Springe nei ynhâld

Faith Hill

Ut Wikipedy
Faith Hill
sjonger en/of muzikant
Faith Hill yn 2010.
Faith Hill yn 2010.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Audrey Faith Perry
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 21 septimber 1967
berteplak Ridgeland (Mississippy)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
sjenre country, country-pop
sjongtaal Ingelsk
ynstrumint stim, gitaar
grutste hit(s) This Kiss
Breathe
Cry
jierren aktyf 1993 – no
prizen 5 × Grammy Award
offisjele webside
www.faithhill.com

Faith Hill (berne as Audrey Faith Perry; Ridgeland (Mississippy), 21 septimber 1967), is in Amerikaansk countrysjongster, lietsjesskriuwster, muzikante, muzykprodusinte en aktrise. Se is ien fan 'e grutte stjerren fan 'e ienentweintichste-iuwske countrymuzyk, dy't troch de jierren hinne 5 Grammy Awards wûn hat, wylst se foar dyselde priis ek nochris 12 nominaasjes yn 'e wacht sleept hat. Hill hat wrâldwiid mear as 40 miljoen platen ferkocht. Har bekendste hits binne This Kiss, Breathe en Cry. Hill is troud mei countrystjer Tim McGraw, mei wa't se ferskate duëtten opnommen hat.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Faith Hill waard yn 1967 berne yn it plakje Ridgeland, yn 'e Amerikaanske steat Mississippy, justjes benoarden de stêd Jackson. Hja waard as poppe oannommen troch de húshâlding Perry, en groeide op yn it stedsje Star, op 25 km fan Jackson. Har pleechâlden wiene baptisten, en brochten Hill en harren beide biologyske soannen strang kristlik grut.

Hill har muzikale talint oppenearre him al ier, en doe't se sân jier wie, hie se har earste optreden. Dêrnei song se geregeldwei yn 'e ferskillende tsjerken yn har wenplak en omkriten, sawol de baptistyske as dy fan oare denominaasjes. Op har santjinde foarme Hill mei guon freonen in bandsje dat optrede by pleatslike rodeo's. Se studearre in blaumoandei oan it Hinds Mienskipskolleezje yn Raymond (Mississippy), mar yn 1986, doe't se njoggentjin jier wie, joech se de skoalle deroan en ferfear se nei Nashville, yn 'e steat Tennessee, it mekka fan 'e countrymuzyk, om te besykjen en meitsje har dream wier om in countrysjongster te wurden.

Faith Hill yn 2006, ûnder in konsert yn Dallas.

Iere jierren yn Nashville

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 't earstoan woe it mei de karriêre fan Hill net bot slagje. In audysje foar in baan as eftergrûnsjongster foar countrystjer Reba McEntire rûn op neat út, en se ûnderhold har in skoft troch yn in McDonald's-restaurant te wurkjen, dêr't se in grouwéligen hekel oan hie. Nei't se in hoartsje T-shirts ferkocht hie, fûn se wurk as siktaresse by in útjouwerij fan blêdmuzyk. Yn 1988 troude hja mei Daniel Hill, dy't in liedingjaande funksje hie by in bedriuw yn 'e muzykyndustry. Nei't in kollega har op in dei sjongen heard hie, waard Hill troch de lieding fan 'e útjouwerij frege om dêr demonstraasjesjongster te wurden. Yn deselde snuorje wurke se ek as eftergrûnsjongster foar lietsjesskriuwer Gary Burr. Dyselde hie it foar de moade om syn nije lieten te sjongen yn it Bluebird Cafe yn Nashville, om feedback fan it publyk te krijen. By ien fan dy optredens wie Bob Saporiti yn it kafee oanwêzich, dy't yn 'e direksje fan platemaatskippij Warner Bros. Records siet. Doe't dy Hill sjongen hearde, frege er har om audysje te dwaan, wat der úteinlik ta late dat Warner Bros. har in kontrakt oanbea.

