Skiednis fan Ljouwert
Dizze side jout in oersjoch fan de skiednis fan Ljouwert.
Earste bewenners
It is net mei krektens te sizzen wannear't de earste minsken har nei wenjen setten op it plak dat no Ljouwert hjit. Troch fynsten út de izertiid (1e iuw f.Kr.) docht bliken dat it gebiet doe al bewenne wie, mar de archeologen binne dêr net ienriedich oer. Der is wol bewiis fan bewenning yn de 2e iuw n.Kr. By de Aldehou binne ferskillende dingen fûn út de tiid dat de Romeinen yn Fryslân wienen. Der binne houten peallen fûn dy't by in trije meter breed bouwurk hearden. It bouwurk wie makke fan plaggen en hout en wie ornearre as skuorre of wente. Oare peallen dy't fûn binne hearden by in 5 meter lang hûs út de twadde of tredde iuw n.Kr. Der binne noch mear fynsten út de Romeinske tiid. Troch tolve fibula's dy't fûn binne kin der sein wurde dat der doe aardich wat rike minsken op dat plak wennen. Neffens de Romeinske hierspjelden en ferskate Romeinske munten kin fêststeld wurde dat der hannel west hat tusken de bewenners fan de trije terpen en de Romeinen. De measte minsken wurken op it lân of wienen fisker. Der wienen trije terpen. Fan in stêd mei de namme Ljouwert sa't dy hjoed-de-dei bekend is wie doe noch gjin sprake. Troch it Grutte Folkeferfarren en driging fan de Middelsee ferlieten de minsken de terpen en setten har earne oars nei wenjen.
Midsiuwen
Iere midsiuwen
Ierdewurk út de fyfte iuw is it bewiis dat minsken wer weromgongen nei de terp Aldehou. Ut archeologysk ûndersyk docht bliken dat dêr om it jier 500 wer huzen boud waarden. In weintsjil dat fûn waard is wierskynlik út dy tiid. De trije terpen lizze apart fan inoar en ha gjin bysûnder funksje. It liket der net op dat der wer rike minsken wennen sa't dat yn de Romeinske tiid wie. De fynsten dy't dien binne ferwize nei simpele bouwurken. Omdat der te min hout wie om mei te bouwen waarden de huzen foar de helte yn de grûn útgroeven. Dêrneist waarden in protte plaggen brûkt foar de bouwurken. Oare terpfynsten, lykas dy fan de saneamde keningsterp fan Winaam, wienen folle spektakulêrder. Ljouwert wreide him earst yn de njoggende iuw út as hannelsplak.
It gearranen fan de terpen
De âldste namme fan de stêd Ljouwert is oerlevere yn in akte út de 8e iuw. It giet om in dokumint fan it kleaster Fulda dêr't in 'villa Lintarwde' yn neamd wurdt. Pas yn 1190 woeksen de trije terpen ta in gehiel, mar bleaunen formeel selsstannich. It plak wie doe noch in seestedsje. Mei it weiwurden fan de Middelsee yn de hege en lette midsiuwen waard Ljouwert in lânstêd. Neffens histoarikus Wopke Eekhoff waard de stêd kerstene om 800 hinne, doe't it Fryske Ryk definityf ynlive waard by it Frankyske Ryk. Lykas as yn earder iuwen kamen Frankyske sindelingen de heidenske Friezen kerstenjen. Dêrby ferkundigen hja it evangeelje, ynstruearren nije geastliken, doopten minsken en der waarden tsjerken en skoallen boud yn de grutte mienskippen yn de Fryske lannen. Sa krijt Ljouwert om 800 hinne in tsjerke en skoalle. By de Aldehou, dat ûnder it kleaster Corvey yn Dútslân foel, stie yn de tolfde iuw al in tsjerke foar de hillige Vitus. Yn akten út de fjirtjinde iuw stiet de Sint-Vitustsjerke fan de Aldehou ûnder de namme Liiewardensis. Yn 1285 stie Ljouwert al as stêd neamd yn in Dútske hannelsakte. Tusken 1200 en 1300 kaam de Middelsee drûch te stean en it ûntbrekken fan in haven wie min foar de hannel. It lân om de stêd hinne waard doe fan grutter belang foar de hannel. Ut in oarkonde fan it jier 1333 dogge twa dingen bliken. Foarst, Ljouwert wurdt as in tsjerklike ienheid. Twads, de tsjerklike ienheid hat net de name Ljouwert mar Nijehouwe. Yn 1392 joegen de gritenijen om de stêd hinne it foech fan rjochtspraak oan de Ljouwert.
