Springe nei ynhâld

Kleverlânsk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Súdgeldersk)
Kleverlânsk
Kleverlands/Kleverländisch
algemien
oare namme(n) Noardnederfrankysk, Súdgeldersk
lânseigen yn Dútslân, Nederlân
skrift it Latynske alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk - Germaansk - Westgermaansk - Súdwestgermaansk - Nederfrankysk-Nedersaksysk - Nederfrankysk - Nederfrankysk - Kleverlânsk
dialekten Kleefsk, Gochsk, Rheinbergsk, Straelensk, Kevelaersk, Meursk, Duisburgsk
taalstatus
offisjele status it Kleverlânsk wurdt beskôge as in dialekt fan it Nederfrankysk; op himsels genietet it gjin erkenning
taalkoades
ISO 639-1 n.f.t.
ISO 639-2 n.f.t.
ISO 639-3 n.f.t.
It Kleverlânsk yn relaasje ta syn buordialekten

It Kleverlânsk of Súdgeldersk is in dialektekloft yn de Nederfrankyske taalfamylje dy't yn parten fan 'e Nederlânske provinsjes Gelderlân, Noard-Brabân en Limburch en de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen sprutsen wurdt. De dialektekloft is neamd nei it Kleverlân, dêr't it grutste part fan it dialekt sprutsen wurdt. De dialektekloft grinzget yn it suden oan it Limburchsk, yn it westen oan it Brabânsk, yn it noarden en noardeasten oan it Nedersaksysk, en yn it súdeasten oan it Eastbergysk dêr't er nau besibbe mei is en dêr't er de Noardnederfrankyske dialektekloft mei foarmet. Mei alle groepen besteane oergongsgebieten, dus is part fan in dialektkontinuum.

Nijsgjirrich dat yn it Dútske part it Nederlânsk fan de 17e oant en mei de 19e iuw de bestjerstaal wie. Letter waard dat sa stadichoan ferfongen troch it Heechdútsk. Oant yn de iere 20e iuw waard it Nederlânsk as tsjerketaal brûkt. Yn 1936 ferbea Adolf Hitler it brûken fan it Nederlânsk.

It neffens de Dútske definysje Kleverlânske (blau) en Eastbergyske (grien), mei-inoar it Noardnederfrankyske taalgebiet
It Súdgeldersk neffens Nederlânske (Jo Daan) definysje

De krekte definysje wat Kleverlânsk is en wat net is dizenich. De namme "Kleverlânsk" is benammen yn gebrûk by Dútske taalkundigen (Kleverländisch). Nederlânske dialektologen erkenne de groep net of se neame it wat oars. Ek de ôfgrinzging dêrfan ferskilt it lân.

Jac. van Ginneken rekkenet alle Kleverlânske dialekten, mank mei it Eastbrabânsk, ta it Limburchsk en neamde it Geldersk-Limburchsk. It Limburchsk hie fan alle Nederfrankyske dialekten neffens him it measte eastlike ynfloed. Neffens Jo Daan, dy't har mear mei it Hollânsk as mei de súdeastlike dialekten dwaande hold, bestiet de groep net en rekkene de Kleverlânske dialekten yn Nederlân by it Súdgeldersk en it Brabânsk. Dat komt lykwols net mei de taalkundige werklikheid oerien. De Maas, op it beskate plak de provinsjegrins tusken Noard-Brabân en Gelderlân, is gjin taalgrins. In wichtige isoglosse stekt de Maas oer, dwers troch it rivieregebiet hinne. By C. en G, Hoppebrouwers (2001) komt wol in fergelykjende yndieling foar. Hja sprekke fan in "oergongsgebiet tusken Brabânsk en Limburchsk. Hja rekkenje dêr lykwols de besibbe gebieten yn Gelderlân net mei, dy't se as Brabânsk oanmerke.

