Springe nei ynhâld

Tora! Tora! Tora! (film)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 13 feb 2023 om 21.24 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Keppelings om utens: kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Tora! Tora! Tora!
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Richard Fleischer
Toshio Masuda
Kinji Fukasaku
produsint Elmo Williams
Richard Fleischer
Darryl F. Zanuck
senario Larry Forrester
Hideo Oguni
Ryūzō Kikushima
Akira Kurosawa
basearre op Tora! Tora! Tora!
   fan Gordon W. Prange
The Broken Seal
   fan Ladislas Farago
kamerarezjy Charles F. Wheeler
Shinsaku Himeda
Masamichi Satoh
Osamu Furuya
muzyk Jerry Goldsmith
filmstudio 20th Century Fox
Toei Company
distribúsje 20th Century Fox
spilers
haadrollen Martin Balsam
Jason Robards
byrollen Sō Yamamura
Eijirō Tōno
Wesley Addy
E.G. Marshall
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Japan
premiêre 23 septimber 1970
foarm langspylfilm
sjenre histoaryske oarlochsfilm
taal Ingelsk en Japansk
spyltiid 144 minuten
budget en resultaten
budget $25,5 miljoen
opbringst $29,5 miljoen (Noard-Amearika)
prizen Oscar

Tora! Tora! Tora! (Japansk: トラ・トラ・トラ) is in Amerikaansk-Japanske histoaryske oarlochsfilm út 1970 ûnder rezjy fan Richard Fleischer, Toshio Masuda en Kinji Fukasaku, mei in cast dy't û.m. Martin Balsam, Jason Robards, Sō Yamamura, Eijirō Tōno, Wesley Addy, E.G. Marshall, Joseph Cotten en James Whitmore omfette. De film bringt de foarfallen dy't laten ta de Oanfal op Pearl Harbor, sawol as it eigentlike bombardemint op dy Amerikaanske marinebasis yn byld. Dat wie in kearpunt yn 'e Twadde Wrâldoarloch en de direkte oanlieidng foar de dielname fan 'e Feriene Steaten oan 'e striid. De titel is it trijefâld brûkte dûbelwurdliddige koadewurd fan 'e Japanners om wer te jaan dat de ferrassingsoanfal slagge wie. Dat tora yn it Japansk ek "tiger" betsjut, berêst op tafal. Tora! Tora! Tora! krige fan 'e filmkritisy benammen negative resinsjes en flopte yn Noard-Amearika yn 'e bioskopen, hoewol't der meitiid in beskate werwurdearring kaam. Yn Japan wie de film krekt in grut kommersjeel súkses. Tora! Tora! Tora! wûn yn 1971 ien Oscar.

Yn augustus 1939 stelle de Feriene Steaten in hannelsembargo yn tsjin Japan, dat dat lêste lân grûnstoffen ûntseit dêr't it ferlet fan hat omreden fan 'e Japanske agresje tsjin Sina. De ynfloedrike Japanske legerlieding drukt der yn septimber 1940 in bûnsgenoatskip mei nazy-Dútslân en faksistysk Itaalje trochhinne. Tagelyk begjint de tarieding foar oarloch tsjin it Feriene Keninkryk en Nederlân yn 'e koloanjes fan dy beide lannen yn Súdeast-Aazje, mei't dat it iennichste plak is dêr't Japan de him troch de Feriene Steaten ûntseine grûnstoffen besette kin.

De nij oanstelde befelhawwer fan 'e Kombinearre Float, admiraal Isoroku Yamamoto, begjint mei tsjinnichheid oan 'e planning fan in pre-emtive oanfal op 'e Amerikaanske Pasifyske Float, dy't begjin 1941 fan San Diego, yn Kalifornje, oerpleatst wurdt nei it Marinestasjon Pearl Harbor, op Hawaï. Syn oerhearrigen binne fan tinken dat de útskeakeling fan dy float mei in ferpletterjende ferrassingsoanfal de iennichste mooglikheid foar Japan is om 'e hegemony yn 'e Stille Oseaan te krijen. Kaptein-luitenant-op-see Minoru Genda wurdt útkeazen om it oanfalsplan op te stellen, wylst dy syn maat kaptein-luitenant-op-see Mitsuo Fuchida it bombardemint útfiere moat.