Fúzjeferdraggen
Ljouwert wie yn 1333 in tsjerklike ienheid en der mocht sûnt 1392 rjocht sprutsen wurde. Lykwols wie Ljouwert, om 1400 hinne, formeel gjin ienheid. Der binne seis oarkonden ta de oprjochting fan de stêd Ljouwert. De earste oarkonde is in beslút tusken it lânsbestjoer fan Westergoa en Eastergoa.
It offisjele beslút ta de feriening fan Ljouwert, Aldehou en Hoek (3 augustus 1426). Naam troch it lânsbestjoer fan Westergoa en Eastergoa (skreaun yn it Aldfrysk)
“ | Alle da jene der dit breeff scellet sian jeffta herat lessen so dwa wij Pyba to da Fliete ende Doya Abingha gretmane in Woldenzeer dele. Fecka Tybisma ende Eeta inder Humerze. greetmane in Waghenbrugger dele. ende die mena reed der steddena. Als Starem. Hyndalepem. Waldercom Herlenze Bodelswert Sneke Slaete ende Dockem ende die mena reed wt Astergo ende wt Westergo der nv for gaderet is to Boldelswert kud ende epenbere. dat wij menelike wr een dreyen send ende ws goed thyngt, dat da riocht ende da steda wel wr een se. so habba wij ordineret ende set. dat Alda houwe ende al dat der bynna der sted grefft to Liowert is ende dien Hoek der to Liowert to tszierka heert scel waza onder een stat riochte to Liowert ende aldeer to riochten ende den mysdedeghe to pyneghien ghelicc bynna der sted riochte om dat ma den arma die bet mey byschiirma ende den my[sd]edegha by riochte ende den ferde sterkie
Ende wer dat secke dat emma hiir to jens waza wolde iefta clagia wolde die scelt(?.) . . ma in ws fors. so wolla wij tale ende andert hera. wanneer dat dekariocht in Liowerder dele ende nyoghende riocht wrgader[eth] es ende eer naet ende dela wiit fors. danne weer wr bec der by scelt wt gaen jefta hoe wiit dan schycket ende ordineriet [mit twi]ra tale Dit by fale wij fors. wt [e]lcka dele ende stedem by sonderlinga by twintega merkem stede ende feste to halden. ln o[rcond]e disser weerheyt so habba wy vse [si]gelen ende secreten vp die spacie des brieffs thracht. der ws namaen der by screwe[n s]taed. lnt jeer ons Heren dusentfiowerhundert XXVI des snyondes ney sente Peter vincula dey[1] |
” |
Der folgen noch in pear oarkonden. Mei twa ferdraggen dy’t beide ûndertekene binne op 21 jannewaris 1435 waard de stêd formeel ien gehiel. Ta eare fan dy dei wie der yn 1935 in betinking fan 500 jier Ljouwert.
