Springe nei ynhâld

Gallipolikampanje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Gallipoli-kampanje)
Gallipolikampanje
(ûnderdiel fan 'e Earste Wrâldoarloch)

Australyske troepen bestoarmje in Osmaanske rinfuorge.
datum: 17 febrewaris 19159 jannewaris 1916
plak: Gallipoliskiereilân, oan 'e Dardanellen, yn it Osmaanske Ryk
útkomst: Osmaanske oerwinning
konfliktpartijen
Feriene Keninkryk
Austraalje
Nij-Seelân
Britsk-Ynje
Dominion Nijfûnlân
Sultanaat Egypte
Britsk-Malta
Frankryk
stipe troch:
Ruslân
Osmaanske Ryk
stipe troch:
Dútslân
Eastenryk-Hongarije






befelhawwers
Winston Churchill
Herbert Kitchener
Ian Hamilton
Charles Monro
Sackville Carden
John de Robeck
William Birdwood
Frederick Stopford
Henri Gouraud
Maurice Bailloud

Enver Pasja
Mehmet Esat Pasja
Cevat Pasja
Otto Liman von
         Sanders

Mustafa Kemal Bey
Wehib Pasja
Erich Weber
Favzi Pasja
Yakup Şevki Pasja
Kâzim Pasja
sterkte
     329.000
       79.000
       50.000
       15.000
       15.000
         1.076
totaal: 489.000
stipe troch:

2.000 arbeiders
    315.500
            700
totaal: 316.000






ferliezen
  56.707 deaden
123.598 ferwûnen
     7.654 kriichsfinzenen
56.643 deaden
97.007 ferwûnen
11.178 kriichsfinzenen

De Gallipolikampanje, ek bekend as de Gallipolifjildtocht, de Slach om Gallipoli of de Slach om de Dardanellen, en yn Turkije as de Slach by Çanakkale (Turksk: Çanakkale Savaşı), wie in fjildtocht yn 'e Earste Wrâldoarloch, wêrby't de Westlike Alliëarden de trochfeart troch de see-ingten fan 'e Dardanellen en de Bosporus besochten te forsearjen om harren bûnsgenoat, it Keizerryk Ruslân, befoarriedzje te kinnen. Beide see-ingten wiene yn 'e hannen fan it Osmaanske Ryk, dat in Sintrale macht en in bûnsgenoat fan Dútslân wie. Troepen út it Feriene Keninkryk, Frankryk, Austraalje, Nij-Seelân, Britsk-Ynje en Nijfûnlân giene fan april 1915 ôf oan lân op it skiereilân Gallipoli, oan 'e kust fan 'e Dardanellen.

Harren bedoeling wie om it skiereilân op te marsjearjen en by de kust fan 'e See fan Marmara lâns nei de Osmaanske haadstêd Konstantinopel, dy't de Bosporus behearske. De ferovering fan Konstantinopel soe net inkeld de befoarrieding fan Ruslân folle makliker meitsje, mar ek de Sintralen in swiere slach tabringe. De Osmaanske ferdigening fan Gallipoli wie lykwols in stik taaier as de Alliëarden ferwachte hiene. De Alliëarde troepen kamen fêst te sitten yn brêgehaden oan 'e kust fan it skiereilân, dêr't him in útsichtsleaze rinfuorgestriid ûntjoech. Nei hast in jier fan nutteleas bloedferjitten waarden de Alliëarde troepen út Gallipoli evakuëarre; tsjin dy tiid wiene der yn 'e striid yn totaal 113.000 deaden fallen.

De Gallipolikampanje foarme in pynlike nederlaach foar de Alliëarden en yn it bysûnder foar de Britske minister fan Marine Winston Churchill, út waans koker it plan foar de fjildtocht kommen wie. Foar it Osmaanske Ryk wie it in grutte oerwinning, dy't de reputaasje makke fan 'e Osmaanske generaal Mustafa Kemal (letter de earste presidint fan Turkije) en de basis foarme foar de lettere Turkske Unôfhinklikheidsoarloch. De Gallipolikampanje wurdt ek beskôge as it oanbegjin fan it nasjonaal bewustwêzen fan Austraalje en Nij-Seelân. It ANZAC (Australian and New Zealand Army Corps) litte yn 'e striid om Gallipoli swiere ferliezen, dy't yn 'e beide lannen noch altyd elts jier betocht wurde op ANZAC Day.

Tsjin ein 1914, fiif moannen nei it útbrekken fan 'e Earste Wrâldoarloch, rûnen de rinfuorgen oan it Westfront al bochtsjend fan 'e kust fan It Kanaal nei de Switserske grins ta en wie it karakter dy't de striid dêre yn 'e kommende jierren oannimme soe, aaklik dúdlik wurden. Underwilens wiene oan it Eastfront de legers fan it Keizerryk Ruslân nei harren ynfal yn East-Prusen weromslein troch de Dútsers. Nearne wie it ien fan 'e oarlochfierende lannen slagge om sels mar syn earste gefjochtsdoelen te berikken. Sadwaande begûnen om dy tiid hinne Winston Churchill, de Britske minister fan Marine (First Lord of the Admiralty), Jackie Fisher, de sjef fan 'e marinestêf (First Sea Lord), David Lloyd George, de minister fan Finânsjes, en sir Maurice Hankey, de sekretaris fan 'e Britske Oarlochsried, út te sjen nei in oar gebiet om troepen yn te setten en in trochbraak te forsearjen.

