Springe nei ynhâld

Neuss

Ut Wikipedy
Neuss
Stêd yn Dútslân
Stedspoarte Obertur
Stedspoarte Obertur
Emblemen
               
Bestjoer
Lânflagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Noardryn-Westfalen
KreisRhein-Kreis Neuss
Sifers
Ynwennertal154.317 (31 desimber 2024)
Oerflak99 km²
Befolkingsticht.1.555 ynw./km²
Hichte40 m boppe seenivo
Oar
Postkoade41460–41472
TiidsôneCET(UTC+1)
Simmertiid(UTC+2)
Koördinaten51°11'NB, 6°41'EL
Kwirinus-munster
Kwirinus-munster
It stedhûs
It stedhûs
Offisjele webside
Webstee
Kaart
Neuss (Noardryn-Westfalen)
Neuss
Kaart
Stedspoarte Obertur
Lizzing fan Neuss yn 'e Rhein-Kreis Neuss

Neuss (útsprutsen as: [nɔʏs]?, likernôch: Nois, Ripuarysk: Nüss) is in stêd en gemeente yn de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. De stêd hat 154.317 ynwenners (2024). Neuss is sûnt it jier 1963 in Dútske Großstadt. De stêd stiet op it 56e plak op de list fan grutte stêden yn Dútslân en is benammen bekend om syn Romeinske ferline, de Rynhaven en it Neuss Bürger-Schützenfest. De stêd is de Kreisstadt fan de Rhein-Kreis Neuss en is dêr de grutste stêd yn Dútslân dy't gjin Kreisfreie Stadt is, mar ta in Kreis heart.

De stêd leit oan de lofterouwer fan de Ryn foar Düsseldorf oer oan de mûning fan de rivier de Erft.

Foar 1968 wie de offisjele stavering fan de namme Neuß. De stêd fierde yn 1984 syn 2000-jierrich bestean en is dêrmei ien fan de âldste stêden fan Dútslân.

Neuss waard yn 16 f.Kr. troch de Romeinen stifte as in militêre fêsting (castrum) mei de namme Novaesium oan de gearrin fan de Ryn en de Erft. De hjoeddeiske stêd ûntstie noardlik fan dat castrum. Legio XVI Gallica (16e Gallyske Legioen) fan it Romeinske leger wie dêr stasjonearre yn 43-70 n.Kr. It waard nei de oerjefte by de Bataafske Opstân yn 70 n.Kr. ûntbûn.

Letter, yn de 1e iuw n.Kr. waard dêr in boargerlike delsetting stifte yn it gebiet fan it hjoeddeistige stedssintrum. Novaesium is, mank mei Trier (Augusta Treverorum) en Keulen (Colonia Claudia Ara Agrippinensium), ien fan de trije âldste Romeinske delsettings yn Dútslân.

Neuss woeks yn de Midsiuwen troch syn geunstige lizzing oan ferskate rûten, oan de krusing troch de delling fan de Ryn, en mei syn haven en fear. Yn de 10e iuw waarden de oerbliuwsels fan 'e martler en tribún Sint-Kwirinus, net te betiizjen mei de Romeinske god Kwirinus, oerbrocht nei Neuss. Dat late ta pylgerstochten nei it hillichdom fan Sint-Kwirinius, sels út lannen wei bûten de grinzen fan it Hillige Roomske Ryk. Neuss waard foar it earst as stêd neamd yn 1138.

Ien fan de wichtichste foarfallen yn 'e skiednis fan de stêd is it belegerjen fan de stêd yn 1474/1475 troch Karel de Stoute, hartoch fan Boergonje, dat hast in jier lang duorre. De ynwenners fan Neuss sloegen de belegering ôf en waarden dêrom troch de Roomsk-Dútske keizer Freark III beleane. De stêd krige it rjocht om syn eigen munten te slaan en it keizerlik wapen, de keizerlike earn en de kroan, yn it eigen wapen fan de stêd te fieren. Neuss waard lid fan de Hânze, hoewol't dat nea troch oare leden akseptearre waard.

Yn 1586 waard de stêd mear as twatred ferwoastge troch in brân, en ferskate oarloggen ûnder it bewâld fan kening Loadewyk XIV fan Frankryk laten ta in minder goede finansjele sitewaasje fan Neuss. It belang fan de stêd as hannelsintrum naam fluch ôf, en fan 'e mid-17e iuw ôf waard Neuss allinnich noch wichtich fanwegen de lânbou.