It ferdrach tusken de deken fan de Aldehou oer de feriening fan dy bûtenbuert mei de stêd Ljouwert (skreaun yn it Aldfrysk):
“ | ln den nama Godis amen In da jere vses Herens da ma screef thusent CCCC ende XXXV vp sunte Agneta dey worden ferenighet ende vergaderet dio sted van Liowert ende Aldahowestra myth hiara tobiheer myth bischeede als hier ney scriowen steet Int aerste thet thio sted ende Aldahowestra schilleth wessa onder een sted riucht ney inhald der sted wilkeren der nw synt iefta deerma hier ney vm nrarra netticheet makia mochte ende dyt in thet ioghe tho duriane Item so schil dio sted van Liowerd alle sacka om tiaen der hia by leyd habbeth eer datum thissis brewis ende Aldahowestra des ghelika elkerliik buta oders schaada Item so schilleth Aldahoustra scadeloes wessa van brek iefta fellighem derma hiarem of aeskia mochte thet hia naet eer in thet buer riuchte ghynzen synd ltem wert ther enigh burgher wt thisse forscr. sted riucht birawet iefta misdeen buta syner schild thet schil dio heele meente kera bynna fiowerteen nachtem iefta den haena schilma siin goet een schet bitalia van der forscr. meente Item so schilma neen koyt haghera bruka twiska Helligha missa ende Maya dey des wynters den inbrowen biaer by pena van ener merk enda bida bare Item neen Hollandera schilma ontfaen foer een burgher neen riocht to ferane ende neen alderman mey to tziazana Thisse forscr. punten schilma halda bida gaerlegher In een orkund der weerheits o had dio sted van Leowerd thit breef bisighelat mit des steddis sighel ende om marra festicheet so had her Jouka ws persona to Alda howe ende her Johan decken dyt breef meede bisighelat myt hiara sighelem vm Aldahoustra beede wilia In da jere vses Herens als vorscr. Is [2] | ” |
It ferdrach mei Piter fan Kamminga oangeande de feriening fan Hoek mei de stêd Ljouwert (skreaun yn it Aldfrysk):
“ | In den nemma Goedes amen In da jere daeme schriaw tusend fiouwerhundert ende XXXV op sinte Agnieta dey warden foerenighet ende foergaedert dyoe sted fan Lyowert ende Peter Kammyngha mit aldae hofstede toe Kamingha bure ende syne kynden ende syne kyndes kynden deer op der foers. hofstede wenheftich synt mit dae ynra Hoeck en de Aesterpstera mit al ducka byschede als hijr ney scriowen steet In dat aersted at dy sted ende Peter mitter hofstede foers. mitter ynra Hoeck en de Aesterpsera schillet wessa onder een stedriucht ney inhald der sted wilkeren dier nu sint jef dierma hier neymels om mara netticheit mettija mey dit schil durya in dat ioeghe Ende weert dat dyoe sted ende Peter ende syne kynden als foers. is enighe twidracht foel dat schillet kanna dy personna tij dae Alda howe ende dy personna tij dae Nye houwe ende dy alderman der sted fan Lyowerd Item jef Peter ende syne kynden als foers. is enigha secka toe foelen fan partije weyna hyae dat om toe tyaene buta der sted schaede In een weerheed dissis breuis soe hab ick Peter foers, foer my ende myne kynden dit brief bisighelet Ende om een mara festicheed so habbet dy personna toe dae Alda houwa ende dy persona toe dae Nyehouwe dit brieff mede bysigelet om mynes bedes willa In dae jere vses Herens als foers. is[3] | ” |
Stedsrjochten
Mei de fúzjeferdraggen fan 1435 krige Ljouwert stedsrjochten fan de bestjoerders fan de Fryske lannen [4]. Lykwols krige Ljouwert yn 1531 op ‘e nij stedsrjochten, diskear fan keizer Karel V fan it Hillige Roomske Ryk.[5]
Skieringers en Fetkeapers
Om 1400 hinne wie der benammen yn Westlauwersk-Fryslân striid tuskende Skieringers en Fetkeapers. Oer it generaal wienen de Skieringers fan it plattelân, Ljouwert wie ien fan de sintra fan de Fetkeapers. Troch de partijstriid moasten der yn Ljouwert nije ferdigeningswurken komme.
