Springe nei ynhâld

Suicide Squad (film út 2016)

Ut Wikipedy
Suicide Squad
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur David Ayer
produsint Charles Roven
Richard Suckle
Zack Snyder
Deborah Snyder
senario David Ayer
basearre op Suicide Squad fan DC Comics
kamerarezjy Roman Vasyanov
muzyk Steven Price
filmstudio Warner Bros.
RatPac-Dune Entertainment
DC Films
Atlas Entertainment
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Will Smith
Margot Robbie
Cara Delevingne
byrollen Viola Davis
Jai Courtney
Jay Hernandez
Adwale Akinnuoye-Agbaje
Joel Kinnaman
Karen Fukuhara
Jared Leto
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 1 augustus 2016
foarm langspylfilm
sjenre superheldefilm
taal Ingelsk (ek in bytsje Japansk)
spyltiid 123 minuten
budget en resultaten
budget $175 miljoen
opbringst $746,8 miljoen
prizen 1 × Oscar
filmsearje
filmsearje Suicide Squad
● folgjend diel The Suicide Squad

Suicide Squad is in Amerikaanske superheldefilm, aksjekomeedzje en swarte komeedzje út 2016 ûnder rezjy fan David Ayer, mei yn 'e haadrollen Will Smith, Margot Robbie en Cara Delevingne. De titel betsjut "Selsmoardienheid". It is de trêde film út 'e filmsearje fan it DC Extended Universe, dy't basearre is op 'e strips fan útjouwerij DC Comics. It ferhaal giet oer in stikmannich supersmjunten dy't ûnder twang troch de Amerikaanske oerheid rekrutearre wurde út finzenissen dêr't se lange selstraffen útsitte, om as team ynset te wurden tsjin boppenatuerlike bedrigings fan it lân. Suicide Squad krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes, mar woeks yn 'e bioskopen út ta in reuseftich kommersjeel súkses. De film wûn yn 2017 de Oscar foar bêste fisazjy en hierstilearring. Yn 2020 kaam de spin-off-film Birds of Prey (mei Margot Robbie) út, en yn 2021 ferskynde de ferfolchfilm The Suicide Squad.

Yn 'e neisleep fan 'e dea fan Superman (sjoch: Batman v Superman: Dawn of Justice) bepraat Amanda Waller, in ûnmeilydsume en folslein ymmorele spesjaal aginte fan in net by namme neamde Amerikaanske ynljochtingetsjinst, har superieuren yn 'e Amerikaanske oerheid om it griene ljocht te jaan foar it gearstallen fan in spesjaal team dat wjerstân biede moat oan eventuele bedrigings fan 'e Feriene Steaten troch wêzens mei boppenatuerlike krêften. It team moat bestean út kriminelen en supersmjunten dy't op dit stuit yn Amerikaanske finzenissen sitte. Op papier hjit it Task Force X, mar it kriget al rillegau de bynamme Suicide Squad ("Selsmoardienheid"), mei't de leden justjes strafferlichting krije as se in misje ta in goede ein bringe, mar deade wurde sille as dat harren net slagget. Om 'e leden fan it Suicide Squad ûnder de tomme te hâlden, lit Waller nanotechnologyske bommen yn 'e halzen fan 'e teamleden ymplantearje, dy't se fan op ôfstân ta ûntploffing bringe kin.

Ien fan 'e earste leden fan it Suicide Squad is dr. June Moone, in Amerikaanske argeologe dy't by ûndersyk yn in ruïne in klaaien fleske briek dat de geast befette fan 'e Tsjoenster, in oerâlde froulike demon, dy't har neitiid geastlik besette. Om't de Tsjoenster gjin lichem hat, kin Waller gjin bom by har ymplantearje, mar se wit it wêzen te behearskjen troch har magyske hert yn gizeling te nimmen; as se dat ferwûnet, ferwûnet se dêrmei ek de Tsjoenster sels. Se wiist kolonel Rick Flag, de súksesfolste kommando út 'e Amerikaanske Striidkrêften, oan dr. Moone ta as bewekker en manipulearret harren sa dat Flag fereale rekket op Moone. Dêrtroch kin Waller ek Flag alles dwaan litte dat se wol.

