Springe nei ynhâld

Children of Earth and Sky

Ut Wikipedy
Children of Earth and Sky
algemiene gegevens
auteur Guy Gavriel Kay
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre fantasy
1e publikaasje 2016, Londen
oarspr. útjwr. Hodder & Stoughton
kodearring
ISBN 978-1 47 36 28 137

Children of Earth and Sky is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e Kanadeeske skriuwer Guy Gavriel Kay. De titel betsjut: "Bern fan Ierde en Loft", en ferwiist nei de haadpersoanen, dy't nettsjinsteande al har ferskillen úteinlik gewoan minsken binne. Children of Earth and Sky heart ta it subsjenre fan 'e histoaryske fantasy en spilet tsjin in eftergrûn dy't ûntliend is oan 'e Balkan yn 'e twadde helte fan 'e fyftjinde iuw. It boek waard yn 2016 publisearre troch de útjouwerij Hodder & Stoughton.

Children of Earth and Sky spilet tsjin in eftergrûn dy't dúdlik basearre is op 'e Balkan yn 'e twadde helte fan 'e fyftjinde iuw, sa't Kay yn in neiwurd by de roman ek oanjout. Krekt as yn syn oare wurken dy't yn deselde wrâld spylje, makket de auteur ek hjir wer gebrûk fan trije optochte godstsjinsten, it jaddisme, it asharisme en it leauwe fan 'e Kindath. De jaddisten ferearje de Sinnegod Jad, en binne dúdlik basearre op 'e kristenen; de ashariten binne folgelingen fan 'e profeet Ashar dy't in religy stifte hat dy't de stjerren ferearet en dy't dúdlike oerienkomsten mei de islaam fertoant; en de Kindath ferearje de beide moannen en binne in ôfspegeling fan 'e joaden. Hoewol't der fansels grutte ferskillen binne tusken dizze betochte godstsjinsten en it kristendom, de islaam, resp. it joadendom, makket Kay mei syn pleatsing fan it jaddisme, it asharisme en de Kindath yn syn wrâld folslein dúdlik wat er dermei bedoelt.

Yn Children of Earth and Sky komt fierders 'Jads Hillige Keizer' foar, in titel dy't ôflaat is fan 'e Hillige Roomske Keizer fan it Dútske Ryk. Grutte rollen yn it wurk binne fierders weilein foar it Ryk fan 'e Osmanli, basearre op it Osmaanske Ryk, en de Republyk Seressa, basearre op 'e Republyk Feneesje – de namme liket Kay ûntliend te hawwen oan 'e bynamme fan 'e Republyk Feneesje: La Serenissima. Ek de lytse Repyblyk Dubrava dûkt yn Children of Earth and Sky op, in steatsje dat basearre is op 'e histoaryske Republyk Ragûsa yn it moderne Dubrovnik, oan 'e Dalmatyske kust fan Kroaasje. Fierders binne de stêden Rhodias, Sarantium/Asharias en Obravic basearre op Rome, Byzantium/Konstantinopel, resp. Praach.

Wat persoanen oangiet, wurdt yn Children of Earth and Sky in byrol spile troch Jads Hillige Keizer Rodolfo, dy't Kay basearre hat (sa seit er yn it neiwurd) op de Hillige Roomske Keizer Rudolf II, hoewol't dy eins oan 'e ein fan 'e sechstjinde iuw libbe. In oare byrol wurdt ferfolle troch ban Rasca Tripon, byneamd 'Skandir', dy't loskes basearre is op 'e Albaneeske opstanneling Skanderbeg. Fierders komt de persoan fan 'e Seressynske skilder Pero Villani foar in part oerien mei de histoaryske keunstner Gentile Bellini (dy't ek nei Konstantinopel reizge om in Osmaanske sultan te skilderjen). Yn algemienere sin binne de djanni's, de freze ynfantery fan it Ryk fan 'e Osmanli, sûnder mis basearre op 'e histoaryske janitsaren, wylst de seerôvers fan Senjan basearre binne op 'e ûskokken fan Senj, oan 'e kust fan Kroaasje. It histoaryske tiidrek dêr't Children of Earth and Sky op basearre is, kin fierders frij sekuer fêststeld wurde, mei't yn it boek mear as ienris sein wurdt dat it 25 jier nei de fal fan Sarantium (Konstantinopel) is. Mei't de Fal fan Konstantinopel plakfûn yn 1453, soe dat tsjutte op it jier 1478.

