Birds of Prey (and the Fantabulous Emancipation of One Harley Quinn)

Ut Wikipedy
Birds of Prey
(and the Fantabulous Emancipation
of One Harley Quinn)
Filmklapper.png film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
BirdsOfPrey2020Logo.png
makkers
regisseur Cathy Yan
produsint Margot Robbie
Bryan Unkeless
Sue Kroll
senario Christina Hodson
kamerarezjy Matthew Libatique
muzyk Daniel Pemberton
filmstudio Warner Bros.
DC Films
LuckyChap Entertainment
Clubhouse Pictures
Kroll & Co. Entertainment
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Margot Robbie
Ewan McGregor
Jurnee Smollett-Bell
voice-over Margot Robbie
byrollen Chris Messina
Rosie Perez
Ella Jay Basco
Mary Elizabeth Winstead
skaaimerken
lân/lannen Flag of the United States.svg Feriene Steaten
premiêre 25 jannewaris 2020
foarm langspylfilm
sjenre superheldefilm
taal Ingelsk
spyltiid 109 minuten
budget en resultaten
budget $82–100 miljoen
opbringst $201,9 miljoen
filmsearje
filmsearje DC Extended Universe
● foarich diel Shazam!
● folgjend diel Wonder Woman 1984

Birds of Prey (and the Fantabulous Emancipation of One Harley Quinn), ek wol bekend as Harley Quinn: Birds of Prey of koartwei as Birds of Prey, is in Amerikaanske superheldefilm (eins supersmjuntefilm) en swarte komeedzje út 2020 ûnder rezjy fan Cathy Yan, mei yn 'e haadrollen Margot Robbie, Ewan McGregor en Jurnee Smollett-Bell. De titel betsjut "Rôffûgels (en de Fantabuleuze Ferselsstanniging fan in Harley Quinn)". De film makket diel út fan 'e DC Extended Universe-filmsearje. It ferhaal folget Harley Quinn, dy't yn 'e swierrichheden rekket nei't de Joker harren langjierrige relaasje ferbrekt. As bekend wurdt dat se net mear ûnder syn beskerming stiet, komt nammentlik eltsenien efter har oan dy't se ea wat misdien hat (en dat is noch alris ien). Sadwaande rekket se ek yn konflikt mei de machtige gangster Roman Sionis. Om him te ferslaan, is Harley twongen om har by de de Birds of Prey te jaan, in groep fan trije froulike misdiebestriidsters. Birds of Prey krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes. Yn 'e bioskopen prestearre de film teloarstellend, wat lykwols benammen te witen wie oan 'e beheinings dy't oplein waarden omreden fan 'e koroanafiruspandemy.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fjouwer jier nei't se holpen hat om 'e Tsjoenster te ferslaan (sjoch: Suicide Squad), wurdt Harley Quinn dumpt troch har frijer de Joker, mei wa't se in langjierrige en tige hertstochtlike relaasje ûnderholden hat. It útmeitsjen fan 'e ferkearing giet net mei wjerssidige ynstimming; ynstee lit de Joker Harley troch syn trewanten letterlik op 'e strjitte fan Gotham City smite. Se fynt ûnderdak yn in suterich ienkeamerappartemint boppe it restaurant fan 'e âldere Taiwaneeske ymmigrant Doc en komt har leafdesfertriet (úteinlik) te boppen troch har hier koarter te knippen, te begjinnen mei rollerderby en in bûnte hyena as húsdier te nimmen. (Se neamt it bist 'Bruce Wayne', nei Batman, en fuorret der de grizel fan in yllegale bistehanneler oan op dy't de hyena oan har besiket te ferkeapjen.)

