Springe nei ynhâld

Eagle Eye (film)

Ut Wikipedy
Eagle Eye
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur D.J. Caruso
produsint Alex Kurtzman
Roberto Orci
Pat Crowley
útfierend
   produsint
Steven Spielberg e.o.
senario John Glenn
Travis Adam Wright
Hillary Seitz
Dan McDermott
kamerarezjy Dariusz Wolski
muzyk Brian Tyler
filmstudio K/O Paper Products
Goldrest Pictures
distribúsje DreamWorks Pictures
spilers
haadrollen Shia LaBeouf
Michelle Monaghan
byrollen Rosario Dawson
Billy Bob Thornton
Julianne Moore
Michael Chiklis
Anthony Mackie
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 16 septimber 2008
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-aksjeskriller
taal Ingelsk
spyltiid 118 minuten
budget en resultaten
budget $80 miljoen
opbringst $178 miljoen

Eagle Eye is in Amerikaanske science fiction-aksjeskriller út 2008 ûnder rezjy fan D.J. Caruso, mei yn 'e haadrollen Shia LaBeouf en Michelle Monaghan. It ferhaal folget in man en in frou dy't inoar net kenne, mar dy't troch in ûnbekende frou oan 'e tillefoan troch bedriging en sjantaazje twongen wurde om tegearre gefaarlike opdrachten út te fieren, wêrby't se al rillegau efterfolge wurde troch de Amerikaanske plysjetsjinsten. De film krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar wie in kommersjeel súkses yn 'e bioskopen.

Jerry Shaw is in sjeesde studint dy't te hearren kriget dat syn twillingbroer Ethan, in ofsier by de Amerikaanske Loftmacht, omkommen is. Nei de begraffenis ûntdekt Jerry dat der $750.000 op syn bankrekken stoart is, en dat syn appartemint fol leit mei yllegale dingen. Hy wurdt opskille troch in ûnbekende frou, dy't him warskôget dat de Amerikaanske federale resjerzje FBI op it punt stiet om him op te pakken en dat er sjen moat dat er fuortkomt. Mei't er dat net daliks docht, wurdt er arrestearre en ûnderfrege troch FBI-agint Tom Morgan. Wylst Morgan oerleit mei Zoë Pérez in aginte fan 'e United States Air Force Office of Special Investigations (OSI) dy't by de saak belutsen rekket fanwegen de fertochte dea fan Jerry syn broer, regelet de frou oan 'e tillefoan Jerry syn ûntsnapping.

Rachel Holloman is in allinnichsteande mem dy't út it neat wei troch deselde frou opskille wurdt. Se wit de meiwurking fan Rachel ôf te twingen troch Rachel har jonge soan Sam te bedriigjen, dy't mei it orkest fan syn skoalle foar in optreden ûnderweis is nei it Kennedy Center yn Washington, D.C. Rachel moat foar de frou oan 'e tillefoan in tal opdrachten útfiere, wêrûnder it oppikken fan Jerry by in treinstasjon. As de FBI en de plysje harren efternei komme, manipulearret de frou oan 'e tillefoan alderhanne direkt of yndirekt op it ynternet oansletten apparaten, wêrûnder ferkearsljochten, tillefyzjes, mobile tillefoanen, kompjûterskermen en automatisearre hyskranen om harren ûntkomme te litten.

Underwilens soarget de ûnbekende frou dat in kristal fan eksplosive heksametyleen nei in diamantwurker ta stjoerd wurdt, dy't it sûnder euvelmoed op har ynstruksje ta de foarm fan in ealstien snijt en yn in hinger set. In oare man stelt op 'e Ynternasjonale Lofthaven O'Hare, yn Chicago, de trompet fan Sam en bringt der in soanyske aktivator yn oan, foar't er it ynstrumint op 'e lofthaven fan Washington, D.C. wer by de oare ynstruminten leit sûnder dat immen murken hat dat it tydlik miste.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Aginte Pérez wurdt by minister fan Definsje George Callister roppen, fan wa't se te hearren kriget wat it echte wurk fan Ethan Shaw yn it Pentagon wie. It docht bliken dat Ethan tafersjoch hold op in steatsgeheime superkompjûter fan it Amerikaansk Ministearje fan Definsje, dy't de automatisearring fan it sykjen nei en beoardieljen fan ynformaasje omfieme. De superkompjûter hjit 'Autonomous Reconnaissance Intelligence Integration Analyst', ôfkoarte ta ARIIA. Callister, dy't witte wol oft Ethan fermoarde is as ûnderdiel fan in terroristyske gearspanning om tagong ta ARIIA te krijen, lit Pérez efter by majoar William Bowman, de direkte superieur fan Shaw. Om likernôch dyselde tiid ûntdekke Jerry en Rachel dat de frou oan 'e tillefoan eins ARIIA is, en dat de kompjûter harren 'aktivearre' hat, sa't se it sels neamt, neffens it yn 'e Amerikaanske Grûnwet fêstleine foech fan 'e oerheid om boargers te rekrutearjen foar de nasjonale ferdigening.