Underwilens is it yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. de Amerikaanske militêre ynljochtingetsjinsten slagge om 'e Japanske diplomatike kryptografyske koade te brekken, mei as gefolch dat de Amerikanen Japanske berjochten opfange en ûntsiferje kinne, dy't wize op tanimmende aktiviteit fan 'e Keizerlike Japanske Marine. Oan it haad fan it ûntsiferingsprogramma steane kolonel Rufus S. Bratton fan it Amerikaanske Leger en luitenant-op-see 1e klasse Alwyn D. Kramer fan 'e Amerikaanske Marine.

Yn Hawaï dogge admiraal Husband E. Kimmel, de kommandant fan 'e Pasifyske Float, en luitenant-generaal Walter C. Short, de kommandant fan it Amerikaanske Leger yn Hawaï, harren bêst om 'e ferdigening te ferbetterjen. Underdiel dêrfan is it freegjen om oerpleatsing fan Boeing B-17 Flying Fortress-bommesmiters nei de eilannen, dy't lange patrûljeflechten boppe see útfiere kinne. Short, dy't ek giet oer de by it Leger yndielde Amerikaanske Legerloftstriidkrêften (de foarrinner fan 'e Amerikaanske Loftmacht), jout fierders opdracht om alle militêre fleantugen deunby inoar te parkearjen, ynstee fan wiid útinoar op te stellen, sa't no wizânsje is. As se deun opinoar set wurde, binne se kwetsber foar in bombardemint, mar Short ornearret dat mei in befolkingsgroep fan 130.000 etnyske Japanners op Hawaï it gefaar fan sabotaazje in stik grutter is, en as de fleantugen tichter opinoar steane, kinne se dêr makliker tsjin beskerme wurde.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Ferskate moannen geane foarby wylst de diplomatike spannings tusken de Feriene Steaten en Japan almar oanboazje. Kichisaburō Nomura, de Japanske ambassadeur yn 'e Feriene Steaten, set de ûnderhannelings fuort, mar liket dêrby fral tiid te rekken. Yn novimber 1941 set de Japanske Earste Loftfloat, besteande út seis fleandekskippen mei eskorteskippen ûnder lieding fan fise-admiraal Chūichi Nagumo, ôf de Stille Oseaan op en nimt posysje yn op likernôch 250 km benoarden it Hawaïaanske haadeilân Oähû. Bratton en Kramer miene dat Japan op it punt stiet om oan te fallen, mar geane út fan snein 30 novimber. Se soargje dat dy deis alles yn steat fan paraatheid is, mar der komt gjin oanfal. As in wike letter it saneamde 'Fjirtjindielich Boadskip', dat troch it regear fan Japan oan 'e Japanske ambassade yn Washington, D.C. ferstjoerd wurdt, op 'e nij in mooglike oanfal suggerearret, wurdt oan 'e foarjûn fan 'e oanfal in nije warskôging fan Bratton en Kramer net mear serieus nommen.

In T-6 Texan foar Tora! Tora! Tora! omboud ta in Mitsubishi A6M "Zero"-jachtfleanmasine.

Op 'e moarn fan snein 7 desimber, de deis fan 'e oanfal, komt it lêste part fan it Fjirtjindielich Boadskip troch, wêryn't de Japanske ambassadeur opdroegen wurdt om syn koademasines en alle gefoelige papierren te ferneatigjen. Bratton besiket op 'e nij syn oerhearrigen te warskôgjen, mar moat dêrfoar ferskate obstakels oerwinne, lykas it feit dat op sneintemoarn nimmen berikber is en de twifelriedigens fan admiraal Harold R. Stark, de stêfsjef fan 'e Amerikaanske Marine, dy't gjin ûnderhearrigen warskôgje wol foar't er presidint Franklin D. Roosevelt fan 'e sitewaasje op 'e hichte brocht hat.