Op in jûn rekket Harley dronken yn in eksklusive nachtklub dy't eigendom is fan 'e ynfloedrike Roman Sionis, in ûnmeilydsume en geastlik steurde gangster dy't oanhelle is mei smetfrees. As dy syn sjauffeur har in "domme slet" neamd, brekt se him beide skonken. Teffens moetet se de negroïde nachtklubsjongster Dinah Lance, dy't harsels Black Canary neame lit. Dyselde rêdt har letter fan in pear ûnhuere types dy't har ûntfiere wolle as se te dronken is om harsels te ferdigenjen. Sionis, dy't it foarfal yn 'e steech efter syn nachtklub út it finster fan syn kantoar wei sjocht, is ûnder de yndruk fan 'e gefjochtsfermogens fan Dinah en twingt har om syn nije sjauffeur te wurden. De jûns dêrop beslút Harley einlings en te'n lêsten oan 'e hiele wrâld dúdlik te meitsjen dat it nea wer goedkomme sil tusken har en de Joker. Dat docht se troch it gemysk bedriuw Ace Chemicals, dêr't harren românse jierren lyn begûn, op te blazen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Underwilens ûndersiket resjersjeur Renée Montoya fan it Gotham City Police Department in rige moarden op ûnderwrâldfigueren troch wat in figilante liket te wêzen dy't gebrûk makket fan in krúsbôge. De media neame de dieder dêrom al rillegau de Crossbow Killer. Montoya is tige yntelligint, mar wurdt by de pleatslike plysje net foar fol oansjoen, om't dommere mar ambisjeuze manlike kollega's kear op kear mei har fearren pronkje. Ek diskear is se de oare plysjes trije stappen foar. Montoya is derfan oertsjûge dat de moarden te krijen hawwe mei de Bertinelli-diamant. Dat is in sieraad dêr't in geheime koade yn ferburgen sitte soe dy't tagong jout ta de bûtenlânske bankrekkens fan 'e Bertinelli's, in maffiafamylje dy't fyftjin jier earder folslein útmoarde is troch de gangster Stefano Galante. Dyselde is ien fan 'e slachtoffers fan 'e Crossbow Killer, wylst de oaren syn eardere trewanten binne.

Montoya fermoedet dat Sionis opdracht ta de moarden jûn hat, mei't se fan in ynformant yn dy syn organisaasje heart hat dat er ferwachtet de lang weirekke Bertinelli-diamant mei koarten te ûntfangen. It probleem is allinne dat har ynformant deselde sjauffeur wie dy't Harley de skonken brutsen hat, wêrnei't Sionis him oan 'e dyk set hat. As Montoya heart dat Dinah de nije sjauffeur fan Sionis is, besiket se har as ynformant te rekrutearjen, mar Dinah is noch altyd lulk dat it Gotham City Police Department neat dien hat om 'e moard op har mem tsjin te kearen, noch ek mar wàt om 'e dieders fan dat misdriuw te sykjen, dat se seit tsjin Montoya dat se opsokkebalje moat. Sionis stjoert Dinah en syn sadistyske rjochterhân Victor Zsasz derop út om 'e Bertinelli-diamant foar him op te pikken, mar Zsasz ferliest it sieraad fuort letter alwer oan 'e jonge bûsehifker Cassandra Cain. It fanke wurdt net lang dêrnei by in oar gefal fan dieverij trappearre en troch de plysje arrestearre. Underweis nei it plysjeburo slokt se de diamant troch.

Harley komt wilens ta de konkúzje dat se net goed neitocht hat oer wat der barre soe as bekend waard dat se net mear 'mei' de Joker is. Want om't se no syn beskerming net mear genietet, is se yn prinsipe fûgelfaai foar eltsenien dy't se wat misdien hat, en dat is noch alris ien. Op 'e flecht foar alderhanne lju fan wa't se noch wat tegoede hat, wurdt se finzen nommen troch de trewanten fan Sionis. Zsasz fertelt oan Sionis dat de Bertinelli-diamant yn it besit is fan Cassandra, ta argewaasje fan Dinah, dy't oer it famke ynsit om't Cassandra har buorfamke is. Harley, dy't op it punt stiet om troch Sionis fermoarde te wurden, biedt oan om 'e diamant foar him werom te heljen. Sionis fynt dat in ynteressant oanbod, dat hy seit ta dat er Harley sparje sil as se him de diamant bringt. Om it noch wat 'ynteressanter' te meitsjen, jout er Harley (sûnder dat sy it wit) konkurrinsje, troch in priis op 'e holle fan Cassandra te setten.