Ferbân mei oare wurken fan Kay

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kay lit Children of Earth and Sky yn deselde wrâld spylje dêr't ek ferskaten fan syn oare wurken spylje, lykas de duology The Sarantine Mosaic en de romans The Lions of Al-Rassan, The Last Light of the Sun, Under Heaven en River of Stars. Hoewol't Children of Earth and Sky folslein op himsels stiet, wurdt der twaris yn ferwiisd nei The Lions of Al-Rassan: ienris nei in dichter út dat lân, wêrmei't nei alle gedachten Ammar ibn Khairan fan Aljaïs bedoeld wurdt, en ienris mei safolle wurden nei de feroverder Fernan Belmonte, dy't de ashariten fan Al-Rassan út Esperaña ferdreau. Ut 'e kontekst wurdt dúdlik dat de foarfallen út The Lions of Al-Rassan ferskate iuwen earder spilen as dy fan Children of Earth and Sky.

Folle mear ferwizings binne der yn Children of Earth and Sky nei de barrens yn Sailing to Sarantium en Lord of Emperors, de beide boeken fan The Sarantine Mosaic, dy't ommers yn itselde part fan 'e wrâld spilen. It dúdlikste is dat it gefal mei beide mozaïken (mei de keizerinnen Gisel en Alixana) dy't Crispin fan Varena oan 'e ein fan Lord of Emperors yn in hillichdom yn Varena (Ravenna) makke, en dy't Leonora Valeri, ien fan de haadpersoanen yn Children of Earth and Sky, sjoen hat (hoewol't de namme fan 'e makker troch de tiid ferlern gien is). Der wurdt sein dat dy keunstwurken yn 'e tiid fan Children of Earth and Sky hast tûzen jier âld binne. Letter wurdt Eudoxia, de lêste keizerinne fan Sarantium, yn it hillichdom mei de mozaïken te rêste lein, sadat der fan dy tiid ôf net mear twa, mar trije keizerinnen yn it hillichdom binne.

Opmerklik is fierder dat ien fan 'e haadpersoanen op it plak dêr't Skandir de Osmanli-soldaten yn 'e fal lokket, in koperen foarwerp yn 'e foarm fan in fûgel fynt. Letter wurdt sein dat dat fan âlds in hillich plak yn it wâld wie. Foar wa't Sailing to Sarantium en Lord of Emperors lêzen hat, is dúdlik dat it hjir om itselde plak giet dêr't hast tûzen jier earder minske-offers oan 'e heidenske godheid Ludan fan it Wâld brocht waarden.