Oant 'e ein fan 'e 18e iuw hearde Neuss ta it Karfoarstedom Keulen. Fan 1794 oant 1814 wie Neuss part fan Frankryk ûnder it bewâld fan Napoleon. Yn 1815, nei de Napoleontyske Oarloggen, waard Neuss part fan it keninkryk Prusen en waard it reorganisearre as in distrikt mei de gemeenten Neuss, Dormagen, Nettesheim, Nievenheim, Rommerskirchen en Zons. De stêd hie op dat stuit 6.333 ynwenners. It wie part fan de Prusyske provinsje Gulik-Kleef-Berch (1815-1822) en syn opfolger, de Rynprovinsje (1822-1946).

Neuss krige syn ekonomyske macht yn 'e 19e iuw werom, troch it útwreidzjen fan 'e haven yn 1835 en de tanimmende yndustriële aktiviteit. De stedsgrinzen waarden yn 1881 útwreide.

Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard de stêd troch Alliearde bommesmiters troffen. Lykas in soad Rynlânske stêden waarden grutte parten fan de âlde binnenstêd ferwoastge troch Britske loftoanfallen. Yn totaal kamen 837 minsken yn Neuss by de loftoanfallen om it libben. Troch de oanfallen waarden yn totaal 1270 gebouwen folslein ferwoastge, 1250 swier skeind en 4400 licht skeind. 880 gebouwen waarden besparre.

Yn 1946 waard Neuss part fan de nije dielsteat Noardryn-Westfalen.

Yn 1968 waard de stavering fan de namme wizige fan Neuß ta Neuss. Yn 1975 waarden de stêd Neuss en it distrikt Grevenboich gearfoege ta it distrikt Rhein-Kreis Neuss mei 440.000 ynwenners en mei Neuss as sit. Neuss is ek de thúsbasis fan it Jeropeeske kantoar fan Toshiba, 3M, Norsk Hydro ASA en UPS.

Joadske skiednis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der is al sûnt de hege midsiuwen in Joadske mienskip yn de stêd. Dy waard foar it earst neamd yn 1096, doe't Joaden út Keulen wei op 'e flecht wiene foar de krúsfarders, yn de stêd opfongen waarden troch de aartsbiskop fan Keulen, Herman III. Nettsjinsteande dat waarden likernôch 200 fan harren troch de krúsfarders fermoarde. Dat barde yn 'e kontekst fan wat bekend stiet as de Rynlânske bloedbadden.

Der binne lykwols gjin oanwizings dat Neuss yn 1096 al in organisearre Joadske mienskip hie. It stiet wol fêst dat der fan de lette 12e iuw dêr al ien wie, yn 'e kontekst fan in algemiene tastream fan keaplju nei de stêd.

Neffens Efraim fan Bonn waarden op 11 jannewaris 1197 ferskate leden fan 'e Joadske mienskip ta dea brocht as wraak foar de moard op in kristlik famke troch in geastlik sike Joad. De moardner en in tal fan syn neiste famyljeleden waarden op in grousume manear eksekutearre. Hja lykje op in Joadske begraafplak begroeven te wêzen. Harren stoflike omskotten waarden, nei alle gedachten mei in boat, oerbrocht nei Xanten, dêr't se begroeven waarden njonken de slachtoffers fan de Rynlânske bloedbadden fan 1096.

De mienskip wenne yn 'e hege midsiuwen ynearsten yn it gebiet dêr't de keaplju wennen, tusken de haven en de merke. De trochgong nei it laadplak fan 'e haven stie bekend as Judensteg (Joadestege). Tsjin it jier 1300 waard de Judensteg lykwols troch kristenen bewenne, wylst de Joaden ferhuze wiene nei it gebiet om de Glockhammer hinne, dêr't harren synagoge en skoalle stiene. It gebiet wie gjin getto, om't it net omsletten wie en dêr ek kristenen wennen.

Fan de 14e iuw ôf krigen de Joaden te krijen mei tanimmende ekonomyske konkurrinsje, earst troch it ferlies fan harren eardere geunstige lizzing by de haven, en letter troch it ferlies fan harren monopoly op it útlienen fan jild, mei it kommen fan bankiers út Lombardije en Cahors.

