Air Force Two

Ut Wikipedy
Air Force Two.

Air Force Two is de ropletter foar alle fleanmasines fan de Amerikaanske loftmacht mei de Amerikaanske fise-presidint oan board. Wylst de ropletter faak brûkt wurdt foar de namme, as wie it in beskaat fleantúch, tsjut it wier de namme oan fan hokfoar loftmacht fleantúch ek dêr´t de Amerikaanske fise-presidint op dat stuit ek yn fleant. Der is net in útsûndering foar as har presidint en fise-presidint yn itselde fleantúch sitte. It is krekt oarsom: om de feiligens meie de twa ornaris net yn itselde fleantúch.

In 1959 wie Richard Nixon de earste fise-presidint fan de Feriene Steaten dy fleach yn Air Force Two. De letters strykje mei de ropletters Air Force One foar fleanmasines fan de Amerikaanske loftmacht mei de Amerikaanske presidint oan board. Der is in hiel systeem foar hoe't dat jildt mei de letter One (Ien). Grif jildt in protte dêrfan ek foar Air Force Two (Twa).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.