11stêdeswimtocht (2018)
11stêdeswimtocht 11stedenzwemtocht | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlânsk | |
provinsje | Fryslân | |
plak | Fryske alve stêden | |
holden yn | iepen wetter | |
datum | 18 o/m 20 augustus 2018 | |
edysje | 1 | |
bysûnderheden | ||
oanlieding | ynsammeling foar goed doel | |
gelegenheid | Alvestêdetocht | |
soarte evenemint | sportevenemint (swimmen) | |
inisjatyf fan | Maarten van der Weijden | |
offisjele webside | ||
www.11stedenzwemtocht.nl |
De 11stêdeswimtocht (Nederlânsk en offisjeel: 11stedenzwemtocht) wie in evenemint dat yn 'e Nederlânske provinsje Fryslân holden waard yn augustus 2018, op inisjatyf fan 'e swimmer en Olympysk kampioen Maarten van der Weijden. Dyselde woe yn ien lange maratontocht troch iepen wetter by alle Fryske alve stêden lâns swimme. Hy liet him dêrfoar sponsorje en besocht sa jild yn te sammeljen foar it goede doel KWF Kankerbestriding, mei't er yn it ferline sels kanker hân hie. Oanlieding foar dit sportbarren wiene de skuldgefoelens dy't Van der Weijden nei eigen sizzen hie om't hy fan 'e sykte genêzen wie, wylst sa'n protte oaren der oan kamen te ferstjerren. Uteinlik slagge it Van der Weijden net om 'e hiele Alvestêderûte ôf te lizzen, en moast er by Burdaard syn besykjen foartidich ôfbrekke. Yn 2019 besocht er it op 'e nij.
Meiswimmers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foarôf hie it de bedoeling west dat saneamde 'meiswimmers' har foar in lyts diel fan 'e rûte (500 m oant 2 km) by Van der Weijden jaan soene. Mear as 1.000 minsken hiene har dêrfoar opjûn. Dat diel fan it sportbarren koe lykwols net trochgean doe't der krekt foar it begjin fan 'e Swimalvestêdetocht in ein kaam oan 'e lange perioade fan drûchte yn 'e simmer fan 2018, mei as gefolch dat alle opheape smoargens yn ien kear it oerflaktewetter yn spield waard. Dêrtroch rekke dat, benammen binnen de beboude kom, besmet mei grutte hoemannichten e-kolybaktearjes ('poepbaktearjes'), en waard it troch de GGD mei klam ôfret om it wetter yn te gean, om't de lju dêrtroch diarree, ynfeksjes oan 'e eagen en/of luchtwegen, en hûdoandwanings oprinne koene. Van der Weijden liet himsels net tsjinhâlde troch dizze tebeksetter, mar rôp yn in parsekonferinsje alle meiswimmers op om gjin risiko te nimmen en op 'e wâl te bliuwen, al hoe sneu oft dat ek wie nei alle trening dy't se dien hiene en de roftberens dy't se oan harren meiswimmen jûn hiene.
De tocht
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei in lange en yngeande tarieding gie foar Van der Weijden de tocht moarns ier om 5.30 oere op sneon 18 augustus 2018 fan start yn 'e Swettehaven fan Ljouwert. Hy waard begelaat troch in team fan treners en fersoargers yn in motorisearre sloep, eigendom fan en bestjoerd troch Auke Kooistra, útbater fan Kafee 't Graauwe Peerd yn Aldebiltsyl. Omtrint 10.00 oere kaam er troch in grôtfol Snits, omtrint 11.30 oere troch Drylts, en middeis om likernôch 15.15 oere passearre er Sleat. Jûns om 22.00 oere berikte er Starum, wêrnei't er om 3.00 oere op 'e moarn fan snein 19 augustus troch Hylpen swom. Oeral binnen de beboude kom fan sawol stêden as doarpen waard er tajûchheid troch in suver útsinnige kliber folk. De stikken troch de romte wiene yn kontrast dêrmei tige stil, fral doe't it tsjuster waard.
Van der Weijden wie tsjin dy tiid hast in fol etmel ûnderweis. Hy hie sa'n soad pine dat er it tusken Hylpen en Warkum (dêr't er úteinlik omtrint 7.30 oere arrivearre) mar oerjaan woe. Nei in skoft fan trije oeren wie it, sa't se dat yn 't foar ôfsprutsen hiene, syn frou Daisy dy't him moed ynprate en derfoar soarge dat er syn tocht ferfette. Tsjin 'e tiid dat er omtrint 11.30 oere Boalsert berikte, gie it alwer in bytsje better. Wol seach Van der Weijden noch ferskriklik op tsjin 'e saneamde Hel fan it Noarden, it lange stik tusken Frjentsjer en Dokkum, en dêrom rôp de organisaasje it publyk op om him dêr oan te moedigjen.