It idee foar in wraam op Konstantinopel en de see-ingten dy't tagong joegen ta de Swarte See, kaam út 'e koker fan Churchill. Al by de earste gearkomste fan 'e Oarlochsried, op 25 novimber 1914, kaam er dêrmei op 'e lapen. Op dat stuit wie it wichtichste doel fan dy oanfal om 'e Dútske slachkruser SMS Goeben en lichte kruser SMS Breslau te ferneatigjen. Dy beide marineskippen wiene koart nei it útbrekken fan 'e oarloch op 'e Middellânske See ûntkommen oan 'e Britske marine-eskaders dy't útstjoerd wiene fan 'e Britske koloanje Malta, troch beskûl te sykjen yn 'e haven fan Konstantinopel. Dy kwestje hie de beslissende faktor west yn it beslútfoarmingsproses fan it Osmaanske regear om yn 'e oarloch de kant fan Dútslân en Eastenryk-Hongarije te kiezen. Churchill syn foarstel waard troch de oare leden fan 'e Oarlochsried ôfwiisd, mar it idee wie yn 'e hollen fan 'e Britske regearingslieders plante.

De see-ingten fan 'e Dardanellen (giel) en de Bosporus (read) jouwe tagong fan 'e Egeyske See fia de See fan Marmara nei de Swarte See.

Doe't letter, ta argewaasje fan it Britske regear, dúdlik waard dat de striid oan it Westfront in wiidweidige kwestje wurde soe, wylst Ruslân in driuwend fersyk om help stjoerde nei't in Osmaansk leger fia de Kaukasus it lân binnenkrongen wie, helle Churchill fuortendaliks syn eardere plan wer foar 't ljocht. (Tsjin 'e tiid dat de saak yn 'e Britske Oarlochsried besprutsen waard, wie it Osmaanske leger yn 'e Kaukasus al lang en breed troch de Russen ferslein, mar dat waard pas folle letter yn Londen bekend.) Behalven it ûntlêstjen fan 'e druk op harren Russyske bûnsgenoaten hie it foarstel fan Churchill noch ferskate oare foardielen. It Osmaanske Ryk behearske de beide see-ingten dy't tagong joegen ta de Swarte See, ntl. de Dardanellen (fan 'e Egeyske See nei de See fan Marmara) en de Bosporus (fan 'e See fan Marmara nei de Swarte See). As dy see-ingten forsearre wurde koene, soe einlings Ruslân út it Westen wei befoarriede wurde kinne. Oant no ta rûnen alle befoarriedingslinen fia Archangelsk, in havenstêd oan 'e kust fan 'e Wite See, yn it uterste noarden fan Jeropeesk-Ruslân, of fia de Sibearyske havens oan 'e See fan Ochotsk, yn it Fiere Easten fan Ruslân. Sawol de Wite See as de See fan Ochotsk frearen by 't winter ticht, sadat de befoarrieding fan Ruslân de helte fan it jier stil kaam te lizzen. Fierders soe troch de ferovering fan 'e Osmaanske haadstêd Konstantinopel, oan 'e Bosporus, it Osmaanske Ryk in slimme slach tabrocht wurde, sadat mooglik de Dútske ynfloed yn Jeropa út it súdeasten wei oprôle wurde koe.

Churchill sette krigel útein en wûn fia de tillegraaf by de Britske admiraal Sackville Carden, dy't it befel fierde oer it Alliëarde eskader dat de westlike útein fan 'e Dardanellen blokkearre, advys yn oer de mooglikheden foar in marine-oanfal op 'e Dardanellen. Carden antwurde hoeden dat in soarchfâldich opboude oanfal wolris súksesfol wêze koe. Dêrop krige er de opdracht dêr plannen foar te meitsjen, dy't Churchill neitiid foarlei oan 'e Oarlochsried. Dat Churchill syn direkte ûnderhearrigen op 'e Britske Admiraliteit slim yn noed sieten oer de faasje fan harren minister, krige de Oarlochsried neat oer te hearren. Churchill, dy't in kundich orator wie, hold in knaphandich opstelde en opwinende taspraak, mei as gefolch dat de oare leden fan 'e Oarlochsried op 15 jannewaris 1915 akkoart giene mei syn plannen foar "in maritime ekspedysje om yn febrewaris it skiereilân Gallipoli te besjitten en besetten mei as gefjochtsdoel Konstantinopel." Churchill tocht dat dêrmei de kûgel troch de tsjerke wie, mar premier H.H. Asquith beskôge it noch mar as in foarriedich beslút.

In reliëfkaart fan it Gallipoliskiereilân.

