Teutoanen

Ut Wikipedy
It ferfarren fan de Teutoanen en de Kimbren

De Teutonen zijn een Germaanske stamme dy't nei alle wierskyn oarspronklik út it Deenske Waadgebiet, Jutlân of súdlik Skandinaavje stamme.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan de ein fan de 2e iuw f.Kr. migrearren de Teutoanen, mei harren buorlju, bûnsmaten en faak ek sibben, de Germaanske Kimbren en de Ambroanen, nei it suden yn de Donaudelling, it suden fan Gallië en noardlik Italië. Dêr krongen se it lân fan de Romeinen yn (Julius Caesar seit yn syn ferslach fan de Gallyske Oarloch, Commentarii de bello Gallico, dat de Boii dejingen wiene dy't de provinsje Norikum oanfoelen). Dat konflikt roan út yn de Kimbryske Oarloch. De Kimbren (ûnder kening Boiorix) en de Teutoanen wûnnen de earste slach fan dy kriich fan de oan Rome alliërde stammen en ferneatigen in grut Romeinsk leger yn de Slach by Arausio yn 105 f.Kr. Mar Rome groepearre en organisearre him op 'en nij ûnder konsul Gaius Marius. Yn 104 f.Kr. ferlieten de Kimbren de Rhônedelling om Spanje te plonderjen, wylst de Teutonen yn Galje bleaune, noch wol in sterke macht, mar net sa machtich en marsjearje op eigen krêft nei Rome. Dat joech Marius de tiid om in nij leger op te bouwen en yn 102 f.Kr. sette er ôf rjochting de Teutoanen. By de Slach by Aquae Sextiae waarden de Teutonen benei ferneatige en Teutoanske kening Teutobod waard mei 20.000 fan syn stamgenoaten finzen naam. Dêrnei ferdwûne hy en syn stamme út de skiednis. It hat der alle wierskyn fan dat er nei Rome brocht waard om mei te rinnen yn in Romeinske triomftocht en dat er dêrnei rituëel terjochtsteld waard. It jier dêrop ûndergiene de Kimbren in soartgelikens lot by de Slach by Vercellae.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Germaanske folken feroarje
Allemannen · Ambroanen · Ampsivaren · Angelen · Angrivaarjers · Asdingen · Bajuwaren · Bataven · Boergonden · Bruktearen · Chasuarii · Dulgubnii · Fandalen · Fangionen · Fisigoaten · Fosy · Franken · Frisii · Gamaven . Gepiden · Goaten · Harii · Helisjers · Hermunduren · Herulen · Juten · Kananefaten · Kimbren · Kwaden · Lakringen · Langobarden · Lemovjers · Lugjers · Manimjers · Markomannen · Marobudui · Mattiakken · Naharvalen · Nemeten · Nervjers · Ostrogoaten · Rugjers · Saksen · Semnoanen · Silingen · Sitones · Sjamaven · Sjatten · Sjauken · Sjerusken · Skieren · Suëven · Sugambren · Suiones · Tenktearen · Teutoanen · Toksandrjers · Treveary · Triboken · Tubanten · Tudry · Ubjers · Usipeten · Volcae · Warnen