August von Mackensen
August von Mackensen (folút: Anton Ludwig Friedrich August von Mackensen; Dahlenberg, 6 desimber 1849 – Habighorst, 8 novimber 1945) wie in Dútsk militêr út 'e militaristyske tradysje fan Prusen. Hy focht as jong ofsier mei yn 'e Frânsk-Dútske Oarloch en klom neitiid op ta de rang fan fjildmaarskalk. Yn 'e Earste Wrâldoarloch fierde er mei grut súkses it befel. Hy wie belutsen by de striid oan it Eastfront tsjin 'e Russen, foltôge oan it Balkanfront de ferovering fan Servje, en spile dêrnei in krúsjale rol by it útskeakeljen fan Roemeenje as militêre macht fan betsjutting ûnder de Roemeenske Fjildtocht. Oan 'e ein fan 'e oarloch brocht Mackensen in jier yn kriichsfinzenskip troch, wêrnei't er yn 1920 ôfswaaide út aktive tsjinst. Under it nazy-rezjym bleau Mackensen in oertsjûge monargist en ferskynde er út en troch by offisjele gelegenheden klaaid yn syn militêr unifoarm fan it Dútske Keizerlike Leger. Hy waard fertocht fan ûntrou oan it Trêde Ryk, mar der wie gjin bewiis tsjin him en de nazylieding liet him gewurde.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mackensen waard yn 1849 berne as August Mackensen (sûnder it aadlike von) yn Haus Leipnitz, by it doarp Dahlenberg (no in diel fan Trossin), yn 'e Prusyske provinsje Saksen, it hjoeddeistige Saksen-Anhalt. Hy wie de soan fan Louis en Marie-Louise Mackensen, dy't lutheraanske protestanten wiene en lid fan 'e Evangelyske Tsjerke fan Prusen. Syn heit wie de rintmaster fan in lângoed mei tafersjoch oer de lânbou-aktiviteiten dêre. Mackensen waard yn 1865 nei it gymnasium yn Halle ta stjoerd, mei't syn heit blykber de hope hie dat syn er him opfolgje soe.
Iere jierren fan syn militêre karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dat hie de jonge Mackensen lykwols net yn 'e kop, en ynstee melde er him yn 1869 as frijwilliger oan by it Prusyske 2e Liifhuzarerezjimint, dêr't er as sljochtwei soldaat begûn. Yn 'e Frânsk-Dútske Oarloch fan 1870-1871 waard er befoardere ta twadde luitenant en wûn er it Izeren Krús twadde klasse nei't er in kavalery-oanfal oanfierd hie doe't er benoarden Orléans op patrûlje wie. Nei de oarloch ferliet er it Prusysk Leger tydlik om in oplieding te folgjen oan 'e Martin Luther Universiteit fan Halle-Wittenberg, mar yn 1873, nei't er syn stúdzje ôfrûne hie, naam er wer tsjinst by itselde rezjimint.
Mackensen troude yn 1879 mei Doris (eins Dorothea) von Horn, de suster fan in kammeraat dy't yn 'e striid sneuvele wie. Har heit, Karl von Horn, wie de ynfloedrike Oberpräsident fan East-Prusen, dat it houlik hie gjin ferkearde útwurking foar de militêre karriêre fan Mackensen. Yn 1891 waard er oerpleatst nei de generale stêf yn Berlyn sûnder dat dêr yn syn gefal de wenstige trije jier tarieding oan 'e militêre akademy foar nedich wie. De stêfsjef, Helmuth von Moltke de Aldere, omskreau him yn dy tiid as in "ynnimlik figuer". Under de folgjende stêfsjef, Alfred von Schlieffen, tsjinne Mackensen as persoanlik adjudant. Hy beskôge Schlieffen as syn grutte learmaster op it mêd fan it oanfieren fan grutte legermachten.