Underwilens rekke sjef fan 'e marinestêf Fisher sa stadichoan tige ûngerêst oer Churchill syn plannen. Want it wie mar de fraach oft de Britske Keninklike Marine wol genôch mankrêft en skippen hie om 'e plannen yn 'e praktyk te bringen. Boppedat waard it forsearjen fan 'e Dardanellen troch de marine al langer as in tige nuodlike operaasje sjoen. Churchill sels hie yn 1911 dêr noch oer skreaun dat "nimmen in moderne float oan sa'n gefaar bleatstelle wolle soe." Troch de (beheinde) útwurking fan Dútske artillerybesjittings op Belgyske fêstingwurken yn 'e simmer fan 1914 wied er lykwols fan gedachten feroare. Hy betwifele no sterk oft de ûnhandich opstelde en mei ferâldere materieel tariste Osmaanske kustbatterijen by de Dardanellen de Britske float wol neamensweardige skea tabringe koene. It wie in leechlizzen en dêrmei ûnderskatten fan 'e Osmaanske militêre kapasiteit dy't de hiele Gallipolikampanje parten spylje soe. Hoe dan ek, de beswieren fan 'e Britske admiraals waarden negearre, en Fisher besleat om him hold stil te hâlden. Sadwaande wie de wei frij foar Churchill om Carden te oarderjen en begjin mei de tarieding foar de oanfal.

Foar de Gallipolikampanje waard troch it Feriene Keninkryk de Mediterrane Ekspedysjemacht ynset, in leger dat yn 't earstoan bestie út 78.000 man, ûnder lieding fan generaal Ian Hamilton. Behalven Britske troepen (benammen de Britske 29e Difyzje) hearden dêr ek legerûnderdielen út Britsk-Ynje ta en teffens it ANZAC (Australian and New Zealand Army Corps) dat koarte tiid earder yn Egypte gearstald wie út Australyske en Nijseelânske soldaten. Frankryk sette ûnderwilens syn Ekspedysjekorps fan de Oriïnt yn.

Generaal Mehmet Esat Pasja bringt nije oarders by de Osmaanske batterijen by Anzac Cove.

Mei-inoar bestie de Alliëarde striidmacht yn 't earstoan út 5 difyzjes, mar groeide letter út ta 15 difyzjes. Uteinlik soene der 489.000 Alliëarde militêren by Gallipoli fjochtsje, wêrûnder 329.000 Britten, 79.000 Frânsen, 50.000 Austraaljers, 15.000 Nijseelanners, 15.000 Britsk-Ynjers en 1.076 Nijfûnlanners fan it Keninklik Nijfûnlânsk Rezjimint (dat yndield wie by de Britske 29e Difyzje). De Mediterrane Ekspedysjemacht waard ûnderstipe troch 2.000 net-militêre arbeiders fan it Egyptysk Arbeiderskorps, it Malteesk Arbeiderskorps en it Sion Mûldierkorps (in ûnderdiel fan it Joadske Legioen). Foar de Alliëarden oer stie it Osmaanske 5e Leger, dat yn 't earstoan bestie út 6, mar úteinlik út 16 difyzjes, fan yn totaal 315.500 man. De Osmanen waarden ûnderstipe troch de Dútske Militêre Misje yn it Osmaanske Ryk, besteande út sa'n 700 Dútske ofsieren.

Oarlochshannelings op see

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Churchill wist de Britske 29e Difyzje los te krijen fan 'e Britske minister fan Oarloch, Herbert Kitchener. Dat legerûnderdiel woed er lykwols oarspronklik net ynsette foar de Gallipolikampanje, mar as besettingsmacht foar Konstantinopel, nei't dy stêd ferovere wie. Kitchener makke dan ek gjin haast en sei pas op 10 maart ta om 'e difyzje te stjoeren. Underwilens waarden de Britske, Australyske en Nijseelânske troepen yn Egypte taret op 'e ynvaazje, en sette admiraal Carden op 17 febrewaris syn marine-oanfal yn. It koste him net in protte muoite om ôf te weven mei de bûtenste ring fan 'e Osmaanske kustbatterijen, by Seddülbahir, op 'e súdwestlike útein fan it Gallipoliskiereilân, en by Kum Kale, op it foaroerlizzende punt oan 'e kust fan Lyts-Aazje. Nei in besjitting fan see ôf troch de Britske marineskippen waarden tydlik leden fan 'e Keninklike Mariniers oan lân set dy't de ferwoastging fan 'e batterijen foltôgen.

De lânings op 'e kust fan it Gallipoliskiereilân, op 25 april 1915.

De swierrichheden foar de Alliëarden begûnen lykwols doe't de float fan Carden de Dardanellen binnenfear. Se krigen doe mei de middelste en binnenste ringen fan ferdigeningswurken te meitsjen, dy't bestiene út mobile batterijen. Dy wiene sa licht dat se inkeld gefaarlik wiene foar licht bepânsere en ûnbepânsere skippen. It die lykwols bliken dat de Osmanen de trochgong troch de Dardanellen tichtset hiene troch de oanlis fan minefjilden. De 'minefeiers' fan 'e Britske marine bestiene doedestiden út fiskersboaten fan 'e Ingelske eastkust, dy't bemanne wiene mei boargers ûnder lieding fan ien marine-ofsier. Se hiene alhielendal gjin ûnderfining mei it opromjen fan seeminen en koene mar amper tsjin 'e sterke seestreaming yn 'e see-ingte opkomme. Boppedat moasten se operearje ûnder fijannich fjoer dêr't de fiskersboaten wól gefaar fan rûnen, en yn omstannichheden dy't de bemannings folslein frjemd wiene. De operaasje rûn sadwaande út op in fiasko.