Nijsgjirrich oan de Dútske yndieling is dat dy de Uerdinger liny as de súdgrins brûke, de ald/oud-line of jij/gij-isoglosse foarmet de noardwestgrins en de ienheidsmeartalline foarmet de noardeastgrins mei it Nedersaksysk. De dialekten fan Noard-Limburch wurde neffens dy definysje net as Limburchske mar as Kleverlânske dialekten oanmurken. Yn dyselde Dútske definysje soene it Nimweechsk, it Arnhimsk en it Oerbetuwsk gjin Kleverlânske, mar Brabânske dialekten wêze. It dialekt fan de Liemers, dat in oergongsdialekt nei it Nedersaksysk is, wurdt neffens Van Ginneken en de Dútske gelearden ta de Kleverlânske groep rekkene.

Neffens isoglossen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei it noarden is de oergong nei it Utertsk en it Feluwsk. Dy grins wurdt oanmurken troch de gij/jij-isoglosse, dy't gearfalt mei it streamgebiet fan de Ryn. Yn it easten foarmje de dialekten fan de Liemers in brede oergongsgebiet tusken it Nederfrankysk en Nedersaksysk, dêr't op 'e hichte fan de Alde Isel de ienheidmeartalline de dialektgrins foarmet.

De lûdline (ij/ie-isoglosse, mijn/mien-line) skiedt it Kleverlânsk yn it westen fan it Brabânsk, mar ek de Nimwegenline (oud/ald-isoglosse of houden/halten) wurdt dêrfoar brûkt.

De súdlike skiedsline tusken it Kleverlânsk en de Limburchske dialekten wurde troch de Uerdinger line foarme. Lykwols dialekten fan bygelyks dy fan Krefeld litte Ripuaryske skaaimerken sjen, lykas esch ynstee fan ik, j- oan it begjin fan in wurd ynstee fan /g/ (jedöns - gedoch), en felarisaasje fan tosklûden (onger - ûnder) en de typsyske betsjuttingsûnderskate toanen dy't beide de Limburchske en Ripuaryske dialekten skaaimerkje

De sanemade "mich-kertier" by Fenlo wurdt lykwols by it Kleverlânsk rekkene, mar hat in soad ynfloed fan it Limburchsk ûndergien.

It Kleverlânsk is in Westnederfrankysk dialekt, nettsjinsteande syn lizzing yn it easten. It ferskil mei it Eastnederfrankysk (Limburchsk) wurdt makke troch it ûntbrekken fan de grutte ynfloed fan it Keulsk, dy't it op it Limburchsk sûnt de midsiuwen hân hat, sjoch Keulske ekspânsje. It gebiet leit fierder fan Keulen ôf en hie sels ek in pear machtige stêden, lykas Nimwegen, en it gebiet dreau likegoed hannel mei noardlikere streken.

Wêrom't de streektaal fierder fan it Limburchsk en Nedersaksysk ôf begûn te stean, wie de westlike ynfloed. Under druk fan it machtige Brabân, en letter Hollân, kamen der ferskate typysk westlike eleminten yn. In soad Kleverlânske dialekten feroaren fan it Aldgermaanske û yn ú (hûs waard hús en it wurdsje dû waard ferfongen troch gij. Dochs die it gebiet net alhiel mei oan de Brabânske ekspânsje: de dûbellûd ij en ui waarden net oernommen en it fonetysk ferskil tusken ald en holt bleau bestean.

Yn de 20e iuw rekke it dialekt yn it neigean. Yn Nimwegen en Arnhim feroare it dialekt ta in omdraaid Nederlânsk, dy't allinnich troch de ûnderlaach fan 'e befolking sprutsen wurdt. Steektaalbewegings foar it dialekt kamen mar striemin op gong. Ek yn Dútslân rekke it dialekt bot yn it neigean. De jongerein sprekt it net mear, mar ynstee dêrfan in Rynlânsk regiolekt.