Mackensen makke ek in goede yndruk op keizer Willem II fan Dútslân, dy't mids 1893 oardere dat er it befel krije moast oer it 1e Liifhuzarerezjimint. Nei't er yn 1898 by dy ienheid wei oerpleatst waard nei in hegere posysje, behold Mackensen in earelidmaatskip fan it rezjimint, en neitiid droech er sadwaande noch geregeldwei it opfallende swarte militêr unifoarm mei de Totenkopf, in deadskopembleem, op 'e bearemûtse. Syn folgjende funksje wie dy fan adjudant fan Willem II sels, wat foar Mackensen as in ferrassing kaam om't dy posysje noch nea troch immen ferfolle wie dy't net fan adel wie. Fan 1898 oant 1901 gied er oeral dêr't de keizer gie, en ferkearde er sadwaande yn 'e alderheechste fermiddens fan Jeropa en it Heine Easten. Op 'e fjirtichste jierdei fan 'e keizer, dy't foel op 27 jannewaris 1899, waard Mackensen yn 'e adelstân ferheft en waard sadwaande it tuskenheaksel von oan syn namme tafoege.
Fan 1901 oant 1903 hied er it befel oer de nij oprjochte Liifhuzarebrigade, en fan 1903 oant 1908 wied er kommandant fan 'e 36e Difyzje, dy't legere wie yn Danzig. Doe't Schlieffen yn 1906 mei pinsjoen gie, waard Mackensen neamd as ien fan syn mooglike opfolgers as stêfsjef. Dy funksje gie lykwols úteinlik nei Helmuth von Moltke de Jongere. Yn 1908 krige Mackensen it befel oer it Dútske XVIIe Legerkorps, wêrfan't it haadkertier ek yn Danzig fêstige wie. Yn dy hoedanichheid hied er Willem, kroanprins fan Dútslân as ûnderhearrige, en de keizer frege him persoanlik om syn soan yn it each te hâlden en derfoar te soargjen dat er noris goed hynsteriden learde.
Earste Wrâldoarloch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan it Eastfront
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By it útbrekken fan 'e Earste Wrâldoarloch, yn july 1914, wie Mackensen al 65 jier. Syn XVIIe Legerkorps waard doe opnommen yn it Dútske 8e Leger yn East-Prusen, dat earst ûnder befel stie fan generaal Maximilian von Prittwitz, mar in foege moanne letter generaal Paul von Hindenburg as kommandant tawiisd krige. Binnen fyftich minuten nei't er dêrta oarders ûntfongen hie, wie Mackensen op 19 augustus mei it XVIIe Legerkorps op mars nei de rivier de Rominte (no de Krasnaja). Under de Russyske ynfal yn East-Prusen fierde Mackensen syn legerkorps oan yn 'e Slach by Gumbinnen, de Slach by Tannenberg en de Earste Slach by de Mazoeryske Marren. Dat wiene klinkende Dútske oerwinnings, wêrmei't de Russen weromdreaun waarden oer harren eigen grins hinne.
Op 2 novimber 1914 naam Mackensen it befel oer it Dútske 9e Leger oer fan Hindenburg, dy't doe de Dútske opperbefelhawwer oan it Eastfront waard. Op 27 novimber waard oan Mackensen Pour le Mérite takend, de heechste militêre ûnderskieding fan Prusen, foar syn súksesfolle aksjes yn it ramt fan 'e ferovering fan Łódź en Warsjau.
Hoewol't de Dútsers de Russen fier weromsmiten hiene, wisten de Russen yn it súdlike part fan it Eastfront oansjenlik súksessen te boeken yn 'e striid tsjin Eastenryk-Hongarije, dat in bûnsgenoat fan Dútslân wie. Tsjin april 1915 hiene se hiel Galysje (no yn súdlik Poalen, de krite om Krakau hinne) op 'e Eastenrikers ferovere. Yn reäksje op 'e wanhopige rop om help fan Eastenrykske side, besleat de Dútske algemien militêr opperbefelhawwer Erich von Falkenhayn dat der in mienskiplik Dútsk-Eastenryksk offinsyf komme moast tsjin 'e Russyske flank, dat út it noarden wei dwers troch Galysje nei Hongarije gean soe. It betingst fan Falkenhayn wie wol dat in Dútser it kommando krije moast oer dy oanfal. Mei tsjinnichheid stimde de Eastenryksk-Hongaarske legerlieding dermei yn dat Mackensen de bêste kar wie om it koälysjeleger oan te fieren.