De warskôging fan generaal George C. Marshall, de stêfsjef fan it Amerikaanske Leger, oan luitenant-generaal Short yn Hawaï, kin net oer in radioferbining ferstjoerd wurde omreden fan minne atmosfearyske omstannichheden, en in tillegram dat derfoar yn it plak ferstjoerd wurdt, komt ûnderoan de steapel te lizzen as fersomme wurdt om oan te jaan dat de saak urgint is. Yn 'e nacht fan 6 op 7 desimber bringt de Amerikaanske torpedoboatjager USS Ward by de yngong fan 'e lagune Pearl Harbor in Japanske miny-ûnderseeër ta sinken, mar it rapport oer it ynsidint wurdt net trochjûn oan admiraal Kimmel, om't der op ferifikaasje wachte wurdt.

By moarnsdage op snein 7 desimber stiget de earse fan trije weagen bommesmiters, torpedobommesmiters en jachtfleanmasines op fan 'e seis Japanske fleandekskippen by Hawaï. Harren neieroankommen ta de Hawaï-eilannen wurdt opmurken troch in radarpost oan 'e noardkust fan Oähû, mar de warskôging wurdt yn 'e wyn slein troch in oerhearrich ofsier, dy't oannimt dat de mannen fan 'e radarpost de flecht Amerikaanske B-17-bommesmiters opmurken hawwe dy't fan it Amerikaanske fêstelân ferwachte wurdt. Fan gefolgen hawwe de Japanners it ferrassingselemint folslein oan harren kant as se Hawaï berikke. Kaptein-luitenant-op-see Fuchida ferstjoert de koade dy't dat oanjout en tagelyk it begjin fan 'e Oanfal op Pearl Harbor foarmet: "Tora! Tora! Tora!"

In T-6 Texan foar Tora! Tora! Tora! omboud ta in Nakajima B5N Kate-bommesmiter.

Sûnder wjerstân fan betsjutting tsjin te kommen bombardearje de Japanners de slachskippen fan 'e Amerikaanske Pasifyske Float, dy't oan Battleship Row op Ford Island yn 'e lagune fan Pearl Harbor ôfmarre lizze. Dêrby wurde fjouwer slachskippen ta sinken brocht en reitsje fjouwer oaren skansearre. Twa oare skippen wurde ta sinken brocht en ek trije krusers en trije torpedoboatjagers rinne skea op. Op 'e fleanfjilden fan it Amerikaanske Leger pakke de anty-sabotaazjemaatregels fan generaal Short desastreus út, mei't de no op in klútsje opstelde fleantugen by kloften ferneatige wurde troch de Japanners. Yn totaal geane der 188 fleantugen folslein ferlern en reitsje 159 oaren skansearre. Yn totaal komme der 2.403 Amerikanen by it bombardemint om it libben. Oeren nei't de oanfal foarby is, ûntfangt generaal Short it tillegram fan generaal Marshall, mei de warskôging dat der mooglik in oanfal op hannen is.

Yn Washington, D.C. is de Amerikaanske minister fan Bûtenlânske Saken Cordell Hull skokt as er fan 'e Oanfal op Pearl Harbor heart. Hy wachtet op befêstiging fan it nijs foar't er ambassadeur Nomura ûntfangt. Dyselde hat bot wurk hân fan 'e ûntsifering fan it Fjirtjindielich Boadskip, dat op 'e Japanske ambassade mei de hân dien wurde moast. Hy hie opdracht krigen om persiis om 13.00 oere middeis pleatslike tiid (in healoere foàr de oanfal) it Boadskip, dat in dizenige oarlochsferklearring ynhold, oan minister Hull oer te dragen. Troch de ekstra tiid dy't op 'e ambassade nedich wie om 'e tekst te ûntsiferjen, meldt er him dêr lykwols pas as it bombardemint al plakfûn hat. Dat betsjut dat it bombardemint útfierd is wylst de beide lannen noch yn steat fan frede ferkearden, wat in oarlochsmisdie ynhâldt. De fertwifele ambassadeur, dy't net ynljochte is oer it bombardemint en dy't de minister net útlizze kin wat der misrûn is op 'e ambassade sûnder Japanske steatsgeheimen priis te jaan, wurdt troch de mismoedige Hull botwei te plak set en fuortstjoerd.