Frysk ferset
Yn Ljouwert wie de Hollânske ynfloed al yn de 15e iuw te merkbiten. Dat oppenearre him yn it fúzjeferdrach mei de deken fan de Aldehou wêryn’t eksplisyt neamd wurdt dat it foar Hollanners net tastien is om harren yn de stêd nei wenjen te setten. De Skieringer Hessel fan Martena frege help fan Albrecht fan Saksen om in ein te meitsjen oan de partijstriid tusken Skier en Fet. Yn 1498 waard Fryslân oerweldige troch Albrecht fan Saksen. Ljouwert waard doe it bestjoerlik sintrum fan Westlauwersk Fryslân en de Grinzer Ommelannen. Edzard de Grutte fan East-Fryslân hie ûnder de haadlingen fan Westlauwersk-Fryslân en Grinslân in grutte oanhing [6]. Hy makke himsels beskermhear fan Grins. Albrecht fan Saksen murk dat Edzard de Grutte ek yn Ljouwert oanhing hie en liet dêrom yn 1512 twa foaroansteande Fryske eallju yn Ljouwert ûnthalzgje.
Stedsgrêften
- De Wikipedy hat ek in side Stedsgrêft (Ljouwert).
It wolfarrende Ljouwert moast wol beskerme wurde tsjin fijannen. Dêrom waard om de stêd hinne in grêft groeven en der waard in wâl opsmiten. Dy ferdigeningswurken binne letter, doe't se oerstallich waarden, ôfbrutsen of ta plantsoen makke. De grêften yn de binnenstêd binne op dy fan de Nijstêd, Foarstreek, De Tunen, de Weaze en it noardlike diel fan it Schavernek nei allegear dimpt. De grêften dy't dimpt binne betreffe û.o. dy fan Iewâl, Twibaksmerk, Nijebuorren, Grutte Tsjerkestrjitte, en De Alde Hearegracht (saailân). Yn de 19e iuw ûntstienen de earste wiken bûten de stedsgrêft.
Renêssânse
Albrecht fan Saksen krige Fryslân ûnder syn bewâld fan de keizer fan it Hillige Roomske Ryk. Yn Ljouwert kaam it Hof fan Fryslân dy’t him dwaande holdt mei bestjoer en rjochtspraak. Dat kolleezje krige yn 1571 in eigen hinnekommen, de Kânselarij. Yn dy tiid waard Ljouwert it haadplak foar it tsjerklik gesach. De Sint-Vitustsjerke waard it plak fan de deken en de wichtichste tsjerke yn Fryslân. Alle lânshearen en steedhâlders, dy’t sûnt 1515 yn ‘e slach wienen, waard ynhuldige yn dizze tsjerke. Nei de ferovering troch Georg Schenck fan Toutenburch, tsjinstfeint fan Karel V yn 1524 waard Ljouwert de haadstêd fan it Hearlikheid Fryslân. Yn 1559 waard Ljouwert it haadplak fan it bisdom Ljouwert dat doe oprjochte wie. De Byldenstoarm begûn op 6 septimber 1566 yn Ljouwert, de ynwenners hienen har nocht fan de katolike tsjerke. De stêd bleau ynearsten trou oan de kening fan Spanje, wylst Frjentsjer en Starum in pear moannen in kalvanistysk bestjoer hienen oant Spaanske soldaten it gesach werombrochten. Yn febrewaris 1579 kaam de befolking fan Ljouwert, Harns en Starum yn ferweech tsjin de Spaanske kening; yn maart slute de Fryske stêden har oan by de Uny fan Utert. Cuneris Petri, sûnt 1569 de iennichste biskop fan it Bisdom Ljouwert, moast nei by de kalvanistyske machtsoername in skoftsje yn de finzenis Ljouwert en doe’t er frijkaam ferliet er Fryslân en kaam nea werom. Mei de Sint-Vitustsjerke waard net folle mear dien en fertutearze, it bouwurk waard yn de jierren 1595 en 1596 ôfbrutsen.