Sa ûntstie de earste Legergroep Mackensen (Heeresgruppe Mackensen), dy't bestie út it nij gearstalde Dútske 11e Leger, dêr't Mackensen ek it direkte befel oer fierde, en it Eastenryksk-Hongaarske 4e Leger. As stêfsjef waard him Hans von Seeckt tawiisd. Mackensen, dy't op 'e Russen in oerweldigjende oermacht oan artillery hie, teplettere de Russyske linys yn it saneamde Gorlice-Tarnów-offinsyf en dreau de fijân almar fierder nei it easten, wêrby't er derfoar soarge dat er syn tsjinstanners nea de tiid joech om in effektive ferdigeningsliny op te setten. Op dy wize werovere er yn koarte tiid frijwol hiel eastlik Galysje, de wichtige stêden Przemyśl en Lemberch (no Lvóv) ynbegrepen. De mienskiplike operaasje wie sadwaande in grut súkses foar de Sintralen, dy't harren linys 310 km nei foarren ta opskood hiene. Koarte tiid letter loeken de Russen harren hielendal út Poalen werom, om in sterkere liny yn harren efterlân yn te nimmen.
Mackensen waard foar syn offinsyf op 3 juny 1915 ûnderskaat mei it ikeleaf by syn Pour le Mérite. Op 22 juny fan dat jier waard er boppedat befoardere ta fjildmaarskalk. Hy waard ek dekorearre mei de Oarder fan de Swarte Earn, de heechste Prusyske ridderoarder, en mei soartgelikense ûnderskiedings út oare dielen fan Dútslân, lykas it grutkrús fan 'e Militêre Oarder fan Maks Joazef, de heechste militêre ûnderskieding fan it Keninkryk Beieren. Eastenryk-Hongarije kende him it grutkrús fan 'e Oarder fan Sint Steffen fan Hongarije ta.
Oan it Balkanfront
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e hjerst fan 1915 waard út it Dútske 11e Leger, it Eastenryksk-Hongaarske 3e Leger en it Bulgaarske 1e Leger in nije Legergroep Mackensen gearstald, dy't oan it Balkanfront de fêstrûne Eastenryksk-Hongaarske ferovering fan Servje foltôgje moast. De Eastenrikers hiene yn it lêste jier trije kear besocht om it lytse Keninkryk Servje derûnder te krijen, mar eltse kear wiene se op beskamjende wize en mei swiere ferliezen weromkrongen.
Op 6 oktober begûn Mackensen mei syn Dútske en Eastenryksk-Hongaarske troepen in nij offinsyf út it noarden wei, wylst in stikmannich dagen letter de Bulgaren Servje yn 'e rêch oanfoelen. Mei dy fjildtocht fermoarzele er it ferset fan 'e Serven. Dêrby spile beslist mei dat de fijân troch in fol oarlochsjier ferswakke rekke wie, mar it súkses fan Mackensen hie wierskynlik ek te krijen mei it feit dat hy de Serven net ûnderskatte en sels utering joech oan syn respekt foar harren militêre kinnen, wylst de measte Eastenrikers inkeld op harren delseagen.
