Nelson Rockefeller

Ut Wikipedy
Nelson Rockefeller
politikus
echte namme Nelson Aldrich Rockefeller
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum 8 july 1908
berteplak Bar Harbor (Maine)
stjerdatum 26 jannewaris 1979
stjerplak New York (New York)
etnisiteit Ingelsk
Ulstersk
partij Republikeinske Partij
prizen Pres. Frijheidsmedalje 1977
Fise-presidint fan de Feriene Steaten
amtsperioade 19741977
foargonger Gerald Ford
opfolger Walter Mondale
Gûverneur fan New York
amtsperioade 19591973
foargonger W. Averell Harriman
opfolger Malcolm Wilson
Amerikaansk ûnderminister fan Underwiis,
Wolwêzen en Sosjale Saken
amtsperioade 19531954
foargonger nimmen (amt kreëarre)
opfolger Herold Christian Hunt
Amerikaansk ûnderminister fan Bûtenlânske
Saken (foar Saken oang. de Amerikaanske Republyk)
amtsperioade 19441945
foargonger nimmen (amt kreëarre)
opfolger Spruille Braden

Nelson Rockefeller (folút: Nelson Aldrich Rockefeller; Bar Harbor (Maine), 8 july 1908New York (New York), 26 jannewaris 1979), wie in Amerikaansk sakeman, filantroop en Republikeinsk politikus fan Dútsk etnysk komôf. Hy wie in pakesizzer fan 'e ferneamde John D. Rockefeller, de oprjochter fan 'e oaljemaatskippij Standard Oil, en tsjinne as ûnderminister yn 'e kabinetten fan 'e Amerikaanske presidinten Franklin D. Roosevelt, Harry Truman en Dwight Eisenhower. Fan 1959 oant 1973 wied er gûverneur fan 'e steat New York, en fan 1974 oant 1977 wied er ûnder it presidintskip fan Gerald Ford de 41ste fise-presidint fan 'e Feriene Steaten.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rockefeller waard yn 1908 berne yn Bar Harbor, yn 'e steat Maine, as in telch út 'e rike Rockefeller-famylje. Syn heit wie John D. Rockefeller jr., de soan fan 'e John D. Rockefeller dy't de machtige oaljemaatskippij Standard Oil oprjochte hie, en syn mem wie Abby Aldrich, de dochter fan senator Nelson Wilmarth Aldrich, in Republikein út Rhode Island. Hy hie ien (âldere) suster en fjouwer bruorren. Syn ûnderwiis genoat Rockefeller û.m. oan 'e prestizjeuze Phillips Exeter Academy yn Nij-Hampshire, en oan it Dartmouth College, te Hanover (ek yn Nij-Hampshire) dêr't er yn 1930 cum laude ôfstudearre mei in bachelorstitel yn ekonomy.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 23 juny 1930 troude Rockefeller mei Mary Todhunter Clark. Hja krigen fiif bern: Rodman, Ann, Steven en de twilling Mary en Michael. Michael Rockefeller ferdwûn yn 1961 yn Papoea Nij-Guineä, dêr't er mooglik de ferdrinkingsdea stoar, mar mooglik ek opiten waard troch kannibalen. Yn 1962 skiede Rockefeller fan syn earste frou, en op 4 maaie 1964 wertroude er mei Margaretta Fitler Murphy, byneamd "Happy". Mei har krige er nochris twa bern, Nelson Rockefeller jr. en Mark. Rockefeller bleau oan syn dea ta by syn twadde frou.

Iere karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't er syn oplieding ôfrûne hie, wurke Rockefeller yn liedingjaande posysjes yn ferskate bedriuwen fan syn famylje, wêrûnder fan 1935 oant 1940 by Creole Petroleum, de Fenezolaanske dochterûndernimming fan Standard Oil. Dêrfoar learde er floeiend Spaansk te praten, en it makke by him in belangstelling foar Latynsk-Amearika wekker dy't him syn hiele libben lang bybliuwe soe. Doe't er yn 1940 oan presidint Franklin D. Roosevelt tafertroude dat er yn noed siet oer de groeiende nazy-ynfloed yn Súd-Amearika, beneamde dy him ta koördinator fan Ynteramerikaanske Saken. Yn dy hoedanichheid besocht er (net bjuster súksesfol) om mei eigen Amerikaanske propaganda yn Latynsk-Amearika tsjinwicht te bieden oan dy fan Hitler-Dútslân.