Underwilens keare yn 'e Stille Oseaan de Japanske piloaten triomfantlik werom nei op 'e fleandekskippen. Se binne lykwols skokt as se te hearren krije dat fise-admiraal Nagumo besletten hat om in streek te heljen troch de trêde weach fan it bombardemint. Hy ornearret dat it ferrassingselemint no fuort is, wat betsjutte sil dat fan 'e fleantugen fan 'e trêde weach in grut tal delsketten wurde sille. Ek wol er de fleandekskippen sa gau mooglik by Hawaï wei hawwe, om't er yn noed sit oer oanfallen fan Amerikaanske dûkboaten. Op syn flaggeskip yn Japan seit admiraal Yamamoto tsjin syn stêf dat de wichtichste doelen fan 'e oanfal, de Amerikaanske fleandekskippen, ûntkommen binne om't se op it stuit fan it bombardemint útstjoerd wiene op patrûlje. Hy beklaget him ek oer it feit dat de oanfal útfierd is foar't der in oarlochsferklearring oan it Amerikaanske regear oerlange wie. Hy fertelt syn ofsieren dat er bang is dat Japan in sliepende reus wekker makke hat en dy ferfolle hat fan freeslike wisberettens.

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
admiraal Husband E. Kimmel, kommandant fan 'e Am. Pasifyske Float Martin Balsam
luitenant-generaal Walter C. Short, kommandant fan it Amerikaanske Leger yn Hawaï Jason Robards
admiraal Isoroku Yamamoto, kommandant fan 'e Jap. Kombinearre Float Sō Yamamura
fise-admiraal Chūichi Nagumo, kommandant fan 'e Jap. 1e Loftfloat Eijirō Tōno


byrollen
personaazje akteur/aktrise
luitenant-op-see 1e klasse Alwyn D. Kramer, kryptograaf, OP-20-G Wesley Addy
kolonel Rufus S. Bratton, kommandant Militêre Ynljochtings, Am. Ministearje fan Oarloch E.G. Marshall
Henry L. Stimson, minister fan Oarloch fan 'e Feriene Steaten Joseph Cotten
kaptein-luitenant-op-see Minoru Genda, stêf, Jap. 1e Loftfloat Tatsuya Mihashi
fise-adimiraal William F. Halsey jr., kommandant Loftstriidkrêften, Am. Pasifyske Float James Whitmore
kaptein-luitenant-op-see Mitsuo Fuchida, kommandant Loftstriidgroep, fleandekskip Akagi Takahiro Tamura
Kichisaburō Nomura, ambassadeur fan Japan yn 'e Feriene Steaten Shōgo Shimada
luitenant-op-see 1e klasse Francis J. Thomas, tsjinstdwaand ofsier, USS Nevada Frank Aletter
prins Fumimaro Konoye, premier fan Japan Koreya Senda
Frank Knox, minister fan 'e Marine fan 'e Feriene Steaten Leon Ames
admiraal Zengo Yoshida, minister fan 'e Marine fan Japan Junya Usami
kaptein-op-see John B. Earle, stêfsjef, Am. 14e Marinedistrikt Richard Anderson
Yosuke Matsuoka, minister fan Bûtenlânske Saken fan Japan Kazuo Kitamura
generaal George C. Marshall, stêfsjef fan it Amerikaanske Leger Keith Andes
skout-by-nacht Tamon Yamaguchi, kommandant Jap. Twadde Fleandekskipdifyzje Susumu Fujita
admiraal Harold R. Stark, stêfsjef fan 'e Amerikaanske Marine Edward Andrews
admiraal Koshiro Oikawa, minister fan 'e Marine fan Japan Bontaro Miyake
luitenant-op-see 1e klasse Harold Kaminski, tsjintdwaand ofsier, Am. 14e Marinedistrikt Neville Brand
skout-by-nacht Ryūnosuke Kusaka, stêfsjef, Jap. 1e Loftfloat Ichiro Ryuzaki
frou Kramer Leora Dana
generaal Hideki Tojo, minister fan Oarloch fan Japan Asao Uchida
Cordell Hull, minister fan Bûtenlânske Saken fan 'e Feriene Steaten George Macready
majoar Truman H. Landon, kommandant, Am. 38e Ferkenningssquadron Norman Alden
geisha yn Kagoshima Kazuko Ichikawa
kaptein-op-see Theodore S. Wilkinson, direkteur Am. Marine Ynljochtingetsjinst Walter Brooke
Cornelia Clark Fort, boargerlik fleanynstruktrise Jeff Donnell
Davey, har learling Hank Jones
2e luitenant George Welch, piloat, Am. 47e Efterfolgingssquadron Rick Cooper
2e luitenant Kenneth M. Taylor, piloat, Am. 47e Efterfolgingssquadron Carl Reindel
kaptein-op-see Harold C. Train, stêfsjef, Slachfloat, Am. Pasifyske Float Karl Lukas
Ray Cave, sekretaresse OP-20-G June Dayton
luitenant-op-see 1e klasse Lawrence E. Ruff, haad kommunikaasje, USS Nevada Ron Masak
kaptein-op-see Kameto "Gandhi" Kuroshima, stêf, Jap. Kombinearre Float Shunichi Nakamura
kolonel Edward F. French, haad sinjaletsjinst, Am. Leger yn Hawaï Richard Erdman
skout-by-nacht Chuichi Hara, kommandant, Jap. 5e Fleandekskipdifyzje Hiroshi Nihonyanagi
luitenant-op-see 1e klasse William W. Outerbridge, gesachfierder, USS Ward Jerry Vogel
sersjant 3e klasse Doris Miller, kok, USS West Virginia Elven Havard
skout-by-nacht Patrick N.L. Bellinger, kommandant, Am. Patrûljewjuk Twa Edmon Ryan
luitenant-op-see 1e klasse Shigeharu Murata, kommandant, Jap. 1e Torpedo Oanfalsienheid, Akagi Toshio Hosokawa
Saburo Kurusu, spesjale gesant fan Japan yn 'e Feriene Steaten Hisao Toake

