De Kommisjepôle
De Kommisjepôle | ||
Utsjoch op De Kommisjepôle | ||
Bestjoer | ||
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | De Fryske Marren | |
Oar | ||
Postkoade | 8537 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 52' NB, 5° 48' EL | |
Kaart | ||
De Kommisjepôle is in buorskip yn de gemeente De Fryske Marren. De Kommisjepôle leit yn de Feanpolder fan Ychten besuden Ychten, dêr't it ek offisjeel ûnder falt.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme komt ek foar as Commissiepolle en Commissie Polle. It twadde part fan de namme, "pôle" betsjut in "heech stik lân", mar de oarsprong fan it earste part fan de namme is net bekend.
De buorskip ûntstie yn de njoggentjinde iuw en leit oan de dyk mei deselde namme súdlik fan Ychten. De buorskip hat 15 huzen, dêr't de bebouwing tusken de diken Middenwei en de Middenfeart dêr't de dyk De Kommisjepôle op oanslút, fan yn leit. De dyk is lykwols mar in skulpepaad fan krapoan in meter breed en likernôch 300 meter lang en net tangonklik foar motorisearre ferkear is. Ek foar de dyk Middenfeart dy't fan Ychten nei de buorskip ta rint jildt dat. Grutferkear kin allinnich oer de Middenwei, de dyk fan Ychten nei Bantegea, yn de buorskip komme.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|