Steedhâlders
De nije Fryske machthawwers yn de tiid fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen wienen de Fryske nassaus dy’t harren wenstee yn Ljouwert hienen. De Fryske nassau’s wienen steedhâlder fan Fryslân en Grinslân. De ferneamdste steedhâlder yn Fryslân wie Willem Loadewyk fan Nassau, dy’t de Friezen ek wol ús heit neamden. Yn de sechtjinde en santjinde iuw groeide it ynwennertal fan de stêd fan 5.000 om 1500 nei 16.000 yn 1650 [7] . Ljouwert wie ien fan de tsien wichtichste stêden yn Nederlân. Bouwurken út dy tiid dy’t der hjoed noch stean binne de Kânselarij (dêr’t rjocht sprutsen waard), it Steedhâlderlik Hôf, de Waach (as sintrum fan de hannel), en de Aldehou mei syn brike toer. Yn 1748 waard Willem IV steedhâlder fan alle gewesten. It Steedhâlderlik Hôf, en ek it paleis yn It Oranjewâld, waarden net langer mear bewenne troch de Fryske steedhâlders. [8]
Patriotten
Yn de tachtiger jierren fan de 18e iuw ûntstie troch de ekonomyske delgong de patriottebeweging. De patriotten krewearren foar bestjoerlike ferbettering likegoed as foar herfoarming. Court Lambertus fan Beyma wie de lieder fan de Fryske patriotten. Yn 1787 frege Willem V help fan de Prusen, dy kamen manmachtich nei Nederlân om Willem V te helpen. De patriotten flechten om utens. Yn 1795 foelen Frânske revolúsjonêre troepen de Republyk binnen. Yn de Frânske tiid wie Ljouwert de haadstêd fan it Departemint fan de Iems (rûchwei Fryslân en Grinslân), letter waard dat it Departemint Fryslân. Dêrmei kamen de patriotten werom. Radikale patriotten skeinden en plonderen de grêven fan de steedhâlderlike famylje yn de Ljouwerter Grutte Tsjerke. Hja fuotballen mei de skedels fan de Fryske Nassaus. Yn it Blokhûs liet it nije bestjoer de top fan it âlde regintelaach opslute yn it Ljouwerter blokhûs. Troch de patriotten waard Nederlân in ienheidssteat en sa gong in grut part fan it bestjoerlik foech fan Ljouwert nei De Haach. [9]
Ynfrastrukturele ûntjouwings nei 1825
Yn de 19e iuw waarden de ferbinings fan de stêd ferbettere. Yn 1827 begûn it ryk mei de oanlis fan strjitwegen fan Ljouwert nei Oerisel en nei Grins, Harns, Snits en De Lemmer. Yn de twadde helte fan de 19e wurde de ferbinings mei oare stêden/kriten ferbettere. Der waarden nije kanalen groeven en Ljouwert krige ferskillende treinferbinings. Fan de sudergrêft by de Emmakade lâns en by de hjoeddeistige Ljouwert jachthaven nei it suden ta waard it Nije Kanaal yn novimber 1895 iepensteld.[10] It Nije Kanaal wie nedich omdat de Potmarge (farwetter noardlik fan Huzum) as wetterferbining mei de Tynje en Greuns net mear foldie. It Nije Kanaal ferbûn Ljouwert mei Garyp en wie sa ferbûn mei it grutte farwetter fan de stêd Grins nei De Lemmer en Starum.[11] Yn oktober 1863 waard de treinferbining tusken Harns en Ljouwert iepene. Yn maaie 1866 folge de treinferbining mei Grins. Yn septimber 1868 ried de earste trein fan Ljouwert nei It Hearrenfean. Mei de ferbining nei It Hearrenfean ta wie Ljouwert ferbûn mei it treinferkear yn it suden.
Tusken Harns en Ljouwert rûn foar 1950 de Harnzer Trekfeart. Dizze waard ferbrede en ferdjippe ta it Van Harinxmakanaal. It Van Harinxmakanaal wie yn 1951 klear. Yn septimber 1999 waard de sneldyk A32 offisjeel iepensteld. De A32 ferbynt Ljouwert mei It Hearrenfean en Swol. [12] Yn 2003 waard besletten om de Wâldwei om te bouwen ta in fjouwerstrooks autowei mei skieden rydbanen. Op 31 oktober 2007 koe it ferkear foar it earst oer it hiele trajekt gebrûk meitsje fan fjouwer rydstroken.[13] It weiferkear oer de Waadseewei nei Harns ta koe fan 1983 ôf oer in fjouwerstrooks sneldyk, de A31, ride.[14] De Waadseewei fan Harns-Ljouwert en de Wâldwei Ljouwert-Drachten binne ûnderdiel fan de Rykswei 31.