Hill har debútalbum, Take Me As I Am, kaam yn 1993 út. It hie goede ferkeapsifers, mei troch it nûmer Wild One, dat fjouwer wiken efterinoar op it earste plak yn 'e Hot Country Songs stie, de wichtichste Amerikaanske hitlist op it mêd fan countrymuzyk. Dat wie in prestaasje dy't froulike artysten doe al yn gjin tritich jier mear levere hiene. It album sels waard yn 'e Feriene Steaten sawol as Kanada trije kear platina. Koart nei de publikaasje fan Take Me As I Am rûn Hill har houlik lykwols op 'e klippen, en sy en har man skieden yn 1994. Har twadde album, It Matters to Me, wêrfan't de opnamen útsteld wiene fanwegen in operaasje oan in barsten ier op har stimbannen, ferskynde yn 1995. Dat waard op 'e nij, mei mear as trije miljoen ferkochte eksimplaren, in grut súkses, en mei de titelsong behelle Hill har fjirde nûmer 1-hit.

Faith Hill by in optreden yn 2009.

Yn 'e maityd fan 1996 sette Hill útein mei optredens as iepeningsact fan countrysjonger Tim McGraw op syn Spontaneous Combustion-toernee. Hill hie har doedestiden krekt ferloofd mei har eardere produsint Scott Hendricks, wylst McGraw krekt in ferloving ôfbrutsen hie. De beide sjongers krigen al mei gauwens in affêre, en Hill ferbriek har relaasje mei Hendricks. Nei't se ûntdieken dat Hill yn ferwachting wie fan McGraw syn bern, trouden se op 6 oktober 1996.

Om't se swier en krekt troud wie, naam Hill fan ein 1996 ôf in pear jier lins om te bekommen fan 'e foargeande hektyske jierren en teffens om 'e kâns te hawwen in nij libben mei har man op te bouwen. Yn 1997 naam se mei McGraw it duët It's Your Love op, dat seis wiken efterinoar op nûmer 1 yn 'e Hot Country Songs stean bleau, en dêr't se sawol Academy of Country Music Awards as Country Music Association Awards mei wûnen. Hill har trêde album Faith, dat wat minder klassyk country wie en wat mear oerhong nei popmuzyk, kaam yn 1998 út. It súksesfolste nûmer fan it album wie This Kiss, dat net inkeld nûmer 1 yn 'e Hot Country Songs waard, mar dêr't se foar it earst mei trochbriek (mei nûmer 7) op 'e pophitlist Billboard Hot 100. Oare nûmers dy't it goed diene, wiene Just to Hear You Say That You Love Me (in duët mei McGraw), Let Me Let Go en The Secret of Life. Der waarden mear as seis miljoen eksimplaren fan Faith ferkocht.

Om 'e faasje deryn te hâlden, brocht Hill in goed jier letter, yn novimber 1999 Breathe út, har fjirde album. Dat skeat fuort nei de top fan 'e albumlisten, sawol de Top Country Albums as de Billboard 200, wêrby't it û.m. in nij album fan Mariah Carey foarby stribbe. Mei Breathe wûn Hill har earste Grammy Award (de wichtichste Amerikaanske priis op it mêd fan muzyk) yn 'e kategory bêste country-album, wylst se mei de titelsong en it duët mei McGraw Let's Make Love noch twa oare Grammys binnenhelle. Fan Breathe giene wrâldwiid krapoan 10 miljoen eksimplaren oer de toanbank. It jier 2000 markearre Hill har definitive trochbraak as in mainstreamstjer, mei ferskate dokumintêres oer har, in reklamekontrakt mei make-upmerk CoverGirl, foto's fan har op 'e omslaggen fan ferskate grutte tydskriften en har meiwurking as presintatrise oan sawol de útrikking fan 'e Grammy Awards as dy fan 'e Oscars.

Tim McGraw en Faith Hill op 'e útrikking fan 'e American Music Awards, yn 2009.