Rockefeller (rj.) mei Henry Kissinger.

Fan 1944 oant 1945 wie Rockefeller ûnder de presidinten Roosevelt en Harry Truman ûnderminister fan Bûtenlânske Saken. Yn dy posysje wie hy dejinge dy't de nij oprjochte Feriene Naasjes beprate om harren haadkertier yn New York te fêstigjen. Nei't er yn 1945 ûntslach nommen hie as ûnderminister, wurke er op 'e nij yn ferskate famyljebedriuwen, wylst er dêrnjonken ek aktyf wie yn filantropyske organisaasjes dy't derop rjochte wiene om technyske kennis yn Súd-Amearika te fersprieden. Yn 1950 waard er troch presidint Truman oansteld as foarsitter fan 'e Ynternasjonale Rie oangeande Untwikkelingsadvys, dy't krektlyk bedoeld wie om yn it bûtenlân technyske stipe te ferlienen. Under presidint Dwight Eisenhower beklaaide Rockefeller ferskate funksjes, wêrûnder dy fan ûnderminister fan Wolwêzen, Underwiis en Sosjale Saken (1953-1954). Dêrby toande er him op 'e nij in grut foarstanner fan ûntwikkelingshelp. Yn dy snuorje sleat er in libbenslange freonskip mei de lettere minister fan Bûtenlânske Saken Henry Kissinger. Rockefeller loek him úteinlik út 'e regearing-Eisenhower werom om't syn inisjativen dwerseide waarden troch de geheime tsjinst CIA, en om him op polityk op it steatsnivo te konsintrearjen.

Gûverneurskip fan New York[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rockefeller wie fjirtjin jier lang, fan 1959 oant 1973, gûverneur fan 'e steat New York. Hoewol't er in Republikein wie, befûn er him alhiel op 'e lofterfleugel fan dy partij (yn syn tiid stiene frijsinnige Republikeinen bekend as Rockefeller Republicans). Syn fertsjinsten as gûverneur fan New York wiene û.o. de útwreiding fan 'e Steatsuniversiteit fan New York, maatregels om it miljeu te beskermjen, ferbetterings yn 'e sûnenssoarch, de ynstelling fan 'e Keunstrie fan de Steat New York, en de bou fan it letter nei him neamde Nelson A. Rockefeller Empire State Plaza yn 'e Newyorkske haadstêd Albany. By de presidintsferkiezings fan 1960, 1964 en 1968 besocht er om 'e nocht by de foarferkiezings de Republikeinske nominaasje foar it presidintskip yn 'e wacht te slepen.

Rockefeller (l.) mei presidint Lyndon B. Johnson yn 1968.

Fise-presidintskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't fise-presidint Gerald Ford yn 1974 Richard Nixon opfolge as presidint, om't Nixon syn posysje fanwegen it Watergate-skandaal ûnhâldber wurden wie, waard Rockefeller frege om foar Ford yn 't plak fise-presidint te wurden. Sadwaande klom Rockefeller dat jiers sûnder troch it Electoral College (it kolleezje fan kiesmannen) keazen te wêzen, fia in proseduere dy't mooglik makke wie ûnder it 25ste Amendemint oan 'e Amerikaanske Grûnwet, op ta it amt fan fise-presidint. Yn dy hoedanichheid tsjinne er fan 1974 oant 1977. Hoewol't Ford him danich ynspand hie om Rockefeller, dy't op in minne namme lei by de konservativen binnen de Republikeinske Partij, yn syn amt beneamd te krijen, joech er him frijwol gjin foech of taken doe't er ienris as fise-presidint oansteld wie. Rockefeller syn besykjen om dan op eigen manneboet mar taken nei him ta te lûken, waard dwerseide troch de sjef fan 'e stêf fan it Wite Hûs, Donald Rumsfeld, dy't ûnwillich wie om syn macht te dielen. Mei't de Feriene Steaten ûnder Ford syn regear te lijen hiene ûnder de slimste ekonomyske krisis sûnt de Grutte Depresje, waard de ekonoom Rockefeller benammentlik ynset om 'e ekonomy út 'e resesje te krijen en de ynflaasje del te bêdzjen.