Twadde Wrâldkriich
Op 10 maaie begûn de Twadde Wrâldkriich mei de Dútske ynfaazje yn Nederlân. Op 11 maaie wienen de earste Dútsers al yn Ljouwert. Ien fan 'e wichtichste foarfallen yn it Ljouwert fan ûnder de besetting wie de oerfal op it Hûs fan Bewar, wêrby't 51 fersetslju befrijd waarden sûnder dat der in skot lost waard.
Joadske mienskip fan Ljouwert
- De Wikipedy hat ek in side Joadske gemeente Ljouwert.
Foar de kriich hie Ljouwert in aardich grutte Joadske mienskip. 800 Joadske flechtlingen dy’t út Kamp Westerbork wei nei Louwert brocht wienen waarden goed opfongen yn de stêd. Ein maaie waarden de Joaden troch de Dútsers weromstjoerd. Nei de kapitulaasje fan Nederlân krige Ljouwert stedsbestjoer ûnder tafersjoch fan de Dútske besetter. Yn Ljouwert kamen antisemityske wetten, lykas yn de oare besette gebieten. Op 23 novimber 1940 waard de Ljouwerter wethâlder J. Turksma ûntslein, lykas oare Joadske amtners. Yn oktober 1941 mochten Joadske leararen en learlingen net langer mear nei in iepenbiere skoalle, ynstee dêrfan moasten se nei in spesjale Joadske skoalle. De earste razzia n Ljouwert wie op 11 april 1942. Suver alle Joaden dy’t oppakt waarden wienen strafber neffens de nije diskriminearjende maatregels dy’t it bestjoer sûnt de maitiid fan 1941 ynfierd hie. Koart dêrnei, op 29 april waard it libben fan de Ljouwerter Joaden noch dreger en ferfelender makke omdat se in joadestjer drage moasten. De Joaden moasten Ljouwert ferlitte fan de Dútsers. Dêrtsjin wie gjin fûl protest. It tal Joaden yn Ljouwert wie likernôch in oardel persint fan de folsleine befolking. De Joaden hienen net folle kontakt mei de Friezen en de Friezen leauden net sa bot oan de ferhalen oer de Joaden. Guon Joaden wachten de arrestaasje fan de Dútsers net ôf. Lykas de tûke Ljouwerter gemikus dr. George Stephan de Kadt, dy’t in wichtige rol hie by de ûntjouwing fan it Koöperative Kondensfabryk Fryslân, de foarrinder fan Friesche Vlag. Hy fergiftige himsels, syn oarehelte Bertha Davids Polak en syn fjouwer bern ûntkamen oan de arrestaasje. De lêste Joaden waarden yn maart 1943 twongen om nei de grôtfolle getto’s yn de Ranestêd te gean. Mar 235 fan de 852 Fryske Joaden oerlibbe de Twadde Wrâldkriich. It grutste part dêrfan wenne yn Ljouwert. Harns, De Gordyk, Snits en De Lemmer hienen lytse Joadske mienskippen. Nei de kriich kamen de Joaden werom mar troch it lytse oantal wienen de Joadske mienskippen net mear sa as foar de Twadde Wrâldkriich. De Synagoge wie net skansearre troch de kriich, en waard yn 1948 wer brûkt. It bouwurk wie lykwols te grut en der is letter in dûnsskoalle yn kaam. In part fan e rituele foarwerpen hat it jeugddoap Kfar Batja yn Israel yn 1964 krigen. De rest krige it Joadsk Histoarysk Museum yn 1986. Foar de eardere Joadske skoalle oer is yn 1987 in monumint kaam. It plak wurdt noch hieltyd brûkt foar betinkings.
