Isselburg
Isselburg | ||
![]() | ||
Kastiel Anholt | ||
Emblemen | ||
![]() ![]() | ||
Bestjoer | ||
Lân | ![]() | |
dielsteat | ![]() | |
Kreis | ![]() | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 11.204 (31 desimber 2023) | |
Oerflak | 42,8 km² | |
Befolkingsticht. | 262 ynw./km² | |
Hichte | 17 m boppe seenivo | |
Oar | ||
Postkoade | 46419 | |
Koördinaten | 51° 49'N 6° 28'E | |
Offisjele webside | ||
www.isselburg.de | ||
Kaart | ||
Isselburg (Nederdútsk: Isselbuorg) is in stêd yn 'e Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. De stêd leit yn 'e kreis Borken oan 'e Issel, it Dútske diel fan 'e Alde Isel.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Anholt
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1169 waard yn in lienboek fan 'e biskop fan Utert al in hear fan Anholt neamd. Om de boarch hinne ûntstie in delsetting en op 25 maaie 1347 krige de delsetting stedsrjochten. Stêd en boarch wiene nau mei inoar ferbûn.
Yn 'e rin fan 'e tiid waard Anholt ta in fêsting útboud. In stedsmuorre, trije poarten en grêften en wâlen soargen yn ûnrêstige tiden foar de feiligens fan 'e stêd. De skea yn 'e lêste dagen fan 'e Twadde Wrâldkriich hawwe spitigernôch it measte fan 'e lêste oantinkens út dy tiid ferneatige. It besjen wurdich binne it histoaryske riedshûs út 1567, dielen fan 'e bolwurken en grêften, in iiskelder út 1500, mar fral it wetterkastiel Anholt.
Isselburg
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Isselburg waard om 1300 hinne as "Yselberge" neamd. Yn 'e 14e iuw soe der al in kastiel stien ha. Dat kastiel waard om likernôch 1410 hinne troch de greve fan Kleef grutter makke en krige de namme "Neyenborg". Hartoch Adolf II fan Kleef joech Isselburg yn 1441 stedsrjochten. Yn 1570 gyng Isselburg op ien hûshâlding nei oer op de lutherske lear. Yn 'e 17e iuw ûnstie der ek in grifformearde gemeente, wêrfoar't yn 1689 in tsjerke boud waard. Yn 1785 bouden ek de katoliken wer in eigen tsjerke yn Isselburg.
Isselburg hearde mei it hartochdom Kleef yn 1609 by de Mark Brandenburch. De stêd waard yn 'e jierren 1624, 1669 en 1697 troffen troch grutte stedsbrannen.
De yn 1794 oprjochte izerfabryk Minerva (sûnt 1874 Isselburger Hütte) brocht ekonomyske ûnwikkeling. Ek it ynwennertal naam yn 'e 19e iuw foars ta (1830: 660, 1867: 1140, 1900: 2235). De fabryk bleau oant it lêst fan 'e 20e iuw in wichtige ekonomyske pylder fan 'e gemeente.
Resten fan 'e âlde stedsmuorre en de iennige wartoer oan 'e katolike tsjerke tsjûgje fan it formaat fan 'e boarch, dy't de hearen fan Kleef as eastlike foarpost fan harren ynfloed bouwe lieten. De toer, mei in noch folslein orizjinele wachterskeamer út de 15e iuw, is sûnt koart wer te besichtigjen.
Stedsyndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd Isselburg bestiet út de Ortsteile Isselburg, Anholt, Heelden, Herzebocholt, Vehlingen en Werth. Fan it súdeasten nei it noardwesten streamt troch de gemeente de rivier de Issel. De rivier joech de namme oan ien fan 'e meast westlike gemeentes fan Westfalen. Himelsbreed is de ôfstân tusken de meast eastlike gemeente fan Westfalen (Höxter-Corvey) en Isselburg-Anholt 205 kilometer.
- Ofbylden
-
Riedhûs fan Anholt.
-
Grêfkapel fan it hûs Salm-Salm.
-
Katolike Bartoloméustsjerke mei wartoer yn Isselburg.
- Ofbylden
-
Mûne Vehlingen.
-
Riedhûs Werth.
-
Mûne yn Werth.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Isselburg
|