Yn 2000 droech Hill it liet Where Are You, Christmas? by oan 'e soundtrack fan 'e bernefilm Dr. Seuss' How the Grinch Stole Christmas. Yn 2001 naam se in liet op foar de soundtrack fan Pearl Harbor, in histoaryske film oer de Japanske oanfal op Pearl Harbor yn 1941. Dat soe oarspronklik troch de Kanadeeske sjongster Celine Dion songen wurde. It liet wie There You'll Be, dat ûnder muzykkritisy noch altyd it bêst ûntfongen nûmer fan Hill is. Teffens wie it Hill har grutste hit yn it Feriene Keninkryk. It waard nominearre foar in Grammy Award foar bêste fokale popnûmer, en foar in Oscar foar bêste oarspronklike liet.

Hill har fyfde album, Cry, dat yn 2002 útkaam, wie mear op popmuzyk oriïntearre as op country; likegoed fleach it daliks nei de top fan 'e albumlisten, net inkeld de Billboard 200, mar ek de Top Country Albums. Teffens wûn Cry in Grammy foar bêste country-album. It liet Baby, You Belong, fan Cry, waard yn 2002 brûkt as de titelsong fan 'e Disney-tekenfilm Lilo & Stitch. Yn 'e fideoclip dy't letter foar dat nûmer makke waard, wiene ek fragminten út dy film opnommen.

Mei Fireflies, har sechsde album, dat yn 2005 útkaam, kearde Hill werom nei de wiere countrymuzyk. De single Mississippi Girl waard nominearre foar in Grammy yn 'e kategory bêste countrynûmer songen troch in frou, wylst it duët Like We Never Loved at All, mei Tim McGraw, in Grammy wûn foar bêste fokale countrygearwurking. Yn 2006, doe't se dat al sûnt de berte fan har jongste dochter, fiif jier earder, net mear dien hie, sette Hill tegearre mei McGraw útein mei in nij toernee, de Soul2Soul II Tour 2006. Dat waard mei in opbringst fan $90 miljoen it bêstferkeapjende toernee út 'e skiednis fan 'e countrymuzyk. Yn 2007 brocht Hill noch in grutste-hitskolleksje út, The Hits, en yn 2008 ferskynde fan har in kryst-cd, Joy to the World. Teffens wurke hja mei oan McGraw syn album Let It Go, út 2007.

Faith Hill by in optreden dat ûnderdiel útmakke fan har toernee Soul2Soul II, yn 2006.

Op 13 maart 2010 song Hill ûnder begelieding fan Benny Andersson op 'e piano it liet The Winner Takes It All, ta gelegenheid fan 'e opname fan ABBA yn 'e Rock and Roll Hall of Fame. Datselde jiers op 28 july song se yn it Wite Hûs yn Washington, D.C. yn oanwêzigens fan presidint fan 'e Feriene Steaten Barack Obama en first lady Michelle Obama it liet The Long & Winding Road as ûnderdiel fan in earbetoan oan Beatle Paul McCartney. Datselde jiers droech se ek twa lieten by oan 'e soundtracks fan twa ûnderskate films. Foar Country Strong, dêr't har man Tim McGraw yn spile, song se Give In to Me, en foar Life As We Know It, mei Angelina Jolie yn 'e haadrol, song se All I Ever Wanted, dat brûkt waard foar de trailers en spile waard ûnder de ôftiteling. Ek naam se dat jiers diel oan Coal Miner's Daughter: A Tribute to Loretta Lynn, in earbetoan oan countryleginde Loretta Lynn.

Hill kearde yn maart 2011 werom nei de studio foar de opnamen fan in nij album, dat Illusion komme moast te hjitten. Yn juny 2012 befêstige se dat it album klear wie, mar se sei ek dat se der net alhiel tefreden oer wie en dat se gjin album útbringe woe dêr't se har net hûndert persint goed oer fielde. Underwilens naam Hill A Showman's Life op, in duët mei George Strait dat útbrocht waard op Strait syn album Here for a Good Time. Sels publisearre Hill de singles Come Home (2011) en American Heart (2012), mar net Illusion, it album dêr't dy lieten op steane. (Anno 2023 is dit album noch altyd net ferskynd.) Ynstee gie se yn 2012 op toernee mei Tim McGraw.

