Springe nei ynhâld

Rynlân

Ut Wikipedy
De Prusyske Rynprovinsje yn 1905 mei de bestjoersdistrikten yn blau oanjûn
Dizze side giet oer it gebiet yn westlik Dútslân. Foar oare betsjuttings, sjoch: Rynlân (betsjuttingsside).

It Rynlân (Dútsk: Rheinland, Ripuarysk: Rhingland, latineisearre namme: Rhenania) is in dizenich ôfbeakene gebiet oan de wjerskanten fan de Ryn yn westlik Dútslân yn de dielsteaten Noardryn-Westfalen, Rynlân-Palts en Saarlân.

It begryp "Rynlân"

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wapen fan it Rynlân

Histoarysk ferwiist it begryp Rynlannen nei dizenich ôfbeakene gebiet oan wjerskanten fan de Ryn yn Sintraal-Jeropa, dêr't de Ripuaryske en Salyske Franken harren nei wenjen setten. It gebiet waard part fan it Frankyske stamlân Austraasje. Yn de Hege Midsiuwen ûntstiene der ferskate steatsjes en foarstedommen by de Ryn del út it eardere stamhartochdom Loataringen wei, dêr't der fierders gjin miene politike of kulturele identiteit by ûntstie.

It konsept "Rynlân" komt út it tiidrek fan it Hillige Roomske Ryk fan de sechtjinde oant de achttjinde iuw doe't it Ryk yn ferskate rykskriten ferparte waard. Fan trije fan de tsien rykskriten dêr't de Ryn trochhinne rint, ferwiist de rivier de Ryn nei harren nammen: Bopperynske Rykskrite, de Karrynske Rykskrite en de Nederrynsk-Westfaalske Rykskrite (rûchwei oerienkommend mei de hjoedddeistige dielsteat Noardryn-Westfalen). Nei de Earste Koälysjekriich waard de Sisreniaanske Republyk (1792-1802) foar in koart skoftke foarme. De term ferwiist nei de troch Frankryk oermastere gebieten oan de lofterkant fan de Rynouwer, mar deêr wiene ek in nustje gebietsjes oan de rjochterouwer by ynbegrepen. Nei de delklap fan it Earste Frânske Keizerryk, waarden de gebieten Gulik-Kleef-Berg en Nederryn yn 1815 troch Prusen anneksearre. Yn 1822 waard de Rynprovinsje (ek wol Rynprusen neamd) troch de Prusyske oerheid oprjochte, in tradysje dy't him trochsette yn it neamen fan de twa Dútske dielsteaten dy't yn 1946 dêr út foarme waarden: Noardryn-Westfalen en Rynlân-Palts.

Nei de Earste Wrâldkriich waard it westlike part fan it Rynlân troch alliearde troepen beset, en yn 1919 waard dat in demilitêre sône neffens it Ferdrach fan Versailles fan 1919 en it Ferdrach fan Locarno fan 1925. Dútske troepen besetten it gebiet yn 1936 trije jier foar it útbrekken fan de Twadde Wrâldkriich.

Deutsches Eck yn Koblenz

It gebiet grinzget yn it westen oan Lúksemboarch, Belgje en Nederlân. Oan de noard- en eastkant grinzget it rûchwei oan de streken Westfalen en Hessen. It gebiet rint yn it suden oant it Noardpaltser Berchlân.

It súdlik en eastlik part is heuveleftich mei leechberchtmen lykas de Westerwald, de Hunsrück, it Sânberchtme, it Taunusberchtme en de Eifel, dy't troch rivierdelten trochsnien wurde, benammen de Midryn oant Bingen am Rhein ta, dêr't de rivier troch it Rynlânsk Laaiplato snijt, en de sydrivieren de Ahr, Mûzel en Nahe. De grins mei de Noarddútske Leechflakte wurdt markearre troch de rivier de Ruhr.

It gebiet omfiemet de Keulske Bocht, it Berchske Lân en it westlik part fan it Ruhrgebiet. Grutte stêden fan it Rynlân binne Aken, Bonn, Duisburg, Düsseldorf, Essen, Koblenz, Keulen, Krefeld, Leverkusen, Mainz, Mönchengladbach, Mülheim an der Ruhr, Oberhausen, Remscheid, Solingen, Trier en Wuppertal.