Mei grou, sij it net deadlik, geweld kringt Harley it plysjeburo yn en befrijt se Cassandra. Behalven it heale plysjekorps, Montoya ynbegrepen, moat se dêrfoar ek in hiele kliber preemjejagers útskeakelje, dy't it op 'e priis foarsjoen hawwe dy't Cassandra op 'e holle stiet. Sa ûntdekt Harley wat Sionis dien hat. Nei't se ûntsnapt binne, nimt Harley Cassandra mei nei har appartemint. Underwilens wurdt Harley har freon Doc ûnderfrege troch de Crossbow Killer. Dat blykt Helena Bertinelli te wêzen, dy't as lyts famke it troch Galante oanrjochte bloedbad ûnder har famylje oerlibbe hat en har dêrnei opliede litten hat ta hiermoardneresse. De bynamme 'Crossbow Killer' is foar har trouwens in oanhâldende boarne fan argewaasje, mei't se bekendstean wol as de Huntress ("Jagerinne"). Letter is it appartemint fan Harley it doelwyt fan in bomoanslach, wêrnei't Doc fertrietlik mar sûnder berou tajout dat er har ferret hat.

Harley beseft dat alles yn 'e wrâld om jild draait, dat se skillet Sionis op en biedt him oan om Cassandra oan him oer te dragen yn ruil foar syn beskerming tsjin eltsenien dy't harsels tenei komme wol. Hy giet akkoart, dat se prate ôf yn in suterich, fertutearze ferdivedaasjepark. Dinah, dy't oan Sionis syn kant tsjûge is fan it petear, ljochtet Montoya deroer yn om Cassandra te rêden. Har ferrie wurdt lykwols opmurken troch Zsasz, dy't it útbringt oan Sionis. Dyselde sit der raar ta, om't er fan syn meiwurkers abslute trou ferwachtet, ek al is er sels trou oan nimmen. Dat, hy docht syn ritualistyske swarte masker op, dêr't er syn bynamme "Black Mask" oan tanket, en sammelet syn mannen om nei it ferdivedaasjepark ta.

Yn it park wurde Harley en Cassandra opwachte troch Montoya, dy't besiket Harley te arrestearjen. Se wurdt lykwols troch Harley út it finster slein. Dinah en Zsasz arrivearje, wêrnei't Zsasz Harley fuortendaliks delsjit mei in pylkje mei in ferdôvjend middel. Dêrnei oermasteret er sawol Cassandra as Dinah en hâldt harren ûnder skot wylst er wachtet op 'e oankomst fan Sionis. Hy wurdt lykwols deade mei in krúsbôgebout troch de kiel troch Helena Bertinelli, mei't er de lêste fan Stefano Galante syn eardere trewanten is dy't ferantwurdlik wiene foar de dea fan har famylje. Montoya klimt wer troch it finster nei binnen, wêrnei't der in Mexican standoff ûntstiet tusken de ûnderskate froulju. Uteinlik beslute se gear te wurkjen, om't Sionis harren mienskiplike fijân is: Harley om't se him bedragen hat troch Cassandra net daliks oan him út te leverjen; Dinah troch him te ferrieden oan 'e plysje; Montoya trochdat se in ûndersyk nei him ynsteld hat; Cassandra trochdat se 'syn' diamant stellen hat; en Helena om't Sionis, sa bringt Montoya oan it ljocht, it brein efter de ôfslachting fan 'e Bertinelli-famylje wie.

As Sionis opdaagjen komt mei in lyts leger oan trewanten, meitsje de froulju gebrûk fan Harley har âlde wapenreau om harren te ferdigenjen. Se witte op 't lêst suver al Sionis syn trewanten út te skeakeljen, mar Sionis nimt Cassandra finzen en naait mei har út. Mei help fan Helena op in motor set Harley op rolredens de efterfolging yn. It slagget har om Sionis syn limûsine yn te heljen, binnen te kringen en ferûngelokje te litten. Mei al syn mannen no útskeakele, flechtet Sionis mei Cassandra in deunby leine pier op, dêr't in lêste konfrontaasje mei Harley plakfynt. Dy sjit mis mei har lêste kûgel, mar Cassandra lûkt de pin út in hângranaat dêr't se harsels earder mei bewapene hie, en stoppet it eksplosyf by Sionis yn 'e bûse. Harley wit de gangster fan 'e pier te smiten krekt foar't de ganaat ôfgiet, wêrby't Sionis alhiel útinoar riten wurdt.