De stêd waard yn 1348-1349 troffen troch de Swarte Dea, en de Joadske mienskip hie yn dy snuorje te lijen ûnder grousume ferfolgings, lykas op oare plakken yn Jeropa. Yn 'e neisleep fan de pestepidemy wie de mienskip slim úttinne en ekonomysk ferswakke. In weach fan religieus ekstremisme en yntolerânsje oerspielde it gebiet yn dy snuorje, en de Joaden waarden hieltyd mear ûnder druk set en waarden foarwerp fan politike machtsstriid. Yn 1424 waarden de Joaden sels foar in skoftke út 'e stêd wei ferdreaun.

De Joaden kearden letter werom, mar waarden yn 1464 fannijs ferdreaun. De aartsbiskop fan Keulen, Ruprecht fan de Palts, brocht op 5 maaie in besite oan 'e stêd en hie in moeting mei de boargemasters, wethâlders en gemeenteried yn in besykjen en hâld it ferdriuwen tsjin. Dat wie om 'e nocht. Joaden mochten tenei net mear yn 'e stêd wenje en ek net binnen de stedsmuorren oernachtsje. Yn 1694 krigen de Joaden tastimming in feemerke te hâlden foar de Obertor. Konfrontearre mei efterstallige forfêtêre betellings, fierde de stêd yn 1704 in spesjale belesting yn foar Joaden dy't de stêd ynkamen, bekend as de Judenleibzoll.

Yn 1794, by de Earste Koälysjekriich, kaam Neuss ûnder Frânske kontrôle en waarden alle diskriminearjende anty-Joadske wetten dêrnei ôfskaft. Pas yn 1808, yn de tiid van de opkommende yndustrialisaasje en befolkingsgroei, fêstige him foar it earst yn iuwen wer in Joadsk gesin yn de stêd. De mienskip woeks dêrnei stadichoan en yn 1830 wiene der likernôch 100 Joaden op in befolking fan likernôch 8000. De mienskip naam dy iuw hieltyd ta.

De Joaden dy't nei Neuss ta ferhuzen, kamen út 'e omlizzende plattelânsgebieten yn it Rynlân en wiene dêr konservativer troch en sterker troch it plattelânslibben foarme as harren tsjinhingers en dêrtroch wiene de Joaden yn Neuss frommer as yn oare Dútske stêden.

De relaasjes tusken Joaden en kristenen wiene yn dy tiid oer it algemien goed. Hja wennen njonkeninoar en it kaam foar dat kristenen foar Joaden ferbeane taken útfierden, lykas it oanstekken of dwêstgjen fan fjoer yn Joadske huzen op 'e sabbat.

Yn 1834 ûntstie der lykwols in brek yn dy frede. Yn it gebiet fan de Nederryn wiene der geroften oer bloedmearke yn 'e rûnte, dat late ta in weach fan anty-Joadsk geweld yn 'e omkriten, allyksa yn Neuss.

De synagoge dy't op 10 novimber 1938 op Kristallnacht opbaarnd waard

Op 29 maart 1867 waard de synagoge ûntbleate, dy't ûntwurpen waard troch de Prusyske arsjitekt Friedrich Weise en boud waard yn de doe populêre oriïntalistyske styl. De stêd fierde trije dagen lang feest ta gelegenheid fan 'e ynwijing. Hoewol't de synagoge allinnich mar likernôch 1% fan de befolking betsjinne, wie it in grutsk part fan it stedsbyld fan Neuss. It ledetal fan de synagogemienskip hie yn 1890 in hichtepunt fan 316 leden.

Nei it frijsprekken fan de Joadske slachter Adolf Buschoff yn 'e bloedskandesaak fan Xanten yn 1892, wie der antysemitysk geweld yn 'e omjouwing fan Neuss. Eigendommen fan Joaden waarden yn 'e brân stutsen en Joadske famyljes krigen driichbrieven. Likernôch in fearnspart ferliet de stêd.

Yn 1933 wennen der net mear as 227 Joadske boargers yn Neuss. Fan dat jier ôf waarden se hieltyd swierder ferfolge troch de nazys. Mar in pear koene op tiid flechtsje. Dêrnei setten de saneamde Endlösung der Judenfrage en deportaasjes útein. Op 22 july 1942 waard de lêste bewenner fan it Judenhaus op in trein set fan Aken nei Theresienstadt. Op 23 novimber 1942 waard Neuss synysk ta Judenrein (frij fan Joaden) ferklearre.

Der wie lykwols in hânfol Joaden dy't it oerlibben troch ûnder te dûken, of dy't net it doelwyt wiene, om't se mei "Aarjers" troud wiene.

