Springe nei ynhâld

Herulen

Ut Wikipedy

De Herulen wienen in Eastgermaansk folk, nau besibbe oan de Goaten. Nei alle gedachten wennen sy oarspronklik oan de kust fan de Eastsee.

It folk fan de Herulen wurdt foar it earst neamd troch Romeinske skiedskriuwers yn de 3e iuw ûnder it regear fan keizer Gallienus. Tegearre mei har bûnsmaten de Goaten, dienen sy in oanfal yn it Romeinske ryk en plonderen sawol de stêden Byzantium as Atene (267). Twa jierren letter soenen sy folslein ferslein wurde troch de Romeinen yn de Slach by Naissus (Niš yn Servje).

Op de ein fan de 4e iuw foelen de Herulen ûnder de hearskippij fan de Ostrogoaten en neidat dizze yn 375 ferslein waarden troch de Hunnen, ûnder de hearskippij fan dat folk. Lykwols komt der nei de dea fan de Hunnekening Attila in ein oan syn ryk en falt yn 454 it stamferbân fan de Herulen út inoar. Guon festigen har yn Súd-Slowakije, bylâns de rivieren de Theiss en de Mureş.

Yn 476 is der in Herulenlieder Odoaker yn it Romeinske leger dy't in ein makket oan it bewâld fan de lêste keizer fan it West-Romeinske Ryk, Romulus Augustulus. Hy skoot dizze keizer oan de kant en beneamt himsels ta kening fan Itaalje. Odoaker waard sels ferslein yn 493 en fermoarde troch de Ostrogoatyske kening Diderik I dy't de macht oer Itaalje fan him oernimt.

Om-ende-by 500 stifte de Herulenlieder Rudolf in keninkryk dat op de linker igge fan de Donau lei en yn it suden begrinze waard troch it Ostrogoatyske ryk, yn Hongarije oan it ryk fan Langobarden en fierders stream ôf oan dat fan de Gepiden.

Rudolf rekke slachs mei de Langobarden ûnder kening Wacho. Yn 510 foelen sy it ryk fan de Herulen oan en makken der in ein oan. De Herulen ferlearen de kriich en Rudolf sneuvele yn de striid. It meastepart fan de oerwûne Herulen foege har dêrnei oan de side fan de langobarden, in minderheid sleat har oan by de Gepiden.

Yn de annalen wurde ek noch Herulen neamd as bûnsmaten fan de Saksen dy't yn 409 meidogge oan rôftochten op de kust fan Galje en yn 460 en 465 signalearre waarden yn Galysje (Spanje).

Yn it tiidrek fan de Fisigoatyske kening Eurik (466-484) fochten der Herulen mei oan oan de side fan de Fisigoaten tsjin de Merovingen. Lang om let waarden dizze Herulen troch de Franken ûnderhearrich makke. Hja gienen fuort en festigen har op de ein fan de 5e iuw yn it suden fan Sweden.

Yn 533 tsjinnen der noch in protte Herulen yn it leger fan it Byzantynske Ryk. Tûzenen fan har fochten mei yn de kampanje tsjin it Fandaalske ryk yn Afrika. Sy tsjinnen ûnder de Byzantynske generaal Belisarius.

Germaanske folken feroarje
Allemannen · Ambroanen · Ampsivaren · Angelen · Angrivaarjers · Asdingen · Bajuwaren · Bataven · Boergonden · Bruktearen · Chasuarii · Dulgubnii · Fandalen · Fangionen · Fisigoaten · Fosy · Franken · Frisii · Gamaven . Gepiden · Goaten · Harii · Helisjers · Hermunduren · Herulen · Juten · Kananefaten · Kimbren · Kwaden · Lakringen · Langobarden · Lemovjers · Lugjers · Manimjers · Markomannen · Marobudui · Mattiakken · Naharvalen · Nemeten · Nervjers · Ostrogoaten · Rugjers · Saksen · Semnoanen · Silingen · Sitones · Sjamaven · Sjatten · Sjauken · Sjerusken · Skieren · Suëven · Sugambren · Suiones · Tenktearen · Teutoanen · Toksandrjers · Treveary · Triboken · Tubanten · Tudry · Ubjers · Usipeten · Volcae · Warnen