Yn 'e neisleep fan it ferhaal tsjinnet Montoya har ûntslach yn by de plysje, dêr't har wurk net wurdearre wurdt. Ynstee jout se har by Dinah en Helena om trijeresom as de Birds of Prey op eigen manneboet de misdie te bestriden. Se finansiere harren operaasjes mei it jild út 'e bankrekkens fan 'e Bertinelli-famylje, dêr't Helena fia de diamant tagong te krigen hat. Harley naait lykwols út mei Cassandra, dy't se oannimt as har learlinge/pleechdochter, en mei de diamant sels, dy't sy en Cassandra oan in lommert ferkeapje om harren eigen misdiesyndikaat te begjinnen.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise                  
dokter Harleen Quinzel / Harley Quinn / fertelster Margot Robbie
Roman Sionis / Black Mask Ewan McGregor
Dinah Lance / Black Canary Jurnee Smollett-Bell


byrollen
personaazje                                                  akteur/aktrise
Victor Zsasz Chris Messina
resjersjeur Renée Montoya Rosie Perez
Cassandra Cain Ella Jay Basco
Helena Bertinelli / Huntress Mary Elizabeth Winstead
ofsier fan justysje Ellen Yee Ali Wong
haadynspekteur Patrick Erickson Steven Williams
Doc Dana Lee
Keo François Chau
resjersjeur Tim Munroe Derek Wilson
Happy Matt Willig
Erika Bojana Nivaković
sjauffeur fan Sionis Daniel Bernhardt
Stefano Galante Robert Catrini
Maria Bertinelli Charlene Amoia
Franco Bertinelli Paul Lasa

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Birds of Prey (and the Fantabulous Emancipation of One Harley Quinn) waard al yn maaie 2016 oankundige as in spin-off fan in oare superheldefilm út 'e rige fan it DC Extended Universe, te witten: Suicide Squad, dy't op dat stuit noch yn premiêre gean moast. De film waard regissearre troch Cathy Yan nei in senario fan Christina Hodson. As produsinten wiene Margot Robbie, dy't ek de haadrol spile, Bryan Unkeless en Sue Kroll by it projekt belutsen foar de filmstudio's Warner Bros., DC Films, LuckyChap Entertainment, Clubhouse Pictures en Kroll & Co. Entertainment. Foar de film wie in budget beskikber fan nei skatting $82 oant 100 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Matthew Libatique, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Daniel Pemberton.

Opnamen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De opnamen foar Birds of Prey setten op yn jannewaris 2019 útein ûnder de wurktitel Fox Force Five, en duorren oant en mei 15 april fan dat jier. Hoewol't de ferwachting wie dat der filme wurde soe yn Atlanta en Savannah, yn 'e Amerikaanske steat Georgia, waard de hiele film eins opnommen yn Kalifornje, om't de makkers dêre mear subsydzje fan 'e steatsoerheid krije koene.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Birds of Prey waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 25 jannewaris 2020 yn Meksiko-Stêd yn premiêre, en waard ek fertoand yn it BFI IMAX yn 'e Britske haadstêd Londen op 29 jannewaris en by in spesjaal evenemint yn it Frânske Cannes op 30 jannewaris, dat le Festival de Quinn neamd waard yn in wurdboarterij op le Festival de Cannes. Birds of Prey iepene dêrnei op 7 febrewaris yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 14 febrewaris 2020 by platemaatskippij WaterTower Music.

Omreden fan 'e lockdowns en oare beheinings dy't oplein waarden oan bioskoopbesyk yn it ramt fan 'e bestriding fan 'e wrâldwide koroanafiruspandemy, koe Birds of Prey de wenstige draaitiid fan in fearnsjier yn 'e bioskopen net ôfmeitsje. Ynstee kaam de film al op 24 maart 2020 beskikber as digitale download. Ferkeap op fêste media koe net nei foarren helle wurde omreden fan 'e produksjetiid, dat dêrom duorre it dêrnei oant 12 maaie foar't Birds of Prey ek útbrocht waard op dvd en blu-ray.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy krige Birds of Prey oer it algemien positive resinsjes. Sa parte Richard Roeper fan 'e Chicago Sun-Times de film 31/2 fan 4 stjerren ta. Hy skreau dat Margot Robbie yn dizze film in folle "grappigere en kompleksere aktearprestaasje" ôflevere as yn Suicide Squad (2016), eat dat neffens him te tankjen wie oant it "stilletoskerpe senario fan Christina Hodson." Joe Morgenstern, dy't skreau foar The Wall Street Journal, fûn de film foar it meastepart benammen "gaoatysk", mar teffens "kleurryk, healwiis ynvintyf [en] fleurich gewelddiedich". Yn The Hollywood Reporter skreau John DeFore dat Birds of Prey "grôtfol mei aksje" siet, mar "mear de regels folget as syn steurde haadpersoan". Ek fûn er dat it senario in protte kânsen foar fermaaklike petearen lizze liet.