Yn septimber 2016 wie Hill ien fan 30 artysten dy't meisongen op 'e single Forever Country, in medly fan 'e lieten Take Me Home, Country Roads fan John Denver, On the Road Again fan Willie Nelson en I Will Always Love You fan Dolly Parton. De single waard útbrocht ta gelegenheid fan it fyftichjierrich bestean fan 'e CMA Awards. Yn 2017 giene Hill en McGraw fannijs tegearre op toernee. Underwilens kaam yn novimber fan dat jier by platemaatskippij Arista Nashville harren duëtalbum The Rest of Your Life út, dat meitelt as studio-album foar beide artysten. Yn 2019 krige Hill har eigen stjer op 'e Hollywood Walk of Fame.

Aktearkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1995 die Hill har earste ûnderfining as aktrise op, mei in gastrol yn 'e dramasearje Touched by an Angel. Yn 2002 waard har in wichtige rol yn 'e oarlochsfilm oer de Fjetnamoarloch We Were Soldiers oanbean, mar úteinlik betanke hja dêrfoar, en gie dy rol nei aktrise Madeleine Stowe. Har filmdebút makke Hill sadwaande yn 2004 yn 'e skriller The Stepford Wives fan regisseur Frank Oz, in remake fan 'e bekendere film út 1975. Dêryn hie se Nicole Kidman, Matthew Broderick en Glenn Close as tsjinspilers. Hoewol't dy film mear as $101 miljoen winst makke, lieten de filmkritisy der net folle fan hiel. Fan gefolgen duorre it jierren foar't Hill wer aktearre.

Faith Hill by in optreden yn Jackson (Mississippy) yn 2011.

Yn 2015 hie Hill in rol yn 'e ûnôfhinklike misdiefilm Dixieland, dy't yn april fan dat jier op it Filmfestival fan Tribeca yn New York yn premiêre gie. Yn oktober 2015 waard oankundige dat Hill as útfierend produsinte belutsen wie by it nije lifestyleprogramma Pickler & Ben, mei Kellie Pickler en Ben Aaron as presintators. Dat programma, dat opnommen waard yn Nashville, kaam yn 2017 op 'e tillefyzje. Underwilens hie Hill doe yn 2016 ek al fjouwer ôfleverings lang as coach fungearre yn 'e talintejacht The Voice. Yn 2019 wie se sjuerylid yn it realitytillefyzjeprogramma The World's Best. Yn 2021 hie se tegearre mei Tim McGraw in gastrol yn in ôflevering fan 'e neo-westernsearje Yellowstone, as de oerpake en oerbeppe fan haadpersoan John Dutton yn in flashback nei it ferline. Hill kroep fannijs yn 'e hûd fan Margaret Dutton foar de tsien ôfleverings tellende spin-offsearje 1883, dy't fan desimber 2021 ôf te sjen wie op streamingtsjinst Paramount+.

Oare aktiviteiten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1999 brûkte Hill har toernee om in alfabetisearringsprojekt foar bern te ûnderstypjen. Dat wie ynspirearre troch Hill har heit, dy't sels lang analfabeet wie. Fuort nei't New Orleans yn 2005 troffen wie troch de orkaan Katrina, setten Hill en har man, Tim McGraw, dy't ôfkomstich is út Louisiana, harren persoanlik yn om foarrieden nei de oerlibbenen te bringen. Teffens joegen se ferskate benefytkonserten, wêrfan't de opbringst nei de slachtoffers fan Katrina gie. Letter dat jier rjochten Hill en McGraw de Neighbor's Keeper Foundation op ("Hoeder fan Jins Neiste Stifting"), in goeddiedichheidsorganisaasje dy't him ynset foar de earste libbenbehoeften yn gefal fan grutskalige natoerrampen.

Yn oktober 2009 brocht Hill in eigen rûkersguod op 'e merk, ûnder de namme Faith Hill Parfums. Mids 2010 organisearre Hill mei McGraw in benefytkonsert fan ferskate country-artysten, wêrmei't mear as $2 miljoen ophelle waard foar de slachtoffers fan 'e oerstreamings yn maaie fan dat jier yn sintraal Tennessee, wêrby't 22 minsken omkamen en foar $2 miljard oan skea oanrjochte waard.

