Springe nei ynhâld

Olympyske Simmerspullen 1976

Ut Wikipedy
De ferzje fan 9 aug 2022 om 00.05 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Keppeling om utens: kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
XXIe Olympiade
holden yn Montreal, Kanada
jier 1976
dielnimmende atleten 6.028
eveneminten 198 yn 21 sporten
iepeningsseremoanje 17 july
slutingsseremoanje 1 augustus
edysjes
foarige 1972 München
folgjende 1980 Moskou
Temaside  Sport

De Olympyske Simmerspullen 1976 ek wol de XXIe Olympiade Olympiade neamd waarden yn 1976 yn Montreal, Kanada hâlden.

 Plak  Lân NOK Goud Sulver Brûns Totaal
1 Sowjetuny Flagge fan de Sovjet-Uny URS 49 41 35 125
2 East-Dútslân Flagge fan East-Dútslân GDR 40 25 25 90
3 Feriene Steaten Flagge fan de Feriene Steaten USA 34 35 25 94
4 West-Dútslân Flagge fan West-Dútslân FRG 10 12 17 39
5 Japan Flagge fan Japan JPN 9 6 10 25
6 Poalen Flagge fan Poalen POL 7 6 13 26
7 Bulgarije Flagge fan Bulgarije BUL 6 9 7 22
8 Kuba Flagge fan Kuba CUB 6 4 3 13
9 Roemeenje Flagge fan Roemeenje ROM 4 9 14 27
10 Hongarije Flagge fan Hongarije HUN 4 5 13 22

Yn 1976 waarden de Spullen troch 28 lannen ofisjeel boycot fanwege de Afrikaanske kwestje. Dat in protest wie fanwege de dielname fan Nij-Seelân omdat it Nij-Seelânske rugbyteam harren neat oanlutsen hiene fan de ynternasjonale sport boycot fan Súd-Afrika. As protest lutsen de measte Afrikaanske lannen har werom.

Boycotsjende Lannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Egypte, Kameroen, Marokko en Tuneezje lutsen har nei de earste dagen fan de Spullen ek noch werom yn ferbân mei de Afrikaanske kwestje.

Finansjeel drama

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It Olympysk stadion fan Montreal

Montreal luts trijehûndertfiiftich miljoen dollar út foar de Spullen. De Franske arsjitekt Roger Taillibert ûntwurp it stadion, dat doe unyk yn syn soarte wie: het dak iepen tidens de simmermoannen en koe oerdutsen wurde tidens de wintermoannen. It dak waard befêstige oan in oerhelljende toer dêr't ek sportsealen yn oanwêzich wiene. De plannen foar de bou fan it swimbad en de hurdfytsbaan wiene fan itselde bouwkundige lef. Dochs is de útfiering fan dizze plannen dreger as earder tocht. De hurde Kanadeeske winters fertraagen it proses; der wiene stakingen fan de boufakkers, de kosten wiene safier ûnderskat en der wie noch de bykommende druk fan de feiliigensmaatregels dêr't foldien oan wurde moast. Dat alles soarge foar in grutte efterstân dy't op in stuit der foar soarge dat sels de organisaasje fan de Spullen yn it gedrang kaam. Uteinliks moast de provinsje Québec him finansjeel boarch stelle moast om in fiasko te fermijen. Doe't Elizabeth II de Spullen iepene, wiene inkele bouwurken, wêrûnder it stadion, sels noch net iens klear. Uteinliks waard de toer fan it stadion pas nei de Spullen ôfmakke en hat it stadion nea echt in goed wurkjend útskowber dak hân. Montreal en Québec bleaune efter mei in grutte skuld fan inkele miljoenen.


Dielnimmende lannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Dielnimmende Lannen Olympyske Simmerspullen 1976

92 lannen diene mei oan de Olympyske Simmerspullen yn Montreal. De lannen dy't skean skreaun binne, lútsen har inkele dagen nei it begjin fan de Spullen werom







Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Olympyske Spullen
Simmerspullen: Atene 1896 | Parys 1900 | St. Louis 1904 | Londen 1908 | Stokholm 1912 | Antwerpen 1920 | Parys 1924 | Amsterdam 1928 | Los Angeles 1932 | Berlyn 1936 | Londen 1948 | Helsinki 1952 | Melbourne 1956 | Rome 1960 | Tokio 1964 | Meksiko (stêd) 1968 | München 1972 | Montreal 1976 | Moskou 1980 | Los Angeles 1984 | Seoel 1988 | Barcelona 1992 | Atlanta 1996 | Sydney 2000 | Atene 2004 | Peking 2008 | Londen 2012 | Rio de Janeiro 2016 | Tokio 2020 (2021) | Parys 2024 | Los Angeles 2028 | Brisbane 2032
Winterspullen: Chamonix 1924 | Sankt Moritz 1928 | Lake Placid 1932 | Garmisch-Partenkirchen 1936 | Sankt Moritz 1948 | Oslo 1952 | Cortina d'Ampezzo 1956 | Squaw Valley 1960 | Innsbruck 1964 | Grenôble 1968 | Sapporo 1972 | Innsbruck 1976 | Lake Placid 1980 | Sarajevo 1984 | Calgary 1988 | Albertville 1992 | Lillehammer 1994 | Nagano 1998 | Salt Lake City 2002 | Turyn 2006 | Vancouver 2010 | Sotsji 2014 | Pyeongchang 2018 | Peking 2022 | Milaan en Cortina d'Ampezzo 2026
· · Berjocht bewurkje


Olympyske Simmerspullen 1976

Atletyk | Baanhurdfytsen | Basketbal | Bôgesjitten | Boksen | Dykhurdfytsen | Follybal | Fuotbal | Gewichtheffen | Gymnastyk | Hânbal | Hynstesport | Hockey | Hurdsilen | Judo | Kanofarren | Keunstdûken | Moderne fiifkamp | Roeien | Sjitsport | Skermjen | Swimmen | Wetterpolo | Wrakseljen