Plaknammen, allyk efternammen, geane werom nei harren Frankysk erfskip. It gebiet westlik fan de Ryn is skaaimerke troch in sterke Romeinske ynfloed, lykas wynbou. In grut part fan de befolking is tradisjonaal Roomsk-katolyk.

Foar de Romeinske tiid wennen der Keltyske stammen en mingde Keltysk/Germaanske stammen, lykas de Treveri en de Eburoanen, yn it gebiet tusken de Ardinnen en de Ryn. Oan de eastkant fan de Ryn wennen Germaanske stammen, dêr't tusken de Main en de Lahn delsettings fan de Mattiaken, in takke fan de Sjatten, wiene, wylst noardliker dêrfan de Usipeten en Tenktearen wennen.

Romeinske en Frankyske tiid

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It Rynlân yn 'e Romeinske tiid

Julius Caesar oermastere de Keltyske stammen oan de westouwer fan de Ryn en keizer Augustus liet ferskate fersterkingsforten by de Ryn del bouwe. It slagge de Romeinen lykwols net de Germaanske stammen oan de eastouwer fan de Ryn te oermasterjen. Doe't de macht fan it Romeinske Ryk tebekrûn, setten Franken harren oan wjerskanten fan de Ryn nei wenjen en yn de fyfde iuw hiene se al it Romeinske gebiet yn it Rynlân bemachtige. Yn de achtste iuw wie it Rynlân as stamlân fan de Franken it hert fan de Frankyske macht.

By it ferpartsjen fan it Karolingyske Ryk by it Ferdrach fan Ferdun yn 843 kaam it gebiet eastlik fan de Ryn oan East-Frânsje, wylst it gebiet westlik fan de Ryn oan it keninkryk Loataringen kaam.

Hillige Roomske Ryk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It Hillige Roomske Ryk yn 1618

Under keizer Otto I (ferstoarn yn 973 kamen beide ouwers fan de Ryn ûnder it Hillige Roomske Ryk en yn 959 waard it Rynlân ferparte yn de hartochdommen Neder- en Opperloataringen.

Doe't it sintrale gesach fan de Roomsk-dútske keizer tebekrûn, fersnippere it Rynlân yn in griemmank fan ferskate lytse steatsjes en foarstedommen. De twa Loataringske hartochdommen ferfagen en hiene gjin grutte betsjutting mear. Nederloataringen waard stadichoan ferwiist as de Lege Lannen en de namme Loataringen waard beheind ta de krite om de hegere Mûzel, itjinge hjoed-de-dei noch sa hjit. Nei de ryksherfoarming yn 1500/1512, waard it gebiet part fan de Nederrynsk-Westfaalske Rykskrite, de Bopperynske Rykskrite en de Karrynske Rykskrite. Guon Rynske ryksstannen wiene:

Nettsjinsteande it lijen fan ferskate Frânske ynfallen, wie it Rynlân de meast woltierige krite yn Dútslân en fierde it de boppetoan oangeande de Dútske kultuer en foarútgong. Aken wie it plak fan it kroanjen fan de Dútske keningen en keizers en de karfoarstedommen by de Ryn spilen in wichtge rôl yn de Dútske skiednis.

Mei de Frede fan Basel yn 1795 kaam der in ein oan de Earste Koälysjekriich mei Frankryk. It gebiet oan de lofterouwer fan de Ryn kaam oan Frankryk en dat waard befêstige by de Frede fan Lunévile yn 1801. It gebiet eastlik fan de Ryn bleau oant 1806 by it Hillige Roomske Ryk. Dat ryk ûndergie nei de Reichsdeputationshauptschluss fan 25 febrewaris 1803 grutte feroarings: de mediatisearring. Om de Dútske steaten dy't troffen waarden troch de oerdracht fan de lofterkant fan de Ryn oan Frankryk te kompinsearjen foar harren gebietsferliezen, waard it Hillige Roomske Ryk reorganisearre mei territoriale, konstitúsjonele en tsjerklike feroarings. Hast alle tsjerklike foarstedommen en lytsere ryksstêden waarden opheft. In soad tsjerklik besit waard sekularisearre en de measte ryksstêden waarden opnommen yn de nije steaten. Sa waard it tal steaten in ein lytser en dy't oerbleane faak grutter, itjinge as foardiel hie dat dy better tarist wiene om it lân te bestjoeren.

