Springe nei ynhâld

Ambroanen

Ut Wikipedy

De Ambronen (Latyn: Ambrones) wiene stamferbân yn it âlde Germania. Oan de ein fan de 2e iuw f.Kr. luts in part fan de stam mei de Kimbren en Teutoanen nei it suden dêr't se troch de Romeinen as in bedriging beskôge waarden (Kimbryske Oarloch).

It wurd "Ambrones"

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In echte ferklearring fan it komôf fan de term ambrones is der noch net fûn. De belangrijkste aanwijzing lijkt het Yndogermaanske Ambr- te zijn, dat as 'wetter of 'rein' oerset wurde kin. It Angelsaksyske Widsithgedicht komt lykwols ek een stamme foar, de ymbre, waans namme fan it Angelsaksyske wurd foar 'bern', umbor, ôflaat wêze kinne koe.[1]

Nau besibbe mei de wurdbetsjutting is de kwestje fan de oarsprong fan de ambrones. Sibskip mei de Italjaanske Umbrjers kin net úsletten wurde. Plutarchus bringt harren yn ferbân mei de Liguerjers[2] en Rufius Festus brûkte it wurd as synonym foar "ûnrant".[1] Oan de oare kant tsjutte in grut tal plak- en riviernammen yn it hjoeddeiske Dútske taalgebiet mooglik op harren oarspronklike wenplak. Harren heitelân kin sadwaande sawol yn Beieren oan de Amper, as ek oan de Noardseekust lein hawwe, dêr't de namme fan it eilân Amrum (doetiids Ambrum hjitten) op in ferbân mei de Ambroanen tsjutte kinne koe.[3]

Hoewol't de Romeinske histoarikus Festus Rufius de Ambroanen ta de Galjers rekkent, wurdt tsjintwurdich dochs earder oan in Germaansk komôf tocht. Meidat se harren by de groep fan de Teutoanen oansletten, dy't út it Jutlân fan no weigien wiene, hat it der de measte wierskyn fan dat it kustgebiet it thúslân fan de Ambroanen west hat.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 H. Kuhn - R. Wenskus, art. Ambronen, yn Reallexikon der Germanischen Altertumskunde I (19682), s. 252.
  2. Plutarchus, Marius 19.
  3. Sjoch: H. Krahe, Unsere ältesten Flußnamen, Wiesbaden, 1964, s. 90f.
  • H. Krahe, Unsere ältesten Flußnamen, Wiesbaden, 1964. ISBN 344700536X
  • H. Kuhn - R. Wenskus, art. Ambronen, in Reallexikon der Germanischen Altertumskunde I (19682), p. 252.
Germaanske folken feroarje
Allemannen · Ambroanen · Ampsivaren · Angelen · Angrivaarjers · Asdingen · Bajuwaren · Bataven · Boergonden · Bruktearen · Chasuarii · Dulgubnii · Fandalen · Fangionen · Fisigoaten · Fosy · Franken · Frisii · Gamaven . Gepiden · Goaten · Harii · Helisjers · Hermunduren · Herulen · Juten · Kananefaten · Kimbren · Kwaden · Lakringen · Langobarden · Lemovjers · Lugjers · Manimjers · Markomannen · Marobudui · Mattiakken · Naharvalen · Nemeten · Nervjers · Ostrogoaten · Rugjers · Saksen · Semnoanen · Silingen · Sitones · Sjamaven · Sjatten · Sjauken · Sjerusken · Skieren · Suëven · Sugambren · Suiones · Tenktearen · Teutoanen · Toksandrjers · Treveary · Triboken · Tubanten · Tudry · Ubjers · Usipeten · Volcae · Warnen