Springe nei ynhâld

Otter

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Gewoane otter)
otter
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift rôfdieren (Carnivora)
famylje martereftigen (Mustelidae)
skaai fiskotters (Lutra)
soarte
Lutra lutra
Linnaeus, 1758
IUCN-status: gefoelich
ferspriedingsgebiet

De otter (alternative stavering mei deselde útspraak: atter; wittenskiplike namme: Lutra lutra), ek wol bekend as de fiskotter, gewoane otter, Jeropeeske otter of Jeraziatyske rivierotter is in semy-akwatysk sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae), de ûnderfamylje fan 'e otters (Lutrinae) en it skaai fan 'e fiskotters (Lutra). Dit bist is lânseigen yn frijwol hiel Jeropa (wêrûnder Nederlân) en teffens yn grutte dielen fan Aazje. De otter, dy't net sûnder oerflaktewetters kin, fret benammen fisk en is tige territoriaal. De IUCN klassifisearret de sitewaasje fan dit bist as gefoelich.

De otter is lânseigen yn hast hiele Jeropa, útsein Yslân, de Fêreu-eilannen, de eilannen yn 'e Middellânske See, it uterste noarden fan Ruslân, de Súdrussyske Koebanregio en it súdlike part fan 'e Oekraïne. Yn West-Jeropa is it mei de otter sûnt 1900 lykwols hurd efterút buorke en op in soad plakken is er útstoarn (al is er letter faak wer op 'e nij útset). Noch hiel algemien is de otter yn Ierlân, Noard-Ierlân, Skotlân, Noarwegen, Portegal en dielen fan Frankryk, Ingelân, Denemark, Sweden, Finlân, Tsjechje en Slowakije, wylst yn it Dútsk-Poalske grinsgebiet noch in restpopulaasje bestiet. Yn Nederlân stoar de otter yn 1988 út, mar is er sûnt 2002 wer yn it wyld reyntrodusearre. Yn Fryslân waarden de earste otters yn 2012 yn 'e Alde Feanen útset.

In otter sjocht om him hinne.

Bûten Jeropa komt de otter ek foar yn Noard-Afrika en Aazje. Yn Afrika libbet er yn en om it Atlasberchtme fan 'e Magreblannen Tuneezje, Algerije en Marokko. Oan 'e eastkant fan 'e Middellânske See is er lânseigen yn Lyts-Aazje, en dêrwei oer in frij smelle stripe yn eastlike rjochting fia de Kaukasus en noardwestlik en noardlik Iraan nei Sintraal-Aazje en Afganistan. Fierders komt er foar yn 'e súdlike helte fan Sibearje en oangrinzgjende parten fan Kazachstan, Sinkiang-Oeigoerje, Mongoalje en Mantsjoerije en op it hiele Koreaanske Skiereilân. Otters libje ek yn 'e legere dellingen fan 'e Himalaya fan Pakistan oant Birma, en fierder eastlik yn Sina besuden de Jangtsekiang, op Taiwan en Hainan, en yn Súdeast-Aazje yn noardlike dielen fan Fjetnam, Laos en Tailân. Ta einbeslút besteane der isolearre populaasjes op Sumatra, yn Yndoneezje, en yn Tamil Nadû, yn súdlik Yndia en op it oanbuorjende Sry Lanka.

De Japanske rivierotter (Lutra lutra whiteleyi), dy't foarhinne op it Japanske eilân Sjikokû foarkaam, wie in ûndersoarte fan 'e (gewoane) otter, dy't lykwols yn 2012 offisjeel foar útstoarn ferklearre waard.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De otter hat trochinoar in kop-romplingte fan 60–95 sm, mei in sturtlingte fan 35–50 sm en in gewicht fan 41/2–12 kg. Der bestiet in beskate seksuele dimorfy, mei't mantsjes dúdlik swierder binne as wyfkes. Otters hawwe in ferwielsêfte pels dy't op 'e rêch dûnkerbrún oant dûnkerbêzje is en op 'e bealch wyt oant fealwyt. Se binne folslein oanpast oan it libben yn it wetter, mei swimfluezzen tusken alle teannen, tige gefoelige snorhierren, lytse hûdflapkes dy't ûnder it dûken de earen en noasters tichthâlde, in spiersterke sturt dy't by it swimmen as roer tsjinnet, en in wettertichte behierring.

In pear otters yn in dieretún yn Helsinki.

