Dalmaasje (Romeinske Ryk)

Ut Wikipedy

Dalmaasje (Latyn: Dalmatia) wie de namme fan de Romeinske provinsje dy't tsjin Itaalje oer oan de oare kânt fan de Adriatyske See lei. Oars as de hjoeddeiske regio Dalmaasje omfieme Dalmaasje yn de Romeinske tiid gâns de eastlike Adriatyske kust.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar de Romeinen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ear't de Romeinen nei it gebiet kamen hienen de Illiirjers dêr in eigen ryk hân. Dat hie in skoftke by it ryk fan Aleksander de Grutte heard, mar nei syn dea wer frij wurden wie. De Dalmaasjers hienen harsels yn 180 f.Kr. losmakke fan dit Illiryske ryk.

Romeinske provinsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De skiednis fan de Romeinske provinsje Dalmatia begûn yn 168 f.Kr. doe't de Romeinen de kuststrook oermasteren. Dy krieg doe de namme Illyrikum nei it folk dat dêr wenne. Yn 156 f.Kr. foelen de Romeinen ek it binnenlân yn en fersloegen de Dalmaasjers definityf. De Dalmaasjers waarden twongen belêstings te beteljen. Oan it begjin fan de 1e iuw folge de rest fan it binnenlân en om-ende-by 10 n.Kr., ûnder keizer Augustus, waard Illyrikum yn twa provinsjes spjalt: Dalmatia yn it suden, Pannonia yn it noarden. Fan dy tiid ôf oerspielde de Romeinske kultuer it Illiryske gebiet en de Dalmaasjers namen dy sûnder fierdere tsjinstân oer.

Ein fan it ryk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op it ein fan it West-Romeinske ryk wie Dalmaasje hieltiid noch in part fan it ryk. Yn 475 waard Julius Nepos ôfsetten as keizer en kaam Romulus Augustulus op de troan. Dizze keizer waard yn 476 op syn bar ofsetten, troch de Germaanske generaal Odoaker. Keizer Julius Nepos flechte nei Dalmaasje en bleau der hearskjen oant syn dea yn 480, wêrnei it gebiet by Odoaker syn ryk foege waard. Odoaker krige te meitsjen mei ynfallen troch de Eastgoaten en moast him út Dalmaasje fuortlûke. Fan 488 oant 526 hearske de Eastgoatyske kening Diderik de Grutte oer Dalmatia en dêrnei yn 535 waard it wer beset troch de Romeinske keizer Justinianus I. Sûnt dy tiid wie it gebiet wer part fan it Romeinske ryk, dat letter it Byzantynske Ryk neamd waard.

Geografysk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dalmaasje yn it Romeinske Ryk.

In grut part fan de Dinaryske Alpen leinen op it grûngebiet fan Dalmaasje. Derbûten hearde ek it mearpart fan de Adriatyske kust by de provinsje. De haadstêd wie Salonae, it tsjinwurdige Solin. Keizer Diokletianus makke de provinsje ferneamd trochdat er in pear kilometer besuden Salonae in fersterke paleis bouwe liet, op it stee dêr't no Split leit. Oare wichtige stêden yn de Romeinske tiid wiene: