Fermont
Steat Fermont State of Vermont | |
---|---|
flagge | wapen |
Freedom and Unity (Ingelsk, "Frijheid en Ienheid") | |
lokaasje yn de Feriene Steaten | |
algemien | |
ôfkoarting | VT |
lân | Feriene Steaten |
status (jier) | steat (1791) |
haadstêd | Montpelier |
grutste stêd | Burlington |
offisjele taal | Ingelsk (de facto) |
sifers | |
ynwennertal | 626.562 (2014) |
befolkingstichtens | 26,1 / km² |
oerflak | 24.923 km² (4,1% wetter) |
bykommende ynformaasje | |
bynamme | de Green Mountain State |
tiidsône | UTC –5 |
simmertiid | UTC –4 |
webside | www.vermont.gov |
- Dizze side giet oer de Amerikaanske steat Fermont. Foar oare betsjuttings, sjoch: Fermont (betsjuttingsside).
Fermont (Ingelsk: Vermont; útspr.: [vəɹ'mɒnt], likernôch "wurmônt"), offisjeel de Steat Fermont (Ingelsk: State of Vermont), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Fermont, byneamd de Green Mountain State, leit yn it noardeasten fan it lân, en heart ta de regio Nij-Ingelân. De haadstêd is Montpelier, mar de grutste stêd is Burlington. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe 627.000 ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 49e (op ien nei lytste) steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Fermont mei krapoan 25.000 km² de 45e steat. Fermont stiet bekend om syn moaie lânskip, de prachtige hjerstkleuren fan it wâldlân en om syn idyllyske doarpkes mei wite hûskes en lytse tsjerkjes.
Etymology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme fan Fermont komt út it Frânsk en betsjut 'griene berch', fan vert ("grien") en mont ("berch"). De bynamme fan 'e steat is sadwaande Green Mountain State, wat in Ingelske oersetting fan 'e Frânske namme is.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fermont hat in oerflak fan 24.923 km², wêrfan't 4,1% út wetter bestiet. It leit yn 'e Eastlike Tiidsône (UTC –5, simmertiid –4), en grinzget yn it easten oan 'e Amerikaanske steat Nij-Hampshire, yn it suden oan 'e steat Massachusetts en yn it westen oan 'e steat New York. Mei Nij-Hampshire, Massachusetts, Konettikut, Maine en Rhode Island foarmet Fermont de regio Nij-Ingelân. De steat mjit 256 km fan noard nei súd en is yn it suden, oan 'e grins mei Massachusetts it smelst, mei in breedte fan 60 km. Yn it noarden hat de steat in 143 km lange ynternasjonale grins mei de Kanadeeske provinsje Kebek.
De Griene Bergen, in útrinner fan 'e Appalachen dêr't Fermont syn namme oan tanket, rinne fan noard nei súd justjes westlik fan 'e middenline fan 'e steat. It is ûndúdlik wêr't dy namme krekt weikomt; guon wolle hawwe dat de iere Frânske ûntdekkingsreizgers de bergen 'grien' neamden om't se mear beboske wiene as de Wite Bergen fan Nij-Hampshire of it Adirondack-berchtme fan New York, wylst oaren ferwize nei it grienige stiente fan 'e bergen.
It heechste punt yn Fermont is de Mount Mansfield, mei in hichte fan 1.340 m boppe seenivo, en it leechste punt is de Champlain-mar, op 29 m boppe seenivo. Dy mar is it grutste swietwetterlichem yn Fermont, en leit yn it noardwesten fan 'e steat op 'e grins mei New York. De wichtichste rivier yn 'e steat is de Konettikut, dy't alhiel de eastgrins mei Nij-Hampshire foarmet. Der binne yn Fermont gjin federale Yndianereservaten.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fermont wurdt yn elts gefal al 10.500 jier troch de minske bewenne. Tsjin 'e Renêssânse waard it grûngebiet fan 'e steat befolke troch Algonkwynske folken, wêrûnder de Mohikanen en de Abenaky. Tusken 1500 en 1600 waarden de measte lytsere stammen út it gebiet ferdreaun troch de Irokezen út wat no New York is, dy't Fermont neitiid as jachtgebiet brûkten. Inkeld de Abenaky wjerstiene de Irokeeske oanfallen. De earste Jeropeaan dy't Fermont besocht wie nei alle gedachten de Frânsman Jacques Cartier, yn 1535. Yn 1609 makke de Frânske ûntdekkingsreizger Samuel de Champlain oanspraak op Fermont as ûnderdiel fan 'e Frânske koloanje Nij-Frankryk. Yn 1666 stifte Frânske kolonisten de earste Jeropeeske delsetting yn Fermont, dy't se Fort Lamotte neamden. In fearnsiuw letter, yn 1690, fêstigen har de earste Ingelske kolonisten yn Fermont.
Tusken 1754 en 1763 fochten de Britten en de Frânsen û.m. yn Fermont de Frânske en Yndiaanske Oarloch út, it Noardamerikaanske front fan 'e Sânjierrige Oarloch yn Jeropa. De Britten besochten tusken 1755 en 1758 ferskate kearen om 'e nocht om yn noardlik Fermont de Frânske fêstings Fort St. Frédéric en Fort Carillon yn te nimmen. Yn 1759 wist generaal Jeffery Amherst lykwols mei in leger fan 12.000 man reguliere troepen en koloniale milysjeleden de Frânsen te ferslaan yn 'e Slach by Ticonderoga, en Fort Carillon te feroverjen. Dêrnei ûntrommen de Frânsen Fort St. Frédéric en loeken se har út Fermont werom. By de Frede fan Parys stie Frankryk yn 1763 al syn grûngebiet yn Noard-Amearika oan 'e Britten ôf.
Netiid makken de Britske koloanjes Massachusetts, Nij-Hampshire en New York allegear oanspraak op it doe noch woaste en fierhinne ûnbewenne gebiet dat Fermont wie. Yn 1764 joech de Britske kening George III de krite oan New York. Doe't it Newyorkske bestjoer wegere om 'e eigendomsaktes fan perselen lân te erkennen dy't troch it bestjoer fan Nij-Hampshire ferkocht wiene, late dat ta ferset fan Fermontster kolonisten dy't út Nij-Hampshire kamen. Under lieding fan 'e bruorren Ethan en Ira Allen en harren neef Seth Warner foarmen hja in eigen milysje, dy't bekend kaam te stean as de Green Mountain Boys, om 'e belangen fan 'e Fermontster kolonisten te beskermjen tsjin nijynkommelingen út New York.
Yn 1775, koart nei it útbrekken fan 'e Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch (1774-1783), holpen de Green Mountain Boys in groep Amerikaanske rebellen út Konettikut ûnder lieding fan Benedict Arnold om it Britske Fort Ticonderoga (it eardere Fort Carillon) yn te nimmen. Dêrnei oardere it Kontinintaal Kongres yn Philadelphia New York om 'e Green Mountain Boys te bewapenjen foar de striid tsjin 'e Britten. Op 15 jannewaris 1777 rôpen de oarspronklike Fermontster kolonisten út Nij-Hampshire de ûnôfhinklikheid fan 'e Fermontster Republyk út, al hiet dy it earste healjier noch de Republyk Nij-Konettikut; de namme 'Fermont' waard op 2 juny fan dat jier oannommen.
Op 16 augustus 1777 waard troch Fermontster en Amerikaanske troepen ûnder John Stark yn 'e Slach by Bennington, krekt oer de grins yn New York, in grutte oerwinning behelle op Hessyske troepen yn Britske tsjinst ûnder lieding fan generaal John Burgoyne. Dy slach wurdt wol as in kearpunt yn 'e Unôfhinklikheidsoarloch beskôge. De iennichste fjildslach dy't op it grûngebiet fan Fermont útfochten waard, wie de Slach by Hubbardton, op 7 july 1777, wêrby't de rebellen troch de Britten ferslein waarden. Nei't de Amerikanen úteinlik yn 1783 harren ûnôfhinklikheid wûn hiene, foarmen de trettjin oarspronklike koloanjes de Feriene Steaten. Fermont bleau dêr ynearsten bûten, en bestie as ûnôfhinkliklike republyk fan 1777 oant 1791. Pas op 18 febrewaris fan dat jier waard Fermont as de fjirtjinde steat yn 'e Amerikaanske Uny opnommen.
Hoewol't yn Fermont de slavernij yn 1777 sterk oan bannen lein waard, duorre it noch oant 1858 ear't dat ynstitút folslein ôfskaft waard. Nettsjinsteande dat spile Fermont troch syn lizzing fuort besuden de Kanadeeske grins in wichtige rol yn it Undergrûnske Spoar, de geheime organisaasje dy't negerslaven út it Amerikaanske Suden nei frijheid yn Kanada ta smokkele. Fan 1854 ôf skaarden de Fermontsters har massaal efter de nije Republikeinske Partij, dy't de slavernij yn it hiele lân ôfskaffe woe. Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) tsjinnen mear as 34.000 Fermontsters yn it Noardlike leger, wêrfan't krapoan 5.200 man kamen te sneuveljen. Mei ferliezen dy't 15% bedroegen, ferlear Fermont yn ferhâlding mear soldaten as lykfol hokker oare Noardlike steat ek. De meast noardlike militêre treffen fan 'e Boargeroarloch, de Oerfal op St. Albans, fûn plak yn Fermont, mar de oerfallers waarden twongen om harren bút op te jaan doe't se oan 'e grins troch de Kanadezen finzen nommen waarden.
Fan 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw ôf setten har in protte Ierske en Italjaanske ymmigranten yn Fermont nei wenjen, dy't ôfkamen op 'e wurkgelegenheid yn 'e stiengatten yn 'e omkriten fan Barre, dêr't granyt wûn wurdt. Yn 1880 wie Fermont ien fan 'e earste Amerikaanske steaten dy't it frouljuskiesrjocht ynfierde. Yn 1927 waard de steat troffen troch grutskalige oerstreamings, wêrby't 84 minsken de dea fûnen. Yn 'e hjerst fan 1938 blies in orkaan 61.000 km² wâldlân plat, wat delkaam op in trêdepart fan it boskgebiet fan Fermont. Hjoed de dei binne de measte âldere beammen yn 'e steat 75 jier âld, wêrmei't se datearje fan krekt nei dat barren. Yn augustus 2011 liet de tropyske stoarm Irene boppe Fermont sa'n soad rein falle, dat der op 'e nije grutskalige oerstreamings ûntstiene, dy't foar miljoenen dollars skea oanrjochten.
Bestjoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fermont bestiet bestjoerlik út 14 countys. De steatshaadstêd, Montpelier, leit yn Washington County, justjes benoarden it geografyske sintrum fan 'e steat. Krekt as alle Amerikaanske steaten wurdt Fermont bestjoerd troch in steatsregear mei oan it haad de gûverneur. De wetjaande macht is yn 'e hannen fan 'e Algemiene Assimblee fan Fermont, dy't bestiet út 'e Steatssenaat mei 30 sitten en it Steatshûs fan Offurdigen mei 150 sitten. Yn 'e Amerikaanske Senaat wurdt Fermont, lykas alle Amerikaanske steaten, fertsjintwurdige troch 2 senators. Yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen hat Fermont fanwegen syn lytse befolking mar 1 sit.
It politike lânskip fan Fermont wurdt folle minder as yn oare Amerikaanske steaten behearske troch de beide grutte Amerikaanske politike partijen, de Demokratyske Partij en de Republikeinske Partij. Yn ferkiezings dêr't inkeld de beide grutte partijen oan meidogge, waard de Fermontster polityk fanôf de oprjochting fan dy partij yn 1854 oant yn 'e 1970-er jierren dominearre troch de Republikeinen; sûnt lûke de Demokraten oer it algemien oan it langste ein. De Fermontsters fan Frânsk en Frânsk-Kanadeesk komôf, dy't de grutste befolkingsgroep foarmje, stimme yn grutte mearderheid Demokratysk, wylst de op ien nei grutste groep, de Fermontsters fan Ingelsk komôf, yn grutte mearderheid Republikeinsk stimme. Alle oare befolkingsgroepen stimme yn 'e regel heal om heal Demokratysk en Republikeinsk.
Op lokaal en steatsnivo (en ek by guon federale ferkiezings) spylje de beide grutte partijen yn Fermont mar in beheinde rol. Fermontsters steane nammentlik bekend om harren politike ûnôfhinklikheid, en de regels dy't yn 'e oare Amerikaanske steaten de aktiviteiten fan trêde partijen oan bannen lizze, besteane yn Fermont net. Boppedat is de steat ien fan 'e progressyfste dielen fan 'e Feriene Steaten, mooglik ûnder ynfloed fan 'e noarderbuorlju yn Kebek. Sadwaande is it yn Fermont mooglik dat sosjalisten ta boargemaster en sels senator keazen wurde (lykas Bernie Sanders, dy't yn 2016 bekendheid krige as presidintskandidaat), wat yn 'e measte oare Amerikaanske steaten ûntinkber wêze soe.
Fermont is ien fan fjouwer Amerikaanske steaten dy't foar harren opname yn 'e Amerikaanske Uny ûnôfhinklike lannen wiene (de oare trije binne Kalifornje, Teksas en Hawaï). De steat hat in reputaasje fan dwerskoppichheid, en wie bygelyks (mei Maine) ien fan 'e iennichste twa steaten dy't by al syn fjouwer ferkiezings ta presidint tsjin Franklin D. Roosevelt stimde. Yn 2009 wie Fermont de fjirde Amerikaanske steat dy't it homohoulik ynfierde. Yn 2013 wie Fermont ek de fjirde Amerikaanske steat dy't in foarm fan eutanasy foar terminaal siken legalisearre. Yn Fermont hat de steat it monopoalje op 'e ferkeap fan alkohol, mei as gefolch dat der jiers $14 miljoen nei de steatskas ta floeit. Der bestiet yn Fermont in lytse politike beweging, de saneamde Twadde Fermontster Republyk, dy't him ynset foar ôfskieding fan 'e Feriene Steaten, mei as doel om fan Fermont wer in ûnôfhinklik lân te meitsjen.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2010 bedroech it totale bruto steatsprodukt fan Fermont $26 miljard. De lânbou droech dêr yn 2000 foar 2,2% oan by, foar it meastepart mei suvelprodukten. Datselde jiers wie likernôch 3% fan 'e Fermontster beropbefolking yn 'e lânbou wurksum. Fierders is foar Fermont ek de boskbou fan belang. De yndustry leit him benammen ta op 'e produksje fan technology en masineryen. It bank- en fersekeringswêzen spilet fierders in almar groeiende rol yn 'e Fermontster ekonomy. Ta ein beslút moat it toerisme net fergetten wurde, mei't in protte lju nei de steat ta komme, by't winter om te skyen, hjerstmis om fan 'e natoerpracht fan 'e wâlden te genietsjen, en simmerdeis om te angeljen en te jeien.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens in offisjele rûzing troch it Amerikaanske Folkstellingsburo (op grûn fan gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010) hie Fermont yn 2014 626.562 ynwenners, wat in groei fan 0,13% is yn ferhâlding ta de stân fan saken yn 2010. De befolkingstichtens wie yn 2014 26,1 minsken de km². Fermont is ien fan mar twa Amerikaanske steaten (de oare is Wyoming) dy't in lytsere befolking hawwe as it federale Distrikt Kolumbia.
De grutste stêd fan 'e steat is Burlington, mei 42.000 ynwenners yn 2010. Oare gruttere plakken binne: Essex (20.000), South Burlington (18.000), Colchester (17.000), Rutland (17.000), Bennington (16.000), Brattleboro (12.000) en Milton (10.000). De steatshaadstêd Montpelier hat mar 7.900 ynwenners. Yn 2009 wie 47,8% fan 'e befolking fan Fermont bûten de steat berne.
Etnisiteit
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 wie de etnyske opbou fan 'e Fermontster befolking doe sa: 94,3% blanken; 1,5% Latino's; 1,3% Aziaten; 1,0% swarten; 0,4% Yndianen; 1,5% oaren of fan mingd etnysk komôf.
Blanke Fermontsters binne fierhinne fan Noardwestjeropeeske orizjine, mei as grutste oarsprongsgroepen Frânsen en Frânsk-Kanadezen (23,9% fan 'e totale befolking fan 'e steat), Ingelsen (18,6%), Ieren (17,9%), Dútsers (10,3%), Italjanen (7,5%), Angelsaksyske Amerikanen (7,0%), Skotten (5,0%), Poalen (3,9%), Ulstersen (2,7%), Sweden (1,9%), Nederlanners (1,6%), Russen (1,4%) en Welsen (1,4%). Fermontsters fan Ingelsk komôf binne frij gelyk oer de hiele steat ferspraat, mar de lju fan Frânsk-Kanadeesk komôf binne foar in oansjenlik part gearklofte yn it noarden.