Carden besleat dêrop om earste de mobile kustbatterijen út te skeakeljen, sadat de minefeiers sûnder behindering harren wurk ferfetsje koene. Oan 'e foarjûn fan 'e oanfal waard er lykwols út syn posysje ûntheft en ferfongen troch skout-by-nacht John de Robeck. Dyselde besocht Carden syn plannen út te fieren, mar it ûntbriek him oan mankrêft en materieel. Mei útsûndering fan it gloednije slachskip de HMS Queen Elizabeth wiene al syn skippen âld en foar it measte part driuwend ta oan rûtinereparaasjes. It peil fan 'e marine-ofsieren fan it eskader rûn sterk útinoar. Op 18 maart die De Robeck in wraam op 'e kustbatterijen fan 'e Dardanellen, mar dat rûn út op in ramp doe't trije fan syn njoggen slachskippen ta sinken brocht waarden.

Frânske kanonniers yn aksje yn it brêgehaad op Kaap Helles ûnder de Trêde Slach by Krithia (4 juny 1915).

Tarieding foar de striid op lân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Underwilens wie oan luitenant-generaal William Birdwood, in ofsier fan it Britsk-Yndyske Leger en de eardere adjudant fan minister Kitchener, it befel oer it nij foarme ANZAC jûn. Doe't er nei de Dardanellen stjoerd waard om oer de sitewaasje dêre te rapportearjen, melde er dat stipe fan 'e lânmacht driuwend needsaaklik wie. Dêrta waard doe neitiid de Britske Mediterrane Ekspedysjemacht oprjochte, dêr't it ANZAC diel fan útmakke. Oan it haad fan dy legermacht waard generaal sir Ian Hamilton pleatst. Op 22 maart besleaten De Robeck en Hamilton min ofte mear op eigen manneboet ta in kombinearre aksje fan lânmacht en marine. Churchill stelde letter fêst dat yn 'e notulen fan 'e Oarlochsried noch yn dy fan it Britske kabinet ek mar in fuotnoat te finen wie oer in beslút om 'e militêre operaasje by de Dardanellen fan in marine-oanfal om te setten yn in ynvaazje troch lântroepen. Hankey, de sekretaris fan 'e Oarlochsried, besocht om 'e nocht en beset bettere ynformaasje oer de tastân fan 'e fijân dêr't de Britske troepen it yn Gallipoli tsjin opnimme moasten. Hy omskreau de lânings yn in memorandum as "in gok op 'e ûnderstelde befoarriedingstekoarten en ynferieure gefjochtskwaliteiten fan 'e Turkske striidkrêften."

De Britten makken it harsels tige dreech trochdat hast elts wichtich lid fan it regear syn eigen favorite striidtoaniel besocht te promoatsjen: Herbert Kitchener, de minister fan Oarloch, woe inkeld witte fan in trochbraak oan it Westfront yn noardlik Frankryk; Churchill, de minster fan Marine, sette yn op 'e operaasjes by de Dardanellen; alle belangstelling fan 'e markys fan Crewe, de minister foar Britsk-Ynje, gie út nei de Mesopotamyske Front (yn wat no Irak is); Lewis Harcourt, de minister fan Koloanjes, hie syn oandacht by de ferskate lytse oarlochjes tsjin 'e Dútske koloanjes yn Afrika; en David Lloyd George, de minister fan Finânsjes, seage oan 'e poaten fan Kitcheners stoel troch it oerbringen fan in grut part fan 'e troepen fan it Westfront nei de Middellânske See foar te stellen. Dêrby kaam noch dat der yn it Eastlik Bekken fan 'e Middellânske See gjin ienfoarmich Britsk befel wie: yn Egypte hie sir John Maxwell de lieding en yn Gallipoli Hamilton, wylst de kommandostruktuer fan 'e marine los stie fan harren beiden mei De Robeck oan it haad. Dat betsjutte dat de trije befelfierders konkurrearren om deselde befoarrieding. Hamilton foege dêr noch ferskate nije swierrichheden oan ta troch te wegerjen en belûk syn eigen stêf by de plannen foar de ynvaazje. En tsjin 'e rie fan û.o. Birdwood yn naam er in lâning op 'e kust fan Lyts-Aazje nea yn omtinken. In bykommend probleem, dêr't Hamilton om 'e nocht tsjin protestearre, wie dat it plan foar de lânings sûnder lykfol hokker besykjen ta geheimhâlding mar útbazune waard, sadat de Osmanen derfan op 'e hichte wiene.

Australyske soldaten yn in rinfuorge by Anzac Cove.