Yn 1988 troude Hill mei Daniel Hill, dy't in liedingjaande funksje hie by in bedriuw yn 'e muzykyndustry. Dat houlik rûn lykwols yn 1993 op 'e klippen, en Hill en de man skieden yn 1994. Yn 1990 begûn Hill in syktocht nei har biologyske mem, dy't se úteinlik fûn en mei wa't se briefke oant har memme ferstjerren. Yn 'e maityd fan 1996 kaam Hill fia har wurk yn 'e kunde mei countrysjonger Tim McGraw, mei wa't se al rillegau in relaasje krige. Hill hie har doedestiden krekt fersein oan har eardere produsint Scott Hendricks en moast har ferloving ferbrekke. Nei't bliken die dat Hill swier rekke wie fan McGraw, trouden se gau-eftich op 6 oktober 1996. Anno 2023 hâldt harren houlik noch altyd stân. Hill en McGraw hawwe trije dochters, Gracie Katherine (1997), Maggie Elizabeth (1998) en Audrey Caroline (2001). Nei eigen sizzen hawwe Hill en McGraw sûnt harren trouwen besocht om nea langer as trije dagen byinoar wei te wêzen.

útbrocht titel label prizen en nominaasjes resultaat
12 oktober 1993 Take Me as I Am Warner Bros. Nashville n.f.t. flagge fan de Feriene Steaten  (3× platina)
flagge fan Kanada  (3× platina)
29 augustus 1995 It Matters to Me Warner Bros. Nashville n.f.t. flagge fan de Feriene Steaten (4× platina)
flagge fan Kanada (4× platina)
21 april 1998 Faith Warner Bros. Nashville nom. Grammy Award foar bêste country-album flagge fan de Feriene Steaten (6× platina)
flagge fan Kanada (4× platina)
flagge fan Austraalje (goud)
9 novimber 1999 Breathe Warner Bros. Nashville Grammy Award foar bêste country-album
American Music Award foar favorite country-album
flagge fan de Feriene Steaten (8× platina)
flagge fan Kanada (5× platina)
flagge fan Austraalje (2× platina)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (goud)
15 oktober 2002 Cry Warner Bros. Nashville nom. Grammy Award foar bêste country-album flagge fan de Feriene Steaten (2× platina)
flagge fan Kanada (platina)
flagge fan Austraalje (goud)
2 augustus 2005 Fireflies Warner Bros. Nashville nom. Grammy Award foar bêste country-album flagge fan de Feriene Steaten (2× platina)
flagge fan Kanada (platina)
30 septimber 2008 Joy to the World Warner Bros. Nashville n.f.t. flagge fan de Feriene Steaten (goud)
17 novimber 2017 The Rest of Our Life
(duëtalbum mei Tim McGraw)
Arista Nashville n.f.t. n.f.t.