yn de Republyk Seressa
  • hartoch Ricci, it haad fan 'e Ried fan 'e Tolve, dy't de Republyk Seressa regearret
  • Lorenzo Arnesti, lid fan 'e Ried fan 'e Tolve
  • Amadeo Frani, lid fan 'e Ried fan 'e Tolve
  • Viero Villani, in keunstskilder, ferstoarn
    • Pero Villani, syn soan, in begjinnend keunstskilder, troch syn heite hommels ferstjerren ferearmoede rekke
  • Nelo Grilli, in keapman
  • Marco Bosini, in keapman
  • Guibaldo Ferri, in keapman
yn Rhodias
yn Obravic
  • Orso Faleri, ambassadeur fan 'e Republyk Seressa oan it Hof fan Jads Hillige Keizer
    • Gaurio, syn tsjinstfeint
yn Senjan
  • Danica Gradek, in jonge frou dy't op wraak sint tsjin 'e Osmanli
    • Neven Rusan, har ferstoarne pake oan memmekant, dy't as geast fuortlibbet yn har holle
    • Tico, har jachthûn
  • Hrant Bunic, in oanfierder fan 'e Senjani
  • Tijan Lubic, in kriichsman
  • Kukar Miho, in kriichman
  • Goran Miho, in kriichsman
  • Dado Miho, in opslûpen jonge
yn 'e Republyk Dubrava
  • Marin Djivo, de jongere soan út in keapmanslaach
    • Andrij Djivo, syn heit
    • Zarko Djivo, syn âldere broer
    • Drago Ostaja, kaptein fan 'e Sillige Ingacia, ien fan 'e skippen fan 'e Djivo-famylje
  • Vlatko Orsat, it haad fan in oar keapmanslaach
    • Vudrag Orsat, syn soan
    • Elena Orsat, syn âldste dochter
    • Iulia Orsat, syn jongere dochter
  • Radic Matko, it haad fan in oar keapmanslaach
    • Kata Matko, syn dochter
  • Jevic, in skyldwacht by it Paleis fan 'e Rektor
  • Giorgio Frani, de soan fan Amadeo Frani, in Seressynsk diplomaat yn Dubrava
  • Filipa di Lucaro, de âldste dochter fan Jad yn it hillich beskûl op it eilân Sinan
    • Juraj, in tsjinstfeint op it eilân
  • Eudoxia, de lêste keizerinne fan Sarantium, yn ballingskip yn it hillich beskûl op it eilân Sinan
yn Sauradia
  • ban Rasca Tripon, byneamd 'Skandir', in opstanneling tsjin 'e Osmanli-oerhearsking
  • Jelena, in genêzeresse
  • Zorzi, in boer
    • Mavro, syn soan
    • Rastic, syn soan
    • Milena, syn dochter
yn Mulkar
  • Damaz (berne as Neven Gradek), in jonge rekrút yn trening om by de djanni's te gean, de ynfantery fan it Osmanli-leger
  • Koçi, in oare jonge rekrút yn trening
  • Hafiz, de kommandant fan 'e djanni's yn 'e stêd Mulkar
  • Kasim, in feteraan dy't fungearret as learaar foar de jonge rekruten
yn Asharias dat ienris Sarantium wie
  • Gurçu, grutkalyf fan it Ryk fan 'e Osmanli, byneamd 'de Ferwoastger'

De Sillige Ingacia is in keapfardijskip fan 'e Djivo-famylje út 'e lytse mar selsstannige Republyk Dubrava (basearre op 'e Republyk Ragûsa, it moderne Dubrovnik). As it skip de haven fan Seressa (basearre op Feneesje) ferlit, de haadstêd fan 'e machtige hannelsrepublyk mei deselde namme (basearre op 'e Republyk Feneesje), binne der ferskate passazjiers oan board. Ien fan harren is Marin Djivo, de jongere soan fan Andrij Djivo, de eigner fan it skip. In oaren is Pero Villani, in jonge, ferearmoede keunstskilder út Seressa, dy't troch de Ried fan 'e Tolve, dy't de hannelsrepublyk regearret, útstjoerd wurdt nei Asharias (basearre op Konstantinopel). Oant 25 jier lyn wie dat de haadstêd fan it Sarantynske Ryk (basearre op it Byzantynske Ryk), mar sûnt de ferovering troch de ashariten (basearre op 'e moslims) is it de haadstêd fan it Ryk fan 'e Osmanli (basearre op it Osmaanske Ryk). De hearsker fan dat ryk, de grutkalyf Gurçu, hat nammentlik oanjûn dat er yn 'e Westerske styl skildere wurde wol en de Ried fan 'e Tolve fersocht om in gaadlike keunstner te stjoeren om dat te dwaan. De jonge Pero, dy't talint hat mar ûnbetûft is, liket keazen te wêzen om't er sûnt it hommels ferstjerren fan syn heit, dy't ek skilder wie, gjin libbene famylje mear hat en dus net mist wurde sil mocht it spul misbeteare.