It plan fan Hamilton wie om 'e Britske 29e Difyzje op fiif plakken oan lân gean te litten op Kaap Helles, de súdeastpunt fan it Gallipoliskiereilân. It ANZAC soe fierder nei it noarden lânje, yn in lytse baai oan 'e westkust fan it skiereilân, dy't neitiid bekend kaam te stean as 'Anzac Cove' of koartwei 'Anzac'. Dat plak lei flak noardlik fan it foarútspringende berchtme fan Kabatepe. De Australyske en Nijseelânske troepen moasten dêrwei oer lân optsjen nei de hichte fan Maltepe, dy't it skiereilân behearske. Fierders soene der, om 'e Osmaanske ferdigeners dwaande te hâlden en op 'e ferkearde skonk te setten, ek skynlânings plakfine, troch de Britten by Bolayır, oan 'e kust fan 'e 'hals' fan it skiereilân, en troch de Frânsen oan 'e Beşikbaai, foar it eilân Tenedos oer. Fierders soene de Frânsen ek in echte (sij it tydlike) lâning útfiere by Kum Kale, op 'e kust fan Lyts-Aazje, mar dat wie inkeld bedoeld om 'e lânings fan 'e 29e Difyzje oare kant de Dardanellen te dekken.

De Osmanen hiene ûnderwilens sa harren eigen swierrichheden. Oant yn maart wiene de troepen, dy't foar de ferdigening fan it Gallipoliskiereilân beskikber wiene, ferspraat oer it gebiet opsteld, en nettsjinsteande de earnst fan 'e sitewaasje hannele de Osmaanske legerlieding mar tergjende stadich. Op 26 maart naam de Dútske generaal Otto Liman von Sanders it befel op Gallipoli oer. It wie syn taak en ferdigenje in kustline fan 240 km mei in legermacht fan 84.000 man, wêrûnder ma 62.000 man gefjochtstroepen. Hy hie gjin fleantugen ta syn foldwaan en in skrinend gebrek oan artillery. De min tariste Osmaanske soldaten, foar wa't de oarloch oant safier in opienfolging fan nederlagen west hie, brochten it Dútske ofsierskorps suver ta wanhoop.

De lâning op Kaap Helles.

Op it mêd fan strategy makke Liman von Sanders in pear grutte flaters dy't him fataal wurde kinnen hiene as syn Osmaanske troepen net mei heldemoed fochten hiene en de Alliëarden net noch gruttere flaters begien hiene. Hy beskikte oer seis difyzjes, wêrfan't er ien by Maltepe yn reserve hold, twa by Bolayır pleatste, op 'e 'hals' fan it skiereilân, ien yn it suden fan it skiereilân en twa op 'e kust fan Lyts-Aazje. It hiele diel fan Gallipoli besuden de keale hichte fan Alçıtepe (troch de Alliëarden "Achi Baba" neamd) moast ferdigene wurde troch ien inkeld rezjimint ynfantery en in batterij fjildgeskut. Ta ûntsetting fan 'e Osmaanske ofsieren loek Liman von Sanders syn troepen gear yn it binnenlân fan it skiereilân, wêrmei't er it feit negearre dat der mar in hantsjefol strannen wiene dy't gaadlik wiene foar in lâningsoperaasje.

Lâningsoperaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lânings fûnen plak op 25 april 1915. Fan 'e fiif lâningsoperaasjes dy't de Britske 29e Difyzje, ûnder lieding fan generaal-majoar Aylmer Hunter-Weston op 'e strannen fan Kaap Helles útfierde, ûnderfûnen trije gjin wjerstân fan 'e Osmanen, wylst ien wol wat ferset tsjinkaam mar dat fluch oerwinne koe. De fyfde lâning, by Seddülbahir, rûn lykwols út op in ramp doe't de Britten dêre noch foar't se it strân berikt hiene yn harren boaten fan 'e hichten ôf troch de Osmaanske troepen ûnder fjoer nommen waarden. Der ûntstie sa'n gaos, dat de kommunikaasjelinen ferbrutsen waarden. Hunter-Weston, dy't him oan board fan in kruser befûn op noch gjin fiif minuten farren fan it needlottige lâningsplak, waard him pas oan 'e ein fan 'e middei bewust fan wat der bard wie. Tsjin 'e jûn besochten de alhiel ûntheistere Britten by Seddülbahir op harren toskfleis foar te kommen dat se troch de Osmanen yn 'e see dreaun waarden. Op 1 maaie waard de 29e Yndyske Brigade (mei ferskate Goerka-rezjiminten) by Kaap Helles yn 'e striid smiten.

De lâning by Anzac Cove.

Underwilens wiene de Australyske en Nijseelânske troepen fan it ANZAC, ûnder lieding fan Birdwood, by de lâning by Anzac Cove hast oardel kilometer noardlik fan it bedoelde lâningsplak oan lân set. Dat hie foar frijwat betizing soarge doe't it paad nei it binnenlân harren dêre tichtset bliek te wêzen troch steile rotsen en mei ticht strewelleguod begroeide ravinen. Wylst de manskippen harren muoisum in wei it lân yn sochten, ûntstie efter harren in probleem doe't it lytse strân fan Anzac Cove troch de fersterkings en foarrieden folslein ferstoppe rekke. It gefolch wie dat der mar ien batterij fjildartillery oan lân brocht wurde koe en dat soldaten fan ferskillende ienheden hopeleas trochinoar rekken. Likemin as by Kaap Helles kloppe der folle fan 'e stêfkaarten.

