Jonkersfeart (Grinslân)
Jonkersfeart Jonkersvaart | ||
Jonkersfeart (2011) | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Westerkertier | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 240 (2023) [1] | |
Oerflak | 2,36 km² dêrfan lân: 2,33 km² dêrfan wetter: 0,04 km² | |
Befolkingsticht. | 102 ynw./km² | |
Oar | ||
Postkoade | 9366 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
webstee fan Jonkersfeart | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Lizzing fan Jonkersfeart yn 'e eardere gemeente Mearum |
Jonkersfeart[2] (Nederlânsk en offisjeel: Jonkersvaart; Grinzersk: Jonkersvoart) is in streekdoarp oan it lykneamde kanaal yn de gemeente Westerkertier yn de provinsje Grinslân en hat ûngefear 210 ynwenners. It bûtengebiet om Jonkersfeart telt 240 ynwenners.
De jonker dêr't it kanaal syn namme troch krige is Ferdinand Folef fan Innhausen en Kniphausen, de ('dolle') jonker fan Nienoard, dy't dit kanaal ein 18e, begjin 19e iuw oanlizze liet foar de ûntginning fan it fean.
Nei syn frou A.M. Graafland is in sydfeart fan de Jonkersfeart neamd, it Graaflandsdjip. De namme waard letter Gravelandsewijk neamd (in wyk is in wettergong dy't dwers op in kanaal stiet).
Yn 1871 waard in ferbining mei Fryslân makke middels de Wylpsterfeart. Om dy reden waard it Jonkersverlaat oanlein.
-
Alde brêge by Jonkersfeart
-
Yngong nei it doarp
-
Huzen oan it wetter
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|