It krekte tal Joadske slachtoffers fan it nazyrezjym is net mei wissigens bekend. Op in monumint fan Ulrich Rückriem steane lykwols de nammen fan 204 fermoarde Joaden dy't op ien as oare manear in bân mei Neuss hiene. Yn de stêd binne ferskate stroffelstiennen te finen.

Sûnt de 1990-er jierren belibbet de mienskip in weroplibjen troch in tastream fan Joaden út 'e eardere Sovjet Uny. Yn 2021 wennen der nei in rûzing likernôch 550 Joaden yn Neuss.

Neuss leit oan 'e lofterouwer fan de Nederryn op in leechlizzende terras foar Düsseldorf oer by de mûning fan de Erft yn 'e Ryn. It heechste punt yn it stedsgebiet is yn de omkriten fan it stedsdiel Holzheim en leit op 67,5 meter boppe seenivo en it leechste punt yn 'e buert fan de súdlike stedsgrins en leit op 30 meter boppe seenivo. It stedsgebiet is yn noard-súdlike rjochting 13,2 km en yn east-westlike rjochting 12,8 km. Hoewol't Neuss oan 'e eastkant fan it distrikt Rhein-Kreis Neuss leit it geografysk middelpunt yn it stedsgebiet fan Neuss.

Kaart mei de stedsdielen fan Neuss

It stedsgebiet fan Neuss is yn de folgjende 28 stedsdielen ferparte, dy't allinnich mar foar de statistyk tsjinje. Yn tsjinstelling ta oare grutte stêden yn Noardryn-Westfalen, dy't Kreisfrei binne, is Neuss net yn stedsdistrikten ferparte. De stedsdielen hawwe in nûmer en in namme. Ta guon fan dy stedsdielen hearre ek noch los fan it stedsgebiet doarpen mei eigen nammen, lykas Stüttgen, Minkel, Dirkes, Röckrath, Derikum, Schlicherum, Allerheiligen, Elvekum, Lanzerath, Bettikum, Gier en Kuckhof.

De 28 stedsdielen binne: 1 Innenstadt, 2 Dreikönigenviertel, 3 Hafengebiet, 4 Hammfeld, 5 Augustinusviertel, 6 Gnadental, 7 Grimlinghausen, 8 Uedesheim, 9 Weckhoven, 10 Erfttal, 11 Selikum, 12 Reuschenberg, 13 Pomona, 14 Stadionviertel, 15 Westfeld, 16 Morgensternsheide, 17 Südliche Furth, 18 Mittlere Furth, 19 Nördliche Furth, 20 Weissenberg, 21 Vogelsang, 22 Barbaraviertel, 23 Holzheim, 24 Grefrath, 25 Hoisten, 26 Speck/Wehl/Helpenstein, 27 Norf, 28 Rosellen (mei Rosellerheide en Allerheiligen).

Untjouwing ynwennertal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
17981831186118851900192519451965198720152024
4.4237.88810.30020.07428.47244.95851.624111.104142.178159.672154.317

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Botanischer Garten der Stadt Neuss, botanyske tún fan de stêd
  • Munster fan Sint-Kwirinus: in 13e iuwske let-romaanske tsjerke, wijd oan de beskermhillige fan 'e stêd en mei in skryn dêr't syn relikwyen yn bewarre wurde. De koepelfoarmige eastlike toer is part fan it stedsbyld. Yn 2009 krige de tsjerke de titel fan basilica minor.
  • Obertor (Boppepoarte): súdlike stedspoarte, boud om 1200 hinne; hjoed-de-dei ûnderdiel fan it Clemens Sels Museum Neuss. It is de iennige fan de oarspronklike seis poarten dy't oerbleaun is dat part wie fan it midsiuwsk fêstingwurk.
  • Blutturm (Bloedtoer): boud yn de 13e iuw, de iennige noch oerbleaune rûne toer fan it midsiuwsk fêstingwurk.
  • Zum "Schwatte Päd" (It Swarte Hynder): it âldste kafee yn de regio Nederryn, oprjochte yn 1604
  • Sint-Sebastianustsjerke
  • Hillige Marijetsjerke
  • Kristustsjerke: histoaryske tsjerke, de âldste protestantske tsjerke fan de stêd
  • Neusser Bürger-Schützenfest: ien fan de grutste skuttersfeesten fan Dútslân, dat alle jierren yn it lêste wykein yn augustus is. Likernôch 7000 skutters dogge mei oan de tradisjonele optochten.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Neuss fan Wikimedia Commons.