Amerikaansk Natoerhistoarysk Museum
Amerikaansk Natoerhistoarysk Museum American Museum of Natural History | ||
museum | ||
Lokaasje | ||
lân | Feriene Steaten | |
steat | New York | |
plak | New York | |
adres | 200 Central Park West | |
koördinaten | 40°46′50″ N 73°58′29″ W | |
Algemiene gegevens | ||
ôfkoarting | AMNH | |
type | natoerhistoarysk museum | |
wurkmêd | skiednis fan 'e natoer | |
oprjochting | 1869 | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Calvert Vaux en J. Wrey Mould | |
boujier | 1874-1877 | |
boustyl | neogotyk | |
monumint. status | NRHP (1976) | |
monumintnûmer | 76001235 | |
Offisjele webside | ||
www.amnh.org | ||
Kaart | ||
Lokaasje yn New York (stêd)
|
It Amerikaansk Natoerhistoarysk Museum (Ingelsk: American Museum of Natural History), soms ôfkoarte ta AMNH, is in tige foaroansteand museum yn 'e Amerikaanske stêd New York, dat yn 1869 oprjochte waard. It is húsfêste oan Central Park West, lyk foar it ferneamde park Central Park oer. It haadgebou is in monumintaal gebou dat yn 1874 yn neogoatyske styl oplutsen waard, mar it museum omfiemet tsjintwurdeich 26 ûnderling ferbûne gebouwen mei in oerflak fan yn totaal goed 190.000 m². Foar it publyk binne dêr 45 permaninte útstallingssealen, in planetarium en in bibleteek tagonklik.
It Amerikaansk Natoerhistoarysk Museum hat in kolleksje fan mear as 34 miljoen foarwerpen yn besit, wêrûnder eksimplaren fan planten, opsette bisten, fossilen, mineralen en oare stiennen, meteoriten, minsklike stoflike omskotten en minsklike kulturele artefakten. Dêrfan kin mar in fraksje tagelyk útstald wurde, dat der leit altyd folle mear opslein as dat der foar it publyk te sjen is. Dêrnjonken hat it museum in wittenskiplike stêf fan 225 man yn 'e tsjinst dy't foltiids ûndersyk nei de kolleksje dogge, en teffens finansierd it museum jiers mear 120 wittenskiplike ekspedysjes, dy't faak nije foarwerpen foar de kolleksje mei werombringe. It Amerikaansk Natoerhistoarysk Museum ferwolkommet jiers mear as 5 miljoen besikers
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De man efter de oprjochting fan it Amerikaansk Natoerhistoarysk Museum wie natoerûndersiker Albert S. Bickmore, dy't studearre hie ûnder de Switsersk-Amerikaanske soölooch Louis Agassiz. Hy lobbyde jierrenlang sûnder wurch te kinnen foar de stifting fan in natoerhistoarysk museum yn New York. Meitiid wist er in hiele rige machtige mannen efter him te krijen, ûnder wa Theodore Roosevelt sr., de heit fan 'e lettere presidint fan 'e Feriene Steaten Theodore Roosevelt. Ek wûn Bickmore foar syn plan de stipe fan 'e John Thompson Hoffman, de gûverneur fan 'e Amerikaanske steat New York, dy't op 6 april 1869 in wetsfoarstel ûndertekene wêrmei't it Amerikaansk Natoerhistoarysk Museum formeel oprjochte waard.
Om't der noch gjin gebou spesjaal foar it museum boud wie, húsmanne it Amerikaansk Natoerhistoarysk Museum de earste jierren yn it Arsenaal yn Central Park. Yn 1874 waard de earste stien lein foar it nije museumgebou, dat troch arsjitekten Calvert Vaux en J. Wrey Mould yn neogoatyske styl oplutsen waard. Tsjintwurdich is dat gebou fan bûten net mear te sjen, om't der letter oan alle kanten oare gebouwen tsjinoan set binne. Sa foege J. Cleaveland Cady oan 'e súdkant yn 'e 1890-er jierren in neoromaansk gebou fan brune stien ta, mei tuorren fan 46 m heech op 'e hoeken. De haadyngong oan Central Park West, ûntwurpen troch John Russell Pope yn 1936, heart ta de beaux arts-styl.