De Tsjoenster is lykwols machtiger as dat Waller foar it ferstân hat; se kringt nachts Waller har sliepkeamer binnen mei de bedoeling om har hert werom te stellen. It docht bliken dat Waller dêr foarsoarchsmaatregels foar nommen hat, mar de Tsjoenster fynt ynstee in klaaien fleske út deselde ruïne yn it besit fan Waller werom, dat de geast fan har broer, de Ynkubus, befettet. Se lit syn geast frij en naait dan út mei it lichem fan dr. Moone. Waller reägearret dêrop troch har hert stikken te stekken, mar trochdat har broer har in diel fan syn krêften skinkt, kin de Tsjoenster dy ferwûnings te boppen komme. Tegearre mei har broer makket se har master fan 'e binnenstêd fan Midway City, dêr't se de befolking feroarje yn meunsters dy't harren wil dogge en plannen meitsje om 'e minskheid út te rûgjen as wraak foar wat de arrogante Waller dien hat.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Om regaad te meitsjen aktivearret Waller it Suicide Squad. De leden fan it team binne:

It team stiet ûnder lieding fan kolonel Flag, dy't de Japanske swurdfjochtster Tatsu Yamashiru, better bekend as Katana, ynset om foar te kommen dat er troch syn eigen team deadien wurdt. Waller en Flag soargje derfoar dat de oare teamleden neat oer de bân tusken Waller en de Tsjoenster, noch oer de relaasje tusken Flag en Moone te witten komme.

As it Suicide Squad yn Midway City oankomt, wurdt harren helikopter delsketten, sadat se geandefoets fierder moatte. Captain Boomerang en Slipknot, dy't net yn it bestean fan nanotechnologyske bommen leauwe, prate ôf om tegearre út te naaien, mar as Slipknot útpykt, blaast Flag, troch in app op syn mobile tillefoan te aktivearjen, syn holle derôf, wat Captain Boomerang op oare gedachten bringt. Nei't se har in wei omheech fochten hawwe yn in wolkekliuwer om in tige wichtich persoan te ûntsetten dy't beslist neat oerkomme mei, ûntdekke de teamleden dat it om Waller sels giet. Foar't se har haadkertier yn 'e wolkekliuwer ferlit, sjit Waller al har meiwurkers dea om har eigen belutsenens by de rebûlje fan 'e Tsjoenster te fertsjustermoanjen.

Underwilens hat de Joker it plak opspoard dêr't syn faam Harley Quinn finzen holden waard (it Belle Rêve-tichthûs yn 'e Mississippydelta fan Louisiana) en is er ek oan 'e weet kommen dat se yndield is by it Suicide Squad. Troch sjantaazje mei syn gokskulden kriget er de wittenskipper yn oerheidstsjinst Van Criss safier dat dy de bom yn Harley har hals deäktivearret. As it Suicide Squad mei Waller, nei't se har ûntset hawwe, mei in helikopter fan it dak fan 'e wolkekliuwer ôfhelle wurde sille, docht bliken dat de Joker en syn trewanten de helikopter kaapt hawwe, sadat Harley ûntsnappe kin. Waller oarderet Deadshot om Harley dea te sjitten, mar de skerpskutter sjit foar it earst yn jierren mis. Dêrop lit Waller de hiele helikopter troch it leger delsjitte, mar Harley kin op it dak fan in foarbykommende wolkekliuwer springe en oerlibbet it. De helikopter mei de Joker deryn ferdwynt efter in oare wolkekliuwer en ûntploft. Mei de Joker dea hat Harley gjin doel mear yn har libben, dat se jout har út frije wil wer by de oare leden fan it team.