Yn 'e rin fan 'e moarn begûn de Osmaanske 19e Difyzje, ûnder lieding fan 'e doe noch totaal ûnbekende kolonel Mustafa Kemal Bey (dy't jierren letter as Mustafa Kemal Atatürk de earste presidint fan it moderne Turkije wurde soe), in oanfal tsjin it ANZAC dy't geandewei de dei yn ferheftigens oanboaze. Tsjin 'e jûn wiene de Australyske en Nijseelânske troepen dêrtroch weromdreaun nei in frontliny dy't op it djipste plak mar in kilometer it lân yn rikte. De ferliezen wiene sa swier dat de difyzjekommandanten oanretten om it ANZAC te evakuëarjen, in foarstel dêr't Birdwood skytskoarjend mei ynstimde. Hamilton, dy't him komfortabel oan board fan 'e HMS Queen Elizabeth befûn, woe dêr lykwols neat fan witte en joech befel om stân te hâlden; dat wie de iennichste bemuoienis dy't er de hiele dei fan 'e lânings mei de striid hie.

Fierdere striid op lân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e dagen dy't op 'e lâningsoperaasjes folgen, joech Hamilton befel oan Hunter-Weston om mei syn 29e Difyzje fan Kaap Helles op te tsjen it lân yn. Hoewol't dat late ta in beheinde foarútgong, waard tsjin 8 maaie dúdlik dat de troepen te'n ein wiene. Fan 'e 70.000 man wiene tsjin dy tiid 20.000 útskeakele (wêrfan 6.000 sneuvele), wat ôfgryslik hege ferliessifers wiene. De fjildhospitalen en de befoarrieding wiene alhiel beswykt ûnder de folslein ûnferwachts kommende easken dy't deroan steld waarden. Behalven de ûnophâldlike besjittings ferge ek de hjittens syn tol, en dêr kaam al rillegau in epidemy fan dysentery by. Underwilens hie de marine hiel wat te stellen troch de oankomst fan 'e Dútske dûkboat U-21, dy't op 25 maaie it Britske slachskip de HMS Triumph ta sinken brocht en op 27 maaie it slachskip de HMS Majestic. Dat makke dat de troepen yn 'e brêgehaden op 'e kust fan Gallipoli almar minder stipe ferwachtsje koene fan 'e oarlochsskippen.

In opfallende rotsformaasje by Anzac Cove dy't troch de ANZAC-troepen "de Sfinks" neamd waard.

Mei troch it fiasko dêr't de striid yn Gallipoli op útrûn wie, kaam in wike letter it Britske regear fan premier Asquith te fallen. Hy foarme in nij regear, wêryn't Churchill as minister fan Marine ferfongen waard troch Arthur Balfour. Der waard in kabinetskommisje ynsteld, dy't op 7 juny de namme 'Dardanellenkommisje' krige, om 'e lieding oer de striid om Gallipoli oer te nimmen. De kommisje besleat om troch te setten en generaal Hamilton te stypjen troch fersterkings te stjoeren.

Hamilton besleat it swiertepunt fan 'e ynvaazje te ferpleatsen fan it brêgehaad op Kaap Helles nei dat by Anzac Cove. Der waard in stoutmoedich plan opsteld foar de ferovering fan 'e hichten fan Sarı Bayır, dêr't de Osmanen wei op Anzac Cove delseagen. Spitigernôch waarden dêr neitiid alderhanne oare plannen oan taheakke, oant it gehiel sa yngewikkeld wurden wie dat nimmen der mear in goed oersjoch oer hie. It wie de bedoeling dat de Australyske en Nijseelânske troepen, fuortsterke mei Britske en Britsk-Yndyske ienheden, op 'e jûn fan 5 augustus oan 'e noardkant út it brêgehaad by Anzac Cove brekke soene. Dêrnei moasten se by nacht troch de grimelgrammel fan ravinen en heuvels nei de top fan 'e rotsheuvel Sarı Bayır klimme.

Underwilens soene der út it brêgehaad by Kaap Helles wei skynoanfallen dien wurde om 'e Osmaanske oandacht ôf te lieden, wylst der by moarnsdage troch it Britske IXe Legerkorps in nije lâningsoperaasje útfierd wurde soe op it lichtferdigene strân fan 'e Suvlabaai, 8 km benoarden Anzac Cove. Letter op 'e dei soene de Osmaanske ferdigeners by Anzac Cove fan foarren oanfallen wurde mei in frontale bestoarming út it brêgehaad wei, en tagelyk ek yn 'e rêch, troch de troepen dy't nachts nei de top fan Sarı Bayır klommen wiene. Al mei al soene der likernôch 63.000 Alliëarde troepen ynset wurde tsjin sa'n 30.000 Osmaanske ferdigeners.

Diskear waarden de plannen foar de Alliëarde oanfal net úttrompette; krektoarsom, se waarden sa geheim holden dat sels de befelhawwende ofsieren dy't se útfiere moasten, der pas op it alderlêste stuit fan 'e op 'e hichte brocht waarden. Underwilens krige generaal sir Frederick Stopford, de kommandant fan it IXe Legerkorps, tastimming om 'e plannen foar syn oandiel yn 'e striid sadanich te feroarjen, dat syn troepen inkeld noch lânje moasten en it strân fan 'e Suvlabaai hoegden te besetten. Tusken Stopford en luitenant-generaal Birdwood, de kommandant fan it ANZAC, fûn lykwols alhiel gjin koördinaasje plak, en Hamilton kaam ûnder de krúsjale dagen fan 'e oanfal hielendal syn stêfkertier net út.

