Nederryn (regio)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Lokaasje fan de regio Nederryn yn Dútslân

De regio Nederryn (Dútsk: Niederrhein) is in regio yn de krite om de ûnderrin fan de Ryn hinne yn Noardryn-Westfalen dy't oan Nederlân grinzget. De namme Nederryn is ek de namme fan de ûnderrin fan de Ryn fan Bonn nei Emmerik by de Nederlânske grins.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kaart fan de regio Nederryn
In Nederrynsk lânskip

Ta de Nederryn hearre de lânkringen Kleef, Wesel, Viersen, Rhein-Kreis Neuss, Heinsberg, de kringfrije stêden Düsseldorf, Duisburg, Krefeld en Mönchengladbach en guon plakken yn de gemeenten Isselburg en Oberhausen. Yn brede sin wurdt Oberhausen ek wol meirekkene. De presize grinzen binne lykwols bestriden en bytiden kin it gebiet oer de Nederlânske grins ek ta it gebiet rekkene wurde, want it part fan de Ryn oer de grins hjit ek Nederryn (Nederrijn yn it Nederlânsk).

Kultuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Emmerik oan de Ryn

Kultureel sjoen foarmet it gebiet in ienheid. Der wurdt in Nederfrankysk dialekt sprutsen; it Kleverlânsk, dy't in soad op de Nederlânske dialekten fan it Súdgeldersk fan krekt oer de grins en it Eastbergysk yn it súdeasten. Yn it uterste súdeasten fan de regio wurdt Bergysk sprutsen, dat it meast eastlike dialekt fan it Limburchsk is. Oare skaaimerkende eigenskippen fan de regio is katolike eftergrûn sa as de tradysje fan de Rynske Karnaval.

Geology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In Nederrynsk lânskip

It lânskip fan de regio is foar it grutste part flak mei griene greiden en mei in wrydske hoarizon. Hy bestiet út in rivierterrassen mei ûnderbrekkings fan V-foarmige dellings, eardere rivierrinnen en driuwwâlen en einmorenen fan de Nederrynske Heuvelrêch, dy't hichten hat oant sa'n 100 meter boppe seenivo. It besjen wurdich binne de histoaryske binnenstêden fan Kleef en Xanten, It Romeinske rgeologyske Museum yn Xante, it Slot Moyland yn Bedburg-Hau en it katolike beafeartsplak Kevelaer.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]