Kompilaasje-albums

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
útbrocht titel label prizen en nominaasjes resultaat
1 novimber 1996 Piece of My Heart WEA International / Warner Bros. Nashville n.f.t. n.f.t.
8 oktober 2001 There You'll Be: The Best of Faith Hill WEA International n.f.t. flagge fan Austraalje (5× platina)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (platina)
2 oktober 2007 The Hits Warner Bros. Nashville n.f.t. n.f.t.
18 novimber 2016 Deep Tracks Warner Bros. Nashville n.f.t. n.f.t.
jier titel prizen en nominaasjes resultaat album
1993 Wild One n.f.t. n.f.t.                  Take Me as I Am
1994 Piece of My Heart n.f.t. n.f.t.
But I Will n.f.t. n.f.t.
Take Me as I Am n.f.t. n.f.t.
1995 Let's Go to Vegas n.f.t. n.f.t. It Matters to Me
It Matters to Me n.f.t. n.f.t.
1996 Someone Else's Dream n.f.t. n.f.t.
You Can't Lose Me n.f.t. n.f.t.
I Can't Do That Anymore n.f.t. n.f.t.
1998 This Kiss wûn in ACM Award, in CMA Award en 2 TNN/Music City News Awards
nom. Grammy Award foar bêste countrynûmer songen troch in frou
flagge fan de Feriene Steaten (platina)
flagge fan Austraalje (platina)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (sulver)
Faith
Just to Hear You Say That You Love Me
(mei Tim McGraw)
2 TNN/Music City News Awards en 1 ACM Award;
nom. Grammy Award foar bêste fokale countrygearwurking
n.f.t.
Let Me Let Go nom. Grammy Award foar bêste countrynûmer songen troch in frou n.f.t.
1999 Love Ain't Like That n.f.t. n.f.t.
The Secret of Life n.f.t. n.f.t.
Breathe Grammy Award foar bêste countrynûmer songen troch in frou flagge fan de Feriene Steaten (goud) Breathe
2000 The Way You Love Me n.f.t. n.f.t.
Let's Make Love
(mei Tim McGraw)
Grammy Award foar bêste fokale countrygearwurking n.f.t.
Where Are You, Christmas? n.f.t. n.f.t. Dr. Seuss' How the Grinch Stole Christmas (soundtrack)
2001 If My Heart Had Wings n.f.t. n.f.t. Breathe
There You'll Be nom. Grammy Award foar bêste popnûmer mei sang
nom. Oscar foar bêste oarspronklike liet
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (goud) Pearl Harbor (soundtrack)
Breathe (remix) ACM Award n.f.t. There You'll Be
2002 Cry Grammy Award foar bêste countrynûmer songen troch in frou flagge fan Kanada (goud) Cry
When the Lights Go Down CMT Flameworthy Video Music Award n.f.t.
2003 One n.f.t. n.f.t.
You're Still There n.f.t. n.f.t.
Baby You Belong n.f.t. n.f.t.
2005 Mississippi Girl nom. Grammy Award foar bêste countrynûmer songen troch in frou n.f.t. Fireflies
Like We Never Loved at All
(mei Tim McGraw)
Grammy Award foar bêste fokale countrygearwurking n.f.t.
2006 The Lucky One n.f.t. n.f.t.
Sunshine and Summertime n.f.t. n.f.t.
Stealing Kisses n.f.t. n.f.t.
2007 Lost n.f.t. n.f.t. The Hits
Red Umbrella n.f.t. n.f.t.
2008 A Baby Changes Everything n.f.t. n.f.t. Joy to the World
2011 Come Home n.f.t. n.f.t. Illusion
(net útbrocht)
2012 American Heart n.f.t. n.f.t.
2017 Speak to a Girl
(mei Tim McGraw)
n.f.t. n.f.t. The Rest of Our Life
The Rest of Our Life
(mei Tim McGraw)
n.f.t. n.f.t.