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tora! Tora! Tora! wie in idee fan filmprodusint Darryl F. Zanuck fan studio 20th Century Fox, dy't earder belutsen west hie by û.m. The Longest Day (1962), de ferfilming fan 'e Alliëarde lâning op 'e Normandyske kust op D-Day. Hy woe in refizjonistysk filmepos meitsje "oer wat der wier bard wie" by de Oanfal op Pearl Harbor, mei't er altyd fûn hie dat admiraal Husband E. Kimmel en generaal Walter C. Short ta sûndebok makke wiene foar de fouten fan oaren. Zanuck fûn dat se dien hiene wat se koene mei de ynformaasje dy't harren jûn waard. Om in balansearre werfertelling fan it hiele ferhaal fan it bombardemint te berikken, ûntwikkele Zanuck in Ingelsk- en Japansktalige Amerikaansk-Japanske ko-produksje fan 20th Century Fox mei de Toei Company.

In replika fan in Aichi D3A "Val"-dûkbommesmiter, foar Tora! Tora! Tora! omboud fan in Vultee BT-13 Valiant.

De preproduksje fan Tora! Tora! Tora! naam trije jier yn beslach om't it eins twa ferskillende produksjes wiene. It senario waard skreaun troch Larry Forrester, Hideo Oguni en Ryūzō Kikushima op basis fan 'e non-fiksje-boeken Tora! Tora! Tora! fan Gordon W. Prange út 1969, en The Broken Seal fan Ladislas Farago út 1967. De Amerikaanske sênes waarden regissearre troch Richard Fleischer, dy't letter ek it tafersjoch oer de filmmontaazje hie. De Japanske sênes soene earst regisearre wurde troch Akira Kurosawa, dy't oanpassings makke oan it senario. Nei twa jier by de produksje belutsen west te hawwen waard Kurosawa lykwols twa wiken foar it begjin fan 'e opnamen as regisseur ferfongen troch Toshio Masuda en Kinji Fukasaku. Hoewol't er yngeand by de preproduksjefaze fan Tora! Tora! Tora! belutsen wie, waard Zanuck net op 'e begjintitels of de ôftiteling fan 'e film neamd. Ynstee waarden Elmo Williams en Richard Fleischer as produsinten fermelden.