Yn it Pentagon ûntdekke Pérez en Bowman in USB-stick mei ynformaasje dy't Ethan dêr foar syn dea ferburgen hie. It docht bliken dat by in resinte Amerikaanske oanfal op fermiende terroristen yn 'e Pakistaanske provinsje Balûtsjistan, dy't ARIIA ôfret hie, ynstee ûnskuldige boargers it slachtoffer wurden binne. De misrûne operaasje resultearre yndirekt ek yn 'e dea fan Amerikaanske boargers, om't pleatslike striders bloedich wraak nommen hawwe. De konklúzje fan ARIIA wie dat mear bloedferjitten foarkomd wurde moast, en dat dêrta de útfierende macht yn 'e Feriene Steaten ferwidere wurde moast. Dat betsjut dat de kompjûter plannen makke hat foar it ombringen fan 'e presidint fan 'e Feriene Steaten, de fise-presidint en frijwol it hiele regear. ARIIA basearret har dêrby op 'e Amerikaanske Unôfhinklikheidsferklearring, dêr't yn stiet: "as lykfol hokker foarm fan regear destruktyf yn syn funksje wurdt, is it it rjocht fan it folk om it [regear] te feroarjen of ôf te skaffen." Pérez en Bowman begripe dan dat ARIIA sels Ethan syn dea bewurkmastere hat om't Ethan har besocht tsjin te hâlden.

Underwilens hat ARIIA derfoar soarge dat Jerry en Rachel nei Washington, D.C. reizge binne, dêr't de kompjûter harren yn it Pentagon nei binnen loadst. It docht bliken dat Ethan foar syn dea in blokkade yn it systeem fan ARIIA opsmiten hat, dy't it útfieren fan Operaasje Guillotine, sa't de kompjûter de plannen neamd hat, ûnmooglik makket. Yn Jerry hat ARIIA lykwols in fysyk identike kopy fan Ethan, en troch de biometryske gegevens fan Jerry te brûken, kin de kompjûter de blokkade fan Ethan opheffe. Dêrnei is de rol fan Jerry útspile, en ARIIA jout Rachel opdracht om him dea te sjitten. Dat kin se lykwols net dwaan, ek net nei nije bedrigings yn 'e rjochting fan har soan. Underwilens bringe Pérez en Bowman ferslach út oan minister Callister, wêrby't harren petear ôfharke wurdt troch ARIIA. Neitiid slút de kompjûter Callister op; om't de minister it oangeande de operaasje yn Balûtsjistan mei ARIIA iens wie, wiist se him oan as designated survivor dy't de presidint nei de útfiering fan Operaasje Guillotine opfolgje moat. Pérez en Bowman, lykwols, besiket de kompjûter te fermoardzjen, en hja moatte de krochten fan it Pentagon yn flechtsje.

In wurknimmer fan it Pentagon, dy't ek troch ARIIA ûnder bedriging fan syn gesin 'aktivearre' is, liedt Rachel út it gebou wei. Hy besoarget har ek in jurk en in halskeatling mei in hinger, dy't de 'ealstien' fan heksametyleen befettet. Dêrnei stjoert ARIIA har nei de State of the Union, dy't de presidint dyselde jûns útsprekke sil yn it Kapitoal. Underwilens wurdt Jerry yn it Pentagon arrestearre, en it is de bedoeling fan ARIIA om syn dea te beävensearjen foar't er wat tsjin ien sizze kin. FBI-agint Morgan, dy't it spoar fan Jerry en Rachel nei Washington ta folge is, hat ûnderwilens lucht krigen fan it bestean fan ARIIA. Hy befrijt Jerry en helpt him út it Pentagon te kommen. Tegearre sette de mannen nei it Kapitoal, Rachel efternei, wylst ARIIA alles docht om harren tsjin te hâlden. De kompjûter nimt sels de kontrôle oer in swierbewapene drone oer, dêr't de beide mannen troch oanfallen wurde yn in tunnel. Morgan, dy't ferwûne rekke is oan 'e foet en net mear drave kin, offeret himsels op om Jerry in kâns te jaan en hâld Operaasje Guillotine tsjin.