Fierders binne ek oan board Jacopo Miucci, in dokter dy't syn amt opnimme sil yn Dubrava, mei syn jonge frou Leonora. Feitliks is dat syn frou hielendal net, mar in jonge ealfrouwe út Batiara (basearre op Itaalje), dy't troch har heit yn in nonnekleaster by Seressa stoppe wie nei't se swier rekke wie troch omgong mei har minner. Dy minner is troch har heit en bruorren om hals brocht, en de poppe is har fuort nei de berte ûntnommen en nei in weeshûs ta brocht. Leonora liek foarbestimd om de rest fan har libben yn it kleaster te sliten oant de Ried fan 'e Tolve har foarstelde om as spionne foar harren te wurkjen. Under de momkape fan in doktersfrou sil se no yn Dubrava foar Seressa spionearje.

Op 'e Seressynske See (basearre op 'e Adriatyske See), healwei Seressa en Dubrava, wurdt de Sillige Ingacia oerfallen troch kriichslju út Senjan (basearre op 'e ûskokken fan Senj). Dat is in stedsje oan 'e uterste foargrins fan it ryk fan Jads Hillige Keizer mei it Ryk fan 'e Osmanli. De bewenners binne jaddisten (basearre op kristenen) dy't oanhâldend striid leverje tsjin 'e asharityske Osmanli en neat oars as minachting fiele foar keaplju lykas de Seressinen en de Dubravianen, dy't út jildlik gewin hannel driuwe mei de hate fijân. Sadwaande fine se dat se folslein yn har rjocht steane as se hannelswaren yn beslach nimme op Seressynske en Dubraviaanske skippen, dy't ôfkomstich binne fan 'e Osmanli. De Senjani beskôgje harrensels as helden en as foarfjochters fan 'e Westerske wrâld, mar de Seressinen en Dubravianen sjogge harren as ordinêre seerôvers.

Under de Senjani dy't de Sillige Ingacia oerfalle is ek in jonge frou, Danica Gradek. Hja komt oarspronklik net út Senjan, mar út in doarp yn it binnenlân fan Sauradia (basearre op Illyrje) dat Antunic hjit. Dat is tsien jier lyn ferwoastge by in oanfal fan 'e Osmanli, wêrby't hast har hiele famylje omkommen is. Allinnich sysels, har mem en har pake oan memmekant Neven Rusan wisten te ûntkommen, wylst har fjouwerjierrige bruorke Neven troch de Osmanli ûntfierd waard. Soks komt jonge jaddistyske jonges faak oer; se wurde dan as ashariten (basearre op moslims) grutbrocht en tsjinje by folwoeksenens as eunuch oan it hof fan 'e grutkalyf of as soldaat by de djanni's (basearre op 'e janitsaren), de ynfantery fan it Osmanli-leger. De jonge Danica flechte mei har mem en pake nei Senjan, dêr't se opgroeide.

De simmers tefoaren kamen har mem en pake beiden om by in epidemy fan in net neier beneamde sykte, mar ynstee dat de geast fan har ferstoarne pake lykas har memmes nei it hjirneimels ferfearn is, hâldt er sûnt dy tiid ta yn Danica har holle, dêr't se allegeduerigen mei him praat en oerleit. Danica wurdt fertard troch in baarnend ferlet om wraak op 'e Osmanli te nimmen, en dêrom hat se har talein op it sjitten mei pylk-en-bôge en it fjochtsjen mei messen. Nei lang oankringen hat se de lieders fan Senjan einlings safier krigen dat se mei mei om in skip te oerfallen, om't se earder dy maityd frijwol eigenhandich de Seressynske blokkade fan Senjan trochbrutsen hat troch mei pylk-en-bôge sân Seressinen te deadzjen dy't by nacht oan lân gean soene om 'e Senjaanske skippen te ferbaarnen. Senjan heart ta it ryk fan Jads Hillige Keizer en soks wie dus eins in ynfal yn in oar lân. Doe't dit foarfal bekend waard moasten de Seressinen slûksturtsjend ôfdrippe, temear om't se (skandlik) op 'e bealch krigen hiene fan in frou.

