Springe nei ynhâld

Amerikaanske Legerloftstriidkrêften

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan United States Army Air Forces)
Amerikaanske Legerloftstriidkrêften
United States Army Air Forces

flagge

rûndiel
algemiene gegevens
lân Feriene Steaten
ûnderdiel Amerikaanske Leger
soarte loftmacht
bysûnderheden
haadkertier Washington, D.C. (1941-1942)
it Pentagon (Arlington
    County
, Firginia) (1942-1947)
sterkte 2,4 miljoen man (1944)
80.000 fleantugen (1944)
aktyf 19411947
konflikten
Twadde Wrâldoarloch (1941-1945)

De Amerikaanske Legerloftstriidkrêften (Ingelsk: United States Army Air Forces; ôfkoarte ta USAAF) foarmen ûnder de Twadde Wrâldoarloch en de jierren fuort dêrnei de de facto loftmacht fan 'e Feriene Steaten. Feitliks makke dizze komponint fan 'e kriichsmacht doe lykwols noch diel út fan 'e lânmacht, it Amerikaanske Leger. De Amerikaanske Legerloftstriidkrêften waarden yn juny 1941 oprjochte as opfolger fan it eardere Amerikaanske Legerloftfeartkorps (United States Army Air Corps). Benammen yn 'e striid tsjin nazy-Dútslân spilen se neitiid in krúsjale rol. Yn 1947 waarden de Legerloftstriidkrêften omfoarme ta in selsstannich diel fan 'e Amerikaanske Striidkrêften: de Amerikaanske Loftmacht (United States Air Force).

De Amerikaanske Legerloftstriidkrêften waarden op 20 juny 1941 oprjochte út it foargeande Amerikaanske Legerloftfeartkorps (United States Army Air Corps). De nije organisaasje bleau lykwols in ûnderdiel fan it Amerikaanske Leger. De bedoeling fan oprjochting wie om 'e 'loftmacht' mear autonomy te jaan en obstakels foar in fluggere groei wei te nimmen. Behalven de fleantugen en piloaten fan it Amerikaanske Leger omfetten de Legerloftstriidkrêften ek de fleanfjilden en oare militêre ynstallaasjes en it grûnpersoniel, wat by it Legerloftfeartkorps net sa west hie.

In rekrutearringsposter fan 'e Amerikaanske Legerloftstriid-krêften.

It Amerikaanske Leger waard op 2 maart 1942 by presidinsjeel dekreet opspjalten yn trije ûnderdielen: de Legerloftstriidkrêften, de Legergrûnstriidkrêften en de Tsjinsten fan Befoarrieding, dy't yn 1943 omneamd waarden ta de Legertsjinststriidkrêften. Elts fan dy trije dielen stie ûnder befel fan in generaal dy't streekrjocht rapportearre oan 'e stêfsjef fan it Amerikaanske Leger. Yn it gefal fan 'e Legerloftstriidkrêften gie it dêrby om generaal Hap Arnold (1941-1946) en letter om generaal Carl Spaatz (1946-1947).

Fan 7 desimber 1941 ôf, doe't de Feriene Steaten troch de Japanske Oanfal op Pearl Harbor by de Twadde Wrâldoarloch belutsen rekken, ferfollen de Amerikaanske Legerloftstriidkrêften in rol fan krúsjaal belang yn 'e striid tsjin benammen nazy-Dútslân. Se wiene nammentlik it mei de Britske Royal Air Force belutsen by it Kombinearre Bombardemintsoffinsyf, wêrby't de Britten Dútslân nachts platgoaiden en de Amerikenen oerdeis. Yn 'e striid tsjin ymperialistysk Japan makken de Feriene Steaten mear gebrûk fan 'e loftfearttsjinst fan 'e Amerikaanske Marine, mar bgl. de Doolittle Raid, it earste bombardemint fan Japan, waard útfierd troch de Legerloftstriidkrêften.

In pear North American T-6 Texans fan 'e Amerikaanske Legerloftstriidkrêften yn 1943.

Op it hichtepunt, yn maart 1944, tsjinnen der by de Amerikaanske Legerloftstriidkrêften 2,4 miljoen man (wêrfan 1.250.000 oersee). Dêrûnder wiene ek froulike piloaten, dy't ynset waarden om fleantugen fan 'e fabriken nei de fleanbases te fleanen dêr't se hinne moasten. Yn july fan dat jier omfetten de Legerloftstriidkrêften yn totaal 80.000 fleantugen, en yn desimber 1943 wiene der allinnich al yn 'e Feriene Steaten 783 fleanbases, en wrâldwiid mear as 1.600.

Troch de withoeflugge útwreiding fan 'e Amerikaanske Legerloftstriidkrêften ûnder de Twadde Wrâldoarloch wiene se tsjin 1945 yn hast alles behalven namme in selsstannich ûnderdiel fan 'e Amerikaanske Striidkrêften wurden. Hoewol't guon oare lannen al foar it útbrekken fan 'e oarloch oergien wiene ta it ferselsstannigjen fan it loftfeartkorps, lykas mei de Britske Royal Air Force en de Dútske Luftwaffe bard wie, bleaune de Legerloftstriidkrêften lykwols noch ferskate jierren formeel ûnderdiel fan it Amerikaanske Leger. Dat feroare doe't yn septimber 1947 yn it ramt fan in nei-oarlochske reorganisaasje fan 'e kriichsmacht troch it Amerikaanske Kongres de Nasjonale Feilichheidswet fan 1947 oannommen waard. Dêryn waard û.m. de wetlike basis lein foar de oprjochting fan in ûnôfhinklike Amerikaanske Loftmacht (United States Air Force) op 18 septimber fan dat jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.