As Rachel yn it Kapitoal arrivearret, dêr't se al opwachte wurdt om't ARIIA har op 'e gastelist set hat, ûntdekt se dat it orkest fan Sam ek nei de State of the Union ta stjoerd is. Sam-en-dy moatte dêr it Amerikaansk folksliet spylje, dat oan 'e ein fan 'e foarlêste regel in hege noat hat, dy't de heksametyleen ta ûntploffing bringe sil. It eksplosyf is sa krêftich dat der fan it Kapitoal inkeld in rikjende krater oerbliuwe sil. Underwilens kringe Pérez en Bowman de keamer fan ARIIA wer binnen, dêr't se de hardware fan 'e superkompjûter koart en klien slane en sa ARIIA om hals bringe. Dat hâldt lykwols de yn wurking stelde Operaasje Guillotine net mear tsjin. Jerry wit lykwols it Kapitoal te berikken en binnen te kringen troch mei Morgan syn FBI-legitimaasje te swaaien. Krekt foar de ein fan it folksliet berikt er de keamer fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen, dêr't de State of the Union holden wurdt, en dêr't it hiele regear oanwêzich is. Hy lûkt in pistoal en sjit in pear kear yn it plafon. De muzyk falt daliks stil, sûnder de hege noat berikt te hawwen. Jerry wurdt delsketten troch aginten fan 'e Secret Service.

Neitiid, as alles ûndersocht is, krije Jerry en Pérez in ûnderskieding foar harren moed, wylst postúm ek Ethan en Tom Morgan ûnderskaat wurde. Minister Callister leit ferslach ôf oan in geheime kommisje fan it Amerikaanske Kongres, wêrby't er befêstiget dat ARIIA foargoed ôftanke is. Yn 'e lêste sêne arrivearret Jerry op it jierdeifeest fan Sam. As de bern nei in oare keamer geane, tútsje Jerry en Rachel inoar.

Shia LaBeouf.
Michelle Monaghan.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Jerry Shaw / Ethan Shaw Shia LaBeouf
Rachel Holloman Michelle Monaghan


byrollen
personaazje akteur/aktrise
stim fan 'e superkompjûter ARIIA Julianne Moore (as stimakteur; net fermeld op 'e ôftiteling)
OSI-aginte Zoë Pérez Rosario Dawson
FBI-agint Tom Morgan Billy Bob Thornton
minister fan Definsje George Callister Michael Chiklis
majoar William Bowman Anthony Mackie
FBI-agint Toby Grant Ethan Embry
Ranim Khalid Anthony Azizi
Sam Holloman Cameron Boyce
David Johnson Nick Searcy
frou Wierzbowski Lynn Cohen
dhr. Miller Charles Carroll
direkteur fan 'e CIA Bob Morrisey

Eagle Eye waard regissearre troch D.J. Caruso op basis fan in senario dêr't oan wurke wie troch John Glenn, Travis Adam Wright, Hillary Seitz en Dan McDermott. Dy lêste skreau de earste ferzje fan it skript op basis fan in idee fan regisseur Steven Spielberg, dy't him ynspirearje litten hie troch it koarte ferhaal All the Troubles of the World, fan science fiction-auteur Isaac Asimov. Neitiid waard it senario oankocht troch Spielberg syn filmstudio DreamWorks Pictures as in projekt dêr't Spielberg sels eventueel syn namme oan ferbine soe. Safier kaam it lykwols net, want hy rekke te drok mei Indiana Jones and the Kingdom of the Crystal Skull. Hy rette lykwols Caruso oan om him te ferfangen, mei wa't er yn 1996 gearwurke hie oan 'e tillefyzjesearje High Incident. Sels bleau Spielberg as útfierend produsint by Eagle Eye belutsen.

Caruso liet it senario fan McDermott fierhinne werskriuwe troch Glenn, Wright en Seitz. Shia LaBeouf en Michelle Monaghan waarden oanlutsen foar de haadrollen. Yn oare wichtige rollen waarden Rosario Dawson en Billy Bob Thornton cast. Hoewol't noch op 'e ôftiteling, noch yn 'e offisjele castlisten fernijd wurdt wa't de stim fan ARIIA ynspriek, befêstige Dawson yn in fraachpetear by de premiêre fan 'e film dat it de stim fan Julianne Moore wie. As produsinten wiene Alex Kurtzman, Roberto Orci en Pat Crowley by Eagle Eye belutsen foar de filmstudio's K/O Paper Products en Goldrest Pictures. Dariusz Wolski die de kamerarezjy, en Brian Tyler fersoarge de filmmuzyk. Foar de film wie in budget fan $80 miljoen beskikber.