Otters hâlde yn 'e regel ta oan 'e iggen fan beken, rivieren, marren en puollen mei skjin wetter, in goede fiskstân en genôch beskûl yn 'e foarm fan bosk of strewelleguod. Se kinne ek oan 'e seekant libje, sa't se bygelyks dogge yn Skandinaavje, Skotlân, Ierlân en Bretanje, mar dan moat der wol swiet wetter deunby wêze, want sâlt wetter kinne se net drinke.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De otter is eins in skou bist, dat fral nachts aktyf is, al giet er it deiljocht net út 'e wei as er him feilich fielt. Krekt oarsom, want hy mei graach sinnebaaie. Hy hat in semy-akwatyske libbensstyl, wêrby't er mear yn as út it wetter tahâldt. By it dûken kin er oant 4 minuten lang ûnder wetter bliuwe ear't er wer boppekomme moat om te sykheljen. It territoarium fan in mantsjesotter is likernôch 15 km yn trochsneed en dat fan wyfkes sa'n 7 km. Nachts wurdt in grut part dêrfan besocht op streuptocht nei fretten. Jonge of ferballe bisten kinne tsientallen kilometers ôflizze op 'e siik nei in nij wengebiet.

In otter oan 't miel.

Otters libje yn prinsipe solitêr, mar de jongen bliuwe in jier lang by de mem, en sawol mem as jongen hâlde en drage har dan gauris tige boartlik. Sa meitsje se by glysterige wâlen del of winterdeis as der snie leit faak in glydbaan, dêr't se har dan om bar by del glydzje litte, nei't it skynt poer foar harren eigen fermaak.

De otter hat almeast gjin fêste peartiid, al falt dy yn Skotlân en Noarwegen en op 'e Sjetlâneilannen yn 'e maityd. De wyfkes binne it hiele jier troch om 'e 6 wiken tyldriftich. De draachtiid duorret likernôch 9 wiken, mar men hâldt it derop dat der in ferlinge draachtiid fan sa'n 9 moannen foarkomt as de pearing op in ûngeunstige tiid fan it jier plakfynt. De jongen wurde ek it hiele jier troch smiten, mar it faakst fan febrewaris oant en mei april. In ottersmeet bestiet ornaris út 2–3 jongen, al kin dat oantal ûnder ekstreme omstannichheden oprinne ta 6. Nei in jier binne de jongen selsstannich en nei 2 of 3 jier binne se geslachtsryp. Otters hawwe frijwol gjin natuerlike fijannen mear, mar it ferkear makket in protte slachtoffers. As se dêroan ûntsnappe, kinne se oant 18 jier âld wurde.

In filmke fan otters dy't beferzen fisk frette yn it Akwarium fan Gijón (Spanje).

De otter is in folsleine fleisiter, dy't al syn proaien yn en oan it wetter pakt. Syn menu bestiet foar in grut part út fisk, mar ek snipt er wol amfibyen, kreeften, krabben, lytse of jonge fûgels, aaien, mûzen, rotten, wetterrotten en muskusrotten.

De otter is de lêste goed iuw, benammen yn Jeropa, sterk yn it neigean rekke troch drûchlizzing fan syn habitat en oarsoartige ferballing troch de minske, û.o. ek troch wetterfersmoarging. Dêrom hat er de IUCN-status fan "gefoelich" krigen, wat sizze wol dat er wrâldwiid net bedrige wurdt, mar dat syn tastân al yn 'e rekken holden wurde moat.

In otter.

Yn Nederlân waard de otter sûnt 1988 as útstoarn beskôge, al waard der it jiers dêrop noch in ferdwaald eksimplaar deariden yn Fryslân. Men besleat ta reyntroduksje en sadwaande waarden yn 2002 yn it Nasjonaal Park De Weerribben, yn 'e Kop fan Oerisel, wer otters útset yn it wyld. Yn 2004 waarden der wer foar it earst otterjongen berne yn Nederlân en datselde jiers waarden noch in stikmannich otters op itselde plak útset. Sûnt is de otter wer waarnommen yn 'e Tsjettelmar tusken it Suderleech en de Flevopolder, oan 'e Lindedyk yn 'e Stellingwerven, by de Ruten-ie yn Grinslân, op 'e Feluwe en yn Twinte. Op 2 novimber 2012 waarden der boppedat trije otters út Tsjechje útset yn 'e Alde Feanen, tusken Ljouwert en Drachten.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Lange, Rogier; Twisk, Peter; Winden, Alphons van; Diepenbeek, Annelies van, Zoogdieren van West-Europa, Utert, 2003 (St. Uitgeverij van de Koninklijke Nederlandse Natuurhistorische Vereniging en de Vereniging voor Zoogdierkunde en Zoogdierbeschrijving i.s.m. de Vereniging Natuurmonumenten), ISBN 9 05 01 10 770.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.