Margaret Mead
Margaret Mead (Philadelphia, 16 desimber 1901 – New York, 15 novimber 1978) wie in Amerikaanske kulturele antropolooch.
Jonge jierren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mead wie de earste fan fiif bern. Se groeiden op yn Doylestown yn Pensylvania. Har heit wie in prefester oan de universiteit. Syn namme wie Sherwood Mead en de mem fan Margaret wie Emily Fogg. Margaret studearre ien jier yn 1919 op de DePauw universiteit, dêrnei gie se nei it Barnard Kollege. Se studearre by Franz Boas en syn assistint Ruth Benedikt op de Kolombia Universiteit. Se krige har Master yn 1924. Dêrnei gie se it fjild yn, se gie nei Polyneezje
Karriêre en har lettere libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Margaret Mead is trije kear troud. Yn it earste houlik is se troud mei Luther Cressman. Dizze Luther wie earst in teologystudint mar is letter ek in antropolooch wurden. Nei de skieding is se noch twa kear troud. Earst mei Reo Fortunen en Gregory Bateson. Beide wienen se antropologen. Se krigen ien dochter (Mary Catherine Bateson). Mead hat altyd tajûn dat se it ferskriklik fûn dat Bateson har sitte liet. Se hat altyd fereale west op dy man, se hie altyd in foto by har wêr't se tegearre op stiene.
Mead hie ek in bysûndere relaasje mei Ruth Benedict. Meads dochter Catherine hat sein dat de relaasje sa fier gie dat der in stikje erotyk by komd wie yn de rin fan de jierren. Mead hat harsels nea sjoen as in lesbyske frou, mar seit wol dat it goed mooglik is dat seksuele foarkarren feroarje yn de rin fan in libben.
Doe 't Mead âlder wie, waard se goeie freonen mei Jean Houston.
Coming of Age in Samoa (boek) en de Mead-Freeman kontroverze
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it foarwurd yn it boek ‘Coming of Age in Samoa”, hat Meads adviseur Frans Boas it folgende setten: Beskiedenheid, goeie manieren, dy hâlde oan etyske standerts binne universeel, mar wat is beskiedenheid, wat binne goeie manieren en wat binne de juste etyske standerts. Al dizze dingen binne yn eltse kultuer oars en dat op de meast ferassende wize. Boas tocht ek dat it momint fan útjaan fan it boek net op in better tydstip barre koe. De diskusje hoe bern troch de adolesinsje gean moatte waard yn dy tiid stees grutter. It boek “Coming of Age in Samoa” giet oer it opgroeien yn Samoa fan bern yn de adolosinsjetiid.
Mead hat sels ek in stik fan it foarwurd skreaun. Se leit út wat it doel is fan har ûndersyk: Ik haw probearre om út te sykjen oft de problemen dy’t mei seks te meitsjen hawwe normaal is yn de natuer fan adolesinten of komt it troch de beskaving. As der oare kondysjes binne, litte adolesinten dan oare gedragingen sjen. Om hjir efter te kommen is se nei in lyts eilân gien. Op it eilân wennen doe net mear as 600 minsken. Se leefde, ynterviewde en observearre dy minsken. Mead konkludearre dat de faze fan bern nei folwoeksene yn Samoa in faze wie dy’t hiel normaal ferrûn. Sûnder emosjonele en psychologyske stress en betizing dy’t sjoen wurdt yn de Feriene Steaten. Dit boek makke in soad minsken lilk yn it westen. In soad Amerikanen fûnen it skokkend dat jonge Samoneeske froulju foardat se trouden mei ferskillende mannen seks hiene. En dat se nei in pear jier rêstich harren deljoegen en bern krigen.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Coming of Age in Samoa (1928) ISBN 0-688-05033-6
- Growing Up in New Guinea (1930) ISBN 0-688-17811-1
- The Changing Culture of an Indian Tribe (1932)
- Sex and Temperament in Three Primitive Societies (1935)
- Male and Female (1949) ISBN 0-688-14676-7
- New Lives for Old: Cultural Transformation in Manus, 1928-1953 (1956)
- People and Places (1959; a book for young readers)
- Continuities in Cultural Evolution (1964)
- Culture and Commitment (1970)
- Blackberry Winter (1972; a biographical account of her early years) ISBN 0-317-60065-6