Twizelermieden
Twizelermieden | ||
lokaasje | ||
neiste plak | Bûtenpost | |
oare ynformaasje | ||
oerflak | 310 ha | |
behear | Steatsboskbehear |
De Twizelermieden is in natoergebiet, miedlân, dat oan de eastkant fan Twizel leit en súdlik fan Bûtenpost. It wurdt beheard troch Steatsboskbehear. It hûnderten hektares gutte gebiet wurdt oan de westkant begrinze troch de Sânsleat. Oan de súdkant troch de Twizeler Feart, oan de eastkant troch de Bûtenpostmer Feart en de Alde dyk en oan de noardkant troch in lânbougebiet.
De Mieden binne benammen bekend om it parswetter. Greidefûgels fiele harren thús yn dy wiete, iepen gerslannen. Sûnder maatregels soe it gebiet ferdroegje. Wichtige planten en greidefûgelsoarten soene dan ferdwine.
Ynrjochtingsplan
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2016 waard foar 18 hektare fan de Twizelermieden in ynrjochtingsplan makke.[1] It ynrjochtingsplan foar gebietsûntwikkeling Twizelermieden draait benammen om it werom bringen fan parsstreamen. Lege wetterpeilen en it graven fan sleatten soargen der ûnder oare foar dat parswetter yn it natuergebiet minder waard. Parswetter is djip grûnwetter dat nei it oerflak komt. Dat parswetter is skjin en ryk oan mineralen. It is de basis foar unike natuer mei seldsume plante- en bistesoarten, bygelyks de soldatekwast, it bûnt hantsjekrûd en de djerreblom. Yn 2018 waard yn it gebiet de fûgelsjochhutte Skiertsjilling iepene. Yn 2019 is de gebietsûntwikkeling fan de Twizelermieden en Reahel-West oplevere en ôfsletten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |