Silingen

Ut Wikipedy

De Silingen hearden ta it stamferbân fan de Fandalen. Sûnt healwei de 2e iuw wurdt der fan dit Eastgermaanske folk ûnderskied makke tusken meardere stammen, û.o. de Asdingen, de Lakringen, en de Silingen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om-ende-by 150 nei Kr. lûkt it grutste part fan de Fandalen fuort út harren wengebieten yn Sileezje. Sy sille al gau yn twa groepen útien falle en tenei de Asdingen en Lakringen neamd wurde, wylst de oerbliuwende Fandalen de namme Silingen krije.

Markomannenkriich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 169 stypje de Silingen Ballomar de kening fan de Markomannen tidens de saneamde Markomannenkriich as dizze mei in alliânsje fan Germaanske folken besiket it Romeinske Ryk yn te kommen. Uteinlik sille sy yn 180 tegearre mei de Markomannen ferslein wurde troch de Romeinen en twongen wurde om frede te sluten. It ferdrach dat sy mei de Romeinske keizer Markus Aurelius slute, ferplichtet harren de grinzen mei it Romeinske ryk te respektearjen en helptroepen te leverjen foar de grinsbewekking.

Ynfal yn Galje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dizze frede sil oant en mei healwei de 3e iuw duorje doe't de militêre macht fan de Romeinen yn betsjutting ôfnaam. De Silingen fiere plondertochten út yn it neistlizzende Romeinsk grûngebiet en stypje yn 258 de Boergonden en Allemannen yn harren krewearjen it Romeinsk gebiet eastlik en noardlik fan de Ryn (Agri decumates) te oermasterjen. Yn 275 weagen sy har ûnder lieding fan Igila oant Galje en Itaalje. Lang om let makke de Romeinske keizer Probus oan dizze ynfallen yn 280 in ein.

Grutte Folkeferfarren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tidens de Grutte Folkeferfarren lutsen de Silingen wer op mei harren stambesibben, de Asdingen. Tegearre arrivearje sy yn 411 yn Spanje. De Silingen fêstige har yn Baetika en wienen hieltyd yn gefjocht mei de Romeinen en harren Fisigoatyske bûnsmaten. Sa om-ende-by 418 wienen sy sadanich ferswakke dat sy ophôlden mei in selsstannich folk te wêzen.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Hermann Schreiber, De Vandalen, Segetocht en ûndergong fan in Germaansk folk, Amsterdam-1979.
Germaanske folken feroarje
Allemannen · Ambroanen · Ampsivaren · Angelen · Angrivaarjers · Asdingen · Bajuwaren · Bataven · Boergonden · Bruktearen · Chasuarii · Dulgubnii · Fandalen · Fangionen · Fisigoaten · Fosy · Franken · Frisii · Gamaven . Gepiden · Goaten · Harii · Helisjers · Hermunduren · Herulen · Juten · Kananefaten · Kimbren · Kwaden · Lakringen · Langobarden · Lemovjers · Lugjers · Manimjers · Markomannen · Marobudui · Mattiakken · Naharvalen · Nemeten · Nervjers · Ostrogoaten · Rugjers · Saksen · Semnoanen · Silingen · Sitones · Sjamaven · Sjatten · Sjauken · Sjerusken · Skieren · Suëven · Sugambren · Suiones · Tenktearen · Teutoanen · Toksandrjers · Treveary · Triboken · Tubanten · Tudry · Ubjers · Usipeten · Volcae · Warnen