Foar Tora! Tora! Tora! wie in budget beskikber fan $25,5 miljoen. De kamerarezjy fan 'e Amerikaanske sênes wie yn 'e hannen fan Charles F. Wheeler, en dy fan 'e Japanske sênes fan Shinsaku Himeda, Masamichi Satoh en Osamu Furuya. De filmmuzyk waard fersoarge troch Jerry Goldsmith. By de produksje wiene ferskate technyske adviseurs belutsen dy't holpen om 'e film sa histoarysk akkuraat mooglik te meitsjen; ûnder harren wie Minoru Genda, de Japanske ofsier dy't de Oanfal op Pearl Harbor fierhinne pland hie, al waard dy net op 'e ôftiteling fermelden. It Amerikaanske fleandekskip dat oan 'e ein fan 'e film as de USS Enterprise de lagune Pearl Harbor ynfart, wie eins de USS Tripoli. De USS Yorktown gie yn 'e film troch foar it Japanske fleandekskip de Akagi.

It fleandekskip de USS Yorktown, dat trochgean moast foar it Japanske skip de Akagi, by de opnamen fan Tora! Tora! Tora!

Wat de fleantugen oangie dy't yn 'e film te sjen binne, waarden sterk oanpaste T-6 Texans en BT-13 Valiants ynset om troch te gean foar Japanske Mitsubishi A6M "Zero"-jachtfleanmasinen en Nakajima B5N "Kate"-bommesmiters, resp. foar Aichi D3A "Val"-dûkbommesmiters. De reden dêrfoar wie dat der doe't de film makke waard gjin loftweardige tastellen fan dy typen mear bestiene. Der wiene by guon sênes mear as tritich fan sokke fleantugen yn 'e loft, dat de opnamen wiene yngewikkeld. Foar de film Pearl Harbor (2001) soene tritich jier letter guon fan deselde oanpaste fleantugen brûkt wurde. Fierders wiene yn Tora! Tora! Tora! ek ferskate Consolidated PBY Catalina-fleanboaten te sjen en ek twa fleanbere Curtiss P-40 Warhawks. Fan dat type fleantúch waarden ferskate modellen fan fezelglês neiboud om op 'e grûn opblaasd te wurden as ûnderdiel fan it bombardemint.

Der waarden ek in tal Boeing B-17 Flying Fortresses ynset, wêrfan't ien in echte needlâning meitsje moast om't de rjochterhelte fan it lâningsgestel fêstrûn en net útklappe woe. Om't it fleantúch foar de needlâning earst in skoft omfleane moast om syn brânstof op te brûken, hie de filmcrew de tiid om risselwaasjes te meitsjen om 'e needlâning te filmjen. Hoewol't de B-17 eins mar lichte skea oan 'e rjochterwjuk oprûn en reparearre wurde koe, wiene de bylden te goed om wei te smiten, en waarden se yn 'e film opnommen. Der waard in ferhaaltsje omhinne betocht dat letter filme waard mei in goed funksjonearjende B-17 wêrby't hânmjittich de iene helte fan it lâningsgestel útklapt waard, mar dy't wer opstige sadree't it iene tsjil de lâningsbaan rekke hie. Efter dy bylden oan waard de eigentlike needlâning fan it oare tastel montearre.

In skaalmodel fan 1:15 fan it slachskip de USS Nevada, dat makke waard foar loftbylden fan Battleship Row. It model bestiet noch altyd en wurdt tsjintwurdich yn Los Angeles faak meifierd by optochten.

Tora! Tora! Tora! wie bysûnder fanwegen de hege graad fan historisiteit yn 'e film. Der waarden wol in pear flaterkes makke, mar dat wie grutdiels by fersin, of om't it net oars koe. Sa giet yn 'e film de USS Yorktown troch foar it Japanske fleandekskip de Akagi. De USS Yorktown liek ein hielendal net op 'e Akagi, mei't er in folle grutter brêge-eilân hie, dat oan 'e stjoerboardkant fan it skip siet (ynstee fan oan 'e bakboardside, lykas op 'e Akagi), en it fleandek wie skean oanlein, in fernijing dy't pas nei de Twadde Wrâldoarloch ynfierd waard. Mar yn 1970 wiene der gjin iere Japanske fleandekskippen mear beskikber, mei't dy yn of nei de oarloch allegear ta sinken brocht wiene. Yn elts gefal wie Tora! Tora! Tora! mei de beheinde middels dy't yn 1970 foar hannen wiene, folle histoarysk akkurater as de oare ferfilming fan 'e Oanfal op Pearl Harbor, de film Pearl Harbor, út 2001, dy't sokke beheinings net hie troch de foarútgong op it mêd fan special effects.