Yn it midden fan it taalgebiet leit it "gat fan Pfalzdorf". Dêr wurdt in (benammen troch de âlderein) in Paltsysk dialekt sprutsen. Dat komt fan protestanten dy't yn de 18e iuw út 'e Palts wei dêrhinne kamen.

Ek heb noch efkes afgewaachd, ob dat, wach’e min seggen wold.“

  • de: „Ich habe noch kurz abgewartet, was du mir sagen wolltest.“
  • nl: „Ik heb nog even afgewacht wat je me zeggen wou.“
  • fy: „Ik ha noch eefkes ôfwachte wasto my sizze soest.“

„En den Wenter stüwe di drööge Bläär dörr de locht eröm“ (Georg Wenker Satz 1)

  • de: „Im Winter fliegen die trockenen Blätter in der Luft herum.“
  • nl: „In de winter waaien de droge bladeren rond in de lucht.“
  • fy: „Winterdeis waaie de drûge blêden troch de loft hinne.“

„Et sall soon üttschaije te shnejje, dann werd et wäär wer bäter.“ (Wenker Satz 2)

  • de: „Es hört gleich auf zu schneien, dann wird das Wetter wieder besser.“
  • nl: „Het zal zo ophouden met sneeuwen, dan wordt het weer weer beter.“
  • fy: „It sil no aanst ophâlde te sniejeien, dan wurdt it waar wer better.“

„Hej es vörr vier of säss wääke gestörwe.“ (Wenker Satz 5)

  • de: „Er ist vor vier oder sechs Wochen gestorben.“
  • nl: „Hij is vier of zes weken geleden gestorven“
  • fy: „Hy is fjouwer of seis wike ferlyn stoarn“

„Het füür was te hätt, die kuuke sinn ja an de onderkant heel schwaort angeschröt.“ (Wenker Satz 6)

  • de: „Das Feuer war zu heiß, die Kuchen sind ja unten ganz schwarz gebrannt.“
  • nl: „Het vuur was te heet, de koeken zijn aan de onderkant helemaal zwart aangebrand.“
  • fy: „It fjoer wie te hjit, de koeken binne oan de ûnderkant alhiel swart oanbaarnd.“

„Hej dütt die eikes ömmer sonder salt än pääper ääte.“ (Wenker Satz 7)

  • de: „Er isst die Eier immer ohne Salz und Pfeffer.“
  • nl: „Hij eet de eitjes altijd zonder zout en peper. / Hij doet de eitjes altijd zonder zout en peper eten.“
  • fy: „Hy yt de aaikes altyd sûnder sâlt en piper.“

De Duisburger Johanniter Johann Wassenberch hat yn de 15e en 16e iuw gauris oantekenings oer pleatslike en wrâldwide foarfallen fêstlein, dy't ús ynsicht jouwe yn hoe't der yn dy tiid yn it Kleverlân sprutsen waard:

's doenredachs dair nae woerden die twe gericht ende op raeder gesatt. Eyn gemeyn sproeke: 'Dair nae werck, dair nae loen.' Die ander vyf ontleipen ende entquamen dat doch nyet goit en was. (oe, oi = oe/û of oo; ai, ae = aa)

  • de: „Am Donnerstag danach wurden die zwei gerichtet und auf Räder gesetzt. Ein bekannter Spruch: 'So wie das Werk, so der Lohn.' Die anderen fünf flohen und entkamen, was nicht gut war.“
  • nl: „De volgende donderdag werden de twee veroordeeld en op raderen gezet. Een gezegde: 'Zoals het werk, zo is het loon.' De andere vijf ontliepen [het] en ontkwamen, wat toch niet goed was.“
  • fy: De tongersdeis dêrnei waarden de twa feroardiele en op rieden set. In bekende sprekwize: 'Lykas it wurk, sa is it lean.' De oare fiif ûntrûnen it en ûntkamen, itjinge net goed wie.“

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch op nl:Kleverlands en li:Kleverlands