Waller set ôf yn in oare, lytsere helikopter, en ûnthjit ferfier foar it hiele team regelje te sillen. Har helikopter wurdt lykwols delhelle troch de Ynkubus, en Waller sels wurdt finzen nommen troch de Tsjoenster, dy't dêrtroch har hert bemachtiget, dat Waller by har hie. No't se wer folslein is, kriget se ek har folsleine krêften werom. It Suicide Squad set nei it wrak fan Waller har delstoarten helikopter, dêr't Deadshot yn har papierren de bân tusken Waller en de Tsjoenster en de relaasje tusken Flag en Moone gewaar wurdt. Neitiid twingt er Flag om alles oan 'e oare teamleden op te bychtsjen. It hiele team, Katana ynbegrepen, rint dêrop by Flag wei en siket in bar op om wat te drinken. El Diablo fertelt dêr de oare teamleden oer syn ysbaarlike boppenatuerlike macht op it mêd fan fjoer, dy't er sels net folslein behearskje kin en dêr't er by fersin syn frou en bern mei deabaarnd hat.

Flag ûntheft de teamleden fan harren misje en tebrekt syn mobile tillefoan (sadat er de bommen yn harren halzen net mear ôfgean litte kin) om sjen te litten dat it him mienen is. De groep beslút dêrop út frije wil om him te helpen. De basis fan 'e Tsjoenster en de Ynkubus is in metrostasjon. Flag syn peloton Navy SEAL-kommando's fan 'e Amerikaanske Marine en Killer Croc swimme troch it rioel nei de tunnel ûnder it stasjon, dêr't se in bom oanbringe. Underwilens falle Flag en de rest fan it team it metrostasjon binnen en bine de striid oan mei de Ynkubus, wylst de Tsjoenster drok dwaande is mei it ferwoastgjen fan 'e ynfrastruktuer fan 'e Amerikaanske Striidkrêften. El Diablo brûkt al syn pyrokinetyske krêften om 'e Ynkubus nei it plak fan 'e bom te lokjen, wêrnei't se by de eksploazje allebeide omkomme. De Tsjoenster biedt de oare leden fan it Suicide Squad oan om harren by har oan te sluten, en Harley beart dat se dat dwaan wol, mar brûkt dan it ferlerne swurd fan Katana om 'e Tsjoenster te ferwûnjen en har har hert wer te ûntnaderjen. Flag easket fan 'e Tsjoenster dat dy June Moone oan him weromjaan sil, mar hja wegeret, wêrnei't er har hert stikkenknypt. Dat wurdt de Tsjoenster har dea, mar neitiid klaut Moone harsels in wei út it lyk fan 'e Tsjoenster.

Waller, dy't spitigernôch op ûnferklearbere wize har finzenskip oerlibbe hat, ferskynt wer en jout alle oerlibjende leden fan it Suicide Squad tsien jier strafferlichting. Deadshot giet dêr net mei akkoart; hy wol syn dochterke sjen, en dêr jout Waller tastimming foar. Ek oare leden fan it team krije harren (reedlike) fersiken ynwillige. As de teamleden neitiid op 'e nij finzen sitte yn Belle Rêve, brekt der in groep swierbewapene en goed tariste mannen yn it diel fan it kompleks yn dêr't Harley fêstholden wurdt. Harren lieder is de Joker, dy't it delstoarten fan syn helikopter dochs oerlibbe blykt te hawwen. Hy rêdt Harley en set, nei't men oannimme mei, mei har ôf (al wurdt dat net yn byld brocht).

Yn in sêne dy't healwei de ôftiteling folget, hat Waller in moeting mei Bruce Wayne, better bekend as Batman. Dyselde stimt deryn ta om har te helpen yn ruil foar dossiers fan 'e oerheid oer de oanwaaksende mienskip fan lju mei boppeminsklike krêften, sadat er syn eigen superheldeteam gearstalle kin (sjoch: Justice League). Hy seit tsjin Waller dat se it Suicide Squad opheffe moat.

