Senj

Ut Wikipedy
Senj
Emblemen
Polityk
Lân Kroaasje
Provinsje Lika-Senj
Gemeente Senj
Sifers
Ynwennertal 4.810 (stêd, 2011)
7.182 (gemeente, 2011)
Oerflak 658 km² (gemeente)
Befolkingsticht. 10,9 / km² (gemeente)
Hichte 0 m
Oar
Stifting prehistoarje
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 44°57′N 14°54′E
Offisjele webside
www.senj.hr
Kaart
Senj (Kroaasje)
Senj
Lokaasje yn Kroaasje.

Senj (útspr.: [sɛ:ɲ], likernôch: "sênj") (Italjaansk: Segna; Latyn: Senia; Dútsk: Zengg) is in âld stedsje oan 'e noardwestlike Adriatyske kust fan 'e Kroätyske lânstreek Dalmaasje. It leit yn it foarlân fan it Mala Kapela- en it Velebit-berchtme. It symboal fan 'e stêd is fan âlds it Kastiel Nehaj, dat yn 1558 reekaam. Dat wie in goed heale iuw de sit fan 'e ûskokken, kristlike flechtlingen út it troch de Osmaanske Turken besette Bosnje, dy't oan 'e ein fan 'e Midsiuwen yn Senj beskûl fûn hiene en troch it Habsburchske Ryk ynset waarden om 'e grins yn dy krite te ferdigenjen. De Republyk Feneesje beskuldige de ûskokken lykwols fan seerôverij, en ferklearre harren de oarloch, wat yn 1617 late ta harren ferdriuwing út Senj. Tsjintwurdich is Senj in baaiplak dat it fral fan it toerisme hawwe moat. De stêd sels hat krapoan 5.000 ynwenners, wylst de gemeente mei deselde namme in befolking fan goed 7.000 minsken omfiemet.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Senj hat nei't it skynt al bewenne west sûnt de prehistoarje. In delsetting mei de namme Attienities, op it grûngebiet fan 'e hjoeddeistige gemeente, is bekend út Aldgrykske dokuminten datearjend út 'e fjirde iuw f.Kr. Yn dy tiid waard de krite bewenne troch de Illyryske stamme fan 'e Iapyden. Yn 'e Romeinske Tiid wie Senia in wolfarrend stedsje yn 'e provinsje Illyrje, dat fierhinne bewenne waard troch etnyske Romeinen. It waard yn 'e twadde iuw f.Kr. brûkt as in bolwurk tsjin 'e Illyrjers. Nei de fal fan it Romeinske Ryk, yn 'e fjirde iuw, waard Senj in skoft behearske troch de Avaren, foar't it úteinlik yn 'e sânde iuw kolonisearre waard troch de Slavyske Kroäten.

Utsjoch op Senj fanôf Kastiel Nehaj.

It roomsk-katolike bisdom fan Senj waard yn 1169 stifte. Yn 1184 joech de Hongaarske kening Béla III it stedsje oan 'e Timpeliers, en yn 1271 kaam it yn it besit fan 'e greven fan Krk. Paus Innosintius IV stie yn 1248 de biskop fan Senj ta om ynstee fan it Latynske alfabet en it Latyn, it Glagolityske alfabet en de pleatslike sprektaal te brûken foar de roomske liturgy. Yn 1494 waard yn it stedsje in Glagolityske drukparse boud, dêr't û.m. in misboek yn it Glagolityske skrift mei printe waard.

Yn 1469 waard it kapteinskip fan Senj oprjochte ta ferdigening fan 'e krite tsjin 'e legers fan it Osmaanske Ryk en de Republyk Feneesje. Yn 'e stêd hiene tsjin dy tiid tûzenen flechtlingen beskûl fûn dy't kamen út it troch de Osmaanske Turken besette Bosnje. De bou fan it Kastiel Nehaj (Kroätysk: Tvrđava Nehaj), op 'e heuvel Nehaj, waard yn 1558 foltôge. Doedestiden lei de heuvel bûten it stedsje, mar hjoed de dei wurdt it kastiel folslein omjûn troch bebouwing.

