Springe nei ynhâld

Harnzersk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Harnser dialect)
Harnzersk
algemien
eigen namme Harlingers
lânseigen yn Nederlân
tal sprekkers ±3.500 (2009, skatting)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Súdwestgermaansk
        ● Nederfr.-Nedersaks.
          ● Nederfrankysk
            ● Nederlânsk
              ● Hollânsk
                ● Hollânsk-Frysk
                  ● Stedsk
                    ● Harnzersk
dialekten gjint
taalstatus
offisjele status gjint
erkenning as
minderheidstaal
Nederlân:
  ● Fryslân (as streektaal)

It Harnzersk (Harnzersk: Harlingers) is in dialekt fan it Stedsk dat fan âlds sprutsen wurdt yn 'e stêd Harns, it haadplak fan 'e gemeente mei deselde namme, oan 'e Waadkust, yn it noardwesten fan 'e provinsje Fryslân. Dizze taalfoarm ûntstie yn 'e rin fan 'e sechstjinde en santjinde iuw, en is in Hollânsk dialekt mei sterke Fryske ynfloeden. It hat in protte wei fan 'e Stedske dialekten dy't yn oare Fryske stêden sprutsen wurde. Der binne soargen oer it fuortbestean fan it Harnzersk, no't de measte stedsjers tsjintwurdich de bern Nederlânsktalich grutbringe.

It Harnzersk is ûntstien yn 'e rin fan 'e sechstjinde iuw en it begjin fan 'e santjinde iuw, safolle is wol bekend, mar hoe't dat krekt yn syn wurk gien is, dat is net alhiel dúdlik. Neffens de tradisjonele teory binne it Harnzersk en de oare Stedske dialekten ûntstien doe't hartoch Albrecht fan Saksen yn 1498 yn Fryslân de macht grypte en foar syn regear in grut tal útlânske amtners oanloek, benammentlik út Hollân wei. Dy amtners setten har nei wenjen yn 'e Fryske stêden en brochten dêr sa harren eigen taal, it Hollânsk, dat him troch de ynfloed fan it Frysk meitiid ta it Stedsk ûntjûn hawwe soe. In oare teory wol hawwe dat it Stedsk net de taal fan ymport út Hollân wie, mar fan 'e Fryske boargerij yn 'e stêden, dy't dy taal fan 'e bestjoerlike elite oernaam. Taalkundigen Reitze Jonkman en Arjen Versloot binne fan betinken dat de Stedske dialekten net troch amtners, mar troch keaplju yn Fryslân brocht binne. It is lykwols frijwol ûndwaanlik om no noch út te meitsjen hoe't it doedestiden echt om en ta gien is, mei't der gjin skreaune boarnen út 'e begjintiid fan it Harnzersk oerlevere binne.

De lokaasje fan it Harnzersk yn 'e provinsje Fryslân.

Oant djip yn 'e njoggentjinde iuw wie it Harnzersk yn Harns de taal fan 'e begoedige boargerij, en hie it in folle hegere maatskiplike status as it Frysk. Pas tsjin it begjin fan 'e tweintichste iuw begûn men it te sjen as in breklike fariant fan it Standertnederlânsk. Doe ferwaard it ta it dialekt fan 'e legere sosjale fermiddens, wylst de stedselite oergie op it Nederlânsk. Ek it Frysk krige fan dy tiid ôf wer in hegere status as it Stedsk, dat lju dy't yn 'e tweintichste iuw fan it omlizzende plattelân nei Harns ta ferfearen, giene yn 'e stêd faak troch mei Frysk te praten, of oars namen se it Nederlânsk oer. Yn earder tiden pasten sokken har yn 'e stêd ornaris oan 'e dêr besteande taalsitewaasje oan en begûnen se Harnzersk te praten.

