Springe nei ynhâld

Martin B-26 Marauder

Ut Wikipedy
Martin B-26 Marauder


Rol Middelswiere bommesmiter
Makker Glenn Martin
Earste flecht 25 novimber 1940
Yn tsjinst 1941
Ut tsjinst
Tal makke goed 5.200 (1941–1945)
Brûkers United States Army Air Forces, Frije Frânske Loftmacht
Royal Air Force
Súd-Afrikaanske Loftmacht
Priis it stik $102,659.33/B-26A
Farianten
In Martin B-26C

De Martin B-26 Marauder is in Amerikaanske twamotorige middelswiere bommesmiter. De earste flecht wie op 25 novimber 1940. It tastel waard foar it earst ynset yn Oseaanje, mar letter ek foar missys yn it Noard-Afrika, it Middellânske Seegebiet en yn West-Jeropa.

Yn it earstoan barden der in protte ûngemakken by de start en lânings mei de B-26 en krige it tastel de bynamme "Widdomakker". Under mear wie de lâningsfaasje heech (193 oant 217 km/o) wêr't de fleanders net oan went wiene. De B-26 waard in feiliger fleantúch doe't de bemanningen fannijs treent wiene en nei't in tal aerodynamyske ferbetteringen tapast wiene, ûnder mear it fergrutsjen fan de fleugelspanwiidte en in gruttere stabilisator en rjochtingsroer. Oan de ein fan de oarloch wie de Marauder de bommesmiter fan de USAAF mei de lytste ferliezen.[1]

Totaal waarden der 5.288 fan makke tusken febrewaris 1941 en maart 1945; 522 dêrfan fleagen by de Royal Air Force en de Súd Afrikaanske Loftmacht. Tsjin de tiid dat de United States Air Force selsstannich kriichsmachtûnderdiel waard yn 1947, los fan it leger, wiene alle Martin B-26s al út tsjinst helle. De Douglas A-26 Invader krige doe de oantsjutting B-26 — foar't dy yn maaie 1966 syn eardere beneaming "A for Attack" werom krige.

Technyske gegevens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De B-26 fan trije kanten besjoen
Gegevens B-26G
Bemanning 7
Langte 17,22 m
Spanwiidte 21,65 m
Hichte 6,20 m
Fleugeldraachflak
Gewicht leech 11.500 kg
Startgewicht 17.300 kg
Topfaasje 455 km/o op 1530 m
441 km/o op 4572 m
Fleanberik 1760 km
Tsjinstplafond 6040 m
Oandriuwing twa Pratt & Whitney R-2800-43-Double-Wasp-
dûbelstjermotors fan 1920 hk it stik
Bewapening alve 12,7-mm-Browning M2's,
1815 kg bommen

Ferlykbere tastellen wat ûntwerp en rol oanbelanget:

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ethell 1995, s. 243.