Britske troepen fan 'e Keninklike Ierske Fuseliers yn in rinfuorge yn 'e hjerst fan 1915.

Nettsjinsteande dat waard de operaasje ek hast noch in súkses. Troch de geheimhâlding wie Hamilton diskear yn elts gefal Liman von Sanders te fluch ôf. De nachtlike opmars út Anzac Cove wei wie gaoatysk en njoer, mar by it lemieren fan 'e dei op 6 augustus wie it de Nijseelanners op in hier nei slagge om 'e top fan Sarı Bayır te berikken. De lâning yn 'e Suvlabaai stjitte mar op lichte wjerstân fan 'e Osmanen, en hoewol't der wat betizing mank de Britske troepen ûntstie, slagge it allegear wûnderwol. Tsjin 'e moarn fan 7 augustus waard de sitewaasje foar de Osmaanske ferdigeners fan Sarı Bayır krityk, mar Liman von Sanders waard rêden troch de hjittens fan 'e Turkske simmer, dy't foar útputting soarge mank de Austraaljers en Nijseelanners, en teffens troch it wifeljen fan 'e Alliëarde ofsieren. Wilens warren de Osmaanske soldaten har mei wiere deadsferachting. It Britske IXe Legerkorps, dat it ferskil meitsje kinnen hie yn wat útmûne yn in ferbittere, ôfgryslike fjildslach, siet fêstklibbe oan 'e kust en teach mar hiel stadich op. Mei't Hamilton en syn stêf fersake hiene om yn 't foar plannen te meitsjen foar alle eventualiteiten en dy mei te dielen oan 'e fjildkommandanten, hong by Anzac Cove alles ôf fan 'e moed fan 'e soldaten en it inisjatyf fan 'e dêr oanwêzige ofsieren.

Liman von Sanders wie ûnderwilens sa skrander om 'e bûtengewoan kapabele Mustafa Kemal it befel oer de hiele gefjochtssône te jaan. Krekt doe't it IXe Legerkorps, nei't it dêrta direkte oarders fan Hamilton ûntfongen hie, flugger begûn op te marsjearjen om 'e striid by Sarı Bayır yn it foardiel fan 'e Alliëarden te besljochtsjen, waard it tsjinkeard troch de troepen fan Mustafa Kemal. Op 'e hichten fan Sarı Bayır oardere er op 10 augustus in wanhopige tsjinoanfal, dy't de Austraaljers, Nijseelanners en Britsk-Ynjers út 'e stellings ferdreau dy't se sa muoisum en mei sa'n protte bloed witten hiene te feroverjen. Ien Britsk ofsier, fan it 1e Bataljon fan it 6e Rezjimint Goerka's, fong in glimp fan 'e Dardanellen op, foar't syn ienheid weromkrongen waard. Neitiid kaam de frontliny ta stilstân. Sawol de Alliëarden as de Osmanen groeven harren yn, en der ûntstie in rinfuorgestriid dy't de sitewaasje oan it Westfront net wanlyk wie.

Strân W, yn it brêgehaad fan Kaap Helles, koart foar de evakuaasje yn jannewaris 1916.

Dêrmei wie de Gallipolikampanje foar de Alliëarden ferlern. Hamilton, dy't noch net ree wie om ta te jaan, liet fersterkings oanfiere nei it brêgehaad oan 'e Suvlabaai, wêrûnder de Britske 10e (Ierske) Difyzje, de 53e (Welske) Difyzje en de 54e (Eastanglyske) Difyzje, en letter ek it Keninklik Nijfûnlânsk Rezjimint, dat dêr op 20 septimber mei de 29e Difyzje oan lân gie. Op 12 augustus foel de 54e Difyzje yn 'e Slach by Çanak Bayır oer de Anafarta-flakte oan yn 'e rjochting fan Kavaktepe en Tekketepe, mar waard weromslein. Neitiid begûnen der yn Londen stimmen op te gean om 'e Gallipolikampanje mar ôf te skriuwen. Oan it Balkanfront drige de Alliëarde bûnsgenoat Servje ûnder de foet rûn te wurden, en it liek in protte Britske lieders sinfoller ta om troepen nei Thessaloniki te stjoeren, yn noardlik Grikelân, om dêrwei yn ferbining te kommen mei de Serven. Fierders briek de hjerst oan en waard it kâlder op Gallipoli. Op 14 oktober 1915 ferklearre Bulgarije de oarloch oan Servje en joech him sa oan 'e kant fan Dútslân yn 'e oarloch. Doe't de Osmaanske troepen op Gallipoli tarist waarden mei moderne, Eastenryksk-Hongaarske kanonnen, waard eltsenien dúdlik dat de fjildtocht in hopeleaze saak wie.