Will Smith.
Margot Robbie.
Cara Delevingne.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Floyd Lawton / Deadshot Will Smith
dokter Harleen Quinzel / Harley Quinn Margot Robbie
dr. June Moone / de Tsjoenster Cara Delevingne


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Amanda Waller Viola Davis
Digger Harkness / Captain Boomerang Jai Courtney
Chato Santana / El Diablo Jay Hernandez
Waylon Jones / Killer Croc Adwale Akinnuoye-Agbaje
kolonel Rick Flag Joel Kinnaman
Tatsu Yamashiro / Katana Karen Fukuhara
de Joker Jared Leto
de Ynkubus Alain Chanoine
kaptein Hunter Griggs Ike Barinholtz
"GQ" Edwards Scott Eastwood
Christopher Weiss / Slipknot Adam Beach
Bruce Wayne / Batman Ben Affleck
dr. Van Criss Matt Baram
Zoe Lawton Shailyn Pierre-Dixon
Johnny Frost (trewant fan 'e Joker) Jim Parrack
Monster T (trewant fan 'e Joker) Common
Grace Santana Corina Calderón
Dexter Tolliver David Harbour
Gomez Alex Meraz
Barry Allen / The Flash Ezra Miller (cameo)
Arthur Curry / Aquaman Jason Momoa (inkeld op in argyfbylden)
sipier yn Belle Rêve David Ayer (cameo)

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Suicide Squad wie yn 2009 al oankundige. De film waard regissearre troch David Ayer nei in senario fan himsels op basis fan 'e strips oer it Suicide Squad fan útjouwerij DC Comics. As produsinten wiene Charles Roven, Richard Suckle, Zack Snyder en Deborah Snyder by it projekt belutsen, hoewol't de lêste beiden net op 'e ôftiteling fermeld waarden. Hja wurken yn opdracht fan 'e filmstudio's Warner Bros., RatPac-Dune Entertainment, DC Films en Atlas Entertainment. Foar de film wie in budget beskikber fan $175 miljoen.

Regisseur en senarioskriuwer David Ayer.

De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Roman Vasyanov, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Steven Price. De opnamen foar Suicide Squad setten op 13 april 2015 op lokaasje útein yn it Kanadeeske Toronto, dêr't yn 'e Pinewood Toronto Studios ek de measte binnendoarsênes filme waarden. De opnamen waarden ôfrûne yn augustus fan dat jier yn Chicago. Yn 2016 folgen noch ferskate reshoots om't Warner Bros. Suicide Squad in wat lichthertiger toan tahawwe woe, nei't op foargeande films út 'e DC Extended Universe-rige frijwat krityk kommen wie omreden fan 'e tsjustere, sombere toansetting. Datselde jiers waard foar Suicide Squad ek noch in koarte sêne mei The Flash troch Zack Snyder yn Londen filme as ûnderdiel fan 'e opnamen fan Justice League, wylst Ayer al mei de postproduksje oan 'e gong wie.

De distribúsje fan Suicide Squad waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 1 augustus 2016 yn New York yn premiêre en iepene op 5 augustus fan dat jier yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op dyselde dei by de platemaatskippijen Atlantic en WaterTower Music. Op 15 novimber kaam Suicide Squad beskikber as digitale download en op 13 desimber waard de film útbrocht op dvd en blu-ray.

De cast fan Suicide Squad op 'e San Diego Comic-Con fan 2016. F.l.n.rj.: Will Smith, Margot Robbie, Jared Leto, Viola Davis, Joel Kinnaman, Scott Eastwood, Adewale Akinnuoye-Agbaje, Jai Courtney, Jay Hernandez, Cara Delevingne en Adam Beach.

