Juten

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Dit stik lân wat yn Denemark en Dútslân leit, wurdt beskôge as Jutlân

De Juten wiene in Germaanske stam ôfkomstich út it tsjinwurdige Jutlân yn Denemark. Tegearre mei de Angelen en Saksen foelen hja ûnder it Grutte Folkeferfarren begjin 5e iuw Ingelân yn, neidat de Romeinen dêr fuort gongen wiene. Hja fêstigen harren yn Kent en op it eilân Wight.

Juten en Gauten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de saneamde "Jutske hypoteze" binne de Juten itselde folk as de Gauten, in Skandinavysk folk dat yn de iere Midsiuwen yn súdlik Sweden libbe hat. It "Oxford English Dictionary" identifisearret de Sweedse Gauten (Swedish Geats) fia de foarmen Eotas, Iótas, Iútan en Geátas mei de Deenske Juten. Lykwols wurdt sawol yn it ald-Ingelske gedicht Widsith as yn it ald-Ingelske epos Beowulf yn de Finn passaazje (sjoch it Finnburg Fragmint) hiel oars de Eotenas skerp fan de Geatas ûnderskieden. Mooglik waarden de nammen fan twa stammen yn 'e betiid kristlike literatuer fan Ingelân troch inoar helle, lykas dat foar de boarne oer de dea fan de Sweedske kening Östen sjen litten is. In oare mooglikheid is dat Eotenas in oar wurd is foar "reuzen" en etymologysk oerienkomt mei de Noarske Jotuns (ynplak foar de namme fan in stam).

Fierder is net útsletten dat de Juten genetysk besibbe wiene mei de Gauten, en sels mei de Goaten, dy't fermeld wurde yn de Gutasaga. Neffens dat ferhaal berikten de bewenners fan Gotlân it fêstelân fan Jeropa. Ut archeologyske fynsten as by Wielbark yn Poalen docht bliken dat de Goaten dêr al betiid oankamen.

Germaanske folken
Cultures, 1200 BC.PNG
Allemannen · Ambroanen · Ampsivaren · Angelen · Angrivaarjers · Asdingen · Bajuwaren · Bataven · Boergonden · Bruktearen · Chasuarii · Dulgubnii · Fandalen · Fangionen · Fisigoaten · Fosy · Franken · Frisii · Gepiden · Goaten · Harii · Helisjers · Hermunduren · Herulen · Juten · Kananefaten · Kimbren · Kwaden · Lakringen · Langobarden · Lemovjers · Lugjers · Manimjers · Markomannen · Marobudui · Mattiakken · Naharvalen · Nemeten · Nervjers · Ostrogoaten · Rugjers · Saksen · Semnoanen · Silingen · Sitones · Sjamaven · Sjatten · Sjauken · Sjerusken · Skieren · Suëven · Sugambren · Suiones · Tenktearen · Teutoanen · Toksandrjers · Treveary · Triboken · Tubanten · Tudry · Ubjers · Usipeten · Volcae · Warnen
feroarje