Yn 1806 ferbûnen de steaten yn it Rynlân en oare Dútske steaten harren ta de Rynbûn, dat in ferbûn fan fazalsteaten fan it Earste Frânske Keizerryk ûnder Napoleon waard. Koart dêrnei waard it Hillige Roomske Ryk ûntbûn. Frankryk naam direkte kontrôle oer it Rynlân yn 1814 en feroare en liberalisearre de oerheid, maatskippij en de ekonomy. De Frânsken stelden in ienfâldich, effisjint en sintraal systeem op bestjoerlik en ekonomysk mêd dy't ûnder it bestjoer fan de oerheid yn Parys kaam. It âlde feodale systeem en alle beheinings dy't dêrmei te krijen hiene, waarden opheft. Nije wetlike herfoarmings, neffens de Code Napoléon waarden yntrodusearre. De ekonomyske yntegraasje fan it Rynlân mei Frankryk late ta mear ekonomyske woltierigens, benammen yn yndustriële produksje, wylst saken foardiel hiene mei de ophefte hannelsbelemmerings. De Joaden waarden fan de getto's frijlitten. Dêr wie dus mar in bytsje ferset tsjin de nije sitewaasje en sels de measte Dútsers wiene bliid mei it nije systeem, benammen de stedske elite. Nettsjinsteande dat wie de fijannigens fan de Frânsken foar de Roomsk-Katolike Tsjerke oer in soer punt. De measte Rynlanners wiene katolyk. Sels jierren letter kearden wurklju en feinten gauris nei it Jakobisme nei't de oerheid maatregels nommen hie dy't net populêr wiene, wylst de yntelligentsia op it oanhâlden fan de Code Napoléon oantrunen.

De Rynprovinsje (grien) oanjûn op de in hjoeedeistige kaart
De Wikipedy hat ek in side Rynprovinsje.

Yn 1609 kaam de earste Prusyske ynfloed yn it gebiet nei it bemachtigjen fan it greefskip Kleef. In iuw letter kamen Boppe-Gelre en Meurs ek by Prusen. Nei it Kongres fan Wenen yn 1815, nei de delslach fan Napoleon, waard it gânse Rynlânske gebiet westlik fan de Ryn fan Frankryk oan Prusen ôfstien. De Prusyske oerheid liet it Frânske systeem dêr lykwols hanthavenje. Yn 1822 rjochte Prusen de Rynprovinsje op dy't it gânse Prusyske Rynlân, ek wol Rynsk Prusen neamd, besloech. Yn 1871 waard de Rynprovinsje in Prusyske provinsje binnen it nij foarme Dútske Keizerryk.

Nei't Dútslân de Earste Wrâldkriich ferlear, besetten alliearde troepen, besteande út Amerikanen, Belgen, Britten en Frânsken it Rynlân. Neffens de Ferdrach fan Versailles yn 1919 mochten Dútske troepen net yn it gebiet westlik fan de Ryn en yn in stripe fan 50 km eastlik fan de Ryn komme.

Under swiere Frânske druk waard it Saargebiet yn 1920 fan de Rynprovinsje ôfskaat en ûnder bestjoer fan de Folkebûn steld. Yn 1935, nei in folkstelling, waard it gebiet werom oan Dútslân jûn. Tagelyk yn 1920 waarden de distrikten fan Eupen en Malmedy troch Belgje anneksearre (sjoch Dútsktalige Mienskip).

Koart dêrnei besette Frankryk it Rynlân alhiel en hold alle yndustriële gebieten ûnder strange kontrôle. Dat late ta de hyperynflaasje, om't Dútslân hieltyd mear muoite hie syn skuld oan de alliearden ôf te beteljen, om't harren produsksje ôfnommen waarden. De Frânsken krigen dêrtroch net de skeafergoedings útbetelle dy't it Dútslân oplein hie. De Frânske troepen lutsen yn 1925 harren wer werom út it Rynlân wei.