Mackensen fersomme lykwols om alle Servyske troepen te ferneatigjen. Likernôch de helte fan harren leger flechte ein novimber mei kening, kroanprins, regear en in grut tal boargerflechtlingen dwers troch de ûnherberchsume en winterske bergen fan 'e Balkan nei Albaanje, dêr't se oan 'e kust oppikt waarden troch Alliëarde marineskippen dy't harren nei it Grykske eilân Korfû ta brochten. Dêr koene se bekomme en nei't se fan nije útrissings foarsjoen wiene, waarden se yn 'e rin fan 1916 oerbrocht nei it Masedoanyske Front om in wichtige rol te spyljen yn 'e befrijing fan harren lân fan 'e Dútsk-Eastenryksk-Bulgaarske besetting.
Nettsjinsteande dat reizge Mackensen nei syn súksesfolle offinsyf as in grut oarlochsheld nei de Eastenrykske haadstêd Wenen, dêr't er in persoanlike audiïnsje hie mei keizer Frâns Joazef. Hy waard ûnderskaat mei it Eastenrykske Militêr Krús fan Fertsjinste earste klasse mei diamanten, wat noch nea in bûtenlanner oerkommen wie.
Roemeenske Fjildtocht
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei't Roemeenje op 15 augustus 1916 oan 'e kant fan 'e Alliëarden begûn mei te fjochtsjen yn 'e Earste Wrâldoarloch, krige Mackensen it befel oer in trêde Legergroep Mackensen, dy't bestie út Dútske, Eastenryksk-Hongaarske, Bulgaarske en Osmaanske troepen. As stêfsjef krige er generaal Emil von Hell tawiisd. Hy sammele syn legermacht yn noardlik Bulgarije, en teach doe op nei de Súd-Dobroedsja, in gebiet oan 'e Swarte See dat de Bulgaren oan 'e ein fan 'e Twadde Balkanoarloch, yn 1913, oan Roemeenje ôfstean moatten hiene. Tsjin 8 septimber hied er twa wichtige Roemeenske fêstings oan 'e súdlike igge fan 'e Donau ferovere.
Om dyselde tiid hinne briek in twadde Dútske en Eastenryksk-Hongaarske legergroep ûnder Falkenhayn yn Transsylvaanje troch de berchpassen yn 'e Karpaten, wylst Mackensen mei syn troepen fia in pontonbrêge de Donau oerstiek en djipper Roemeenje ynkrong. It Roemeenske leger en syn Russyske bûnsgenoaten rekken yn 'e knipe tusken de opmars fan Falkenhayn út it noarden en dy fan Mackensen út it suden. Mackensen joech lieding oan 'e Slach om Boekarest, de Roemeenske haadstêd, en dy foel op 6 desimber, syn 67e jierdei, yn syn hannen. Hy ried dy deis op in wyt hynder de stêd binnen en naam syn yntrek yn it keninklik paleis. Oan 'e ein fan desimber litten de Roemenen in nije nederlaach yn 'e Slach by Râmnicu Sărat. De Roemeenske ferdigening stoarte dêrnei yn, sadat de Sintralen it hiele lân ûnder de foet rinne koene.
Foar syn oandiel yn 'e Roemeenske Fjildtocht waard Mackensen op 9 jannewaris 1917 it Grutkrús fan it Izeren Krús takend, dat yn 'e hiele Earste Wrâldoarloch mar fiif kear útrikt waard. Om't er no alle militêre ûnderskiedings fan Prusen wûn hie, besleat keizer Willem II in slachkruser nei him te ferneamen, de SMS Mackensen, dy't op 21 april 1917 te wetter litten waard. It wie it earste skip fan in nije klasse, de slachkrusers fan de Mackensen-klasse. Mackensen sels wie ûnderwilens beneamd ta militêr gûverneur fan in grut diel fan it besette Roemeenje, foar it meastepart besteande út Walachije. Hy stelde út om in Dútske foarst oan te stellen as kening fan Roemeenje, mar dat inisjatyf rûn op 'e non.