Under de oerfal op 'e Sillige Ingacia liket alles nei ferwachting te gean. De keaplju fersette har net om't harren lading fersekere is en om't se witte dat de Senjani daliks wer ôfsette sille nei't se nommen hawwe wat se wolle. Dan ûntdekt Kukar Miho, ien fan 'e Senjani, de kreaze Leonora oan board. Fan dat punt ôf rint it spul mis. Kukar jout oan dat er wol wit wat er mei har dwaan wol. Marin Djivo oarderet him om 'e frou los te litten mei as gefolch dat Kukar har mei sin beet hâldt om sjen te litten dat er dat kin. Dokter Miucci komt oan dek en daget Kukar út, dy't him dêrop deastekt. Marin sil syn swurd lûke, mar Danica is him foar en sjit Kukar dea. Trochdat de Senjani de moardner yn har gelederen sels straft hawwe, wurdt dêrmei in diplomatyk ynsidint foarkommen, mar it betsjut wol dat Danica net mear werom kin nei Senjan, om't se dan nei alle gedachten fermoarde wurde soe troch leden fan 'e talrike Miho-klan. Marin Djivo seit ta dat se meifarre kin nei Dubrava.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Oankommen yn Dubrava wurdt Danica troch Marin Djivo yn 'e tsjinst nommen as ien fan 'e liifwachten fan syn famylje, om har sa te beskermjen tsjin 'e lju dêre dy't alle Senjani haatsje en dy't har it leafst oan 'e galge sjen soene. Leonora, dy't troch de dea fan har 'man' no net yn Dubrava bliuwe kin om te spionearjen, wegeret lykwols werom te gean nei Seressa. Hja wurdt útnûge op it eilân Sinan, lyk foar de haven fan Dubrava, dêr't in hillich beskûl fan 'e dochters fan Jad is. De âldste dochter fan Jad (abdisse) is dêr al tweintich jier Filipa di Lucaro, dy't sabeare út Rhodias (basearre op Rome) komt. Eins is dat lykwols in Seressynse, dy't de Seressynske spionaazje-aktiviteiten yn Dubrava oanstjoerd en der net foar tebek skrillet om lju út 'e wei te romjen.

As Leonora har besiket, wurdt se beselskippe troch Danica, mei wa't se op 'e seereis befreone rekke is. Om't se sân Seressynske soldaten deade hat, wol de Ried fan 'e Tolve Danica graach dea sjen, en Filipa is fan betinken dat har hjir in gouden kâns bean is en docht fergif yn it glês wyn dat se Danica tapartet. Mar de kriichster hat har troch, en de beskuldiging fan besykjen ta moard liet ta in konfrontaasje wêrby't Filipa de dea fynt. It eilân Sinan is ek it ballingsoard fan Eudoxia (basearre op Helena Dragaš), de lêste keizerinne fan it Sarantynske Ryk (basearre op it Byzantynske Ryk). Dyselde is alhiel net ûntefreden oer it hommels ferskieden fan Filipa di Lucaro, mei't de beiden inoar alderfûleindichst haten. It is Eudoxia dy't beävensearret dat Leonora it amt fan âldste dochter fan Jad op Sinan oernimme kin en sa in eigen plak yn wrâld kriget, ta alteraasje fan 'e skilder Pero Villani, dy't ûnderwilens smoarfereale op Leonora wurde is.