Sûnt de 1930-er jierren waard net folle mear oan 'e bûtenkant fan 'e gebouwen tafoege, mar wol waarden oanbuorjende gebouwen oankocht en binnentroch tagonklik makke. Ferskate renovaasjes waard ûndernommen; de grutste oant no ta begûn yn 1991. Yn 1992 waard foar it earst yn 55 jier wer in nij gebou set, de acht ferdjippings tellende AMNH-bibleteek, dy't ûntwurpen waard troch arsjitekteburo Roche-Dinkeloo. Tsjin 2015 bestie it museum sadwaande út 25 ûnderskate oanbuorjende gebouwen, dy't ûnderling min mei-inoar ferbûn wiene. Yn 2019 waard úteinset mei de bou in 26e gebou: in depindânse fan 18.100 m² dy't it Richard Gilder Sintrum foar Wittenskip, Edukaasje en Ynnovaasje húsfêstje moast.
Permaninte tentoanstellings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bisten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûchdieren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Akeley Hall of African Mammals
- Ferneamd nei taksidermist Carl Akeley. Lit de sûchdieren fan Afrika sjen. Dizze tentoanstelling waard foar it earst betocht yn 1909, mar it duorre noch oant 1936 ear't er iepen gie. De wichtichste útstalling, yn 'e midden fan 'e seal, wurdt foarme troch in keppel fan acht Afrikaanske oaljefanten.
- Hall of Asian Mammals
- Beljochtet de sûchdieren fan Aazje, benammen fan it Yndysk subkontinint en de Yndyske Arsjipel. Datearret út 'e 1920-er jierren, mei midden yn 'e seal twa Aziatyske oaljefanten en fierders ferskate oare grutte bisten, lykas de Aziatysk liuw en de Sumatraanske noashoarn.
- Bernard Family Hall of North American Mammals
- Lit de gruttere sûchdieren fan Noard-Amearika sjen. Iepene yn 1942. Omfiemet û.m. opsette eksimplaren fan 'e grizzlybear, de eland, de wolf en de jagûar.
- Hall of Small Mammals
- Hjir binne de lytsere sûchdieren fan Noard-Amearika gearbrocht. Dizze seal is eins út 'e Berneard Family Hall of North American Mammals fuortkommen. Hy omfiemet eksimplaren fan 'e halsbânpekary (in soarte baarcheftige), de warch en ferskate soarten iikhoarntsjes.
Oare bisten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Sanford Hall of North American Birds
- Beljochtet fûgels út Noard-Amearika. Iepene yn 1909. Der binne û.m. sjongfûgels, ûlen en rôffûgels te sjen.
- Hall of Birds of the World
- Lit fûgels út oare wrâlddielen sjen, wêrûnder de keningspinguïn fan Súd-Georgje, de siktarisfûgel fan East-Afrika en de kakketoe en kookaburra fan Austraalje.
- Whitney Memorial Hall of Oceanic Birds
- Iepene yn 1953. Oarspronklik wijd oan it toanen fan fûgelsoarten út Oseaanje, lykas ferskate soarten paradysfûgels. Yn 1998 waard de seal lykwols tydlik ûntromme om plak te meitsjen foar de kolleksje flinters fan it museum. It wie de bedoeling dat de fûgels nei ferrin fan tiid weromkomme soene, mar omreden fan 'e populariteit fan 'e flinters hâlde dy no al mear as tweintich jier de romte beset.
- Hall of Reptiles and Amphibians
- Iepene yn 1926. Lit ferskate soarten reptilen en amfibyen sjen, wêrûnder in Komodofaraan, in Mississippy-alligator en Lonesome George, de lêste Pintalânskylpod fan Pinta yn 'e Galapagoseilannen.
Bioferskaat en miljeu
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Hall of North American Forests
- Iepene yn 1959. Der binne tsien útstallings te sjen fan ûnderskate types wâlden yn Noard-Amearika en ek ferskaten dy't it fuortbestean fan wâlden en de sûnens fan beammen as ûnderwerp hawwe.
- Warburg Hall of New York State Environments
- Iepene yn 1951. Ferneamd nei de Dútsk-Amerikaanske filantroop Felix M. Warburg. Jout in presintaasje fan 'e ekosystemen dy't karakteristyk binne foar it lânskip fan 'e Amerikaanske steat New York.
- Milstein Hall of Oceanic Life
- Foarsteld yn 1910 troch Henry F. Osborn, de direkteur fan it museum, en reekommen yn 'e 1930-er jierren. Renovearre yn 2003. Beslacht in oerflak fan 1.750 m². Lit it libben yn wrâlds oseänen sjen, wêrûnder de poalseeën, kelpwâlden, mangrovewâlden en koraalriffen. Ferneamd om in 29 m lang glêsfezelmodel fan in blauwe finfisk, dy't midden yn 'e seal hinget.