Fliegerhorst Ljouwert
- Bou
Foar de Twadde Wrâldkriich wie der al in fleanfjild op it plak dêr’t hjoed de dei de Fleanbasis Ljouwert te finen is. De Fryske Loftfeartferiening waard yn 1934 oprjochte. Mei 260.000 gûne oan subsydzje koe der in fleanfjild oanlein wurde. Yn 1938 waard tusken 24 en 27 juny in grut feest holden by de iepening fan it fleanfjild. It fleanfjild wie noch net grut. Foar de fleanmasinen wie der in kreas meande greide fan 800 by 880 meter, in lyts stasjonsgebou en in wente foar de havenmaster. Nettsjinsteande de grutte fan it fleanfjild kaam der elke dei in KLM Lockheed L-10 Electra. Mei de mobilisaasje kaam der in peloton soldaten op it fleanfjild, en op elke hoeke fan it fleanfjild waard in masinegewear delset. Der wie foar de kriich net safolle te rêden op it fleanfjild, in Dútske Heinkel yn 1939 wie it iennichste bysûndere barren. Doe’t op 10 maaie 1940 de Twadde Wrâldkriich yn Nederlân begûn waard de grûn omdolle troch lânboutrekkers sadat der gjin fleanmasine mear lane koe. Der wie net folle ferset tsjin de Dútsers, op 11 maaie wie der al in offisier fan de Luftwaffe op it fleanfjild. De Dútsers hienen grutte plannen foar it fleanfjild. Yn augustus 1940 wurken likernôch 7500 minsken oan de útwreiding fan it fleanfjild. De Friezen dy’t troch de ekonomyske ressesje gjin wurk hienen of mar in bytsje jild krigen foar it wurk dat se dienen, koenen op de fleanbasis oan it wurk en krigen dêr gâns better foar betelle fan de Dútsers. Der waard barakken boud, hangars boud en startbanen oanlein. It pún fan it bombardemint op Rotterdam waard brûkt foar de ûnderste laach fan de startbaan. Doe’t yn 1942 it haadgebou ree wie, dêr’t in oersichtskaart hong fan seis by fiif meter, wienen de wichtichste bouwurken klear. By loftoanfallen waard der net boud. De arbeiders sieten dan it leafst oerelang op in feilich plak. Guon oannimmers sabotearren it bouproses. Ien fan dy minsken, Sjoerd Verhoeve, stoar yn de finzenis.
- Flechten
Foar de Slach om Ingelân (Grut-Brittanje) en operaasjes boppe de Noardsee wie de fleanbasis fan strategysk belang foar de Dútsers. Op 28 july 1940 wie it earste alliearde bombardemint dêr’t Theunis Stroop fan Berltsum by dearekke. De oare deis rekken acht Fryske arbeiders dea by in bombardemint op de fleanbasis. Op 29 juny 1940 waard de fleanbasis foar it earst brûkt foar operasjonele missys. Der waarden 40 Messerschmitt Bf 109's en in stikmannich Messerschmitt Bf 110's delset. Yn 1940 kamen dêr 40 Heinkel He 111 bommewerpers by. In skoftsje ha der ek noch wat Focke Wulf 190's stien. Mei technysk personiel wienen der goed 1500 man oan it wurk by de Fliegerhorst. Yn it earstoan waarden der missys flein foar de Slach om Ingelân. Doe’t de alliearden sterker waarden, sawol op ‘e grûn as yn ‘e loft, waard de Fliegerhorst Ljouwert it doel fan alliearde bombardeminten. De piloaten fan de Fliegerhorst krigen sa in defensive ynstee fan offensive rol. Fan july 1941 ôf wienen de Dútske piloaten fan de Fleanbasis Ljouwert tige súksesfol en skeaten aardich wat alliearde fleanmasinen út ‘e loft. Meiïnoar sa’n 400 alliearde fleanmasinen út ‘e loft sketten, wêrfan de helte boppe de see. Der binne aardich wat begraafplakken yn Fryslân dêr’t alliearde piloaten te hôf brocht binne.