jier titel prizen en nominaasjes resultaat album
1996 Hope
(mei ferskate oare artysten)
nom. Grammy Award foar bêste fokale countrygearwurking n.f.t.                      net op album útbrocht
1997 It's Your Love
(mei Tim McGraw)
4 ACM Awards, 1 CMA Award, 1 CMT Music Award, 1 Billboard Award,
nom. Grammy Awards foar bêste countryliet en bêste fokale countrygearwurking
flagge fan de Feriene Steaten (2× platina) Everywhere
1998 One Heart at a Time
(mei ferskate oare artysten)
n.f.t. n.f.t. net op album útbrocht
2007 I Need You
(mei Tim McGraw)
nom. Grammy Awards foar bêste countryliet en bêste fokale countrygearwurking flagge fan de Feriene Steaten (goud) Let It Go
The First Noël
(mei Josh Groban)
n.f.t. n.f.t. Noël
2011 The Way You Look Tonight
(mei Tony Bennett)
n.f.t. n.f.t. Duets II
2014 Meanwhile, Back at Mama's
(mei Tim McGraw)
n.f.t. flagge fan de Feriene Steaten (platina) Sundown Heaven Town
2016 Forever Country
(mei ferskate artysten)
n.f.t. n.f.t. net op album útbrocht
Filmografy as aktrise, sjongster, sjuerylid
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
1997 Touched by an Angel Karen Lamar gastrol; ôfl. The Road Home (Part 1)
1997 Promised Land Karen Lamar gastrol; ôfl. The Road Home (Part 2)
1999 VH1 Divas Live 2 harsels dokumintêre
2000 Super Bowl XXXIV harsels sjongoptreden, Amerikaansk folksliet
2000 72ste Utrikking fan 'e Oscars harsels sjongoptreden, Over the Rainbow út The Wizard of Oz
2000 VH1 Divas 2000: A Tribute to Diana Ross harsels tillefyzjespecial
2001 America: A Tribute to Heroes harsels tillefyzjespecial
2002 74ste Utrikking fan 'e Oscars harsels sjongoptreden, There You'll Be út Pearl Harbor
2002 Saturday Night Live harsels muzikaal gastoptreden; ôfl. Sarah Michelle Gellar/Faith Hill
2002 Faith Hill: The Lights Go Down harsels tillefyzjespecial
2005 E! True Hollywood Story harsels dokumintêresearje; ôfl. Country Divas
2005 Faith Hill: Fireflies harsels tillefyzjespecial
2008 Macy's Thanksgiving Day Parade harsels tillefyzjespecial
2008 Christmas in Rockefeller Center harsels tillefyzjespecial
2008 Faith Hill, Joy to the World: A Soundstage Special harsels tillefyzjespecial
2009 The Neighborhood Ball: An Inauguration Celebration   harsels tillefyzjespecial
2009 Super Bowl XLIII harsels sjongoptreden, America the Beautiful
2010 Project Runway harsels gastsjuerylid yn in talintejacht; ôfl. Finale (Part 2)
2007–2012 NBC Sunday Night Football harsels sjongster fan 'e titelsong
2011 CMT Crossroads harsels gast; ôfl. The Pretenders/Faith Hill
2012 Tony Bennett: Duets II harsels tillefyzjespecial
2016 The Voice harsels coach yn in talintejacht; 4 ôfl.
2017 Pickler & Ben harsels gast yn lifestyleprogramma; ôfl. #1.1; ek útfierend produsinte fan 59 ôfl.
2019 The World's Best harsels sjuerylid; 10 ôfl.
2021 Yellowstone Margaret Dutton gastrol; ôfl. No Kindness for the Coward
2021–2022 1883 Margaret Dutton fêste rol; 10 ôfl.
films
2004 The Stepford Wives Sarah Sunderson   remake fan 'e bekendere film út 1975
2015 Dixieland Arletta