De lêste militêre kampanje dêr't Mackensen by belutsen wie, kaam del op in besykjen om foargoed ôf te weven mei it Roemeenske Leger, dat him nei it Russyske Kerensky-offinsyf wergroepearre hie. Yn 'e Slach by Mărăşeşti litten beide kanten swiere ferliezen, mar de oerwinning gie nei de Roemenen, hoewol't Mackensen dat oars seach. Hy hold fol dat er nea ferslein wie en dat er de meast konsekwint súksesfolle legeroanfierder fan 'e hiele oarloch wie. Tsjin desimber 1917 wie it Russyske Leger útinoar fallen fanwegen de Oktoberrevolúsje, mei as gefolch dat de Roemenen gjin bûnsgenoaten mear hiene oan it Eastfront. Se wiene dêrom twongen om mei de Sintrale Machten it Bestân fan Focşani te sluten, yn 1918 folge troch de Frede fan Boekarest.
Mackensen behold de post fan militêr gûverneur yn Roemeenje oant de ein fan 'e Earste Wrâldoarloch, en wie yn dy tiid de de facto hearsker oer it grutste part fan it suden fan dat lân. Nei't Dútslân him by it Bestân fan Compiègne, op 11 novimber 1918, feitlik oan 'e Alliëarden oerjûn hie, fierde Mackensen 200.000 Dútske soldaten oan op in weromtocht út Roemeenje nei Dútslân. Yn Hongarije waarden hy en syn hiele leger kriichsfinzen nommen troch de Alliëarde troepen fan 'e Frânske generaal Louis Franchet d'Espèray, dy't yn it neijier fan 1918 in trochbraak oan it Masedoanyske Front forsearre hie. Mackensen bleau in fol jier yn kriichsfinzenskip, oant er yn novimber 1919 frijlitten waard. Hy wie ien fan 'e 896 Dútsers op in Alliëarde list fan mooglike oarlochsmisdiedigers, mar de strafrjochtlike ferfolging waard net trochset.
Yn 'e Weimarrepublyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Under de Weimarrepublyk, dy't yn Dútslân oprjochte waard nei't keizer Willem II by de Dútske Revolúsje ôfset wie, tsjinne Mackensen noch in jier yn 'e Reichswehr. Yn 1920, doe't er ûnderwilens 71 jier wie, swaaide er earfol ôf út militêre tsjinst. Hoewol't er poer tsjin wie op 'e Frede fan Versailles en it nije systeem fan parlemintêre demokrasy dat yn 'e Weimarrepublyk ynfierd wie, hold er him de earste jierren stil.
Omtrint 1924 betocht er him lykwols en begûn er syn status as oarlochsheld te brûken by it stypjen fan rjochtse monargistyske en nasjonalistyske groepearrings. Hy ferskynde geregeldwei yn syn âlde huzare-unifoarm (wat him de bynamme 'de Lêste Huzaar') opsmiet, en waard tige aktyf yn militaristyske konservative organisaasjes lykas Stahlhelm, Bund der Frontsoldaten. Dêrby wurke er mei oan it popularisearjen fan 'e dolkstjit-yn-de-rêchmyte, en teffens spriek er iepentlik syn goedkarring út oer de moard op minister Matthias Erzberger, yn 1921. Under de Dútske presidintsferkiezings fan 1932 stipe Mackensen syn âlde kommandant Paul von Hindenburg tsjin Adolf Hitler, al hied er bewûndering foar Hitler syn politike feardichheden.
Yn nazy-Dútslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei't Hitler ein jannewaris 1933 rykskânselier waard, ûntjoech Mackensen him ta in sichtbere, sij it symboalyske, oanhinger fan it nazy-rezjym. Dat feroare net nei it ferstjerren fan Hindenburg yn augustus 1934, doe't Hitler alle macht nei himsels ta loek. It wie Mackensen syn ferskining yn syn swarte huzare-unifoarm mei bearemûts mei Totenkopf-embleem dat der oanlieding ta joech dat twa organisaasjes út it Trêde Ryk datselde deadskopsymboal oernamen: de Panzerwaffe, dy't himsels as opfolger fan 'e keizerlike kavalery seach, en Hitler syn eigen liifgarde, de SS. Yn oktober 1935 krige Mackensen by wize fan tank foar syn stipe fan it nazy-rezjym it lângoed Brüssow, yn 'e provinsje Brandenburch.