Generaal Hamilton waard yn oktober út syn funkje ûntheft en ferfongen troch luitenant-generaal sir Charles Monro. Dyselde wie út hiel oar hout snien. Hy stelde him op 'e hichte fan 'e sitewaasje en tsjinne dêrnei daliks in plan foar de evakuaasje fan Gallipoli yn. It Britske regear koe lykwols mar net út 'e rie komme. Minister Kitchener reizge alhiel nei Gallipoli ta om it spul oer te eagjen, en kearde nei Londen werom yn 'e oertsjûging dat in evakuaasje yndie de bêste opsje wie. Op 19 en 20 desimber 1915 waarden de evakuaasjes by Anzac Cove en de Suvlabaai sûnder ferliezen útfierd ûnder befel fan Birdwood. Op 8 en 9 jannewaris 1916 folge de evakuaasje fan it brêgehaad op Kaap Helles, krektlyk sûnder ferliezen oan manskippen. De ferliezen fan foarrieden en materieel wiene lykwols grut.

Yn totaal fûnen yn 'e Gallipolikampanje sa'n 113.000 militêren de dea. Nochris 221.000 rekken ferwûne, wylst 19.000 opjûn waarden as fermist of kriichsfinzen nommen waarden. De totale ferliezen (fan beide kanten) bedroegen dêrmei 353.000 man. Dêrby wurde foar de Osmaanske ferliezen de skattings oanholden dy't histoarikus Edward J. Erickson yn 2001 makke op basis fan syn yngeande ûndersyk yn 'e Turkske argiven. De ferdieling nei nasjonaliteit is lykas hjirûnder yn de tabel werjûn. Tink derom: by de sifers fan 'e totale ferliezen en it persintaazje fan 'e ferliezen fan 'e ynset ûntstiet wat in fertekene byld om't guon sifers ûntbrekke.

nasjonaliteit ynset sneuvele stoarn oan sykte ferwûne evakuëarre om sykte fermist of
kriichsfinzen
totaal ferliezen % fan ynset
Sintralen
Osmaanske Ryk 315.500 56.643 ±21.000 97.007 69.440 11.178 255.268 80,9%
Alliëarden
Feriene Keninkryk 329.000 34.072 *>3.778 78.520 *90.000 **7.654 214.024 65,1%
Frankryk 79.000 9.798 ûnbekend 17.371 20.000 gjin aparte sifers 47.169 59,7%
Austraalje 50.000 8.709 gjin aparte sifers 19.441 gjin aparte sifers gjin aparte sifers 28.150 56,3%
Nij-Seelân 15.000 2.721 gjin aparte sifers 4.752 gjin aparte sifers gjin aparte sifers 7.473 49,8%
Britsk-Ynje 15.000 1.358 gjin aparte sifers 3.421 gjin aparte sifers gjin aparte sifers 4.779 31,9%
Nijfûnlân 1.076 49 gjin aparte sifers 93 gjin aparte sifers gjin aparte sifers 142 13,2%
alle Alliëarden 489.000 56.707 >3.778 123.598 110.000 7.654 301.737 61,7%

*) ynkl. troepen út Austraalje, Nij-Seelân, Britsk-Ynje en Nijfûnlân
**) ynkl. troepen út Frankryk, Austraalje, Nij-Seelân, Britsk-Ynje en Nijfûnlân

It tinkteken foar de sneuvele soldaten fan beide kanten by Anzac Cove.

Histoarisy binne it deroer iens dat de Alliëarden de nederlaach yn 'e Gallipolikampanje foar in grut part te witen hiene oan gebrek oan tarieding. Ek de breklike befoarrieding en fersterking doe't de brêgehaden ienris fêstige wiene, droech by oan 'e nederlaach. Winston Churchill skreau datoangeande yn in memorandum dat er yn july 1915 útgean liet: "Wy hawwe oanhâldend in moanne te let twatrêde part stjoerd fan wêr't ferlet fan wie." Foar in oansjenlik diel wie de nederlaach lykwols ek it gefolch fan 'e moed fan 'e Osmaanske ferdigeners fan it skiereilân en de feardichheid fan generaal Mustafa Kemal Bey.

Dyselde fêstige troch de striid om Gallipoli syn reputaasje. Op 'e wjukken fan syn oerwinnings by Anzac Cove soed er him letter opsmite ta de lieder fan 'e Turken yn harren ferset tsjin 'e ynminging fan 'e bûtenlânske grutmachten. Uteinlik soed er it ûnder de namme Atatürk bringe ta presidint fan Turkije. De kearside fan 'e medalje wie de smet dy't de Gallipolikampanje op it blazoen fan syn betinker, Winston Churchill, efterliet. It soe jierrenlang duorje, winliken oan 'e Twadde Wrâldoarloch ta, ear't it him slagge en kom ûnder it skaad fan Gallipoli út.

Foar Austraalje en Nij-Seelân wie de Gallipolikampanje de earste dielname oan in grutskalige oarloch wêrby't swiere ferliezen lit waarden. It makke in djippe yndruk op 'e nasjonale psyche fan 'e beide lannen, en wurdt rûnom beskôge as it begjin fan harren nasjonaal bewustwêzen. Wylst yn 'e measte belutsen lannen, lykas it Feriene Keninkryk, Frankryk en Yndia, de bloedige en ferbittere striid om Gallipoli al lang fergetten is, wurde de sneuvele soldaten fan it ANZAC yn Austraalje en Nij-Seelân noch altyd elts jier betocht op ANZAC Day: 25 april, de dei fan 'e lânings.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.