Neitiid reizget Pero mei Marin Djivo en ferskate Seressynske keaplju út Dubrava oer lân troch Sauradia (basearre op Illyrje en Masedoanje) nei Asharias (basearre op Konstantinopel), de haadstêd fan it Ryk fan 'e Osmanli, dy't foarhinne Sarantium wie, de haadstêd fan it Sarantynske Ryk. Ek Danica Gradek makket diel út fan it reisselskip. Midden yn Sauradia reitsje se belutsen by de striid tusken de Osmanli en jaddistyske Sauradyske opstannelingen dy't oanfierd wurde troch de legindaryske ban Rasca Tripon, byneamd 'Skandir' (basearre op Skanderbeg). Dyselde en syn mannen komme de keaplju op 'e wei fan Dubrava nei Asharias oer it mad as se efterfolge wurde troch in ôfdieling djanni's en readsealkavalery nei't se in wraam dien hawwe op 'e bagaazjetrein fan it Osmanli-leger, dat optsjocht tsjin it grutte kastiel Woberg fan Jads Hillige Keizer. Foar de eagen fan 'e reizgers geane Skandir-en-dy de striid oan mei de efterfolgers, en Danica jout har by de opstannelingen, mei as gefolch dat har minner Marin Djivo him ek yn 'e striid mingt.

Under de djanni's dy't troch Skandir yn 'e fal lokke wurde, is ek de fjirtjinjierrige rekrút Damaz. Krekt as alle djanni's is er fan jaddistysk komôf, mar is er nei syn ûntfiering as jong bern yn it asharityske leauwe grutbrocht. Feitliks hiet hy oarspronklik Neven Gradek, en is er de jongere broer fan Danica. Yn 'e striid stjoert in ofsier him en trije oaren út om in bôgesjitter út te skeakeljen dy't ferantwurdlik is foar in soad deaden ûnder de Osmanli. Hy is de iennichste dy't de posysje fan dy bôgesjitter berikt, en de fijân sels besjitte kin. Op it stuit dat er syn pylk loslit, beseft er dat de bôgesjitter in frou is, en, sterker noch, syn eigen suster. Danica wurdt yn it hert rekke en is dea, mar komt eefkes letter wer oerein: har pake hat har libben rêden troch har dea tsjin te hâlden, wat lykwols foar himsels de ein fan syn ierdske bestean betsjut, sadat er in jier nei syn ferstjerren einlings nei it hjirneimels moat. Danica wit Skandir derfan te oertsjûgjen om har broer gean te litten. Se hie hope en tocht dat Damaz/Neven like bliid wêze soe om har te sjen as sy him, mar de jonge wit net wat er tinke moat en siket dêrom hâldfêst by wat er wit, nammentlik syn opfieding as asharyt en syn trening as djanni. Hy rint fuort sûnder om te sjen.

Neitiid jout Danica har foargoed by de opstannelingen fan Skandir, dêr't se nei ferrin fan tiid de minneresse fan 'e âld rebel sels wurdt. Marin Djivo en Pero Villani reizgje fierder nei Asharias, dêr't Marin goede saken docht. Pero wurdt ta de hofhâlding fan 'e grutkalyf Gurçu talitten, dêr't er nei it Paleis fan Stilte brocht wurdt. Dat is in paleis dêr't Gurçu him eltse dei in grut diel fan 'e dei weromlûkt, en dêr't net ien in wurd sizze mei op straffe fan 'e dea. Pero leit út dat er sa net wurkje kin, om't er mei it ûnderwerp fan syn skilderij oerlizze kinne moat. By hege útsûndering wurdt him dêrom troch de kalyf sels tastien om te praten. Gurçu blykt in man mei in skerp ferstân te wêzen, en Pero nimt him foar om inkeld de wierheid te sizzen om't er beseft dat syn leagens troch sa'n ûnderlein en betûft man al rillegau bleatlein wurde soene.

De kalyf hat twa soannen (dy't noch libje), syn erfgenamt Cemal en dy syn jongere healbroer, prins Beyet. Dy lêste wurdt yn libben holden as reserve, foar it gefal dat Cemal wat oerkomme soe, mar sil grif om hals brocht wurde sa gau't Cemal op 'e troan komt. De nacht nei't er Gurçu foar it earste met hat, wurdt Pero fan bêd ôf helle en temûk by Cemal brocht, dy't him in twadde skilderij meitsje lit, fan himsels yn in poarperne mantel, mar mei it gesicht fan syn broer Beyet. Poarper is de kleur fan keningen, en it dragen fan klean yn dy kleur jout oan dat men jinsels yn 'e posysje fan allinnichhearsker sjocht. Inkeld de grutkalyf sels mei poarper drage, en in ôfbylding fan ien fan syn soannen yn poarper is dêrom in soarte fan fisuële foarboade fan in steatsgreep.