De opnamen setten op 6 novimber 2007 útein en duorren oant yn febrewaris 2008. De special effects yn 'e film waarden makke troch Sony Pictures Imageworks. Regisseur Caruso woe lykwols dat Eagle Eye in "jierren '70-gefoel" hie, en besocht sa min mooglik fan special effects gebrûk te meitsjen. Sadwaande waard de wichtige sêne op 'e Ynternasjonale Lofthaven O'Hare, wêrby't de personaazjes fan LeBeouf en Monaghan tusken de koffers en tassen troch oer de transportbannen oan it personaazje fan Thornton besykje te ûntkommen, folslein sûnder tafoege effekten opnommen. Monaghan krige in strym yn 'e nekke doe't se rekke waard troch in loshingjende keabel, wylst regisseur Caruso de holle stompte oan in útstykjende bout en in wûne oprûn dy't hechte wurde moast.

DreamWorks Pictures die de distribúsje foar Eagle Eye. De film gie op 16 septimber yn Hollywood yn premiêre, wêrnei't er op 26 septimber iepene yn 'e Amerikaanske bioskopen. Persiis in fearnsjier letter, op 26 desimber 2008, waard Eagle Eye útbrocht op dvd en blu-ray.

Eagle Eye krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, dy't foar in grut part negatyf útskaaiden. Sa joech Roger Ebert, fan 'e Chicago Sun-Times, de film twa fan fjouwer stjerren. Hy skreau: "Dizze film befettet net ien inkeld oannimlik momint nei de iepeningssêne, en sels dy sit op it rântsje. It is gjin oanfal op yntelliginsje. It is in oanfal op it bewustwêzen." Yn The Hollywood Reporter skreau Michael Rechtshaffen dat Eagle Eye in "glêde, flauwe technoskriller" wie. Dêr foege er oan ta: "Sels dyjingen dy't alle ûnleauwe by de doar ôfjûn hawwe, sille it dreech fine om har goed te hâlden by guon mominten yn 'e healwiis ûnwierskynlike plot." Mark Bell fan Film Threat skreau: "De film is gjin folsleine sûnde fan jins tiid […], mar ferwachtsje neat briljants."

Yn 'e krante The Washington Post skreau Neely Tucker dat Eagle Eye "hjir en dêr ûnderhâldend" wie, mar "net folle te melden hat." Robert Koehler fan it tydskrift Variety fûn dat de earste 35 minuten fan 'e film sa goed wiene dat se deroer knetteren, mar dat it ferhaal oan 'e ein suver ta in parody ferfoel. Yn 'e Seattle Post-Intelligencer omskreau William Arnold Eagle Eye lykwols as "yntrigearjend as in yntellektuële puzel" en as "in solide skriller." Ek Josh Rosenblatt fan The Austin Chronicle mocht wol oer de film, dy't er omskreau as "goeie, manyske wille plus in grutte doazis politike yntriizje, dy't liedt ta twa oeren lûdroftige ferstânferdôvjende ûnsin."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Eagle Eye in leech goedkarringspersintaazje fan 27%, basearre op 181 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Eagle Eye is in skriller mei in bespotlike plot dy't in soad lient fan oare, bettere films." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Eagle Eye in goedkarringspersintaazje fan 43%, basearre op 28 resinsjes.

Yn 'e Feriene Steaten en Kanada brocht Eagle Eye yn 'e bioskopen $101,4 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria nochris $76,6 miljoen. Yn totaal bedroech de opbringst fan fertoaning yn 'e bioskopen dêrmei wrâldwiid $178 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $80 miljoen komt dat del op in winst fan $98 miljoen, nettsjinsteande de foar in grut part negative resinsjes fan 'e filmkritisy. Ein 2008 wiene der boppedat 2.181.959 eksimplaren fan 'e film op dvd ferkocht, wêrmei't nochris $38 miljoen fertsjinne wie. Dêrby binne de ferkeap op blu-ray en de ferhier yn 'e fideoteek net meirekkene.

Eagle Eye waard yn 2009 nominearre foar de Saturn Award foar bêste science fiction-film.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.