Oarsprong fan 'e minske en de minsklike kultuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Stout Hall of Asian Peoples
- Iepene yn 1980. Ferneamd nei Gardner D. Stout, in eardere direkteur fan it museum. Wijd oan 'e minsklike kultueren fan Aazje. Ferdield yn twa seksjes: Ancient Eurasia (Jeraazje út 'e Aldheid), in behindige seksje oer de ûntjouwing fan 'e minsklike beskaving yn Jeraazje, en Traditional Asia (Tradisjoneel Aazje), in folle gruttere seksje mei kulturele artefakten út hiel Aazje. Der wurdt oandacht bestege oan û.m. Sina, Tibet, Japan, de Ainû, de Jakoeten en de Siderûte. Yn 'e Ancient Eurasia-seksje binne argeologyske fynsten út û.o. Teshik-Tash en Çatalhöyük te sjen en in replika fan 'e Hammoerabistêle op wiere grutte.
- Hall of African Peoples
- Wijd oan 'e minsklike kultueren fan Afrika. Der binne fjouwer seksjes, dy't keppele binne oan wichtige ekosystemen: River Valley, oer rivierdellingbeskavings lykas de Alde Egyptners, de Núbjers en de Lozy, Grasslands, oer û.m. de Pokot en de Sjillûk, Forest-Woodland, oer û.m de Jorûba en de Mbûty, en Desert, oer û.m. de Tûarek.
- Hall of Mexico and Central America
- Iepene yn 1899. Renovearre yn 1944 en jitris yn 1970, doe't dizze útstalling syn hjoeddeistige foarm krige. Wijd oan 'e kultueren fan Meso-Amearika, lykas de Olmeken, de Maya's, de Azteken en de Sapoteken.
- Margaret Mead Hall of Pacific Peoples
- Iepene yn 1971. Yn 1984 ferneamd mei antropologe Margaret Mead, dy't jierrenlang foar it Amerikaansk Natoerhistoarysk Museum wurke. Wijd oan 'e minsklike kultueren fan Oseaanje.
- Hall of Northwest Coast Indians
- Iepene yn 1900. Wijd oan 'e Yndiaanske kultueren fan 'e Noardwestkust fan Noard-Amearika, in gebiet dat de kusten omfettet fan 'e Amerikaanske steaten Oregon en Washington, de Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia en teffens fan Súdeast-Alaska. Hjir wurdt oandacht bestege oan û.m. de Bella Kûla, de Haida, de Kwakiûtl, de Nûtka, de Tlingit, de Tsimsjian en de Kust-Salisjanen.
- Hall of Plains Indians
- Wijd oan 'e Yndiaanske kultueren fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika sa't dy mids njoggentjinde iuw bestiene. Der wurdt omtinken jûn oan û.m. de Hidatsa, de Lakota en de Swartfuotten.
- Hall of Eastern Woodlands Indians
- Wijd oan 'e Yndiaanske kultueren út it wâldlân beëasten de Mississippy, sa't dy't foar de kolonisaasje fan harren wengebiet troch de blanken bestiene. Oandacht wurdt jûn oan 'e Irokezen, de Kry, de Mohigan en de Odjibwe.
- Bernard and Anne Spitzer Hall of Human Origens
- Iepene yn 1921 as de Hall of the Age of Man. Letter omneamd ta Hall of Human Biology and Evolution. Krige nei in renovaasje yn 2007 syn hjoeddeistige namme. Wie lange tiid de iennichste útstalling yn 'e Feriene Steaten dy't omtinken joech oan yngeand ûndersyk nei de minsklike evolúsje. Lit de ûntjouwing fan 'e minskeftigen sjen mei neibearings op wiere grutte fan û.m. de Australopithecus afarensis, Homo ergaster, de Neändertaler en de Cro Magnon-minske. Omfettet ek replika's fan grotskilderings út 'e Grotten fan Lascaux, yn Frankryk.
Geology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Arthur Ross Hall of Meteorites
- Jout omtinken oan meteoriten en omfettet guon fan 'e bêste eksimplaren fan 'e wrâld, lykas in seksje fan 34 ton fan 'e (yn totaal 200 ton weagjende) Kaap York-meteoryt út Grienlân. De útstalling dêrfan wurdt ûnderstipe troch pylders dy't troch de flier geane en op in rotslaach djip ûnder de grûn fan New York rêste.
- Allison and Roberto Mignone Hall of Gems and Minerals
- In útstalling fan tûzenen seldsume ealstiennen, mineralen en sieraden. Gie yn juny 2021 wer iepen nei in renovaasje ter wearde fan $32 miljoen, dy't yn 2017 úteinset wie.