As it skilderij oan it ljocht komt, wol Yosef ben Hananon, de grutfizier, Villani en Beyet daliks eksekutearje litte. Gurçu, lykwols, wol dat earst it skilderij fan himsels ôfmakke wurdt. Wylst Pero dêr de lêste hân oan leit, freget de kalyf him wat er nachts útfûn hat. Dêrop beslút Pero om ek diskear de wierheid te sprekken en feroaret dêrmei de libbens fan miljoenen minsken. Hy bringt Cemal syn hiele gearspanning út, dy't derop rjochte is om earst prins Beyet út 'e wei romme te krijen en dan, nei't men oannimme mei, harren heit. Gurçu leaut de Seressynske skilder en stjoert him libben en wol yn it selskip fan Marin Djivo fuort, ear't Asharias alhiel yn trelit rekket om't alle oanhingers fan 'e populêre prins Cemal oppakt wurde. De prins sels wurde de eagen útstutsen en de haksinen trochsnien, wêrnei't er kastrearre wurdt en as bidler op 'e strjitte set wurdt. Syn folgelingen wurde net sa freonlik behannele.

Werom yn Dubrava bringt Pero in besyk oan it eilân Sinan. Under de lieding fan Filipa di Lucaro waard dêre it ûnthjit fan keinens dat de dochters fan Jad ôflizze moasten, net neilibbe, en hoewol't der in soad dingen feroare binne sûnt Leonora op it eilân oan it bewâld kaam, is dat by it âlde bleaun. Pero en sy begjinne in leafdesrelaasje dy't tweintich jier duorje sil, oan Leonora har ferstjerren ta. Yn dy tiid sil Pero him ta ien fan 'e grutste skilders en letter byldhouwers fan syn tiid ûntjaan. Underwilens is de jonge Damaz by gefjochten yn noardlik Sauradia úteinlik ta it beslút kommen dat de Osmanli him net syn libben skonken hawwe, sa't er altyd tocht hie, mar dat se him krekt it libben ôfnommen hawwe dat er hawwe kinnen hie. Hy desertearret en nimt syn bertenamme Neven Gradek en it jaddistyske leauwe oan. Nei lange omdoarmings bedarret er, op 'e siik nei syn suster, yn Dubrava, dêr't er yn 'e tsjinst nommen wurdt troch de Djivo-famylje.

Marin Djivo bejout him yn 'e folgjende jierren op it terrein fan it bankwêzen, en hat dêrom mear as ferlet fan 'e liifwachten dy't Neven foar him treent, want de Seressinen, dy't oant dan ta suver in monopoalje op it ynternasjonale bankwêzen hawwe, besykje dizze konkurrint út 'e wei te romjen. Danica Gradek fjochtet twa jier lang mei Skandir tsjin 'e Osmanli, oant de âldman (fredich op bêd) komt te ferstjerren. Neitiid falt syn legerke útinoar en siket Danica yn Obravic har âlde frijer Marin op, dy't noch altyd fan har hâldt. Sels hat hja no ek in sadanige gemoedsrêst berikt dat se har oerjaan kin oan 'e leafde dy't se foar him fielt. As hy har it nijs oerbringt dat har broer no foar him wurket, liket se einlings har plak yn 'e wrâld fûn te hawwen. Danica en Marin krije twa bern, dy't wol folwoeksen, mar net âld wurde. Nei har eigen ferstjerren libbet de geast fan Danica Gradek jierrenlang fuort yn 'e holle fan ien fan har beppesizzers.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: