Springe nei ynhâld

De Havilland Mosquito

Ut Wikipedy
De Havilland Mosquito


Rol Mearsidige gefjochtsfleanmasine
Makker De Havilland
Haadûntwerper Ronald Eric Bishop
Earste flecht 25 novimber 1940
Yn tsjinst 1941
Ut tsjinst 1956
Tal makke 7.781 (1940-1950)
Brûkers Loftmachten fan 20 lannen
Farianten FB Mk.VI,FB Mk.XVIII,FB Mk.26,FB Mk.40, T Mk.III,T Mk.43,TR Mk.33,TT Mk.39,TT Mk.35
In Mosquito wurdt reemakke foar in misje

De de Havilland DH.98 Mosquito wie in Britsk multi-role gefjochtsfleanmasine dy't tsjinne yn de Twadde Wrâldkriich en ek noch in skoft dêrnei. De Mosquito wie ien fan mar in pear operasjonele fleanmasines dy't benei hielendal fan hout makke wie, fan multipleks. It besoarge it tastel de bynamme 'It houten wûnder' ( "The Wooden Wonder").[1] De bemanningen joegen it tastel de flaainamme "Mossie" [2] Oarspronklik waard it tastel ûntwurpen as in flugge bommewerper sûnder bewapening, mar de Mosquito waard yn de oarloch foar tal fan oare rollen oanpast, sa as: taktyske bommesmiter foar lege en middelbere hichten, nachtbommesmiter foar hege hichten, paadwizer, dei- as nachtjager, jachtbommesmiter, marinefleantúch en foto-ferkenningsfleanmasine. De BOAC brûkte it ek as transporttastel.[3]

Doe't de Mosquito yn 1941 yn produksje gie, wie it ien fan de fluchste operasjonele fleanmasines fan de wrâld.[4] Yn 1942 waard it op grutte skaal operasjoneel, yn it earstoan as fotoferkenner, in rol dy't it de hiele kriich troch ek hâlde soe. Fan mids-1942 oant mids-1943 waarden Mosquito's brûkt foar oanfallen op lege en middelbere hichten op fabriken, spoarwegen en oare frijwat lytse doelen yn Dútslân en yn troch de Dútsers besette gebieten. Sûnt neijier 1943 waarden Mosquitobommesmiterienheden foarme foar de Light Night Strike Force in ienheid fan pathfinders dy't foar RAF Bomber Command syn swiere bommesmiters doelen opsochten en markearren. Somtiids fleagen sy spesjale missys mei 1.812 kg "Cookies", bliksemaksjes op grutte hichte dêr't de Dútske jagers machteleas foar oer stienen.

Fanôf mids-1942 waard Mosquito as nachtjager ynset tsjin oanfallen fan de Luftwaffe op it Feriene Keninkryk, sa as yn gefal fan it Dútske loftoffensyf, Operaasje Steinbock, yn 1944. Yn dy rol waarden letter ek Dútske fleanfjilden oanfallen en waarden de swiere RAF-bommewerpers eskortearre, sadat lang sa folle fleantugen net mear ferlern giene yn 1944 en 1945.[5] As jachbommewerper fan de Second Tactical Air Force die de Mosquito mei oan "special raids", sa as de oanfal op de finzenis fan Amiens ier 1944 en yn oare presyzjeoanfallen op in Gestapogebou yn Oslo of Dútske ynljochtinge- en feilichheidstsjinsten. 2 TAF Mosquitos spilen in wichtige taktyske rol by it steunen fan it Britske leger yn de kampanje yn Normandje (1944). Fan 1943 of waarden Mosquitos ek troch RAF Coastal Command ynset foar it oanfallen fan Kriegsmarine-U-Boaten (benammen yn 1943 by in offinsyf yn de Golf fan Biskaje, doe't ferskate ûnderseeërs ferneatige as skansearre waarden) en foar it ûnderskeppen fan transportskippen. Teffens wienen se súksefol by it bestriden fan V-1's (Sjoch V-wapens).

De Royal Air Force (RAF) en in protte oare loftmachten brûkten it tastellen op de Europeeske slachfjilden, yn Itaalje en it Middellânsk seegebiet, Heine Easten en Noard-Afrika. De RAF brûkte de Mosquito ek yn Sina, Burma, Yndia, en de Royal Australian Air Force (RAAF) mei bases op Maluku-eilannen en Borneo fjochte mei de Mosquito yn de Pasifyk.

DH.98 Mosquito F Mk II

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Mosquito FB Mk 40 A52-50 yn 1949
  • Bemanning: 2: piloat, navigator/radar
  • Lingte: 13.57 m
  • Spanwiidte: 16.52 m
  • Hichte: 5.3 m
  • Wjukoerflak: 42.18 m²
  • Gewicht leech: 6.058 kg
  • Gewicht mei lading: 8.028 kg
  • Maks. startgewicht: 8549 kg
  • Oandriuwing: 2 Rolls-Royce Merlin 21/21 of 23/23 (lofts/rjochts) floeistofkuolle V12-motor, 1480 hk it stik
Prestaasjes
  • Maks. snelheid: 610 km/o op 8.500 meter
  • Fleanberik: 1500 km mei 1862 liter brânstof
  • Plafond: 8.839 m
  • Klimfaasje: 8,8 m/s
Navigaasje
  • AI Mk IV of Mk V radar (NF farianten
Bewapening)

DH.98 Mosquito B Mk XVI

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Mosquito P.R.34
Mosquito P.R.34
  • Bemanning: 2, piloat, bommerjochter/navigator
  • Lingte: 13,57 m
  • spanwiidte: 16,52 m
  • Hichte: 5,3 m
  • Wjukoerflak: 42,18 m²
  • Gewicht leech: 6.490 kg
  • Gewicht mei lading: 8.210 kg
  • Maks. startgewicht: 11.000 kg
  • Oandriuwing: 2 Rolls-Royce Merlin floeistofkuolle V12-motor, 1.710 hk it stik
Prestaasjes
  • Maks snelheid: 668 km/o op 8500 meter
  • Fleanberik: 2.400 km mei maks. bewapening
  • Plafond: 11.000 m
  • Klimfaasje: 14,5 m/s
  • Belêsting: 195 kg/m²
Oar

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Price 2009, s. 3.
  2. Hanson, Dave. "deHavilland DH 98 Mosquito." warbirdalley.com. Sjoen: 21 augustus 2011.
  3. Sharp and Bowyer 1971, s. 338.
  4. Bowman 2005, side 21.
  5. Hastings 1979, s. 240.