Fan 'e filmkritisy krige Suicide Squad oer it algemien negative resinsjes. Fral de plot, de rezjy, de filmmontaazje en de wize dêr't de personaazjes (yn it senario) op delset wurde, krigen in protte krityk. Wol waard it spyljen fan 'e cast priizge, yn 't bysûnder it optreden fan Margot Robbie as Harley Quinn, dêr't men graach mear fan sjen woe. Ek de special effects koene oer it algemien op goedkarring rekkenje.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Suicide Squad in leech goedkarringspersintaazje fan 26%, basearre op 384 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] omfettet in talintearre cast en in bytsje mear humor as eardere DC Extended Universe-films, mar dat is net genôch om it teloarstellende resultaat te rêden fan in betize plot, personaazjes sûnder djipgong en in wifkjende rezjy." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Suicide Squad in goedkarringspersintaazje fan 40%, basearre op 53 resinsjes.

Suicide Squad brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $325,1 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $421,7 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $746,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $175 miljoen betsjut dat in winst fan $571,8 miljoen, hoewol't dêr de (mânske) marketingkosten noch wol ôf moatte. It tydskrift Deadline Hollywood berekkene de skjinne winst op $158.450.000, wêrmei't Suicide Squad de op njoggen nei meast opbringende film fan 2016 wêze soe.

De opnamen foar in efterfolgingssêne út 'e film op Yonge Street yn 'e binnenstêd fan Toronto, yn maaie 2015.

Suicide Squad waard yn 2017 nominearre foar, en wûn, de Oscar foar bêste fisazjy en hierstilearring (Alessandro Bertolazzi, Giorgio Gregorini en Christopher Nelson). Dat wie de earste kear dat in film út 'e DC Extended Universe-rige in Oscar wûn hie. De film wûn ek de Critics' Choice Award foar bêste aktrise yn in aksjefilm (Margot Robbie), de Kids' Choice Award foar favorite soundtrack, de People's Choice Award foar favorite aktrise yn in aksjefilm (Robbie) en de Teen Choice Award foar favorite langferwachte film en favorite aktrise yn in langferwachte film (Cara Delevingne). Fierders waard Suicide Squad nominearre foar trije Grammy Awards, trije Saturn Awards, noch seis oare People's Choice Awards, in Empire Award, in MTV Movie Award, in Billboard Music Award en in BET Award.

Yn 'e gronologyske folchoarder fan 'e filmsearje fan it DC Extended Universe waard Suicide Squad foarôfgien troch Batman v Superman: Dawn of Justice, ek út 2016, en folge troch Wonder Woman, út 2017. Yn in sêne dy't healwei de ôftiteling fan Suicide Squad te sjen is, wurdt foarútblikt nei in oare film út 'e rige, Justice League, ek út 2017. Wat de aventoeren fan 'e personaazjes út Suicide Squad oangiet, waard de film folge troch de spin-off-film Birds of Prey, út 2020, wêryn't Margot Robbie weromkeart yn har rjupriizge rol fan Harley Quinn. In film oer it hiele team út Suicide Squad kaam út yn 'e simmer fan 2021 ûnder de titel The Suicide Squad (mei in lidwurd). Dêryn wiene Margot Robbie en ferskate oare leden fan 'e cast fan Suicide Squad wer fan 'e partij, mar Will Smith moast omreden fan oare ferplichtings ôfsizze en waard ferfongen troch Idris Elba.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


DC Extended Universe (filmsearje)
Man of Steel (2013) • Batman v Superman: Dawn of Justice (2016) • Suicide Squad (2016) • Wonder Woman (2017) • Justice League (2017) • Aquaman (2018) • Shazam! (2019) • Birds of Prey (and the Fantabulous Emancipation of One Harley Quinn) (2020) • Wonder Woman 1984 (2020) • Zack Snyder's Justice League (2021) • The Suicide Squad (2021) • Black Adam (2022) • The Flash (2022) • Aquaman 2 (2022) • Shazam! Fury of the Gods (2023)