Yn 2014 ferskynde fan it Harnzersk in wurdboek, mei as titel Harlinges, Mien Taaltsje: Van Pienehasses tot Gatsjepanne. Dat wie gearstald troch de wurkgroep "Se Suuden en Se Wuuden" en waard útjûn troch de Feriening Ald Harns. Behalven in wurdlist stiet der ek in haadstik yn oer de grammatika fan it Harnzersk en dêrnjonken ferskate Harnzer ferhalen, útdrukkings en grappen. It docht bliken dat it Harnzersk by útstek karakterisearre wurdt troch in frij rou taalgebrûk. It boekje is inkeld fia de Feriening Ald Harns te besetten.[1] Yn Harlinges, Mien Taaltsje wurdt trouwens in hiel oare, folle mear nei it Nederlânsk oerhingjende stavering hantearre as dy't troch de Fryske Akademy foar de Stedske dialekten ûntwurpen is. Sa wurde wurden as van ("fan"), mooi ("moai"), mien ("myn") en suuden ("soene") op 'e Nederlânske manear stavere, wylst dat neffens de F.A.-stavering fan, moai, myn en suden wêze moatte soe.

Taaleigenskippen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Utsjoch op 'e Grutte Tsjerke fan Harns, fanôf de Rommelhaven.

It Harnzersk ferskilt net sa'n mâle soad fan 'e oare foarmen fan it Stedsk, al omfiemet de Harnzer wurdskat relatyf minder Fryske en mear Hollânske wurden as de oare dialekten. Dat kin ferklearre wurde troch de geografyske lizzing en de skiednis fan Harns. Behalven yn wurden oppenearret de gruttere Hollânske ynfloed him ek yn 'e grammatika, lykas yn ferlytsingsfoarmen. Wylst it Ljouwertersk bygelyks kantoarke ("kantoarke"), papierke ("papierke") en stúverke ("stuorke") hat, jout it Harnzersk de foarmen kantoartsy, papiertsy en stúve'tsy.

De persoanlike foarnamwurden en de ferbûging fan 'e tiidwurden komt wol fierhinne oerien mei de yn it omlizzende gebiet sprutsen foarm fan it Klaaifrysk, it saneamde Bjirmsk:

Bjirmsk Harnzersk
ik rin ik loop
dou rinst dou loopst
jou rinne jou lope
hij/sij/it rint hij/sij/ut loopt
wij rinne wij lope
jim(me) rinne jum(me)/jim(me) lope
sij rinne sij lope

Krekt as yn oare Stedske dialekten (mar net sa faak as yn it Ljouwertersk) wurdt gauris de oansprekfoarm ju oan 'e ein fan 'e sin tafoege. Typysk Harzersk is de oansprekfoarm seun of sels ouwe seun, dat net oerset wurde moat as "âlde soan", mar mear wat fertroulik, kammeraatskiplik "freon" of "maat" betsjut. It is in bytsje in geuzenamme, mei't de Harnzers yn 'e rest fan Fryslân wol bekend steane as "ouwe seunen". It bynwurdlike bywurd oek ("ek") wurdt ek wol beskôge as typysk Harnzersk, mar dy foarm komt ek foar yn it Ljouwertersk. Wol is it wier dat de measte Stedske dialekten foar "ek" de foarmen ok of òk hawwe. Guon útdrukkings binne streekeigen. Sa wurdt der as immen foar gek ferklearre wurdt, wol spottend frege oft er út Frjentsjer wei komt of dêr net hinne moat (om't dêr fan âlds it psychiatrysk sikehûs stie). Ek dit lykslaan fan Frjentsjer mei syn ynstelling foar ferstanlike oandwanings is net beheind ta Harns, mar komt op it plattelân fan 'e noardlik Klaaistreek ek rûnom foar.

De fjoertoer fan Harns.
De haven fan Harns.