De oarloggen mei it Osmaanske Ryk holden oan oant djip yn 'e santjinde iuw. Yn dy tiid waard Senj bewenne troch de saneamde ûskokken, dy't ek it garnizoen fan it kastiel foarmen. Hja wiene ûngeregelde soldaten dy't foar it Habsburchske Ryk en tsjin 'e Osmanen fochten en dêrby ornaris guerriljataktiken brûkten. Dêrnjonken makken se ek gebrûk fan grutte roeiboaten, wêrmei't se de Dalmatyske kustregio fan 'e Adriatyske See ûnfeilich makken. De Republyk Feneesje beskôge harren lykwols as seerôvers. Uteinlik laten harren aksjes op see yn 1615 ta de Uskokske Oarloch tusken it Habsburchske Ryk en Feneesje. Doe't der yn 1617 in wapenstilstân sletten waard, betongen de Fenesianen dêrby dat de ûskokken út Senj wei deportearre wurde moasten en dêr nea wer weromkomme mochten.

Yn 'e achttjinde iuw wûn Senj wat fan syn âlde wolfeart werom nei't de Jozefina of Josefiner Straße oanlein wie, in wei (ferneamd nei keizer Joazef II fan it Hillige Roomske Ryk), dy't de Adriatyske kust fia Senj ferbûn mei Karlovac. Doe't der yn 1873 in spoarline oanlein waard tusken Rijeka en Karlovac, liet dy Senj lykwols links lizze, wat fierdere ekonomyske ûntjouwing yn it stedsje lange tiid tsjinkearde. Oant 1918 makke Senj diel út fan it Keninkryk Kroaasje-Slavoanje fan 'e Eastenryksk-Hongaarske Dûbeldmonargy. Neitiid kaam it ta it Keninkryk Joegoslaavje te hearren.

It Kastiel Nehaj.

Under de Twadde Wrâldoarloch waard Senj fan 1941 oant 1943 beset troch faksistysk Itaalje. Doe't dat him oerjoech, foel Senj yn 'e hannen fan 'e Joegoslavyske partizanen, dy't it brûkten as in befoarriedingshaven. As gefolch dêrfan sette de Dútske Luftwaffe útein mei it bombardearjen fan it stedsje. Tsjin 'e ein fan 'e oarloch stie sadwaande noch mar 50% fan 'e gebouwen oerein. De bombardeminten easken ek in protte slachtoffers ûnder de befolking.

Bestjoer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stêd Senj makket bestjoerlik diel út fan 'e Kroätyske provinsje Lika-Senj en fan 'e gemeente Senj. It is fierwei it grutste plak fan 'e gemeente. De omlizzende 26 doarpen, dy't ek ta de gemeente Senj hearre, binne: Alan, Biljevine, Bunica, Crni Kal, Jablanac, Klada, Krasno, Krivi Put, Lukovo, Melnice, Mrzli Dol, Pijavica, Podbilo, Prizna, Senjska Draga, Starigrad, Stinica, Stolac, Sveta Jelena, Sveti Juraj, Velike Brisnice, Veljun Primorski, Volarice, Vrataruša, Vratnik en Vrzići.

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hjoed de dei is Senj in baaiplak oan 'e Adriatyske See. De wichtichste sektoaren fan 'e pleatslike ekonomy binne: it toerisme, de fiskerij en de wettersport.

Senj sjoen fan 'e see ôf.

Susterstêden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Senj hat sân susterstêden:

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens sifers út 2011 hie de stêd Senj doe 4.810 ynwenners. De gemeente Senj hie datselde jiers in befolking fan 7.182 persoanen. Mei in oerflak fan 658 km² kaam de befolkingstichtens yn 'e gemeente del op 10,9 minsken de km². De etnyske opbou fan 'e befolking wie yn 2011 sa: 97,1% Kroäten; 0,9% Serven; 0,4% Albanezen; 0,3% Bosnyske Moslims; 1,3% oaren.

De haven fan Senj by 't winter, ûnder it iis.

Berne yn Senj[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Senj hat in seeklimaat, mei mylde, winerige winters en relatyf drûge, hjitte simmers. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer per etmiel (dei en nacht) 24,5 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 6,1 °C. Rekôrtemperatueren wiene 39,0 °C yn july en –16,6 °C yn febrewaris. Senj kriget jiers trochinoar 1.274  mm delslach en 2.250 oeren sinneskyn.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.