- Bombardeminten
Yn ‘e rin fan de kriich is de fleanbasis ferskate kearen bombardearre. Op 25 jannewaris 1944 waarden 44 bommen goaid, mar it grutste bombardemint wie op 24 febrewaris 1944. 46 Martin B-26 Marauder bommewerpers wurpen meiïnoar 1189 bommen ôf. 700 dêrfan kamen del op de Fliegerhorst. De oare bommen foelen yn ‘e omkriten del, wêrby’t yn Bitgum in pear boargers dearekken. Op de basis stoaren tsien Dútsers. Op de fleanbasis baarnden in tal hangars en jachtfleantugen ôf. Der waarden finzenen twongen om de fleanbasis wer brûkber te meitsjen foar de Dútsers. Yn ‘e moarntiid fan 17 septimber 1944 wie de fleanbasis wer it doel fan alliearde bombardeminten. 51 Lancaster bommewerpers wurpen in bommelading fan 214,3 ton ôf. Fan dy bommen kamen der yn pear yn Bitgummole del, dêrby rekken sân boargers dea. Nei de oanfal bleaunen de nachtjagers net langer yn Ljouwert. Yn maart 1945 ha de Dútsers nochris besocht om de fleanbasis te reparearjen. Der waard grute dat der in keppel parasjutisten efter de fijânlike liny’s dropt wurde soenen. Dy kamen net. De Dútsers lutsen har werom nei Dútslân en namen alles wat se noch brûke koenen mei. Twa dagen foardat de alliearden de stêd befrijden waard blaasden de Dútsers de rest fan de fleanbasis op. Der waard himmele troch in mannichte Ljouwerters dy’t it restmateriaal fan de fleanbasis sels skoan brûke koenen.
- Ein fan de kriich
Oan ‘e ein fan de kriich hienen de Dútsers materiaal en manskappen brek. Op 10 juny 1944 waard it fleanfjild by Bergen sletten, it materiaal gong nei Ljouwert. Yn septimber 1944 wienen de alliearden de baas yn ‘e loft boppe Fryslân. Fan de fleanbases Ljouwert en Bergen stoaren meiïnoar 72 piloaten. In fearnspart dêrfan is yndie troch de fijân delsketten, mear as de helte stoarte del troch motorpech of in oar ûngemak.
Referinsjes
- ↑ P . Sipma,Oudfriese Oorkondenden, diel2 , De Haach, 1933, side 15 Nederlânsk
- ↑ P . Sipma,Oudfriese Oorkondenden, diel2 , De Haach, 1933, side 27/28 Nederlânsk
- ↑ P . Sipma,Oudfriese Oorkondenden, diel2 , De Haach, 1933, side 28 Nederlânsk
- ↑ Skiednis fan Ljouwert op bertsgeschiedenissite.nl Nederlânsk
- ↑ Stadsrecht van Leeuwarden op de webside fan it Histoarysk Sintrum Ljouwert Nederlânsk
- ↑ Edzard Cirksena - bouwer fan in Fryske steat kanon fan de Fryske skiednis
- ↑ Skiednis fan Ljouwert op bertsgeschiedenissite.nlNederlânsk
- ↑ De Friese stadhouders uit het huis Nassau en hun residentie-verblijven op de webside fan it Fryske Genoatskip Nederlânsk
- ↑ Fryslân yn beroering kanon fan de Fryske skiednis
- ↑ Emmakade op de webside fan groetenuitleeuwarden.nl
- ↑ Histoarysk Sintrum Ljouwert De uitbreiding der stad naar het zuiden
- ↑ Iepenstellingsskiednis fan de A32 op 'autosnelwegen.nl'
- ↑ Infrasite.nl De Wâldwei
- ↑ Iepenstellingsskiednis fan de A31 op 'autosnelwegen.nl'