Twizeler Feart

Ut Wikipedy

De Twizeler Feart is in feart yn de gemeente Achtkarspelen. De feart rint fan Twizel nei de suveringsynstallaasje by it Knillesdjip (in ûnderdiel fan it Prinses Margrietkanaal).

De Sânsleat en de Miedsleat komme út noardlike rjochting op de Twizeler Feart út.

De namme Twizeler Feart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Twizelerfeart.