United States Air Force Office of Special Investigations
United States Air Force Office of Special Investigations | |
---|---|
flagge | embleem |
algemiene gegevens | |
namme folút | United States Air Force Office of Special Investigations ("Buro foar Spesjale Undersiken fan de Amerikaanske Loftmacht") |
ôfkoarting | AFOSI of OSI |
lân | Feriene Steaten |
haadkertier | Quantico (Firginia) |
oprjochte | 1948 |
doel | ● befeiliging ● kontraspionaazje ● ûndersyk nei misdriuwen dy't ferbân hâlde mei de loftmacht |
sifers | |
wurknimmers | 3.000 (2017) |
beëdige leden | 2.000 (2017) |
jierliks budget | ûnbekend |
oar | |
webside | www.osi.af.mil |
It United States Air Force Office of Special Investigations ("Buro foar Spesjale Undersiken fan 'e Amerikaanske Loftmacht"), ornaris ôfkoarte ta AFOSI of OSI, is in Amerikaanske federale plysje- en feilichheidstsjinst, dy't ta de Amerikaanske Loftmacht heart. Dizze ynstânsje ressortearret ûnder it Departemint fan 'e Loftmacht en rapportearret direkt oan 'e ûnderminister fan 'e loftmacht. It is teffens in buro dat fjildûndersyk docht ûnder tafersjoch fan 'e ynspekteur-generaal fan 'e lofmacht. Wurkmêden fan it AFOSI binne kontraspionaazje, befeiliging en ûndersyk nei misdriuwen dy't in konneksje mei de Amerikaanske Loftmacht hawwe.
Oprjochting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It AFOSI waard op 1 augustus 1948 op oanwizing fan it Amerikaanske Kongres oprjochte om alle ûndersyksaktiviteiten binne de Amerikaanske Loftmacht yn ien hân te bringen. De direkt feranwurdlike foar de oprjochting wie ûnderminister fan 'e loftmacht W. Stuart Symington, dy't it AFOSI gearstalde nei foarbyld fan 'e FBI. Hy stelde FBI-agint Joseph F. Carroll, in assistint fan FBI-direkteur J. Edgar Hoover, oan as de earste kommandant fan it AFOSI. Carroll krige de opdracht om ûnôfhinklik, ûnbefoaroardiele en sintraal oanstjoerde ûndersiken nei kriminele aktiviteiten yn 'e Amerikaanske Loftmacht mooglik te meitsjen. Letter yn syn karriêre soed er ek de earste direkteur fan it Defense Intelligence Agency (DIA) wurde, de Amerikaanske militêre ynljochtingetsjinst.
De wjergaders fan it AFOSI by de oare ûnderdielen fan 'e Amerikaanske Striidkrêften binne it United States Army Criminal Investigation Command (CID) fan it Amerikaanske Leger, de United States Naval Criminal Investigative Service (NCIS) fan 'e Amerikaanske Marine, en de United States Marine Corps Criminal Investagative Division (USMC CID). It AFOSI wie de iennichste Amerikaanke militêre ûndersykstsjinst dy't by syn oprjochting net oanmurken waard foar in plysjetsjinst mei alle wetlike foech dat dêrmei mank giet. Pas yn 1976 waard dat ûntdutsen troch in AFOSI-reservist, dy't syn oerhearrigen derop wiisde, wêrnei't sok foech halje-trawalje oanfrege en takend waard.
Doelen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De doelen fan it AFOSI, dy't fêstlein binne yn in Amerikaansk federaal statút, binne:
- it útfieren fan ûnôfhinklike ûndersiken nei kriminele praktiken binnen de Amerikaanske Lofmacht en nei misdriuwen dêr't de Amerikaanske Lofmacht by belutsen is, bgl. om't de fertochte of it slachtoffer by de loftmacht tsjinnet, of om't it misdriuw op 'e gerjochtichheid fan 'e loftmacht (in fleanbasis) útfierd is;
- de beskerming en befeiliging fan kritike technologyen en ynformaasje fan 'e Amerikaanske Loftmacht;
- it gewaarwurden fan bedrigings fan bûtenôf en it beskermjen fan personiel en materieel fan 'e Amerikaanske Loftmacht tsjin dy bedrigings, oft it dêrby no giet om kriminaliteit, spionaazje of terrorisme;
- it wrâldwiid fersoargjen fan spesjalisearre tsjinsten foar de Amerikaanske Loftmacht bûten de tradisjonele kommandostruktuer fan 'e Loftmacht om;
- it offinsyf fanwegen kommen tsjin bûtenlânske fijannen en bedrigings, net inkeld fysyk, mar ek op it mêd fan cyberoarlochfiering.