Hjirûnder wat foarbyldsinnen mei in soad Harnzer wurden (neffens de stavering sa't dy fêstlein is yn 'e Wurdlisten fan 'e Fryske Stedsdialekten fan Pieter Duijff):

Frysk Harnzersk
Wêr giest hinne? Waar gaast heen, ju/seun?
Do moatst nei skoalle, jonge. Dou must naar skoal, jonge.
Dat is ús mem. Dat i' myn moeke.
Dêr wurdst net goed fan. Daar wudst niet goëd fan.
Wat wolsto no? Wat wústou nou, ju?
Do moatst dy stilhâlde! Hou dyn freet, ju!
Wêr binne al dy minsken? Waar binne al dy meensen?
Ik slaan dy yn elkoar! Ik soademiter dy in de súderhaven!
Wa bisto? Wy bistou dan, ju?
Goeie, minsken! Jo bokkels! / A goeie!
Hâld op te jeuzeljen! Must niet su ouwehoeren, ju, fent!
Wat bisto ek in stjonkert. O ju, steart!
Der sit in stekje oan dy los. Komst út Franeker seker?
Doch ris normaal! Anders doëst even achterlik of su.
Earder, doe't links noch rjochts wie. Froeger, toen moeke nog strak was.
Wy ha justerjûn gesellich op stap west. Moaie slaanderij gister.
Ik bin sljocht op dy. Ik krij de kribels fan dy.
Dus... Dus ju...
Wolst fjochtsje of sa? Must un slag fur dyn hasses?
Goed dien. Dat hest moai daan, seun.
Moai waar, net? Mooi weartsy niet, ju?
Hoe wolst dat ha? Hoe wust dat fur mekaar sien, seun?

Oangeande it sprekkerstal fan it Harnzersk binne gjin sekuere sifers bekend, mar dochs is it wol mooglik om ta in rûge skatting te kommen. De Bosatlas van Fryslân (2009) jout nammentlik oan dat yn 'e gemeente Harns troch 18% fan 'e befolking Stedsk sprutsen wurdt.[2] Mei in gemeentlike befolking fan (neffens deselde boarne) 15.567 minsken, komt dat út op in oantal fan 2.802 Stedsktaligen yn Harns.

Minder as de befolking fan oare Fryske stêden sille Harnzers har ferspraat hawwe oer it omlizzende plattelân, mei't Harnzers oer it algemien mei it gesicht nei de see ta steane en Fryslân de rêch tadraaie. Mar dochs sille der wol guon Harzersksprekkers bûten de stêd bedarre wêze. Neffens De Bosatlas van Fryslân is bgl. fan 'e befolking fan Wûnseradiel 6% en fan dy fan Frjentsjerteradiel 11% Stedsktalich.[3] In oantal fan 3.500 Harnzersksprekkers (wêrfan't ek in diel bûten Fryslân socht wurde moat, bgl. yn Amsterdam) liket sadwaande gjin ûnoannimlike skatting.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

referinsjes:

  1. Harlinges, Mien Taaltsje
  2. De Bosatlas van Fryslân, s. 246.
  3. De Bosatlas van Fryslân, s. 228-289.

boarnen:

Talen en Dialekten yn Fryslân
Frysk Aastersk ● Hylpersk ● Klaaifrysk (Bjirmsk) ● Molkwardersk † ● Noardhoeksk (Eastnoardhoeksk • Westnoardhoeksk) ● Skiermûntseagersk ● Skylgersk ● Súdwesthoeksk (Lemsterlânsk) ● Wâldfrysk (Westereindersk)
Hollânsk Hollânsk-Frysk Amelânsk (Eastamelânsk • Westamelânsk) ● Biltsk (Eastbiltsk • Westbiltsk) ● Midslânsk ● Stedsk (Boalsertersk • Dokkumersk • Feanstersk † • Frjentsjertersk • Harnzersk • Kollumersk • Ljouwertersk • Snitsersk • Starumersk)
Westfrysk            Flylânsk †
Nedersaksysk   Kleastersk ● Pompstersk ● Stellingwerfsk (Eaststellingwerfsk • Gitersk † • Haadstellingwerfsk • Kúndersk • Westhoeksk) ● Westerkertiersk (Kollumerlânsk)