Op 7 maart 1936 lutsen, nettsjinsteande it Ferdrach fan Versailles, Dútske troepen it Rynlân yn. Hoeden foar in konfrontaasje mei de Dútsers lieten de Frânsken en Britten it mar gewurde. Yn 1945 wie it Rynlân it plak fan swiere fjochterijen tusken de Alliearden en de Dútske ferdigeningskrêften.

Nei de Twadde Wrâldkriich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei it belies fan Dútslân yn de Twadde Wrâldkriich waard it lân yn fjouwer alliearde besettingssônes ferparte. Prusen en de Rynprovinsje waarden opheft. It noardlike part fan de Rynprovinsje waard omfoarme ta de provinsje Noard-Rynlân en wie part fan de Britske besettingssône. It súdlike part fan de Rynprovinsje waard part fan de Frânske besettingssône. Yn 1946 waarden it Noard-Rynlân en Westfalen gearfoege ta de dielsteat Noardryn-Westfalen, it súdlike Rynlân waard mei de Palts gearfoege ta de dielsteat Rynlân-Palts. Noardryn-Westfalen is de meast yndustriële Dútske steat mei en befettet in soad erts lykas stien- en brúnkoal, lead, magnesium, ierdoalje en uranium en boppedat is der in soad transport oer wetter. Yn Rynlân-Palts is de lânbou wichtiger, lykas de wynbou yn de kriten fan de Ahr, Midryn en de Mûzel.

Keulske karanavalsklaaiïng

Fan in Rynlânske kultuer is fierders gjin sprake en is dus part fan de Dútske kultuer. Lykwols nijsgjirrich is dat it Rynlân tradisjoneel Roomsk-katolyk is, wylst in soad omlizzende gebieten protestantsk binne. Ferneamd is it Rynlânske karnaval, benammen dy fan de stêden Bonn, Keulen en Düsseldorf, mar ek fan oare stêden lykas Aken, Koblenz, Neuss en lytsere stêden. Ek op it plattelân wurdt it wiidweidich fierd. Dêrtroch is ek de dêroan besibbe muzyk bekend. It Rynlânske muzyk is bekend yn hiel Dútslân. Nijsgjirrich is de rivaliteit tusken Keulen en Düsseldorf dy't him uteret yn de karnavalsgroeten, alaaf yn Keulen en helau yn Düsseldorf,allyk oan de biersoarten, Kölsch fan Keulen en Alt fan Düsseldorf.

De Rynlânske waaier

Yn it Rynlân wurdt in grut ferskaat oan dialekten sprutsen, om't it yn in oergongssône tusken it Heechdútsk en it Nederdútsk leit. Ferskate isoglossen rinne troch it gebiet hinne. Dy spraakoergongen wurde ek wol de Rynlânske waaier neamd. Yn it noarden, yn de regio Nederryn en foar in part yn it Berchske Lân, boppe de Benrather liny (maken/machen-isoglosse) wurde Nederfrankyske dialekten sprutsen lykas it Kleverlânsk en it Limburchsk (yn Dútslân Súdnederfrankysk neamd). De Uerdinger liny (ik/ich-isoglosse) is lykwols de skieding tusken it Súdnederfrankysk mei de oare Nederfrankyske dialekten.

Súdlik dêrfan leit it Westmiddeldútske part fan it Heechdútske taalgebiet. Oant rûchwei de grins tusken de dielsteaten Noardryn-Westfalen en Rynlân-Palts, op de Vinxtbach-liny (dorp/dorf-isoglosse) wurdt it Ripuarysk sprutsen, dêr't de Keulske stedsfariant de wichtichste fan is, wylst súdlik fan de liny it Midfrankyske Mûzelfrankysk sprutsen wurdt. Súdlik fan de Sankt Goarer liny (dat/das-isoglosse) begjinne de Rynfrankyske dialekten.

Yn it Kleverlân en Boppe-Gelre, dêr't in Nederfrankysk dialekt sprutsen wurdt dy't tichter by it Nederlânsk as by it Heechdútsk stiet, wie foar't de gebieten yn 1609 en 1713 respektyflik oan Prusen ta kamen, it Nederlânsk de bestjoerstaal. Stadichoan waard it Nederlânsk pas yn de 19e iuw troch it Heechdútsk ferfongen.

Keulen, it sintrum fan it Rynlân

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch op en:Rhineland en de:Rheinland