By de misdriuwen dy't it AFOSI ûndersiket, kin it gean om fernieling fan besittings fan 'e loftmacht, geweld tsjin minsken (ynkl. ferkrêfting en moard), fraude, korrupsje, hacking, smokkeljen, drugshannel, desersje, spionaazje, terrorisme of lykfol hokker oare yllegale aktiviteit dy't de doelen fan 'e Amerikaanske Loftmacht en it Amerikaansk Ministearje fan Definsje ûnderminet.
Organisaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It haadkertier fan it AFOSI is fêstige yn it Russell-Knox Building op 'e Mariniersbasis Quantico yn Quantico, yn 'e Amerikaanske steat Firginia, net fier bûten Washington, D.C. Der wurkje 3.000 minsken by it AFOSI: 2.000 ynswarde aginten, mei dêropta in ûnderstypjende stêf fan nochris 1.000 personielsleden. It AFOSI hat 8 fjildûndersyksregio's, wêrfan't 7 kommando-ûnderdielen fan 'e Amerikaanske Loftmacht omfiemje:
- Regio 1 omfettet it Air Force Materiel Command, dat oer it materieel fan 'e Amerikaanske Loftmacht giet;
- Regio 2 omfettet it Air Force Combat Command, dat oer de ynset fan 'e Amerikaanske Loftmacht giet;
- Regio 3 omfettet it Air Mobility Command, dat oer de logistyk fan 'e Amerikaanske Loftmacht giet;
- Regio 4 omfettet it Air Education and Training Command, dat oer de oplieding fan 'e Amerikaanske Loftmacht giet;
- Regio 5 omfettet de United States Air Forces in Europe, de ûnderdielen fan 'e Amerikaanske Loftmacht dy't yn Jeropa legere binne;
- Regio 6 omfettet de Pacific Air Forces, de ûnderdielen fan 'e Amerikaanske Loftmacht dy't yn it gebiet fan 'e Stille Oseaan legere binne (bgl. op Hawaï, yn Japan en op Gûam);
- Regio 8 omfettet de Amerikaanske Romtemacht en it Air Force Global Strike Command.
Dêrnjonken hat it AFOSI ek ferskate spesjalisearre resjerzje-, trainings- en ûnderstypjende ienheden:
- it Buro foar Spesjale Projekten (PJ)
- it Buro foar Ynkeapfraude (PF)
- it Force Support Squadron (FSS)
- de AFOSI-Akademy (OSIA)
- it Investigations, Collections, Operations Nexus Center (ICON)
Hoewol't de AFOSI-regio's foldogge oan it ferlet fan ûndersyk, kontraspionaazje en befeiliging fan 'e loftmachtkommando's dêr't se oan ferbûn binne, operearje alle AFOSI-ienheden folslein ûnôfhinklik fan dy kommando's. Yn 'e kommandostruktuer fan it AFOSI steane alle regio's streekrjocht ûnder befel fan it AFOSI-haadkertier yn Quantico. Dy organisasjonele ûnôfhinklikheid is in betingst foar it útfieren fan ûnbefoaroardiele ûndersiken. Der binne wrâldwiid mear as 255 AFOSI-ûndersyksteams aktyf, net inkeld yn 'e Feriene Steaten en op bases fan 'e Amerikaanske Loftmacht yn Jeropa en it gebiet fan 'e Stille Oseaan, mar ek yn Jordaanje, Saûdy-Araabje, Jemen, Irak, Afganistan en oare lannen en territoaria.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|