AquaZoo Friesland

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Aqua Zoo Friesland")
Jump to navigation Jump to search
AquaZoo Friesland
algemien
hist. namme Otterpark Aqualutra
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
type privaat
sektor dieretún
fêstige yn Ljouwert (Fryslân)
oprjochte 1994
eigner Libéma
offisjele webside
www.frieslandzoo.nl

AquaZoo Friesland is in Fryske dieretún dy't beëasten Ljouwert yn it rekreaasjegebiet De Griene Stjer leit. Dit bedriuw waard yn 1994 oprjochte as Otterpark Aqualutra, mar ûntjoech him yn 2003 ta in mear algemiene dieretún, hoewol't de bisten yn 'e kolleksje allegear in bân mei wetter holden.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

AquaZoo Friesland waard yn 1994 iepene op it plak fan in âld iepenloftswimbad ûnder namme fan Otterpark Aqualutra. It hie yn 't earstoan, sa't dy namme al fermoedzje lit, mar ien bistesoart ta besichtiging: de otter. Hoewol't der al rillegau wat oar bistespul bykaam, die bliken dat soks net echt rindabel wie, en yn 2002 waard it ferkocht oan 'e korporaasje Libéma, dat it per 1 jannewaris 2003 trochdie oan Zodiac Zoos. Dat bedriuw wie ek eigner fan Dierenpark Wissel, ZooParc Overloon en Kasteeltuinen Arcen. Nei in grutskalige renovaasje waard Aqualutra omdoopt ta AquaZoo Friesland. Sûnt is it in algemienere dieretún, al konsintrearret it him noch altiten fral op fûgels en sûchdieren dy't in konneksje mei wetter hawwe. Hjoed de dei binne der yn AquZoo Friesland mear as fyftich soarten bisten te besjen.

Ein jannewaris 2015 gie Zodiac Zoos oer de kop, en liek it fuortbestean fan AquaZoo Friesland in skoftke oan in rottich toutsje te hingjen, mar op 19 febrewaris waard bekend dat de kurator it mei Dierenpark Wissel en ZooParc Overloon weromferkocht hat oan Libéma, dat ek de eigner is fan Safaripark Beekse Bergen, yn Hilvarenbeek, en en it Dierenrijk yn Nunen. Libéma (in ôfkoarting fan Lips Beheer Maatschappij) is fan doel en slút Dierenpark Wissel, mar foar ZooParc Overloon en AquaZoo Friesland sjocht men goede kânsen om wer finansjeel sûne attraksjes te wurden.[1]

Utwreiding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt 2016 wurdt AquaZoo mei tuskenskoften útwreide. Sa kamen der yn juny 2016 iisbearen by,[2] en yn july 2017 Nylkrokkedillen.[3] De iisbearen soargen yn 2016 mei foar it rekôroantal besikers fan 130.000.[4] Troch de Nylkrokkedillen passearren yn 2017 155.000 minsken de kassa, wat op 'e nij in rekôr wie.[4] Neffens fêstigingsmanager Jeroen Loomeijer, dy't yn jannewaris 2018 sitearre waard yn 'e Ljouwerter Krante, kamen in protte lju nochris werom, en wiene der per 1 jannewaris 2018 sa'n 5.500 jierkaarthâlders. Under de besikers wiene neffens him in soad Dútske toeristen dy't har fakânsje yn Fryslân trochbrochten, en teffens groeide de belangstelling fan ynwenners fan û.m. Drinte en Noard-Hollân fanwegen de "ynteressante kolleksje bisten".[4] De úteinlike ambysje fan AquaZoo is neffens Loomeijer in besikersoantal fan 200.000 minsken jiers. Foar 2018 wurdt lykwols ynset op 170.000.[4] Der komme foarearst gjin nije bisten mear by; ynstee sille it parkearterrein en de húskes oanpakt wurde en teffens wurde ferskate fan 'e besteande bisteferbliuwen, lykas de ûlefoliêre, alhiel renovearre.[4]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Westera, Jan, AquaZoo weer in handen Libéma, yn: de Ljouwerter Krante, 19 febrewaris 2015.
  2. IJsberen Felix en Nanu naar AquaZoo Friesland, AquaZoo nijs, 24 maaie 2016.
  3. Buitenwerf, Arodi, Nijlkrokodillen in Aqua Zoo Friesland: 1200 bezoekers bij kennismaking achter dik glas, yn: de Ljouwerter Krante, 14 july 2017.
  4. 4,0 4,1 4,2 4,3 4,4 Santema, Pier Abe, Record voor AquaZoo met Nijlkrokodillen, yn: de Ljouwerter Krante, 6 jannewaris 2018, s. 20..