- David S. and Ruth L. Gottesman Hall of Planet Earth
- In útstalling dy't wijd is oan 'e skiednis fan 'e Ierde, fan syn ûntstean en ûntjouwing fia de foarming fan libben oant de ynfloed dy't de minske op 'e planeet hân hat en noch hat. Hjir wurdt ek omtinken skonken oan geology, glasiology en fulkanology.
Fossilen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Hall of Vertebrate Origins
- In útstalling fan fossilen dy't de oarsprong fan 'e wringedieren op 'e Ierde beljochtsje. U.m. in 80 miljoen jier âld fossyl fan in ammonyt.
- Hall of Saurischian Dinosaurs
- In útstalling fan fossilen fan dinosauriërs út 'e taksonomyske yndieling Saurischia, dy't men werom ken oan gryphantsjes, in lange mobile hals en in skambonke dy't omleech of nei foarren wiist (de foarrinners fan 'e hjoeddeistige fûgels). Hjir is û.m. in Tyrannosaurus rex te sjen, en ek in Brontosaurus.
- Hall of Onithischian Dinosaurs
- In útstalling fan fossilen fan dinosauriërs út 'e taksonomyske yndieling Ornitischia, te werkennen oan in skambonke dy't nei efteren wiist. Hjir kin men û.m. in Triceratops bewûnderje.
- Hall of Primitive Mammals
- In útstalling fan fossilen fan primitive sûchdieren.
- Hall of Advanced Mammals
- In útstalling fan fossilen fan mear ûntwikkele sûchdieren. Hjir binne û.m. in Amerikaanske mammoet en ferskate grûnloaierts te sjen.
Astronomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Rose Center for Earth and Space is in diel fan it museum dat wijd is oan 'e astronomy. It is húsfêste yn in glêzen kubus ûntwurpen troch James Stewart Polshek en it gie iepen yn 2000. It âldere Hayden Planetarium makket hjir no ek diel fan út. Dat waard yn 1935 iepene nei in rynske donaasje fan filantroop Charles Hayden.
Bibleteek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De bibleteek fan it Amerikaansk Natoerhistoarysk Museum, offisjeel de Research Library, omfettet mear as 550.000 boeken, manuskripten, pamfletten, foto's, oare yllustraasjes en mikrofilms, mar ek keunstfoarwerpen. De sammele publikaasjes geane oer fakmêden as astrofysika, astronomy, botany, bryology, ekology, entomology, etology, fykology, genetika, mammalogy, herpetology, ichtyology, karsinology, konkology, malakology, mykology, mineralogy, ornitology, oseänografy, paleöntology, taksonomy, de skiednis fan 'e wittenskip en ûntdekkingsreizen. De Research Library is tagonklik foar sawol museummeiwurkers as it publyk.
Undersykslaboratoarium
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It AMNH Exhibitions Lab is in diel fan it Amerikaansk Natoerhistoarysk Museum dat net foar it publyk tagonklik is. It waard yn 1869 oprjochte en is ferantwurdlik foar it betinken en ûntwerpen fan alle ynstallaasjes fan it museum. It Lab ûntwerpt ek tydlike útstallings, dy't nei har tiid yn it Amerikaansk Natoerhistoarysk Museum ornaris útliend wurde oan oare natoerhistoaryske museä yn Noard-Amearika.
Yn 'e Popkultuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Amerikaansk Natoerhistoarysk Museum is benammen fia de popkultuer ek bûten de Feriene Steaten bekend. Sa wurke yn 'e bekende komeedzjesearje Friends ien fan 'e haadpersoanen, Ross Geller (spile troch David Schwimmer) yn it museum. Ferskate sênes spilen dêrom yn it Amerikaansk Natoerhistoarysk Museum, lykas de earste kear dat Ross mei syn faam Rachel Green (Jennifer Aniston) op bêd giet nei in romantyske jûn yn it planetarium. Se wurde de oare moarns wekker yn 'e Neändertaler-útstalling wylst der in non en in klasse skoalbern nei harren steane te sjen. Ek de filmsearje Night at the Museum spile yn it museum. Dêryn ûntdekt de nije nachtwachter Larry Daley (Ben Stiller) dat nei tsjuster alle útstalde besjensweardichheden yn it museum ta libben komme troch de wurking fan in magysk artefakt út 'e Egyptyske Aldheid.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]● (in) Offisjele webside fan it Amerikaansk Natoerhistoarysk Museum
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|