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
jier priis resultaat kategory foar it nûmer/album
1993 ACM Award wûn bêste nije sjongster n.f.t.
1994 CMA Award nominearre Horizon Award n.f.t.
1995 CMA Award nominearre Horizon Award n.f.t.
TNN/Music City News Award wûn froulike stjer fan moarn n.f.t.
1996 CMA Award nominearre froulike fokalist fan it jier n.f.t.
1997 ACM Award wûn bêste single fan it jier (mei Tim McGraw) It's Your Love
wûn bêste liet fan it jier (mei Tim McGraw) It's Your Love
wûn bêste sjongbarren fan it jier (mei Tim McGraw) It's Your Love
wûn bêste fideoclip fan it jier (mei Tim McGraw) It's Your Love
Billboard Music Award wûn single fan it jier (mei Tim McGraw) It's Your Love
CMA Award nominearre sjongbarren fan it jier (mei Tim McGraw) It's Your Love
Grammy Award nominearre bêste fokale countrygearwurking (mei ferskate artysten) Hope
TNN/Music City News Award wûn fideoclip fan it jier (mei Tim McGraw) It's Your Love
1998 ACM Award wûn bêste single fan it jier This Kiss
wûn bêste fideoclip fan it jier (mei Tim McGraw) This Kiss
wûn bêste sjongbarren fan it jier (mei Tim McGraw) Just to Hear You Say That You Love Me
wûn bêste sjongster n.f.t.
wûn bêste produsint fan in single This Kiss
wûn bêste produsint fan in sjongbarren (mei Tim McGraw) Just to Hear You Say That You Love Me
CMA Award nominearre single fan it jier This Kiss
wûn fideoclip fan it jier This Kiss
nominearre sjongbarren fan it jier (mei Tim McGraw) Just to Hear You Say That You Love Me
nominearre froulike fokalist fan it jier n.f.t.
Grammy Award nominearre bêste countryliet (mei Tim McGraw) It's Your Love
nominearre bêste fokale countrygearwurking (mei Tim McGraw) It's Your Love
1999 ACM Award wûn bêste fideoclip fan it jier Breathe
wûn bêste sjongster fan it jier n.f.t.
CMA Award nominearre fideoclip fan it jier (mei Tim McGraw) Just to Hear You Say That You Love Me
nominearre froulike fokalist fan it jier n.f.t.
Grammy Award nominearre bêste fokale countrygearwurking (mei Tim McGraw) Just to Hear You Say That You Love Me
nominearre bêste countrynûmer songen troch in frou This Kiss
nominearre bêste country-album Faith
TNN/Music City News Award wûn single fan it jier This Kiss
wûn liet fan it jier (mei Tim McGraw) Just to Hear You Say That You Love Me
wûn fokale gearwurking fan it jier (mei Tim McGraw) Just to Hear You Say That You Love Me
nominearre fideoclip fan it jier This Kiss
wûn artyste fan it jier n.f.t.
2000 ACM Award wûn bêste sjongster fan it jier n.f.t.
CMA Award nominearre single fan it jier Breathe
nominearre album fan it jier Breathe
nominearre fideoclip fan it jier Breathe
nominearre sjongbarren fan it jier (mei Tim McGraw) Let's Make Love
wûn froulike fokalist fan it jier n.f.t.
nominearre artyst fan it jier I Need You
Grammy Award nominearre bêste countrynûmer songen troch in frou Let Me Let Go
TNN/CMT Country Weekly Music Award wûn artyste fan it jier n.f.t.
2001 American Music Award wûn favorite country-album Breathe
wûn favorite country-artyste n.f.t.
wûn favorite pop/rockartyste n.f.t.
CMA Award nominearre froulike fokalist fan it jier n.f.t.
Grammy Award wûn bêste fokale countrygearwurking (mei Tim McGraw) Let's Make Love
wûn bêste countrynûmer songen troch in frou Breathe
wûn bêste country-album Breathe
2002 American Music Award wûn favorite country-artyste n.f.t.
Grammy Award nominearre bêste popnûmer songen troch in frou There You'll Be
2003 American Music Award wûn favorite country-artyste n.f.t.
CMT Flameworthy Video Music Award wûn meast seksy fideoclip fan it jier fan in froulike artyst When the Lights Go Down
Grammy Award wûn bêste countrynûmer songen troch in frou Cry
2004 Grammy Award nominearre bêste country-album Cry
People's Choice Award wûn favorite froulike muzykartyst n.f.t.
2006 ACM Award wûn Career Achievement Award (oeuvrepriis) n.f.t.
American Music Award wûn favorite country-artyste n.f.t.
CMA Award nominearre sjongbarren fan it jier (mei Tim McGraw) Like We Never Loved at All
nominearre froulike fokalist fan it jier n.f.t.
Grammy Award nominearre bêste countrynûmer songen troch in frou Mississippi Girl
nominearre bêste country-album Fireflies
wûn bêste fokale countrygearwurking (mei Tim McGraw) Like We Never Loved at All
2008 Grammy Award nominearre bêste fokale countrygearwurking (mei Tim McGraw) I Need You
nominearre bêste countryliet (mei Tim McGraw) I Need You
2014 CMA Award nominearre single fan it jier (mei Tim McGraw) Meanwhile, Back at Mama's
nominearre sjongbarren fan it jier (mei Tim McGraw) Meanwhile, Back at Mama's
2015 Grammy Award nominearre bêste countryduo of -groep (mei Tim McGraw) Meanwhile, Back at Mama's
2017 CMA Award nominearre sjongbarren fan it jier (mei Tim McGraw) Speak to a Girl

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.