As fise-presidint stie Rockefeller benammentlik bekend om syn sunichheid. Mei't er fan himsels rikernôch wie dat er fan it fise-presidinsjeel salaris gjin ferlet hie, donearre er dat foar de helte oan federale programma's om it ûnderwiis yn 'e Amerikaanske binnenstêden te ferbetterjen, en foar de oare helte oan programma's foar keunstsinnich ûnderwiis op skoallen yn earme wiken. Rockefeller wegere yn 't earstoan ek gebrûk te meitsjen fan Air Force Two, it fise-presidinsjele fleantúch, mei't er fûn dat er wol op eigen kosten yn syn priveefleantúch reizgje koe. Dat joech er pas op, doe't de Secret Service him derfan oertsjûge dat soks de belestingbeteller úteinlik krekt mear jild koste, om't der hieltyd wer personeel mei oare fleantugen hinne en wer flein wurde moast om syn liifwachten te ûnderstypjen.

Rockefeller skoddet Jimmy Carter de hân.

Yn novimber 1975 stelde Rockefeller presidint Ford op 'e hichte fan syn beslissing dat er net dy syn running mate wêze woe by de presidintsferkiezings fan 1976. As reden dêrfoar joech er oan dat er wist dat er tige dreech lei by de konservative Republikeinen, mar dêrnjonken sil syn muoisume gearwurking mei Ford syn stêf ek grif in rol spile hawwe. Yn elts gefal bliek er gelyk te hawwen wat de konservativen oangie, want op 'e Republikeinske Nasjonale Konvinsje fan 1976 seine sawol Barry Goldwater, in swiergewicht binnen de partij, as Ronald Reagan, Ford syn foarnaamste tsjinstanner by de Republikeinske foarferkiezings, dat se wegerje soene om him te stypjen as er Rockefeller as running mate keas. Ford frege dêrop ynstee Bob Dole, in konservative senator út Kansas, om syn fise-presidintskandidaat te wurden. Yn acht nommen dat Ford en Dole de ferkiezings ferlearen fan Jimmy Carter en Walter Mondale, is it fansels mar hielendal de fraach oft de Republikeinen it net better dien hawwe soene mei Rockefeller derby. Mar hoe dan ek, al wied er net nominearre foar it fise-presidintskip, dochs fierde Rockefeller aktyf kampanje foar Ford. Dêrby reägearre er op boeroppers op in gearkomste yn Binghamton, yn New York, troch de middelfinger nei harren op te stekken; de foto fan dy doe as skandalich ûnderfûne die waard it ikoanyske byld fan 'e presidintsferkiezings fan 1976, en it opstekken fan 'e middelfinger waard yn Amearika in hoartsje lang "it Rockefeller-gebeart" neamd.

Lettere jierren en dea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't er begjin 1977 fise-presidint-ôf wie, lei Rockefeller him ta op it sakelibben, syn filantropy en syn leafhawwerij, it sammeljen fan keunst. Datselde jiers noch rjochte er de Nelson Rockefeller Collection, Inc. (NRC) op, in bedriuw dat betelbere reproduksjes fan ferneamde keunstwurken makke dy't er sels yn besit hie. As syn motivaasje joech er dêrby oan: syn driuw om mei oaren de freugde te dielen dy't it libben mei sokke prachtige foarwerpen him bea. Op 26 jannewaris 1979 kaam Rockefeller hommels te ferstjerren oan in hertoanfal. Hy waard 70 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bibliography en References, op dizze side.