De distribúsje fan Tora! Tora! Tora! waard fersoarge troch 20th Century Fox. De film gie op 23 septimber 1970 yn premiêre.

Tora! Tora! Tora! krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy. Sa fûn Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times it "ien fan 'e deaste, saaiste mammoetproduksjes dy't ea makke is". Ek skreau er dat de film derfan te lijen hie dat der net "guon personaazjes [binne] om jin mei te identifisearjen". En ta einbeslút hied er krityk op it neffens him minne aktearjen en de suterige special effects. Yn The New York Times wie Vincent Canby al likemin ûnder de yndruk; hy sette Tora! Tora! Tora! wei as "neat mear as in yrrelevânsje fan $25 miljoen". Ek it tydskrift Variety fûn de film saai, mar priizge de aksjesênes en de produksjewearden.

In neiboude Curtiss P-40 Warhawk sûnder binnenwurk, bedoeld om by de opnamen fan Tora! Tora! Tora! opblaasd te wurden. Dizze oerlibbe de film en is no te sjen op it Legerfleanfjild Wheeler.

Oan 'e oare kant joech James Berardinelli in geunstige beoardieling fan 'e film. Hy skreau dat it "seldsum" wie foar in film "om 'e trije-ienheid fan fermaak, ynformaasjeoerdracht en ûnderrjocht" te berikken, mar hy fûn dat it Tora! Tora! Tora! slagge wie. Yn 'e Los Angeles Times priizge Charles Champlin de film om 'e "spektakulêre" aksjesênes en de soarchfâldige werskepping fan in histoarysk foarfal. Ek leafhawwers fan 'e loftfeart en skiednis mochten graach oer Tora! Tora! Tora! Nettsjinsteande dat hat de film op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, in tuskenbeiden goedkarringspersintaazje fan 57%, basearre op 28 ûnderskate resinsjes.

In enkête út 1994 fan it Tinkteken foar de USS Arizona yn Hawaï wiisde út dat de film Tora! Tora! Tora! foar Amerikanen de wichtichste boarne wie fan kennis oer de Oanfal op Pearl Harbor.

Tora! Tora! Tora! brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $29,5 miljoen op. Hoefolle oft de film yn oare lannen en territoaria fertsjinne, is ûnbekend, en de totale opbringst kin sadwaande net bepaald wurde. Yn 1970 waard Tora! Tora! Tora! yn elts gefal beskôge as in flop om't de opbringst yn Noard-Amearika mar $4 miljoen boppe it budget fan $25,5 miljoen útkaam. Nettsjinsteande dat wie it dochs de op acht nei meast opbringende film fan 1970 yn 'e Feriene Steaten. En yn it bûtenlân die de film it folle better; sa wie it yn Japan in grut kommersjeel súkses. Ferkeap as VHS-keapfideo en letter as dvd droech neitiid ek sterk by oan 'e totale opbringst.

It Tora! Tora! Tora!-team fan 'e Betinkingsloftmacht fljocht by loftshows noch altyd yn 'e fleantugen dy't foar de film omboud waarden.

Tora! Tora! Tora! waard yn 1971 nominearre foar fiif Oscars, wêrûnder de prizen foar bêste kamerarezjy, bêste filmmontaazje, bêste art direction en bêste lûd. De film wûn de Oscar foar bêste special effects (fersoarge troch L.B. Abbott en A.D. Flowers).

Werbrûken fan bylden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferskate lettere films en tillefyzjesearjes oer de Twadde Wrâldoarloch yn 'e Stille Oseaan werbrûkten bylden fan Tora! Tora! Tora! Under dy produksjes wiene de films Midway (1976), All This and World War II (1976), The Final Countdown (1980) en Australia (2008), en fierders de minysearjes Pearl (1978) en From Here to Eternity (1979), en de ôflevering Lest We Forget fan 'e detektivesearje Magnum, P.I. (1981).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.