Owen Gleiberman fan it tydskrift Variety omskreau de film as "tin mar drok" en priizge it aktearjen fan Robbie en de rezjy fan Cathy Yan. It senario fûn er "mear as brutaal genôch, mar der sit amper fleis oan." Joshua Rivera fan The Verge fûn dat Birds of Prey de "earste goede aksjefilm fan DC" wie, mar beklage him deroer dat de film amper tiid útlûkt om mei de ynteressante personaazjes yn 'e kunde te kommen. Ien dy't neat fan Birds of Prey hawwe moast, wie Mick LaSalle, dy't yn 'e San Francisco Chronicle skreau dat de film "mear as ferskriklik" wie. Hy fûn dat dizze film net hearde te bestean, en fear der yn dyselde trant in skoft fierder tsjin út.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Birds of Prey in goedkarringspersintaazje fan 79%, basearre op 432 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei in fris perspektyf, guon nije freonen en withoefolle aksje mei in heech tempo wit [de film] de kleurrike anargistyske geast fan Margot Robbie har Harley Quinn yn byld te bringen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Birds of Prey in goedkarringspersintaazje fan 60%, basearre op 59 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Birds of Prey brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $84,2 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $117,7 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $201,9 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $82 oant 100 miljoen betsjut dat in winst fan teminsten $101,9 miljoen. Om't dêr de mânske marketingkosten noch ôf moatte, hie de film neffens it tydskrift Variety lykwols ferlet fan in opbringst fan $250 oant 300 miljoen. Eins litte Birds of Prey dus in ferlies fan $48 oant 98 miljoen, wat fierhinne feroarsake waard troch it ôfbrekken fan 'e draaitiid yn 'e bioskopen fanwegen de koroanafiruspandemy. Op 1 april 2021 waard bekendmakke dat de film wol allinne yn 'e Feriene Steaten al $30,6 miljoen opbrocht hie oan dvd-ferkeap.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Birds of Prey wûn twa Critics' Choice Super Awards foar bêste akteur yn in superheldefilm (Ewan McGregor) en bêste aktrise yn in superheldefilm (Margot Robbie), en teffens de American Music Award foar bêste soundtrack en de spesjale sjuerypriis op it filmfestival South by Southwest. De film waard fierders nominearre foar 6 Saturn Awards, 2 Satellite Awards, nochris 2 Critics' Choice Super Awards, 5 People's Choice Awards, 2 MTV Movie Awards, de BET Award foar bêste aktrise (Jurnee Smollett-Bell) en de Hugo Award foar bêste dramtyske presintaasje (lange foarm).

Plak yn it DC Extended Universe[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Birds of Prey makket diel út fan 'e DC Extended Universe-filmsearje. Gronologysk folget de film dêryn op Shazam! (2019) en giet er foarôf oan Wonder Woman 1984 (2020). Wat it personaazje fan Harley Quinn oangiet, dat wie earder te sjen yn Suicide Squad (2016). Harley kearde werom, op 'e nij spile troch Margot Robbie, yn The Suicide Squad (2021).

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


DC Extended Universe (filmsearje)
Man of Steel (2013) • Batman v Superman: Dawn of Justice (2016) • Suicide Squad (2016) • Wonder Woman (2017) • Justice League (2017) • Aquaman (2018) • Shazam! (2019) • Birds of Prey (and the Fantabulous Emancipation of One Harley Quinn) (2020) • Wonder Woman 1984 (2020) • Zack Snyder's Justice League (2021) • The Suicide Squad (2021) • Black Adam (2022) • The Flash (2022) • Aquaman 2 (2022) • Shazam! Fury of the Gods (2023)