Springe nei ynhâld

Sânsleat (Twizel)

Ut Wikipedy

De Sânsleat is in feart yn de gemeente Achtkarspelen. De feart rint east fan Twizel en rint fan in kilometer súdeast fan Bûtenpost nei it súdwesten en komt út yn de Twizeler Feart. Mear nei it easten rint bylâns de Sânsleat de Miedsleat.

De namme Sânsleat jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Zandsloot.