin 1993 presidint-ôf wurden wie, sette Bush him wer nei wenjen yn it Teksaanske Houston, en wied er aktyf, gauris tegearre mei Bill Clinton, mei wa't er in oprjochte freonskip opboude, yn ferskate humanitêre funksjes. Doe't syn soan George W. Bush yn 2001 it presidintskip oanfurde, waard Bush mei John Adams de iennichste presidint waans soan oft ek presidint west hat (yn it gefal fan Adams wie dat John Quincy Adams). Yn july 2013 ferskynden hy en syn liifwachten yn it iepenbier mei kealskearde hollen, in gebeart fan solidariteit mei de twajierrige soan fan ien fan 'e liifwachten, by wa't leukemy fêststeld wie. De lêste jierren fan syn libben naam de sûnens fan Bush bot ôf en hy moast ferskate kearen yn it sikehûs opnommen wurden. Hy litte oan parkinsonisme, in foarm fan 'e sykte fan Parkinson, wie dêrtroch sûnt 2012 oan in rolstoel of scootmobyl bûn. Nei't syn frou Barbara earder al op 17 april 2018 ferstoarn wie, kaam Bush sels op freed 30 novimber 2018 om 22.00 oere jûns yn 'e âlderdom fan 94 jier yn syn wente yn Houston te ferstjerren.

Bush syn stoflik omskot waard neitiid nei Washington, D.C. flein, dêr't it fan 3 desimber oant de moarn fan 5 desimber opbiere lei yn 'e rotonde fan it Amerikaanske Kapitoal. Dêrnei waard it oerbrocht nei de Nasjonale Katedraal fan Washington, dêr't yn oanwêzichheid fan 'e djipdrôven, presidint Donald Trump, de eardere presidinten Barack Obama, George W. Bush, Bill Clinton en Jimmy Carter en in grut tal bûtenlânske regearingslieders en eardere regearingslieders, in routsjinst holden waard. Letter dy deis waard it stoflik omskot fan Bush wer weromflein nei Houston, dêr't op 6 desimber in twadde routsjinst holden waard yn 'e Episkopaalske Sint-Martenstsjerke. Dêrnei waard de deakiste mei it stoflik omskot per trein oerbrocht fan Houston nei College Station, by de Texas A&M University, dêr't de George H.W. Bush Presidential Library stiet. Dêr krige de âld-presidint syn lêste rêstplak yn itselde grêf dêr't ek syn frou Barbara en harren jong ferstoarne dochterke Robin begroeven leine.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.