Van der Weijden kaam oan 'e ein fan 'e sneintemiddei troch Harns. It foarôf fêststelde trochkomstskema wie tsjin dy tiid hielendal loslitten. Syn passaazje fan Frjentsjer, dy't foar 16.30 oere pland stie, fûn plak op sneintejûns. Dêrtroch foel de freesde Hel fan it Noarden foar in grut part yn 'e nacht fan snein op moandei. Mar it publyk hie mei mannemacht gehoar jûn oan 'e oprop om Van der Weijden oan te moedigjen, en wie opkommen mei lampen, fjoerkuorren en bûslampen. Dêr't de rûte by wegen lâns gie, stiene auto's mei de ljochten oan yn 'e berm. Ek de brânwacht wie opkommen en op It Bilt ferljochten de boeren de swimrûte mei de koplampen fan harren trekkers. En de doarpen en útbuorrens oan of deunby de rûte, Doanjum, Boer, Rie, Berltsum, Sint-Anne, Froubuorstermole, Alde Leie, Feinsum en Bartlehiem, wiene feroare siedende minskemassa's.
By Burdaard, likernôch 10 km foar Dokkum, kaam der lykwols nei 55 oeren en 163 km in ein oan 'e 11stêdeswimtocht. Van der Weijden hie himsels hielendal jûn en wie op. Koarte sliepkes tuskentroch fan tweintich minuten hellen tsjin dy tiid neat mear út, sadat de swimmer yn it wetter yn sliep drige te fallen. Uteinlik waard er siik en koarjend út it wetter helle, wêrnei't dokter Marco Blanker besliste dat it spul dien wie. Van der Weijden waard oerbrocht nei sikehûs MCL yn Ljouwert, dêr't fêststeld waard dat er gjin bliuwende skea oprûn hie. De moandeitejûns wied er, ûnderstipe troch twa helpers, al wer by steat om it publyk ta sprekken dat gearkommen wie op it Aldehouster Tsjerkhôf, dêr't er huldige waard. Dat barren waard live op 'e Nederlânske tillefyzje útstjoerd. Ek waard dêr tusken optredens troch, dy't belangeleas fersoarge waarden troch Frans Bauer en Ilse DeLange, bekendmakke dat Van der Weijden mei syn swimtocht yn totaal €2.511.302 ophelle hie foar it de Kankerbestriding. Ek yn 'e dagen nei de swimtocht kamen der noch gâns skinkings by. Op tiisdei 28 augustus, doe't Van der Weijden yn syn wenplak Waalwyk huldige waard middenmank optredens troch O'G3NE en Guus Meeuwis, stie de teller op €4,5 miljoen. Op 3 septimber makke Van der Weijden by in besyk oan Burdaard, it doarp dêr't syn tocht strâne, bekend dat der rom €4,7 miljoen ynsammele wie. Begjin 2019 wie dat oprûn oant mear as €5 miljoen.
Elfsteden Theatertour
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Begjin 2019 gie Van der Weiden yn Nederlân op toernee mei in teätershow oer syn swimtocht, ûnder de namme Elfsteden Theatertour. Ek syn frou Daisy wurke dêr oan mei. It toernee begûn op 12 jannewaris mei in try-out yn Dokkum, de stêd dy't er swimmend net helle. De oare tsien fan 'e alve stêden dy't Van der Weiden op dizze wize oandie, wiene (op folchoarder fan 'e foarstellings): Amsterdam, Apeldoarn, Swol, Doetinchem, Eindhoven, Breda, Utert, Rotterdam, Grins en Ljouwert (15 febrewaris). Ek fan it teätertoernee gie it grutste part fan 'e opbringst nei ûndersyk foar de genêzing fan kanker.
Stânbyld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 15 juny 2019 waard yn 'e haven fan Burdaard, by it plak dêr't Van der Weijden in jier earder syn besykjen om de Alvestêdetocht te swimmen, opjaan moast, in stânbyld fan him ûntbleate. It bestiet út in holle en ien skouder en earm, dy't boppe in horizontaal flak útkomme dat it wetter foarstelt. It waard makke troch keunstner Hans Jouta út Ferwert, dy't sels it inisjatyf naam ta it meitsjen en pleatsen fan it stânbyld. Syn plan krige yn brede stipe ûnder de befolking fan Burdaard. De ûntbleating fan it byld waard ferrjochte troch wethâlder Pytsje de Graaf fan Noardeast-Fryslân. Van der Weijden wie útnûge, mar koe net komme fanwegen de tarieding foar syn nije 11stêdeswimtocht.
Nije swimtocht yn 2019
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 27 maart 2019 makke Van der Weijden bekend dat er yn juny fan dat jier fannijs besykje soe en swim de Alvestêdetocht, by de 11stêdeswimtocht (2019)
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|