Springe nei ynhâld

Ostrogoaten

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Eastgoaten)
Dit artikel is in stobbe oer skiednis.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.

De Ostrogoaten (Eastgoaten) foarmen mei de Fisigoaten de twa haadgroepen dêr't it (East-)Germaanske folk fan de Goaten harren yn splitste. Dy splitsing barde healwei de 3e iuw.

Mozayk fan it paleis fan Diderik de Grutte yn it San Apollinare Nuovo yn Ravenna

Op de flecht foar de Hunnen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de earste helte fan de 4e iuw hiene de Ostrogoaten ûnder de keningen Achiulf en Ermanerik in florearjend ryk yn de Oekraïne. Lykwols hiene sy om-ende-by 375 te krijen mei de komst fan de Hunnen, in ruterfolk út Aazje wei. Yn hiel koarte tiid foel it Ostrogoatyske Ryk útinoar troch oanhâldende oanfallen fan de Hunnen. In part fan it folk ûnderwurp him oan de Hunnen, in oar part socht syn taflecht yn de Krim en wer in oar part luts yn de rjochting fan de Djepnr en letter nei de Donau ûnder lieding fan Alateus en Safraks.

Ostrogoaten binnen it Romeinske Ryk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't de Ostrogoaten ûnder lieding fan Alatheus en Safraks besochten har yn it Romeinske Ryk te festigjen, krigen sy ynearsten dêrfoar gjin tastimming. Op dat stuit hienen de Romeinen te krijen mei rebûlje fan de Fisigoaten, it oan de Ostrogoaten besibbe folk dat allyksa op drift rekke wie foar de Hunnen, mar dat wol troch de Romeinen talitten wie. De Ostrogoaten lutsen har likernôch neat fan it ferbod oan en stieken de Donau-grins oer, dêrby ûnderfûnen sy amper tsjinstân en sleaten har oan by de Fisigoaten. Yn 378 fersloegen Fisigoaten en Ostrogoaten tegearre it Romeinske leger fan keizer Falens by Adrianopel. Yn de fredespetearen dy't letter hâlden waarden krigen Alateus en Safraks lân tawiisd yn Pannoanje as festigingsgebiet.

In oare groep Ostrogoaten ûnder lieding fan Odotius waard yn 386 talitten yn it Romeinske Ryk. Ek dat kontakt ferrûn net freedsum. Yn Traasje waard Odotius fermoarde en syn folk twongen him yn Anatoalje (Turkije) te festigjen. Yn 399 kaam dy Ostrogoatyske stam yn opstân en waard dêrby laat troch Fribigild. Dy opstân soe delslein wurde troch de Romeinen.

Germaanske folken feroarje
Allemannen · Ambroanen · Ampsivaren · Angelen · Angrivaarjers · Asdingen · Bajuwaren · Bataven · Boergonden · Bruktearen · Chasuarii · Dulgubnii · Fandalen · Fangionen · Fisigoaten · Fosy · Franken · Frisii · Gamaven . Gepiden · Goaten · Harii · Helisjers · Hermunduren · Herulen · Juten · Kananefaten · Kimbren · Kwaden · Lakringen · Langobarden · Lemovjers · Lugjers · Manimjers · Markomannen · Marobudui · Mattiakken · Naharvalen · Nemeten · Nervjers · Ostrogoaten · Rugjers · Saksen · Semnoanen · Silingen · Sitones · Sjamaven · Sjatten · Sjauken · Sjerusken · Skieren · Suëven · Sugambren · Suiones · Tenktearen · Teutoanen · Toksandrjers · Treveary · Triboken · Tubanten · Tudry · Ubjers · Usipeten · Volcae · Warnen