Fermont omfiemet gjin federaal erkende Yndianestammen, mar sûnt 2006 genietsje de Abenaky as folk yn Fermont wetlike erkenning as minderheid, wat ûngebrûklik is yn 'e Feriene Steaten dêr't almeast erkenning skonken wurdt oan spesifike stamme-organisaasjes ynstee fan oan hiele etnyske groepen. Yn dat ramt binne der ek noch 4 fan sokke stamme-organisaasjes fan 'e Abenaky dy't erkenning fan 'e steat, mar net fan 'e federale autoriteiten hawwe. Dat binne:
- de El-nu Abenaky Stamme (erkende sûnt 2011)
- de Koasek Tradisjonele Troep fan de Soevereine Abenaky Naasje (erkend sûnt 2012)
- de Nulhegan Troep fan it Kûsuk-Abenaky Folk (erkend sûnt 2011)
- de St. Francis/Sokoky Troep fan Abenaky fan Fermont (erkend sûnt 2012)
Taal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fermont hat gjin offisjele taal dy't as sadanich by wet fêstlein is, mar de facto ferfollet it Ingelsk dy funksje. Foar de oergrutte mearderheid fan 'e Fermontster befolking is dy taal ek de memmetaal. Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2000 kaam op it twadde plak it Frânsk, dat troch 2,5% fan 'e befolking as memmetaal sprutsen waard, en op it trêde plak it Spaansk, dat foar 1,0% fan 'e befolking de memmetaal wie.
Godstsjinst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op it mêd fan godstsjinst bestie yn 2008 55% fan 'e befolking fan Fermont út kristenen, wêrûnder 29% protestanten en 26% roomsen. De grutste protestantske denominaasjes wiene de Feriene Tsjerke fan Kristus mei 16.000 leden en de Feriene Metodistyske Tsjerke mei 15.000 leden. Ateïsten en agnosten foarmje 34% fan 'e befolking, wat it heechste persintaazje is yn 'e hiele Feriene Steaten. Oanhingers fan oare godstsjinsten meitsje 4% fan 'e befolking út.
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fermont hat in fochtich lânklimaat, mei kâlde en snieïge winters, drekkige maitiden, mylde iere simmers en hjitte simmerseinen. De steat stiet bekend om syn hjersten, as it wâldlân in ûnoertroffen kleurepracht oannimd fan read, oranje en giel. It agraryske groeiseizoen duorret yn Fermont mar 120-180 dagen. Sels yn it suden fan 'e steat leit de trochsneed temperatuer oerdeis yn jannewaris, de kâldste moanne fan it jier, om 'e –4 °C hinne. Yn it noardeastlike part fan 'e steat is it it hiele jier troch sa'n 5,6 °C kâlder as yn it suden. Rekôrtemperatueren yn Fermont wiene 41 °C, op 4 july 1911 yn Vernon, en –46 °C op 30 desimber 1933 te Bloomfield. Delslachhoemannichten lizze om 'e 710 mm hinne, wylst de steat jiers tusken de 2.000 en 2.400 oeren sinneskyn kriget.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.
|
steaten | ||
---|---|---|
Alabama • Alaska • Arizona • Arkansas • Delaware • Fermont • Firginia • Floarida • Georgia • Hawaï • Idaho • Illinois • Indiana • Iowa • Kalifornje • Kansas • Kentucky • Kolorado • Konettikut • Louisiana • Maine • Marylân • Massachusetts • Michigan • Minnesota • Mississippy • Missoery • Montana • Nebraska • Nevada • Nij-Hampshire • New York • Nij-Jersey • Nij-Meksiko • Noard-Dakota • Noard-Karolina • Ohio • Oklahoma • Oregon • Pennsylvania • Rhode Island • Súd-Dakota • Súd-Karolina • Teksas • Tennessee • Utah • Washington • West-Firginia • Wyoming • Wiskonsin | ||
ûnynkorporearre territoaria | ||
Amerikaanske Famme-eilannen • Amerikaansk-Samoä • Gûam • Noardlike Marianen • Porto Riko | ||
federaal distrikt | ||
Distrikt Kolumbia | ||
· · |