De relaasje tusken Mackensen en de nazylieding bleau lykwols dûbelsinnich. Hy ferskynde op ferskate iepenbiere eveneminten dy't organisearre wiene troch de oerheid fan nazy-Dútslân of troch de NSDAP, lykas de Dei fan Potsdam, op 21 maart 1933, wêrby't er yn syn swarte unifoarm de Prusyske militaristyske tradysjes belicheme dy't it nije rezjym him ta-eigene hie. Oan 'e oare kant protestearre er iepentlik tsjin it ombringen fan 'e generaals Ferdinand von Bredow en Kurt von Schleicher yn 'e Nacht fan de Lange Messen yn july 1934. Ek hied er krityk op 'e ferfolging fan 'e lutheraanske Bekennende Kirche yn it ramt fan Hitler syn Kirchenkampf. En ein 1939 stjoerde er in protestbrief nei de Dútske stêfsjef, fjildmaarskalk Walther von Brauchitsch, oangeande de oarlochsmisdieden dy't troch de Dútsers begien wiene tsjin 'e boargerbefolking ûnder de Dútske ynfal yn Poalen. Tsjin begjin 1940, dus al ier yn 'e Twadde Wrâldoarloch, fertochten Hitler en syn minister fan propaganda Joseph Goebbels Mackensen fan ûntrou. Om't der gjin bewiis wie en fanwegen syn status as oarlochsheld besleaten se lykwols gjin aksje te ûndernimmen.
Mackensen bleau oant op it lêst in oertsjûge monargist, en wenne yn july 1941 yn fol keizerlik unifoarm de begraffenis fan keizer Willem II by yn dy syn ballingsoard Doorn, yn beset Nederlân. Yn 1944 feroardiele er publyklik de mislearre moardoanslach op Hitler fan in groep Dútske ofsieren ûnder lieding fan greve Claus Schenk von Stauffenberg. Mids april 1945 waard Mackensen yn syn wenplak yn it hjoeddeistige Nedersaksen in lyts skoftke kriichsfinzen holden, doe't dy krite ferovere waard troch soldaten fan it Britske 2e Leger. Neffens it offisjele ferslach soed er, doe't de Britten syn hûs binnenfoelen, gjin oarlochssuchtige útspraken útslein hawwe, sa't miskien fan him ferwachte wurde koene, mar inkeld it fersyk dien hawwe dat de soldaten tsjinkeare soene dat de krekt befrijde bûtenlânske twangarbeiders noch mear fan syn hinnen stielen.
Ferstjerren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In healjier letter kaam August von Mackensen op 8 novimber 1945 yn 'e hege âlderdom 95 jier te ferstjerren yn Halbighorst, yn 'e provinsje Hannover, yn it troch de Alliëarden besette Dútslân. Hy waard begroeven op it tsjerkhôf fan Celle.
Houliken en bern
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mackensen troude yn novimber 1879 mei Dorothea ("Doris") von Horn (1854-1905). Mei har krige er fiif bern:
- Else Mackensen (1881-1888), stoar op sânjierrige leeftyd;
- Hans Georg von Mackensen (1883-1947), in diplomaat;
- Manfred von Mackensen (18??-1???);
- Eberhard von Mackensen (1889-1969), tsjinne as generaal yn 'e Twadde Wrâldoarloch; neitiid feroardiele as oarlochsmisdiediger;
- Ruth von Mackensen (1897-1945).
Yn 1905 waard Mackensen widner nei it ferstjerren fan syn earste frou. Hy wertroude yn 1908 mei Leonie von der Osten (1878-1963), dy't 22 jier jonger wie as hy. Ut syn twadde houlik kamen gjin bern fuort.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.
|